It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
[pagina 146]
| |
Dichter fan de besibbensBy Obe Postma syn njoggentichste jierdei. Net folle dichters is it jûn njoggentich te wurden. By myn witten hat dit foarrjocht yn it Leechlânsk kultuergebiet allinne beskern west oan Vondel, Huygens en Waling Dykstra. Like seldsum is, lykas by Obe Postma, in sa grutte geastlike warberens op dy hege jierren. It jongste nûmer fan De Strikel befettet fan him in skiedkundich artikel. En ferline jier noch ferskynde in nije dichtbondel mei de tige karakteristike titel Fan wjerklank en bisinnen: ‘wjerklank’ op fersen yn oare talen, oersettingen nei it Aldsaksysk, nei Sineeske dichters, nei de Amerikaanske Emily Dickinson. ‘Besinning’ op eigen wêzen, op eigen dichterskip, op it âlderwurden, op it libben sels. Mei feilleaze yntuysje is dy titel keazen. It is al faker sein, mar bliuwt der like wier om: Obe Postma syn dichterskip is in folslein eigen wrâld, in eigen domein. In wrâld dy't stadichoan groeid en folgroeid is, de folsleine delslach fan minsklik wjerfarren. Amper sechstich jier lang hat Postma fersen publisearre en hy hat dêrby in ûnbidich stik literêre en kulturele ûntjouwing oan him foarbygean sjoen. Doe't er begûn, wie de 19de-ieuske retoryk yn Fryslân noch yn folle fleur. Hy hat op- en delgong fan de Jongfryske dichtkeunst meimakke, it opkommen fan it modernisme yn 'e jierren tritich, hy hat de jongste dichtkeunst oanwinnen sjoen en meidien oan de polemyk om de ‘eksperimintelen’ hinne. Mar hy is al dy jierren troch bleaun dy't er wie, of leaver: hy is bleaun dy't er waard, ôfsidich fan alle absolút partij-kiezen. En dochs, hoe op himsels steand ek, altyd hat er iepenstien foar it ‘oare’, en der syn besibbens yn ûntdutsen. Jimmer wer is bygelyks syn belangstelling útgien nei de ûnrêstige swalker, de opstannige boargerfijân Slauerhoff. Net tafallich is, dat er yn syn jongste dichtbondel in skets fan Marsman jout sa beheind en sa raak tagelyk as ik komselden ien lêzen haw:
Dan Marsman as op springen, flits en flam
Troch nacht en wacht.
En by alle ôfsidichheid en glimkjende irony tsjinoer de literêre streamingen dy't er ferskinen (en ferdwinen) sjoen hat, is fan suver allegear by Postma wat hingjen bleaun, mar folslein opnommen yn | |
[pagina 147]
| |
it belibjen fan syn eigen ynderlike wrâld, sa dat men it amper weromfynt en it net oanfielt as beynfloeding, mar as besibbens.
Hjir reitsje wy leau ik de kearn fan dit eigensoartich dichterskip: de besibbens. Want Postma mei as dichter de skepper wêze fan in alhiel eigen wrâld, in eigen ‘hiel-al’, hieltydtroch giet dochs ek syn oandacht, syn niget út nei de aktualiteit, nei it barren dat bûten syn ynderlik eachweid falt. It nei binnen kearde en it nei bûten taastende fan syn wêzen binne yn syn poëzy ta in seldsume ienheid gearraand. Ek, ja yn 't bysûnder yn syn letter wurk fine wy dy taspilingen, krityske, polemyske opmerkingen, oanhellingen, sydsprongen nei it barren fan hjoed de dei, dy't men soms as ûndichterlik oanfielt. Sa sprekt er earne oer ‘ús âld bargoensk’, de Fryske taal, yn ferbân mei in kranterûzje in pear jier ferlynGa naar voetnoot*; hy hat de rêdingsboat ‘Insulinde’ sjoen; hy sinspilet op 'e ‘wurkferbannen’ fan de Fryske Akademy, op 'e Grinzer ‘dôfhûdige âldman’ K. ter Laan (hoe soe men it net hawwe kinne fan in nòch âlder man?), op