| |
| |
| |
Mystika mei in fraachteken
Ypk fan der Fear, Eilân fan de silligen.
Roman. Drachten 1966.
Elk boek fan Ypk fan der Fear is by alle beswieren dy't men dertsjin ynlizze kin, in geastlike prestaasje fan belang. Gjin kritikus kin der foarwei en stel de grutte greep, de moed as men wol, fan har produkten foarop. Moed miskien net sasear om yn in stik skiednis te dûken, boarnen te bestudearjen, har problematyk mei in religieuze ûndergrûn oan te eigenjen (dat is allegear mar foarwurk en persoanlike jefte of ynstelling), mar wol moed om in stoffe oan te gean dy't har net maklik priisjout, dy't populêr sein net yn 'e hjoeddeiske merk leit nòch psychologysk nòch situasjoneel, stoffe dêr't jo en ik elkoar net yn weromfine. Mar dêr is meiiens Ypk fan der Fear har ‘probleem’, lit ús sizze har auteurlike needsituaasje mei oantsjut: te wurkjen yn in spesjalistysk sjenre (in religieus beskaat frouwelibben yn histoarysk ferbân), dat sa net yn diskredyt stiet dan dochs alderminst geskikt is foar wêzenlike fernijing. De histoaryske roman is út soarte de konservative kant it neist. Wat ik de lêste jierren oan foarbylden yn it Nederlânsk ûnder eagen hân haw, wiist dat wol út. My komme, as ik ôfsjoch fan Vestdijk, dy't in gefal apart is, twa auteurs yn 't sin, tafallich beide froulju: de Flaamske Maria Rosseels en de Hollânske Helma Wolf-Catz. Fan de mooglikheden dy't it sjenre biedt, toane dy twa de utersten.
Maria Rosseels nimt de rjochter flank yn troch in foaropset, mei histoaryske fata en data lardearre skiedferhaal mei ideologyske problematyk, dêr't de behannele persoanen, histoarysk of net, har yn te skikken hawwe, beantwurdzjend oan in algemien as ‘histoarysk’ beskôge stramyn; harren lotgefallen oan elkoar reaun troch de regulearjende, skiedskriuwende hân fan de auteur. Helma Wolf fertsjintwurdiget de lofter flank troch har regelrjochte konsintraasje op in stik tiidssfear, op 'e dingen, de foarwerpen, de sjenbere en fielbere wrâld, mar ek op it ûnsjenbere en ûnfielbere dat yn de dingen meifibrearret, en dêr't de minskefigueren heal-anonym en ûnwittend en dreaun fan geheimen en riedsels yn rûnwaarje, gjin weet hawwend fan har eigen histoarysk kader.
Rosseels ûntraffelet en rasjonalisearret in stik histoarje en yn dat proses binne de persoanen pionnen dy't hearrich wêze moatte oan en har bewust binne fan har histoaryske situaasje. Wolf skept in stik histoarje, fan binnen út wei en beskaat fan lûden en bylden en fisioenen en roken, dat plak jout oan yn ûnwittendheid rûn- | |
| |
taastende minsklike figueren. Rosseels stiet as fertelster en byneed kommentatrise boppe har stof en diktearret, se wit alles en liedt alles nei in doel. Wolf sit mèi har persoanen midden yn de stof, sjocht neat dat dêrbûten is, dat har persoanen net sjen kinne, har wrâld is in sletten wrâld, potticht, dêr't skriuwer en lêzer yn finzen bliuwe. It liket my ta, dat Ypk fan der Fear tusken dizze beide utersten - myn persoanlike foarkar sil dúdlik wêze - in soarte fan middenposysje ynnimt. Wy fine by har net in rjochtlinich útstippele skiedferhaal fan de boppe de stof steande, partij-kiezende auteur, en ek net de sensuële, hast fisionêre skiednisbelibbing (tròchlibbing) fan Helma Wolf. It resultaat is, dat wy mei de persoan dêr't it hjir om giet, Antoinette Bourignon, net goed ried witte. Rosseels soe har ta har wiere proporsjes fan hystearika en - excusez du mot - rotwiif werombrocht hawwe. Wolf soe har omkomme litten hawwe yn har eigen eksaltaasje (wat ymplisite krityk net a priori útslút).
