It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
IYn in besprek fan Vestdijk syn Gestalten tegenover mijGa naar eind1 haw ik myn fernuvering útsprutsen oer it feit dat dit oan skriuwer's ferstoarne èn noch libjende freonen wijde boekje sels de namme fan Theun de Vries net neamt, wylst dy lêste yn syn sa likernôch tagelyk ferskynde autobiografyske Meesters en vrienden nochal spriek fan syn freonskip mei en foar Vestdijk. Ik tocht doe (mar skreau it net): is dat net wat fertocht? Soe Theun Simon net in bytsje nei him ‘talutsen’ hawwe? No, nei it lêzen fan De Vries syn beide publikaasjes - de Vestdijk-brieven binne troch him útjûn, ynlaat en fan oantekeningen foarsjoen - bliuwt de fernuvering, net de ‘fertinking’. De brieven lige net. Der hat yndied fan ein 1940 oant 1951 ta in waarme, benammen op epistolêr gebiet lizzende relaasje west - de Amsterdammer kaam wol yn Doorn, mar oarsom net, sa't skynt -, dy't dêrnei, yn de tiid fan de kâlde oarloch, ferklomme is en om 1963 hinne, sa om en by Vestdijk syn fiifensech- | |
[pagina 264]
| |
tichste jierdei, fannijs opbloeide, no net sasear mear per brief as wol troch de wei fan de bânrekorder. Nammers, wa skriuwt langer noch echte brieven? Yn it neamde jier hat De Vries net allinne in rige petearen hân mei de âlde, ûnderwilens troude en heit wurden freon, mar ek dy syn brieven, fan july 1939 ôf oant en mei 31 maaie 1945 (84 yn tal, brievekaarten meirekkene), yn it ljocht jûn. Beide útjeften, de lêstneamde it meast, foarmje in weardefolle bydrage ta de kennis fan it Vestdijk-fenomeen, mar se leare ús dochs ek de peteargenoat-freon-tsjinstander kennen. Beide útjeften hawwe as ferbiningsskeakel, dat yn de iene - ‘konfrontatie’ - as ynliedend haadstik (‘kartons voor een portret’) in gearfetting mei sitaten jûn wurdt fan de brievesamling, dêr't út soarte mar in lyts part fan de mannichte besprutsen saken yn op it aljemint komt. It fierdere fan konfrontatie is in 100 siden beslaande, yn 36 koarte haadstikjes yndielde werjefte fan dy rige petearen, op 'e bân opnommen en miskien - mar dêr wurdt oer swijd - wurd foar wurd werjûn, mar mooglik ek ‘streamline’ of sels ynkoarte. It is te hoopjen dat foar needgefallen de bân sels (foar it Letterkundich Museum) bewarre bliuwt.
It is in bytsje spitich, mar ik leau dat De Vries net fantefoaren Nol Gregoor syn yn 1967 publisearre (mar út 1961 en '62 datearjende) In gesprek met S. Vestdijk rieplachte hat. Hy hie dan in poarsje fragen net stelle hoegd, dy't no oanlieding jouwe ta herhelling. It ferhaal oer de persoane-konstellaasje yn Een Alpenroman bygelyks (s. 129) fine wy ek al by Gregoor (s. 33); datselde jildt foar wat Vestdijk te sizzen hat - en it is yn beide gefallen in drôvigen bytsje! - oer jongere Nederlânske proazaskriuwers: Mulisch, Hermans, Claus, Wolkers. Nij is dan miskien allinne wat er tsjin De Vries tafoeget oer G.K. van het Reve: ‘.... sinds hij zich te buiten gaat aan zijn ‘zendbrieven’ en vooral nadat hij zich heeft laten bekeren tot het Katolicisme.... nou ja! Eenvoudig niet meer diskutabel’ (s. 85). In wol seldsum oerflakkich en maklik oardiel, dêr't De Vries om my bêst efkes op ynheakje kind hie - as soe katolyk wurden in literêre saak wêze. It is eins mear in him-derôf-meitsjen, lykas er dat ek docht as De Vries besiket him op it spek fan beatniks, angry young men, Leidse-pleiners ensafuorthinne te binen: ‘Ik heb ze wel eens horen noemen, maar (grinnikt:) wat moet ik ermee aan?’ (s. 111). Der is wol mear yn dit boekje dat wy alris earder heard hawwe, bygelyks oer Vestdijk syn relaasje ta it toaniel; syn foarkar foar ‘plastyske’ poëzy besiden de ûnderskieding lyrysk-epysk; it hjir allinne yn 'e rin wei (en net botte befredigjend) oanroeren fan de | |
