fan syn fersen hjit bleu (Frânsk foar ‘blau’, mar hjir: ferlegen), ien hjit blau moandei en ien blues. It liket my ta dat dy lêste titel wol in oanwizing jout. Ommers, mei de beneaming ‘blues’ tsjutte de negers yn Amearika har wrâldske sangen oan, en ‘blue’ is neist ‘blau’ ek: mistreastich, tryst, mankelyk.
Yndied is der yn de poëzy fan Marten Brouwer gauris wat fan de Amerikaanske neger-poëzy werom te finen: in stribjen nei simpelheid fan wurdkar en benammen de psalmodiëarjende herhelling, dy't by him soms in tige suggestyf stylmiddel is.
Ek geast en sfear hawwe soms jazz-eleminten yn, mar dan yn fer-européanisearre foarm, sa yn it fers dies irae (oardielsdei), dêr't ‘trompetten fjurje hypernerveuze skerven / de romt' yn’ en: ‘de clarinet floeit heech boppe de ritmen / fan it orkest’. Mar dizze oanstriid ta de felbloedige dynamyk fan it neger-ras en ta wat de ‘blanken’ dêrfan oernommen en hiel litten hawwe: dancing en showfilm, is mar ien fan de eleminten dêr't dizze poëzy út gearstald is.
It twadde punt is it ûntbrekken fan alle haadletters en sa goed as alle lêstekens, dêr't sels de warbere útjouwerij laverman te drachten op 'e titelpagina net oan ûntkomt. Marten Brouwer hat yn dit opsicht dan ek tige konsekwint west.
Wat hâldt dit weilitten fan typografyske helpmiddels yn? Nij is it net. In skoftlang hat it sels moade west, net allinne yn 'e poëzy, mar ek bygelyks yn trou- en berte-advertinsjes (klaas hat in bruorke krigen wy neame him pyt). Mar by Brouwer is it leau ik mear as in opstiging fan moade en in mei sin modernistysk dwaan wollen. Ik fiel der sterk in foarm fan protest yn.
Haadletters en lêstekens hawwe benammen praktyske funksje: de skreaune taal helder en trochsichtich te meitsjen foar it oarderjend ferstân, dat se better ree wurdt foar har taak fan pasmunt en gongbere, maklik hantearbere waar. It binne fakentiden amper mear as helpmiddels, breklik en ûnfolslein. Dichterlike taal is út soarte in oare taal as dy fan de praktyske, deistige omgong, om't de taalmooglikheden har by de dichter net hâlde binnen it ramt fan it praktyske en logyske. Dat jout de dichter it rjocht ta dizze eksperiminten. It lêsteken ommers ûntnimt de taal har wêzen fan geheim, fan riedsel, fan tsjoenderij, fan magy, lûkt har yn de sfear fan it ferstânlike. Troch de ferdúdliking mei ‘bûtentaalse’ middels wurdt de taal as suver en eigenmachtich organisme ôfbrek dien. Marten Brouwer besiket har yn dizze eigen gloarje te litten. En nettsjinsteande alle filosofen en moralisten is de dichtkeunst noch altyd de keunst om mei de mooglikheden fan it wûnder taal