ferteltechnyk (direkt, lichaamlik belibjen, spanning yn it ynwindige, ienfâld fan sinbou), mar ek in grut ferskil yn kwaliteit.
Minder ‘ferhaal’-achtich, mar oan 'e oare kant fersterke troch in twingend en suggestyf eksposee fan it nije wrâldbyld yn takomstperspektyf, jout Miedema syn stik De stêd, in lêste oardiel (8ste jiergong, nûmer 1) net minder útdrukking oan syn bysûnder talint, likegoed in masterstik dat om my, oer de skym fan Rely hinne, in Gysbert Japikspriis hawwe mocht.
It liket my ta dat Miedema sa stadichoan in synteze berikt hat tusken in akseptabele ferhaaltechnyk en syn eksperimintisme. Syn Frysk koe gâns better, mar sels dêryn, woe'k hawwe, libbet earne it broaze fan dy nylonskonkjes.
Steven de Jong, dy't as folling fan it twadde nûmer fan jiergong 7 in ‘eksperiminteel toanielstik’ bydroegen hat ûnder de titel as it eilân omkeart, is sa fier noch net. Der komme knappe fynsten en effekten yn foar (bygelyks dat fan persoanen dy't oer harsels yn de tredde persoan prate en dus tagelyk har eigen fertellers binne), mar de symbolyk is my net earlik twingend en konkreet genôch en yn 'e opbou sitte swakke steeën. Lykwols soe men hoopje dat sa'n stik ris, mei muzyk en keunst en fleanwurk en al, op eksperimintele wize opfierd wurde koe. Wurk oan 'e winkel foar Fryske studinten.
Ek yn in oar opsicht komt Quatrebras nei gâns sykjen en taasten ta in soarte fan ienheid: dy tusken de literêre tekst en de typografyske en grafyske omballingen, dêr't iju as Josum Walstra, Hessel Miedema en Jerre Hakse foar riede, mei oanwinnend sukses, as je 't my freegje.
In trúk dy't it as blêdfolling tusken en om Miedema syn ferhaal de stêd tige goed docht, is it troch it ferhaal struien fan útroppen, sinnen, wurden, reklameteksten yn fjouwer, fiif talen, knipt út magazines en printsjekranten en krekt foar dit yn Quatrebras brûkt printprosedee tige geskikt, al moat soks ek wer net te fier dreaun wurde.
It is my ek net altyd dúdlik wêrom't tusken de gewoane Quatrebras-siden sa faak siden út âlde boeken, ensyklopedyen, wurdboeken, Ingelske romans ensafh. ynfoege wurde. Hâlde dy Quatrebras-jonges sa fan knippen en plakken? Is it om de meagerte oan ynspirearre bledsiden wei te slûkjen? Net nedich, tinkt my, en it ferliest ek al te maklik syn effekt fan ûnferwachtsheid.