[pagina 265]
| |
trijehoek barok-romantyk-klassyk; de Tolstoj-Dostojewskytsjinstelling, hjir trouwens mei mear reliëf troch De Vries syn krekt oan 'e oare kant lizzende foarkar. Yn 't algemien is de wize-fan-freegjen fan Theun de Vries foarsichtiger, oerflakkiger, minder spesifyk en minder fêstbitend as dy fan Gregoor. En dat jout dit boekje wer in eigen sjarme. Nij is, liket my ta, boppedat De Vries syn oantrún ta in dúdlike ferklearring oangeande it skriuwers-engazjemint - in kwestje dêr't Vestdijk him wer kennen leart as de bekende glêde, taktyske - mar net ûnreedlike - rakkert. Taktikus pur sang; saak-altyd-fan-twa-kanten-beskôger; relativist dus. Miskien moat ik sizze: ûn-idealist (hiel miskien: skeptikus of, noch miskiener: synikus): ‘Ja, die zwarte plekken zijn er [bedoeld: yn it maatskiplik bestel, A.W.]. Ik wil je eerlijk zeggen dat ik het bestaan ervan net zo hard betreur als anderen. Maar ik heb het gevoel dat men er nu eenmaal mee gekonfronteerd wordt zoals met zovele levensverschijnselen, zonder dat men de nodige macht of goddelijkheid bezit om er iets aan te veranderen. En in dit verband moet ik eenvoudig zeggen, dat er voor mij geen direkt neerdrukkende werking van uitgaat, zo min als enige prikkel om te protesteren. Mijn hele skeptische instelling laat mij het nut van protest-akties betwijfelen. Wat niet wegneemt dat ik voor de protesten van anderen bepaald wel respekt heb’ (s. 48). De lêzer sjocht: it nimmen-en-jaan fan de ‘bûtensteander’, - hy neamt it wurd op bledside 49 ek sels. Men soe lykwols úthâlde kinne, dat dizze taktyk it feit fan Vestdijk syn perfoarst net ôfwêzich engazjemint (Ierlân, Else Böhler) justjes tekoartdocht. Ek op oare punten lit er him net fergje. Sa op side 72, dêr't De Vries mei de ‘bekentenis-roman’ op it aljemint komt en Vestdijk dêr op ynheakket troch te ferklearjen, dat er yn histoaryske romans faak in ik-figuer en sadwaande in bekentenis-elemint brûkt. Dat is yn wêzen fansels hiel wat oars. Syn eigen bekentenis-romans - as men dat wurd foar de Anton Wachter-rige brûke wol - binne ommers krekt gjin ik-romans!
Mar net altyd is Vestdijk syn oardiel sa myld en mijen. Ik helle al dy snútslach oan it adres fan Van het Reve oan. Fan de nouveau roman moat er net folle hawwe. Sa oer Robbe-Grillet: ‘geslaagde fragmenten over jaloezie, maar voor de rest kon ik er niet achter komen waar de man het over had’ (s. 84) . It koarte fûnis oer Robert Musil: ‘Een aartsmislukking!’ (s. 81). Oer it generaal - en de lêzer komt der net goed achter oft dit earnst of boarterij is - jout it boek de yndruk fan in nochal konservative en him yn syn konservatisme ridlik wol befinende Vestdijk, dy't him alderminst drok | |
[pagina 266]
| |
makket om kwestjes fan ferheftige aktualiteit. Learlingen fan himsels sjocht er net, ek net yn Mulisch of Hermans (s. 133), - by Gregoor neamde er as sadanich teminsten Willem Brakman noch. Oer ‘de’ roman-en-syn-takomst: ‘er moet samenhang zijn tussen gedachte en werk, en daarbij zal het ‘ouderwetse’ verhaal in de roman het toch wel winnen...’ (s. 89). It begryp struktuer yn de roman betsjut foar him (s. 65 en oare plakken) sa't liket net folle mear as soks as ‘symmetry’. En wat de minske oanbelanget: ‘Het uiterlijk van de dingen heeft zich gewijzigd, dat van de mensenwereld ook, maar het wezen is hetzelfde gebleven’ (s. 118). Oer de kompjûter-sivilisaasje en de dêrút frijkommende tiid foar it minsklik sels-ynsjoch: ‘of dat ook een nieuw bewustzijn bij de mens teweeg zal brengen? Ik zie en verwacht het niet’ (s. 118).
