penet, as staal fan goede folkskeunst. Dat boppedien allinne mar sympatiker wurdt as men it hâldt neist wat ús de lêste jierren as al of net kristlike folkslektuer oansmard wurdt.
Ik haw destiids (ik wit net mear wannear en wêre, en myn persoanlik argyf is danich yn dusoarder) it tekoart fan it boek benammen sjoen yn in beskate flakheid en ientoanichheid, yn in temin oan dynamyk, om it deftich te sizzen, en dêrfoaroer yn in tefolle oan sentimintaliteit. Beide beswieren hâlde leau ik noch wol sawat. De ferteltrant is yndied de âlderwetsk-omslachtige kant neist, foaral dêr't de tinzen fan de minsken al te gemoedlik en te seurderich werjûn wurde (‘Hoe't it op den doer mei dy jonge komme moast dat wist hja net, mar goed kaam it net, nee fêst net!’ [kursiv. A.M.]). En it gehiel ferrint frijwat igaal en sûnder grutte dramatyske spanningen, sûnder sterke kontrastwurking.
Dat komt meidat Brouwer syn ‘goede krêft’ Marijke gjin tsjinwicht fan betsjutting jûn hat: sij oerwint einliks op alle fronten, se is as dramatis persona hearrich oan in soarte fan natuerwet: de foarútgong fan de Heide, dy't de skriuwer te maklik en te probleemleas ûnder syn ferhaal skood hat.
Net ien fan Marijke har sân bern mislearret, sels Rudmer net, dy't efkes driget út it rjochte spoar te rinnen. It heakket wolris, mar alles keart altyd te'n goede. Mar krekt dêrtroch, wol ik leauwe, hat de ferteller Abe Brouwer sa raak yn 'e roas fan it Fryske folkshert sketten. Hy wit wêr't de gefoelichheden fan de Friezen lizze: yn harren gefoelichheid en foarkar foar ienfâldige moraal en deeglikheid. It is my yn 'e rin fan de tiid dúdlik wurden dat dit in ‘deugd’ is: it Fryske folk seit yn trochsneed sa maklik en oprjocht ‘krekt echt’ tsjin dingen dy't ‘krekt net hielendal echt’ binne. It mei de dingen stomme graach wat idealisearje, - en wêrom ek net?
Sa stiet it ek mei de beskuldiging fan ‘sentimintaliteit’. Dit boek fan Brouwer past net sa goed mear yn de hjoeddeiske Fryske literatuersituaasje. It eigenaardige no is, dat dizze sterke gefoelichheid - sa't dy bygelyks útkomt yn de grutte ferearing foar de memfiguer - minsklik sjoen sa ‘echt’ is, ik sei it al: Brouwer skriuwt regelrjocht út syn waarm meilibjend hert wei, - en ús tagelyk psychologysk sjoen nèt echt, idealisearre oandocht. It geheim fan Abe Brouwer leit hjir, dat er minsken en tastannen net beskriuwt sa't se yn wierheid binne, mar sa't de lju se graach hawwe wolle.
It is in frjemd soarte fan ‘romantyk’ dy't Brouwer ús as tolk fan de Fryske folkssiele oanbiedt. De romantyk fan de folksopfieder,