dr. Van der Wielen fan de Folkshegeskoalle, op mefrou Faber-Hornstra en har Kultuerried; hy hellet oan fan Albert Verwey, Rilke, Jac. Bloem, hy hat it oer figueren út Brolsma syn romans; hy polemisearret tsjin immen dy't Brolsma en him oanwreaun hie, se hiene net folle oer God en heitelân skreaun; hy beneamt dr. Y. Poortinga mei ‘Ipe’ en Rely Jorritsma mei ‘Rely’. It is de eigenaardige, soms amper te fetsjen irony fan it ‘múske’, dat graach efkes pleagje en nitelje mei. Mar it betsjut mear: it is Postma syn dielhawwen, syn ferklearring fan besibbens oan 'e aktualiteit, dy't men yn dizze persoanlike foarm by suver gjin dichter weromfine sil. It liket syn besykjen om de strange bansirkel dy't dizze poëzy om har hinne lûkt, op ironyske, befrijende wize troch te brekken. Postma syn jongste wurk is dúdliker as ea tefoaren in ynlike allinnespraak mei it libben, in belidenis dy't sirkelet om dy iene grûnwiisheid fan de dichter (syn filosofy, sis mar, foar it gemak), de grûntins: ‘It sil bistean’ (sa hjit ien fan syn eardere bondels); dy grûntins fynt men hjir ek wer yn ûneinige fariaasje werom. Yn mar in mannich wurden wit Postma iderkear wer syn libbensfielen kristalhelder út te sprekken: alles wat west hat, bliuwt; it wurdt opnommen yn in heger wurklikheid; it hat west en it is; it is tafoege oan it grutte barren; it hat syn skikking yn it ûneinige; al wat west hat en komme sil stiet yn it grutte boek beskreaun; seinige de siele dy't it fêsthâldt; lokkich dy't as dichter fan de dingen fan 'e ierde eat oan it Wrâldbestel yn it oantinken bringe kin. Dich- | |
[pagina 148]
| |
ters grutste eagenblik is him ien te fielen mei al it besteande en mei al wat west hat, diel út te meitsjen fan de wrâldsiel. Lit wa't wol hjir sprekke fan ‘psychysk monisme’ of ‘panteïsme’, der Heymans of Plato byhelje. Leaver praat ik net fan filosofy of religy, mar fan libbensfielen. It is de ivich herhelle en herhelbere poëtyske útdrukking en útbylding fan in libbensfielen dat it ierdske belide en ferhearlikje kin sûnder it himelske ôfbrek te dwaan; dat alle tsjinstellingen gearrane lit yn in hegere, ideële ienheid, ta in universeel bewitten fan ferbûnens. Dit dichterskip ken gjin brutsenens, allinne besibbens, kosmysk ienheidsfielen, dêr't alle dingen, ek de ferstoarne en fergiene, de libbene, libjende, ûnstjerlike symboalen fan binne. Dy symboalen moatte ‘beneamd’ wurde: beneame, oproppe troch te ‘neamen’, is ien fan de kaaiwurden fan dizze poëzy. Dêr leit de opjefte fan de dichter: de dingen beneame en se sadwaande plak en stee jaan yn it bestek, yn de beskikking fan de ûneinichheid. Ierde en himel, dream en wurklikheid, jonkheid en âlderdom, waarnimming en oantinken, stêd en plattelân, Fryslân en wrâld, earnst en irony, filosoof en ‘múske’ - alle tsjinstellingen terane ta de ferglidende mominten fan ien wêzenlike wurklikheid:
Fleantugen raze oer my hinne en fine wylgeplúskes sweve by my lâns.
Fryslân! De wrâld!
Men hat oanstriid en sprek by Postma fan ientoanichheid. Mar dy ientoanichheid behinderet syn poëzy net yn har grutte rykdom, dy heart by it wêzen fan de dichter, komt fuort út syn aard, syn ferbûnens, syn meinommen wurden fan it Al. Wa't sà syn ynlikste wêzen útsprekke kin en tagelyk sà iepen stean foar al it oare, is in grut keunstner. Sa'n keunstner earet Fryslân by syn njoggentichste jierdei.
[VV 29-3-58] |
|