Nettsjinsteande dy ûntwyk-taktyk, dy't soms wat weihat fan ûnferskillige berêsting, falt der út Hernomen konfrontatie gâns oan 'e weet te kommen oangeande de persoan Vestdijk, syn ‘wenmiljeu’ (‘er gaat van dit burgerlijk huis aan de bosrand ontegenzeggelijk een vorm van onopvallende veiligheid uit’, seit De Vries, s. 12), oangeande syn wurk en syn wize-fan-wurkjen, al hâldt it fan datoangeande net alhiel by Gregoor. Op in inkelde ûnkrektheid of tekoartkomminkje wol ik noch efkes wize. Op side 33, sitearjend út de brieven, makket De Vries gewach fan in boekje oer ‘Marcel Proust en de metafoar’, dêr't er yn in noat by oantekent: ‘Ik heb niet kunnen achterhalen welk boekje Vestdijk hier bedoelt; misschien L. Spitzers Stilstudien, dl. 2 (1928)?’. It kin wêze, mar hie in ienfâldige fraach oan Vestdijk sels gjin útslútsel jaan kinnen? Yn it Proust-opstel sels (Gallische facetten, s. 44-45) wurdt in útspraak op dit punt neamd fan Arnaud Dandieu. Dy sil it dus wol wêze. Op side 18 lêze wy, dat Vestdijk yn syn gizelersperioade yn Sint-Michielsgestel begûn wie in rige lêzingen te hâlden oer wat letter útgroeide te De toekomst der religie (1947). Ut de brieven docht lykwols dúdlik bliken, dat dy te Gestel hâlden lêzingen net oer religy gyngen, mar oer dichtkeunst (letter: De glanzende kiemcel, 1950). De religieuze lêzingen, fuortkommen út de korrespondinsje mei De Vries, in proses dat hjir prachtich te folgjen is, waarden skreaun nei Vestdijk syn frijkommen yn febrewaris 1943 en wiene bedoeld om, fia de sensuer, as lêzingen te Gestel foarbrocht te wurden, mar dan net troch him persoanlik. Der is neffens him (Brieven, s. 125) troch wjerstân fan de dominys mar ien fan de acht of njoggen hâlden. | |
[pagina 267]
| |
IIEn dat bringt ús by de brievesamling, dy't yn ien wurd in kostlik dokumint is, yllustrearre mei in soad net sa tige bekend fotomateriaal; in brievepublikaasje dêr't de wjergea net maklik fan falt oan te wizen, al wie 't allinne mar om de eigenaardige fragen dy't er opropt alhiel los fan de ynhâld. It is gjin briefwiksel. De brieven fan De Vries oan Vestdijk besteane nammentlik net mear, se binne fan de lêste út feilichheidsbetinken (‘om begrijpelijke redenen’, seit De Vries op side 7) ferneatigeGa naar eind2. Sûnder dat goed dúdlik wurdt om waans feilichheid it gyng. De teneur fan Vestdijk syn brieven is wol iderkear: de feilichheid fan de fersetsman Theun de Vries, wa't oanret wurdt him te matigjen (heal earnst, heal irony). Mar de ferneatiging hie earst pleats nèi De Vries syn arrestaasje en dy arrestaasje hie gjin inkeld ferbân mei syn briefwiksel mei Vestdijk. De S.D. hie moai wis wol belêstigjender materiaal tsjin De Vries fine kinnen... Mar dan noch, oannommen dat dizze brieven yndied gefaar ynhâlden foar de ûntfanger derfan, hie it, soe men sizze, dan net mooglik west: a) se nei ‘gebrûk’ werom te stjoeren oan de skriuwer - dy't Vestdijk syn brieven, oant sels yn en út kamp Amersfoart, wòl bewarre hat? - b) se yn bewarring te jaan by in bank of notaris? - c) se byneed ûnderdûke te litten by twa bejierre dames dy't by de Dútsers gjin inkeld erchtinken wekkerroppe koene? Ik bedoel dit net as in ferwyt - men kin der op 'en heechsten út konkludearje hoe kurieus-komplisearre guon saken psychologysk yn de jierren '40-'45 leine, en hoe folle minder simplistysk as se ús hjoed de dei faken foarsteld wurde. Mar spitich is it wol, namste mear as men Vestdijk skriuwen sjocht oer Theun syn ‘formidabele brief’ (10-8-'43, s. 82), mei de tafoeging: ‘We moeten deze brieven maar bewaren, misschien is er later wat mee te ‘doen’. Zet dan je uitvallen tegen het nabuurvolk (eventueel) op aparte vellen, opdat ik die met een vroom gebaar verscheuren kan; in déze brief was je nogal ‘kalm’’. - Wat net weinaam, dat ek dat brief mei alle oare ferneatige is. It gefolch is, dat wy no te krijen hawwe mei in soarte fan monolooch, soms yn it tsjuster bliuwe oangeande it útgongspunt fan de oare ‘partij’ en ús skikke moatte yn in dominearjende Vestdijk-rol. Sadwaande kriget de taktikus mear kânsen as de prinsipiast...