Ypk fan der Fear docht gjinien fan beiden. Is dit de trochtrape, fynynleine, ynklauwerige, slûchslimme, frustrearre, patologyske frou dy't wy yn har fermoedzje (de skriuwster levert it materiaal derta, min of mear tsjin 't eigen sin, wol ik leauwe: earne moat de figuer fan Bourignon har wat teloarsteld hawwe), of is se de suvere, nei in Godsryk op ierde stribjende, de ideale memme-figuer útbyldzjende mystika, waans byld allinne ûntsierd wurdt troch in mannich lytsminsklike skeinplakjes, mar dy't rjochtfeardige wurdt troch har tsjinst oan God, koartsein de figuer dy't sysels wêze woe of miende te wêzen neffens har geskriften? Ferstean my goed: Ypk fan der Fear skaft it materiaal foar beide skôgingen. Mar har besykjen om dy beide ta in ienheid op te laden is mar foar in part slagge. De lêzer kin nei ôfrin sizze: No wit ik heel wat (subs. alles) oer Antoinette Bourignon. Mar by wit tagelyk dat it meastepart bûtenkant bleaun is en dat it alderneiste him frjemd bliuwt.
Dit probleem hinget op 'en nausten gear mei it prosedee dat de skriuwster keazen hat, en dat (mei rjocht) gjin romte jout foar eksplisite krityk op har haadpersoan, mar dat ek net de mooglikheid skept foar in mear ymplisite krityske skôging. It prosedee bliuwt dat fan de ferteller dy't boppe en bûten syn stof stiet, dy't om sa te sizzen alles wit en alle triedden yn 'e hannen hâldt, mar dy't dat sa min mooglik fernimme lit. Dat prosedee twingt har derta, de geskriften en iepenbiere útlittingen fan juffer Bourignon te earbiedigjen en yntakt te litten. De mystika is foar de skriuwster yn wêzen ûnoantaastber. En de krityske skôging op har minsklik hâlden en dragen fynt men allinne werom yn 'e fersprate en oan
| |
| |
'e ein min of mear kollektyf bondele reaksjes fan har bypersoanen, dy't op in stuit oan har yntegriteit begjinne te twiveljen. Mei it keazen prosedee siet der ek neat oars op, al hie dy oanwinnende wjeraksel om my wol in wat foarnamer plak yn it boek ynnimme kinnen.
En it resultaat is, dat wy oan 'e ein mei in fraachteken sitte, trochdat wy twongen wurde om in objektive oplossing te sykjen. Oan 'e iene kant moat it respektearre wurde dat Ypk fan der Fear net bûten har technysk boekje gien is, troch it gefaar dêr't se foar bleat lei: de eksplisite krityk, it oplein kommentaar, te mijen. Oan 'e oare kant is it spitich, dat se sa't liket de prachtige kâns op in oare, mear ynkringende wurkwize, dy't yn de stoffe dúdlik oanwêzich is, net sjoen of technyskerwize net oandoarst hat.
De einliks foar de hân lizzende oplossing hie west, dat de skriuwster, byneed mei opofferjen fan beskate dielen fan har materiaal, de figuer fan Antoinette Bourignon belibje litten hie troch ien fan har oanhingers (of tsjinstanners). Dat hie har de frijheid jûn om oan 'e iene kant de histoaryske feitlikheden har gerak te jaan (ommers: de lju praten mei en oer har en liezen har skriften) en se oan 'e oare kant kritysk te hifkjen, kommentaar jaan te litten, te subjektivearjen en te relativearjen. Mei oare wurden: dat hie de kâns jûn om it dûbelsinnich effekt dat de figuer fan Bourignon opropt, in dúdlik en laden stal te jaan, ta de reliëfwurking te kommen dy't wy no misse moatte.
