In apart lettertype jout yn toanielfoarm in rige petearen tusken Anke en X, dy't wol tekenjend binne foar it dearinnen fan de kommunikaasje, de ivige herhellingen, oanklachten, selsferdigeningen, útflechten, heale arguminten en misferstânen, mar dy't hjir en dêr ek keunstmjittich oandogge. As einbeslút, wer yn in oare letter, jout it boek in mannich yn it Hollânsk stelde brieven oan in ûndúdlik frouminske Astrid, dat in wat tsjustere rol spilet yn de akute echtskiedingskrisis, as riejouster, oan beide partijen. Dizze brieven oertsjûgje my net, - net om't se yn it Hollânsk steld binne, mar om it Hollânsk dêr't se yn steld binne: in wat keale en would-be yntellektuelerichheid, psychologyske gewichtichdoggerij.
Allerhande perspektiven dus op dat iene simpele haadmotyf fan in op in tekoart oan fundamintele biningen dearinnend houlikslibben. En binnen it ramt fan elke ‘laach’ hat Piebenga, mei útsûnderingen ek wer, de eigen styl moai goed folhâlden. Oan 'e ein wint syn boek oan spanning en oertsjûgingsdrift, der sit in knappe klimaks yn. Mar om my hie it op side 191 wol út wêze kind, mei dan as ôfsluting bledside 196, dy't it antwurd jout op de fraach fan side 7: ‘Wêrom giet in houlik kapot?’
Yn it flak fan de grutte emosjonaliteit (in boek as wraaknimming) is it ek te ferklearjen en ta in hichte yn te skikken, dat it boek psychologysk minder sterke kanten hat. In lilk man analysearret net, of hy analysearret fout. Yn wêzen leau ik dat X in tekoart oan selskennis hat. Syn yllúzjes oangeande Anke de superfrou en har leafde hâldt er tsjin 'e klippen op oan fêst, en sadwaande spilet er, wolle of net, de moaie rol, dy fan de tekoartdiene, de masogist, de literaat ek, dy't út sok in trageedzje alteast de munt fan de literatuer slaan kin of moat.
Slimmer achtsje ik, dat X ek ûnmachtich stiet tsjinoer de wiere oarsaak fan de mislearring: net de wierskynlik tydlike ferealens fan Anke op Wouter, mar folle mear it feit dat se net fan him, X, hâldt en moai wis noait fan him hâlden hat. Hy sjocht dat soms yn, soms net, en op dit punt fine wy de meast flagrante tsjinstridichheden. No en dan sinspilet X derop, dat er Anke tekoartdien hat troch har mei alle geweld ta syn ‘nivo’, syn yntellektuele hichte oplûke te wollen, dêr't se no ienkear net oan tippe kin. Anke sels is ek net frjemd oan dy ferklearring, mar mei justjes in oar aksint, dat X ûntkomt.
De klacht dat Anke gjin oandacht hat foar syn literêr wurk (syn dichtbondel dagen lang net-lêzen omtoarkje lit) is yn striid mei de meidielingen dat se mei ynmoed nei syn foarlezên út eigen wurk harket, har oardiel en krityk jout, literêre dingen mei him