Lykwols binne ek dizze ‘iensidige’ brieven fan grutte betsjutting, net allinne as tiidsdokuminten (dêr't de oarloch trochhinne spûket, mar op in gâns oare, folle mear komplisearre en somtiden ek mear | |
[pagina 268]
| |
humoristyske wize as wy ús foarstelle sûnt dat wy ‘alles witte’), mar ek foar de kennis fan Vestdijk syn wurken, dy't wy hjir om sa te sizzen sjendereach ûntstean sjogge: De toekomst der religie, Iersche nachten, de grutte histoaryske roman De Vuuraanbidders, de kontemporêne roman Ivoren wachters ensafh. In part fan dizze brieven giet nei omfang èn nei ynhâld it begryp ‘brief’ fier te bûten en te boppen. Dat jildt benammen foar de geweldige rige fan simmer 1943, nei de frijlitting (ûnder betingsten) út de gizeling. Yn augustusmoanne is der in hichtepunt: fjouwer brieven, meimankoar sa'n 22 grut beprinte pagina's; essays op harsels, mar mei in persoanlike ynset dy't mannich fan Vestdijk syn èchte essays, har hege kwaliteit foaropset, fier achter har litte. Ut dizze rige is wer it hichtepunt it brief fan 21 augustus, dêr't it stereotype ‘Beste Theun’ foar it earst nei de frijlitting wer ris ferfongen wurdt fan it mear emosjonele: ‘Beste kerel’, en dêr't it suverst it ferskil, it skeel, om net te sizzen: ‘konflikt’, tusken de beide keunstbruorren útsprutsen wurdt: de engazjearre, striidbere, risiko's nimmende Marxist en de skeptyske, neam it ‘boargerlijke’ psychologyske yndividualist-realist - mar dat allegear fan syn kant wier net sûnder relativearring en ek net alhiel sûnder kwea gewisse; machtich moai ek as Vestdijk syn proletaryske gesindheid ferdigenet mei in berop op it feit dat er him yn syn praktykjierren as arts ek by foarkar dwaande hâlde mei froulju út it folk (s. 100). Gjin sitaten út dit alles, al falt it net maklik.
Noch wol in pear krityske kanttekeningen. De Vries is net botte rij mei ferklearjende fuotnoaten; in inkeldenien, lykas dy oer Seyss-Inquart (s. 97), liket ek oerstallich; soms is er foar in boek mei dochs ek wol wittenskiplike pretinsjes wat al te sunich. Op bls. 78, dêr't Vestdijk it hat oer in twadde, troch in Hendrik Cramer ynspirearre Ierske roman, hie oantekene wurde kinnen dat it hjir gyng om De vijf roeiers (1951), dat de opdracht hat: ‘In memoriam Hendrik Cramer’. Soks jildt ek foar it op side 23 oantsjutte ferhaal oer ‘Mijn ‘meisje’’ en de H.B.S.-direkteur, dat bêst efkes identifisearre wurde kind hie as Het gesprek in de directeurskamer yn de bondel Stomme getuigen (1946). By oare dizich oantsjutte wurken wurde sokke presisearringen wol jûn. Aardich soe it ek west hawwe, as De Vries ús fernijd hie wat er dien hat mei Vestdijk syn útnoeging ta taalfersobering (tefolle adjektiven) op side 99. En tige benijd wurdt men nei Vestdijk syn ferhâlding ta de doedestiids nochal yn opspraak rekke dichter Werumeus Buning, oer wa't op bledside 26 sein wurdt: ‘wij zijn nu dikke vrienden of daaromtrent...’ (brief fan 5-5-1941) en oer | |
[pagina 269]
| |
wa't wy letter lêze (s. 130): ‘Het is jammer, dat ik niet koken kan. Ik had beter Buning's boekjes kunnen bestudeeren indertijd, in plaats van met hem te polemiseeren...’ (brief 13-4-'44). Hjir hie ynformaasje oer it wat, hoe en wêrom, ek fan dy polemyk, wol op har plak west.
