Under dy epyske dichtfoarmen út it ferline is ien fan de bekendste dy't men letter de namme ‘ballade’ jûn hat. Ofsjoen noch fan de saneamde Frânske of Rederikers-ballade, dy't alhiel net epysk is en in hiel oar karakter hat, is it begryp ‘ballade’ net botte fêst omgrinzge. Yn it algemien fersteane wy derûnder in ferheljend dichtstik mei in sombere, folksaardige toan en mei in tragysk einbeslút. De gong fan it ferhaal is faken skoksgewiis, filmeftich, mei soms útwreidingen op ûndergeskikte punten en koarte, globale oantsjuttingen yn de haadsaken. De âldste balladen hawwe gauris ienfâldige strofen fan twa op elkoar rimende rigels.
Letter, as yn de tiid fan de Romantyk, om 1800 hinne, ek de erkende grutte dichters it sjenre fan de ballade beoefenje - Goethe, Schiller, Uhland, Bürger - wurdt de fersfoarm wolris gearstalder, mar altyd bliuwt der wat fan de folksaardige direktens, it simpele sizzen, soms op 'e grins fan it rouwe en rûge. De balladen fan Werumeus Buning, de Hollânske master op dit gebiet, binne lang gjin jonge-famkespoëzy.
Tamminga hat fan Buning wol it ien en 't oar leard, syn Ballade fan Greate Adam Olivier bewiist it dúdlik, mar it wolris brutaalplatte fan Buning fynt men by him net. De folkstaal - en dêr is Tamminga in master yn as hast nimmen oars yn Fryslân - is hjir op in heech artistyk plan heve. Mar de eleminten fan de primitive folkskeunst fynt men der noch wol yn werom. De skoksgewize situaasjeferspringingen bygelyks, de âlde twa-rigelige strofefoarm en ek it saneamde ‘rime riche’: it op elkoar rimen fan twa alhiel gelikense rymwurden, ûnder oaren yn de Ballade fan de Ridderslach, moai wis de ferneamdste, mar grif net de bêste fan Tamminga syn balladen. Gjin uterst persoanlike dichterstaal is it dy't Tamminga hjir hantearret, lykas yn syn eardere fersbondel It griene jier. Gjin teare flústeringen fynt men yn dizze balladen. De libjende folkstaal trillet der trochhinne, mar it is de taalfirtuoas dy't har ophevet út har benypte gebrûksrûnte en dy't har ynlivet yn in raffinearre spul fan technysk masterskip.
En dat is leau ik de grutste fertsjinste fan dit dichtwurk: it fermogen ta taalferriking, yn in duorjende en strange oandacht foar it dichterlik ambacht. Dit prosedee docht jin tinken oan dat fan sulversmidden en houtfikers, dy't arbeidzje yn skerp lutsen, evenwichtige linen en kontoeren. Masterskip wol hjir dan ek sizze, lykas by de âlde gilden: it folwoeksen fakmanskip nèi de foarstadia fan leaning en gesel. Mar it is mear as in evenredich en betochtsum