Guon binne kompositoarysk frijwat swak, bygelyks it monumintale ljurkje dat de skôger ûnder him sweevjen sjocht as in gefaarlik loftmeunster; wol tige primityf is de print fan yn de snie fersille skiep. It karakteristike fan de tekener Walta leit, nei't my taliket en mei alle earbied sein, hjirre, dat er yn syn wurk de reklametekener ferriedt. De keunst fan Walta liket yn wêzen affysjekeunst. Sjoch bygelyks de tekening by de heilwinsk foar de breid. Ek de blêdfal jout in knap staal fan syn kinnen. Mar it meast sprekke my oan de yllustraasjes by de beide fersen oan 'e ein. Benammen de op ien nei lêste is laden mei in suver apokalyptyske sfear.
Kiestra heart ta de nijsgjirrichste figueren fan tritich jier Fryske dichtkeunst. Miskien noch net iens sasear om 'e geastlike ûntjouwing dy't er meimakke hat en dy't yn syn dichtwurk min of mear werom te finen is: de ûntjouwing fan in frijwat eigensinnich krisis-sosjalisme yn de jierren tritich, oer it nasjonaal-sosjalisme yn 'e besettingstiid hinne, nei, as 't my net mist, in soarte fan ôfsidichheid, in yndifferintisme yn syn poëzy fan hjoed de dei.
Wa't yn dy nije poëzy fan sines om geastlike wearden siket, fynt op 'en heechsten in min of mear religieuze natuersymbolyk, in lêste wissichheid nei't liket, mei lijen út in desyllúzje, in fallite geastlike útrissing rêden.
Naturalisme, soe men, mei gâns foarbehâld, sizze kinne. De natuer yn al har aspekten, mar dan net as leave, meinimmende, dierbere printsjes, mar ferweefd, fergroeid mei it ferskynsel ‘minske’. Nei de eftergrûn rekke, is it net mear de minske as maatskiplike ferskining, mar de minske as swijende, arbeidzjende, oer de natuer bûgde en yn dy natuer ferlerne iensumheid, leaver: allinne-heid: de minske yn syn swijende eksistinsje besibbe oan al wat fan en yn de natuer is. Gjin tsjinstelling mei syn earder wurk, mear in uterste konsekwinsje derfan, in ‘let’ stadium, ien fan berêsting, fan wiis en glimkjend dielhawwen oan it wûndere mystearje dat ‘libben’ hjit.
Mar boppe-al nijsgjirrich is syn ûntjouwing hjirom, om't syn dichterskip in sa woloerlein en evenredich resultaat is fan útienrinnende driften. Hy is oars wurden èn himsels bleaun, hy is klassyk en modern, hy is artyst en folksman beide, hy is statysk èn dynamysk, hy is in handich firtuoas èn ien dy't syn wurden mei lijen by elkoar garret. En al dy tsjinstellingen terane sadanich yn elkoar dat men se amper weromfynt.