In nijsgjirrige fraach is fansels: hoe sjocht Vestdijk De Vries syn wurk - dat dochs net folle oerienkomsten mei sines hat, en dat yn ‘yntellektualistyske’ rûnten nochal tsjinsin oprôp(-ropt?). Oan de oprjochtens fan de tametten eare hoecht net twivele te wurden, - mar altyd mei it tsjinwicht fan wat krityk dy't ek op 'e slach wer ûntkrêftige wurdt: it nimmen en jaan, de taktyk is fielber. Is Vestdijk op side 98 ‘zeer verrukt’ fan De laars (wol krityk, mar dochs ‘oprechte bewondering’), justjes fierder lêst men, net sûnder fernuvering: ‘Heelemaal afgezien nog van de ‘literaire’ waarde (die mij op zichzelf trouwens niet gering lijkt)’ [kursiv. A.W.]. Sa klinkt ek de lof oer De Vries syn Nijhoff-essay wat dûbelsinnich: ‘Ik geloof wel, dat ik je hiermee zonder voorbehoud geluk kan wenschen.’ (s. 110). Dúdlik is de langst om de freon net foar de holle te stompen: ‘Ik druk me maar wat kras uit’ hjit it op side 117, neidat er De Vries (moai wis alhiel net sûnder rjocht) beskuldige hat dat er ‘als sociaal denker’ oanstriid hat alles ‘naar je toe te halen’! Dat myld-ûntskuldigjende stiet justjes yn tsjinstelling ta de soms wierliken krasse útspraken oer oare literatoaren. Oer Garmt Stuiveling (s. 38): ... ‘ik ken hem niet persoonlijk, maar het genus is niet zoo best. Dit zijn nu onze vrienden, maar God beware je voor de heeren in normale tijden.’ En hoe komt it nei de oarloch? ‘Cultureel krijgen we hier in Holland een groote smoel van Den Doolaard, Fabricius, Donkersloot en Asselbergs’ (s. 73), dizze fjouwer bien étonnés, ensafh. - en dêrby is dan de sêftmoedige, noait in ‘grote smoel’ hân hawwende Donkersloot, dy't trouwens earne oars yn it boek wol in plom kriget foar syn goed fersetswurk. Mar: wat betsjut sa'n nuvere útspraak no einliks? It mankearre Vestdijk yn dy dagen sa't skynt wolris oan ûnderskiedingsfermogenGa naar eind3.
Faaks heart dy lêste útspraak dan ta it haadstik dat neamd wurde koe: ‘Humor yn besettingstiid’. Der ûntjout him hjir by Vestdijk in eigenaardich soarte fan yntellektuele boarterij, dêr't er dúdlik in duvels nocht oan hie; mear boarterij, wol ik leauwe, as wiere eangst (alhoewol't dy der, foar in herhelling fan it Gestel-aventoer, wol wie). Sa is dêr dan it frjemde feit, dat Vestdijk dy't (hoewol't | |
[pagina 270]
| |
er ûnder sjantaazjetwang lid fan it ‘Letterengilde’ wurden wieGa naar voetnoot4 yn it fan Dútslân besette Nederlân net legaal publisearje woe (mocht, koe), folop wille èn profyt hie fan syn Dútske oersettingen: ‘mijn Duitsche vertalingen leveren me griezelig veel op’ (s. 103) - , sa dat Irische Nächte folle earder ferskine koe as Iersche nachten... En alhiel grappich is it, as er syn Dútske útjouwer Rohrer ‘mobilisearret’ om te ferhinderjen dat syn hûs - dêr gyngen dizige geroften oer - foardere wurde sil (s. 103, 105): ‘ik heb toch maar de voorzichtigste weg gekozen’. Koartsein: ‘het leven van de laatste jaren heeft mij diplomatie geleerd!’ (s. 100). Faaks sit der yn dizze hiele saak stoffe foar in Reinaerdie... | |