Hokker persoan dat yntermediêr wêze moatten hie, leit ek folslein foar de hân. It is de Frjentsjerter apoteker Gabe Reinders, dy't op bledside 95 fan it boek yntrodusearre wurdt: in sykjende, goedwollende, nei mystyk belibjen ferlangjende man, dy't oanhinger fan Antoinette wurdt, frou en bern om har ferlit, alhiel skeef komt te sitten en letter ta better ynsjoch komt en yn har teloarsteld rekket. Fan dizze man út wei (as ik- of as hy-figuer, dat is yn wêzen fan ûndergeskikt belang) hie de hiele figuer fan Antoinette Bourignon èn subjektyf èn objektyf oan har trekken komme kinnen, en de skriuwster hie, sa kiezende, net hieltydtroch de histoaryske wurklikheid, respektyflik de behoefte of needsaak om it mystyk geskriuw fan dy dame au sérieux te nimmen, as in behindering fiele hoegd om har frije gong te gean: se hie de ferantwurdlikheid gewoan oerdrage kinnen. Want dit haw ik my by it lêzen tige sterk bewust west: de skriuwster fielt har yn it kader net frij, se doar de histoarje, it histoaryske net los te litten en komt sadwaande amper ta in dramatyske ûntjouwing. En in drama hie der grif yn sitten: dat fan in troep fan her en der byienkommende manlju dy't har magysk ta it frjemde froumins oanlutsen fiele en foar it troch har fertsjintwurdige Keninkryk Gods alles | |
| |
op it spul sette. Of it mear yndividuele drama fan dy iene man, Gabe Reinders, dy't om syn mystyk ferlangen wiif en bern priisjout en mei syn minsklik gewisse yn tsjokwaar rekket. En dan it drama yn dat drama, dat no ferlern giet yn de omballingen, dêr't goedbesjoen mar wat nonsjalant, alteast sydlings oan foarbygien wurdt, ik bedoel de yn wêzen sa groteske passaazje wêrby't de apoteker troch tafallige omstannichheden by syn Masteresse op bêd rekket (bls. 190).
En ik tink sels noch oan de mooglikheid fan in dûbelferhaal: sawol de naive pater De Cort mei syn nettsjinsteande alle iver fan de skriuwster yn dat stik frijwat tsjuster bleaune eilân-masinaasjes, as de Frjentsjerter apoteker jouwe har (útienrinnende) fisy op Antoinette en har oergemeente. It fernuvert my earlik sein in bytsje, dat Ypk fan der Fear, dy't as dichteres dochs oansluting fûn by de Quatrebras-jongerein, har yn har proaza ta in grutter konservatisme yn romantechnysk opsicht bekeard hat as wy nei har foarich wurk ferwachtsje mochten.
Dizze apoteker hie boppedat de kâns hân in saak nei foaren te heljen dy't no, troch allinne uterlike gegevens, yn it tsjuster bleaun is: de seksuele frustraasjes dêr't de figuer fan Antoinette dúdlik mei oanhelle is. Ik hoech gjin bewizen oan te heljen fan it gearhingjen fan mystike ferskynsels mei it seksuele. De hiele mystike literatuer út alle ieuwen is der fol fan. Ypk fan der Fear, bygelyks Antoinette har jeugdwjerfarrens behanneljend, is der net alheel omhinne gien, mar it prosedee liet gjin skerper beljochting ta as dy't fan Antoinette sels jûn is. Allinne de apoteker Gabe Reinders hie dy skerpe beljochting oan dit aspekt jaan kinnen. Foaral yn dit stik bliuwt it boek, dat globaal sjoen in treflik byld jout fan de libbensrin fan in twivelige mystika, ûnbefredigjend. Net sasear om wat it is as om wat it wêze kind (wêze wold!) hie. It bliuwt tefolle oan 'e bûtenkant, dêr kinne alle al of net autentike sitaten út wurk en brieven fan de haadpersoan neat oan feroarje. Dit wurk is tefolle in biografy bleaun, in pseudo-roman.
Ek yn in oar opsicht is it spitich, dat Gabe Reinders syn kânsen net earlik krigen hat. In Gabe Reinders dy't syn mémoires skriuwt (bygelyks as ferantwurding oan syn noch libjende of al ferstoarne frou; en syn meditative natuer sawol as syn geastlike foarming makket him foar dy proseduere by útstek geskikt) hie miskien ek noch ferantwurdlikheid drage kind foar de smite taal- en waarnimmingsfouten yn dit boek. Dy't de wearde fan sok in monumintaal opset geskrift fêststelle wol, moat - en it jildt foar Ypk fan der Fear har wurk yn it algemien - earst oer allerhande argewaasjes en
| |
| |
yrritaasjes hinne groeie. Dizze skriuwster, it moat earlik sein wurde, ratst der soms mar wat hinne. Se hat de hymjende stakkato-styl fan Ta him dyn bigearte en it al te blomrike, blibberige en barokke fan Ek in minske efter har litten en stribbet, wat ek wol yn 'e reden lei, nei in mear klassike foarmbehearsking, nei in evenredige en elemintêre soberheid en suverheid fan styl. Faak is dat slagge, want der stiet yn dit boek mannich masterstikje fan geef waarnimmen. Mar gauris ferfalt de skriuwster to in ûndaaibere stoartelichheid en knoffelichheid. Dan sakket ynienen de ynspiraasje ûnder it nulpunt en driuwt se fierder op in plichtmjittich ynfoljen of se lit it alhiel sitte. Ik tink oan de faak abrupte en min fersoarge ôfslutingen fan haadstikjes. Bledside 100: ‘mar doe't Jezus' libben op ierde har yn 't sin kaam, wist hja it ek wer net’. Bls. 83: ‘Hja fielden har rekke, mar hie hja gjin gelyk?’ Bls. 63: ‘Tige ûnder de yndruk en befêstige yn har leauwe, diene hja hearrich, wat har frege waard.’ Bls. 30: ‘‘Amen’, sei De Cort nei it lêzen fan dit epistel.’ Bls. 166: ‘Doe begûn Gauke Hylkes oer it heitelân, sa stil as mûzen harken hja’ (mar de lêzer soe graach witte wolle wàt G.H. oer it heitelân fertelde, want dat is hjir om de bliksem net yrrelevant).
