Italjaanske en Súdfrânske lokaasjes, kriget men ek gauris it idee dat de reisbeurze-polityk en it moderne toerisme oan it kiezen fan dy stoffe net alhiel frjemd binne. Der is in universele moade dy't seit dat men yn Hollân net mei goed fatsoen op 'e lappen komme kin mei in roman dy't yn Hollân spilet ...
No is dan Rink van der Velde, sjoernalist, radio-man en skriuwer fan koarte ferhalen, ek ynienen mei in roman kommen dy't wol yn it Frysk skreaun is, mar dy't syn plak fan hanneling fynt op it Frânske plattelân yn 'e omkriten fan Parys. Ik moat sizze, Van der Velde hat him dêr net al te maklik ôfmakke. Dy't syn nochal flau feuilletonferhaal oer de Fryske skiednis yn Frysk en Frij lêzen hat, sil efkes syn hert fêsthâlden hawwe: dat joech no fuortdaliks gjin bewiis fan grut taunt.
Mar mei Joun, healwei tolven (de titel is my wat te guodkeap en opsetlik-modern) hat Van der Velde in goede goai dien nei in earfol foaroanplak yn de lytse rige fan Fryske românsiers dy't earnst fan har wurk meitsje. Syn roman is, kin men sizze, de ferrassing fan it jier 1962, ien dy't nei mear smakket, al wie it allinne hjirom al, dat er yn gjin inkeld opsicht de ferneamde tekoartkommingen yn taal en styl fan de ‘begjinneling’ fertoant. It boek is skreaun yn goed en geef, net mei idioom oerladen Frysk.
Boppedat is it oaneigenjen fan in bûtenlânsk miljeu him tige natuerlik ôfgien, sûnder kultureel-doggerichheid, sûnder snobisme. It moat ek hast wol basearre wêze, alteast foar in part, op eigen bûtenlânske ûnderfiningen. De wize wêrop dizze jonge auteur it libben op in Frânske boerepleats, tusken in griemmank fan nijsgjirrige, mar ek wer tige gewoane personaazjes (dêr't sels as byfiguer in Fryske feefersoarger, mei namme Douwe, tusken rint), stal jûn hat neam ik sûnder mear knap. Dizze roman is in staal fan fakmanskip dat net min bylket tusken de trochsneed roman dy't yn Hollân ferskynt.
Joun, healwei tolven beskriuwt de langst nei rykdom en sweeslaan dy't in Frânske jongfeint, Michel, besielet en troch it libben driuwt: in earmoedsaaier mei in rykdom-ideaal en genôch slûchslimmichheid om dat ideaal ienris te berikken. As er op in stuit efter it geheim komt fan in âlde clochard, dy't yn 'e besettingstiid as maquisard in stellen skat oan goud en sulver weistoppe hat, beslút er syn grutte slach te slaan, de slach fan syn libben.
Stadichoan, stikje by bytsje, bout Michel syn plan de campagne op, neat oan it tafal oerlittend en al syn fernimstichheid spannend.