ken de idelheid fan de artyst en de ienfâld en dimmenheid fan de leauwige kristen. Syn wurd as polityk sjoernalist fynt wurdearring by mei- en tsjinstanners. Hy is yn it politike libben in op 'e slach berekkene debater, dy't mei emosjonele èn mei sacklike dingen op it aljemint komt. Hy is in man fan de rake formulearring, dy't de spiker krekt op 'e kop slaan kin, mar dy't him ek graach en fan herten fersint. Gjin slûchslim taktikus, mar in gefoelfol man, dy't it lijen fan de minskheid oan 't hert leit. Gjin spesjalist, al is er sûnder mis it bêst thús yn de kulturele neden fan de mienskip.
In man ek dy't him yn alle fermiddens thúsfielt en it middelpunt wit. Yn artystekroegen en op konferinsjes, mar ek yn de Fryske beweging, yn krite- en kamplibben, dêr't er syn lieten sjongt by de harmoanika of, as dat better útkomt, by it harmoanium. In man dy't ree is om op 'e kânsel te klimmen foar it hâlden fan in preek en dy't ree is in begraffenis te lieden. In man dy't it oandoar en draach by in offisjele gelegenheid in trui mei in hege board.
As dichter behearsket er - is it in wûnder? - alle registers fan minsklik gefoel. Hy is de sentimintele besjonger fan folk's lok en leed, de ûnmeilydsume spotter mei de eigengerjochtichheid fan it gesach, de religieuze dichter fan it godlik geheim, de ûnbarmhertige fiker yn oarmans en eigen moaie skyn. Hy skoddet de kolder fan limericks út 'e mouwe, mar wit ek wei mei de meast ferheven stoffe, dy fan de Hillige Skrift, yn syn Simson-drama en syn psalmberimingen. Hy is folk's dichter, yn de wiidste sin fan it wurd, ien dy't de gewoane man oansprekt, mar dy't tagelyk ek de fynpriuwers wit te befredigjen.
Ut de rykdom fan Schurer syn poëzy is yn syn lêste bondel, Fingerprinten, ien motyf nei't my taliket it dúdlikst nei foaren kommen: de neakene minske, Adam, bûn oan de sûnde. Dyjinge dy't op 'e sneup gean wol nei de feitlike ynhâld fan dat sûndebegryp, nei de konkrete sûnde dus, fan Schurer dêr en dêr, doe en doe begien, fersint him. Schurer seit it lêste wurd, mar it alderlêste hâldt er foar himsels. Sadwaande is it by him mear in algemien-minsklik sûndebegryp as in direkt persoanliken ien. No is der sûndegefoel yn soarten. Dy't de gedichten fan Revius ken, wit dat der in sûndefielen is dat leadswier op 'e siele weacht en dat yn swiere, wjerstribbige ritmen syn poëtyske foarm fynt. By Schurer lykwols ûntlaadt it sûndebesef him faak yn in boartlik, licht fers, modern en spits fan toan, by foarkar yn in trijeliddige fersmjitte, dy't alle swierte ôflein hat.