Oer it algemien mis ik ek de beslissende, op 'e gong fan saken ynwurkjende sfearoantsjutting. Op bls. 69 begjint in haadstikje sa: ‘Op in moarn betiid kaam De Cort yn Amsterdam oan’, d.w.s. nei in besiik oan it eilân Noardstrân. Hòe komt in mins op in iere moarn anno 1668 yn Amsterdam oan? Hòe sjocht er it Amsterdam fan doe, fan IJ en Amstel, fan Rembrandt en Vondel? Gjin wurd dêroer. Allinne in summiere oantsjutting, suver plichtmjittich en net yntegrearre, fan hoe't de skriuwster it har min of mear foarstelt, fantasijleas, ûnpersoanlik en sa droech as hoppe: ‘Mânlju gyngen nei it wurk, froulju wiene op wei nei de merk mei kuorren en amers oan it jok. De ambachtslju hiene har wurkstikken al bûtendoar helle en op 'e stoepe útstald.’ Wat hjir mist is dúdlik: it evokative, it fisionêr oproppen fan de dingen, it oanpart fan de dingen, de partisipaasje. De rook fan de dingen. In fakmjittich oanbrocht grisseltsje lokale kleur, mar it libbet net echt, it hat mei de siel en de sintugen fan pater De Cort neat te krijen, en de lêzer sjocht miskien wol wat, mar by belibbet, rukt en priuwt neat. Noch minder (mar no ferfal ik yn details) kin ik oer de wei mei wat in pear rigels fierder folget: ‘De Cort stroffele yn in steech oer losse stiennen en molwrotten.’ Dy stiennen lit ik dêr, mar dy molwrotten? (Bedoeld sille wêze molsheappen of mollebulten en net wat myn yntuysje plus myn wurdboeken ienriedich ûnder molwrotten fersteane).
| |
| |
Details dus. Ypk fan der Fear hat der wolris lijen mei it gewicht fan in wurd te hifkjen. Minsken glimkje of laitsje samar yn 't wylde wei en ien rigel fierder hawwe se fertriet, sûnder psychyske needsaak. Se roppe ek te folle, dingen faak dêr't gjin mins by roppende bliuwe kin. Op bls. 22 ‘ropt’ Antoinette twa lange, steatlike folsinnen fan respektyflik 20 en 16 wurden. Op bls. 60 bliuwt pater De Cort sels mear as njoggen rigels roppende, mei as tajefte dit moais: ‘Doe't er dat sein [!] hie, draaide er him hurd om, oars soe er begjinne te gûlen en fleach ta de doar út.’ Dat ‘fleanen’ sjoch ik net. En likemin it ‘hippeljen’ fan freugde, dat de skriuwster de langliddige pater sa no en dan dwaan lit. Yrritant (en yn striid mei myn wurdboeken, al lit ik de mooglikheid fan pleatslik dialekt iepen) is yn myn ear it gebrûk fan it wurd ‘earmelytse(n)’ as bywurd: ‘Hy seach wat earmelytsen, as spiet it him’ (bls. 9). Nochris twa kear op bls. 179 en twa kear op bls. 217.
