bestean). Beide boeken spylje ek yn de jierren tritich, foar de oarloch dus, al kloppet dat by Abma, as men him op hakken en teannen neigiet, net alhiel.
Mar ek op dy punten dêr't eartiids de krityk Wadman op oanfallen hat (foar in part wol mei rjocht): de sleauwe persoanlikheid fan de haadfiguer, de stadige en taaie gong fan it ferhaal, de geastlike lamliddichheid dêr't Offringa de wrâld mei besjocht, de faak wat oerspande psychologyske benadering fan de situaasjes (‘Hy betrape himsels der op, dat er’, ‘Hy krige oanstriid om’, ensafh.), it eamelsekkige en benammen it kôgjen en wjerkôgjen fan Jeen Offringa syn gedachte-spinsels, dat alles hat, sa't liket, Abma mei ham en gram oernommen. Der is in einleaze en faak berneftige tizerij fan foar en tsjin, al of net, ja of nee, in selsûndersiik sûnder ein, mar ek faak yn al te ûnnoazele dingen.
It hat moai wis Abma syn doel west om yn Selis in wrâldfrjemde doarpsjonge te skilderjen, ien dy't troch skea en skande wiis wurdt. Dy opset is nei myn betinken mar heal slagge. Want der is yn dyselde wrâldfrjemde sokses, dy't sa ûnnoazel en ûnhandich is, it iene mâl figuer nei it oare slacht, net genôch argeleasheid, der is yn him te folle oerbewustheid. Hy libbet net foar ús, hy is, sterker noch as syn foarfaar Jeen Offringa, allinnich in klobbe problemen en tizerijen.
Folle better is út 'e ferve kommen de figuer fan it famke Sara Pigot. En yn de tekening fan it roomse Jacobi-húshâlden is gâns fertsjinstliks. Lang net min hat de skriuwer de lytsminsklike ferhâldings op sa'n nearzich kantoarke yn in lyts stedsje tekene. In tige goed, spannend fragmint fynt men bygelyks, as Selis mei Sara op 'e argyfsouder fan it kantoar omsneupt.
Dêrfoaroer binne de petearen faak stiif, optocht en ûnecht, en binne der yn it ferhaal nochal wat tsjinstridichheden (de ambisjeuze Sara, dy't twa jier mulo hat, mar ‘gjin komma Ingels’ ken). De taal is hjir en dêr wat oerspand idiomatysk (ivich en altyd wer: ‘hy soe him der gjin tarring oer sette’) en ek lang net sûnder wryt of slyt (‘hy helle djip siken’).
De grutte fout lykwols fan dizze roman (dêr't ik om begryplike reden in swak foar skipe haw: men moat jins geastlike neiteam net ferskoppe!) is syn ferkearde ekonomy. Abma hat, wol ik leauwe, sa'n protte hast lichaamlike nocht oan it skriuwen hân, dat er net wer ophâlde koe. Dit is in ferhaal fan ien lang twa breed. Gjin detail, gjin gedachte, gjin móóglikheid op in gedachte sels, wurdt jin besparre. Ien bledside is nedich ear't de beide maten witte oft se te kuierjen sille of net. Fjouwer siden brûkt de skriuwer om Selis