IIIYn de brieven fan 1941 (bygelyks s. 20) is al sprake fan in grut essay oer Marcel Proust, foar Vestdijk ‘het hoogtepunt, kort en goed, van alles’ (Hern. konfr., s. 78). Dit opstel - it is de muoite fan it neamen wurdich yn it ramt fan Vestdijk syn hiele wurkritmyk, in stúdzje-ûnderwerp op himsels - is pas reekommen 25 jier letter, en foarmet no de haadmoat fan de opstelle-bondel Gallische facetten. In bondel, dêr't mear, ja suver oars net as magistrale opstellen yn steane. Ik pas der wol foar op it tsjin dizze essays yn 'e kamp te setten, net allinne om har superieure ynhâld en foarm, mar ek al omdat de measte hjiryn besprutsen boeken (Benjamin Constant, Proust, Giono, Radiguet, Simenon, Guy Dupré) my fan ynhâld sa goed as ûnbekend binne. It binne opstellen dy't yn harsels wiere modellen fan foarmjouwing hjitte meie en nei de ynhâld wierskynlik allinne echte spesjalisten noch oanlieding ta kommentaar jaan kinne. Mei rjocht giet Vestdijk hjir út fan it stânpunt dat it ‘navertellen van de inhoud’ (sa't er dat werklik, en hoe!, docht oangeande de romans fan Radiguet en Dupré) soms perfoarst needsaaklik is om de lêzer in idee fan it wurk te jaan. De beide swakste opstellen, nei myn betinken, binne presiis dy twa dy't mei ‘Gallië’ net folle út te stean hawwe: dat oer ‘Ernst Jünger en de onhelderheid’ en dat oer de histoaryske roman. Jünger hjit by him ‘een der aanvaardbaarste figuren die het ‘goede’ Duitsland heeft kunnen opleveren’ (s. 165, lês ik dat wol goed?; bedoelt er eins net earder: it ‘net sa goede Dútslân’?). It opstel hat my persoanlik net sa oertsjûgje kinnen, it ropt yn alle gefallen net folle sympaty op foar de blomkesykjende militêr-filosoof; en sa sydlingswei hat it ek noch genôch krityk op de man syn wurk, | |
[pagina 271]
| |
benammen op it geskrift An der Zeitmauer; de romans komme der better foarwei. En dan it slotopstel Over de historische roman, yn oarsprong in Grinzer gastkolleezje. Myn beswier is, dat it ûnderwerp nochal skoalsk, sis mar ‘akademysk’, oanpakt wurdt en dat it oan 'e oare kant net útputtend behannele is - de hiele stoffe freget om in boek. Oan 'e ein, en dat is foar myn fielen echt in lakune, behannelt de skriuwer in mooglike synteze tusken histoaryske en kontemporêne roman, bygelyks troch it brûken fan de ik-foarm, wêrtroch ommers ‘de schrijver verhinderd wordt zijn deskriptieve neigingen de vrije teugel te laten’ (s. 203). Yn wêzen tinkt Vestdijk hjir alhiel fan de tradisjonele, klassike, mei it alâlde fertellersperspektyf wurkjende histoaryske roman út wei. Hy ferjit bygelyks dat it ‘ik-effekt’ krekt likegoed berikt wurde kin fia de bewustwêzensregistraasje fan ien hy-persoan, dus de personale wei lâns. Hy ferjit boppedat, dat it gearranen fan de beide sjenres yn de praktyk al bestiet, sa by Hella Haasse en Helma Wolf-Catz. Foar him sil it ‘ideaal’ lykwols wol nea berikt wurde en dat skriuwt er dan ta oan de needsaak fan ‘historisch materiaal’ (meubels, klean ensafh.) en de te lytse kunde oan de-minske-yn-itferline. Sokke motiven sizze my neat. Beide saken: funksjonele materiaalbeskriuwing en fundamintele ûnwissens oangeande de kenberheid fan de minske, hearre útrekkene ta de wêzenstrekken fan de moderne, post-naturalistyske proazaliteratuer. Dat wol yn wêzen sizze dat krekt gjin tiid sà ryp west hat foar de symbioaze fan beide romansoarten as uzes. Mar goed, dat komt allegear as 't safier is yn dat boek, dêr't Vestdijk fan my frijstelling foar kriget yn it skriuwen fan ien (histoaryske of kontemporêne) roman.
Ta beslút: ik wit net hokker nuvere kwibus ferantwurdlik is foar de spelling en de korreksje fan dit boek. Grif net de noch altyd De-Vriesen Te Winkeljende auteur-sels. Mar it is net allinne ynkonsekwint (‘neurasteniese’ op side 12, mar fierder altyd ‘-ische’), mar ek ûnkrekt en sloarderich. Bygelyks ‘heroiëk’ (twa kear op s. 159), ‘definieëren’ (161), ‘ideeële’ (169), ‘het kritiek’ (202) en noch sa it ien en 't oar. Dat wiene wy by Vestdijk dochs oars wend.
[LC 12-9-70]. |
|