Foar klisjees is Ypk fan der Fear likemin bang, en dan faak mei in Hollânsk kleurke: ‘Hja hie blykber bûtengewoan oantrekkingskrêft foar manlju hân’ (44), ‘Doe't hja balling wie, krong it pas goed ta Antoinette Bourignon troch’ (47), ‘Ynienen waard syn each troffen troch’ (130), ‘klom de jonkfrou yn de pinne om’ (140), ‘De eagen fan har bern [= oanhingers] blonken har temjitte’ (156). Kontaminaasjes: ‘Sommigen, dy't it swurk in ferkearde kant út driuwen seagen’ (27), hyperkorreksje: ‘syn nijbakte mem’, y.p.f. nijbakken; ‘No hite hja my leagen’ y.p.f. ligen; in ‘sûndich libben lije’, in ‘rein libben te lijen’. En it is my in riedsel hoe't neffens bls. 139 ‘bangmakkerij mei skulden en lêsten’ as doekjes foar it blieden tsjinje kin om fan immen ôf te kommen. Oan 'e iene kant is der it brûken fan in ûnnatuerlik en âldfrinzich wurd as ‘ferrifelderije’ (227), oan 'e oare kant binne der yn in histoaryske sfear net te pleatsen modernismen of popularismen as: ‘der nei fluitsje kinne’, jild ‘efteroerdrukke’, ‘útnaaie’, ‘groeie’ yn 'e betsjutting: grutsk wurde. En hjirsa in aardige oefening yn bysinnen en persoanlike foarnamwurden, mar ek in staal fan wezenleaze lullefikaasje op bls. 169: ‘Hennig seach teloarsteld en warskôge nochris, dat hja [= syn frou] dochs neat tsjin har mem sizze soe. Dat hold hja inkelde dagen fol, mar doe't har mem har ris ferge op dy persoan [= Antoinette B.], dy't grif net samar immen wie, en hja krekt argewaasje hie fan it feit, dat hja Nicolaas [= Henning] alhiel opeaske en hy dêr folslein yn meigie, liet hja it har ûntfalle.’ Dat is keutelproaza fan niks, boppedat in passaazje dy't net fan belang is en bêst mist wurde koe.
Slimmer is it tekoartsjitten op hichtepunten. Ik neamde al de ‘bêdsène’ tusken Antoinette en Gabe dy't as hichtepunt de mist
| |
| |
yn giet. Op bls. 67 kriget pater De Cort Gods stim te hearren, ta trije kear ta. Ypk fan der Fear skynt dêr yn te leauwen; dat is har saak. Mar de reaksje fan De Cort is op gjin fuotten en fiemen yn 't lyk mei de grutheid fan it barren: ‘Bliid harke er ta’. En as God útpraat is, folget dit gestumper: ‘Wat drok ûnthiet er lûdop, dat er dwaan soe, wat him hiten wie,’ en justjes fierder: ‘Hy makke, dat er thúskaam.’ Ik bin gjin pater en myn religiositeit en myn earbied foar it opperwêzen kinne gjin sprekken lije, mar ik soe dochs op Syn stim justjes oars reagearje as dit mystike Bern Gods docht.
Myn konklúzje moat wêze, dat der yn dit boek fan Ypk fan der Fear faak in wanferhâlding is tusken har grypt wêzen yn it abstrakte (de idee Antoinette Bourignon, de mystyk, de froulike Jezus-figuer) en de represintaasje dêrfan yn it konkrete ynspiratyf momint. It earste jout, nettsjinsteande it kiezen fan in ‘ferkeard’ útgongspunt, dochs in grutte epyske lijn oan har ferhaal (dy't oan 'e ein wat ferskromfelt: haadstikken fan 12, 13 en 8 bledsiden kin men dochs net mear fjirde, fyfde en seisde ‘BOEK’ neame!), in beskate alluere en boppedat it net te ûntstriden feit fan gâns meinimmende en floeiend skreaune passaazjes. It twadde is oanspraaklik foar folle bliken fan detaillistysk ûnfermogen, sloarderichheden yn taal en tinken, ûnadekwatens tusken situaasje en foarmjouwing. Ypk fan der Fear is hjir presiis it spegelbyld fan Vestdijk yn syn (net-histoaryske) roman Het spook en de schaduw: in gegeven fan niks fongen yn in detaillistysk perfeksjonisme. By har dêrfoaroer: in grutte idee, op gâns plakken oanfretten en bedoarn troch detaillistysk ûnfermogen. Men kin der oer stride hokker fan dy beide sjenswizen de foarkar fertsjinnet. Mar in ferbining fan beide fakulteiten moat ek mooglik wêze. Dêrom hoopje ik, dat it Ypk fan der Fear slagje mei yn in folgjend boek har histoarysk narrativisme befruchtsje te litten troch in mear fisionêr yntinsivisme lykas dat fûn wurdt yn it wurk fan in dochs tige oan har besibbe auteur as Helma Wolf-Catz.
[TS XXII (1967), nr.9, 322-329]
|
|