Ek Tsjits Peanstra har poëzy hat gjin sterke foarmkrêft. Se bout gjin monuminten fan stiel en beton op. Har dichterskip libbet mear út de simpele notysje fan yntuïtive gefoelens as út it mei ‘mannemacht’ betwingen en beswarren fan de matearje. Sadwaande lykje gâns fan har fersen op it each moderner as se binne. De foarmjende krêft ommers, dy't him uteret yn it klassyk rimende fers mei syn strange strofebou en syn Strang metrum, is de lêste jierren aardich yn 't neigean rekke, ek yn Fryslân. Der is in langst nei mear frijheid yn foarm en byld, net allinne by de utersten, de eksperimintelen, mar ek by mear tradisjonele figueren. De sonnette-sykte liket (tydlik?) foarby. Yn dit ramt past ek, liket my ta, de ûntjouwing dy't Tsjits Peanstra meimakke hat, oannommen dat de earst opnommen fersen út dizze bondel ek de earst skreaune binne.
Dy earste fersen hawwe mear foarmfêstens by minder kwaliteit. Se klinke noch al te faak as in beskieden, sympatike neibloei fan de poëzy fan de Jongfriezen. De prille, iere toan fan ferwachting en ferwûndering is yn dy begjinfersen sûnder mis echt, mar it is dochs krekt as is de foarm te eptich, te kreas passend foar dit taastende, sykjende libbensgefoel.
Yn dat libbensgefoel is de erotyk sterk oanwêzich as in soarte fan ûnderstream, in paradysbelibjen, dat op suvere, mar net bot ynkringende en soms lang net oarspronklike wize yn it wurd syn stal kriget. Men moat ris fergelykje dy beskieden, rêstige rigels - dêr't ‘wy sill' net wike’ sa'n kreaze, mar winliken min te daaien opfolling is foar de te eptige foarm -:
It boat leit ree myn lea, wy sill' net wike,
Kom oan, wy farre - nei it lok - it ljocht!
mei dy fan Marsman:
Het schip van de wind ligt gereed voor de reis
en:
Wij gaan terug naar het paradijs,
om te sjen, by oerflakkige oerienkomst, in wrâld fan ferskil. De jubeljende, feroverjende ekstase fan Marsman syn begjinfersen is by Tsjits Peanstra ôfdimpt ta in ynhâlden, yn jambyske boeiens sleine blydskip. Hàr paradys is in