in soarte fan ideaal-man - ek yn it lichaamlike: ‘syn skuon sitte sa rom, dat de teannen frij krijoanboartsje kinne’ (de humor is net fan de fynste). Hy hat teology studearre, mar is, troch in wat frjemde libbenswannel, gjin dominy wurden: as wy it goed begripe achte er himsels dêr te min ta, ek as kristen. Sa wurdt er dus direkteur fan in postkantoar, mar lykwols studearret er fierder yn de godstsjinstkunde.
Wêrom't dizze figuer te min foar dominy wie en wêrom't syn kristendom net doocht, wol my mar min dúdlik wurde, te minder as ik letter lês, dat syn Grutte Leafde foar de (ek al sa grutte) mefrou Steyn, direktrise fan in famkes-H.B.S., op 'e nûn rint - moreel stiet sij folle heger as by (wêrom dochs?), mar har kristendom is lang sa suver net as sines. En dat kin dus net.
Allegear noch bêst, mar alhiel in riedsel wurdt it my, wêrom't dyselde grutte mynhear Bakker, dy't noch altyd sljocht is op dy grutte direktrise, him no ynienen ‘ferleget’ ta it ienfâldige, deugdsume en wol ta syn tsjerke behearrende tsjinstfamke Frânske, - dêr't er amper of net fereale op is, mar dy't er ‘leafhawwe sil’ omdat men no ienris jins frou leafhawwe moat, neffens it gebod fan God... In nuvere basis om in houlik op te bouwen, tinkt my. Hawar, Frânske is der lokkich mei, al bliuwt it pynlik foar har Ambonnees...
Men kin jin yntinke dat net alle lêzers kontint binne mei de ôfrin wat Hillery Pontier oanbelanget. Se rint nei de fjirtich, is lang fan stal, mar oantreklik, nea fan in man tute, wart dan ek de taasterige soldaat ôf en achtet de kostgonger Boers, dy't slim sljucht op har is, te jong foar har. De sedige Hillery rekket foarby fan in man, sa liket it, al fynt se har wat minder deeglike suster Aly werom, in grut-sakefrou dy't net mei de heit fan har bern trouwe wold hat, en al wurdt har jierdei as troudei fan Bakker en Frânske en teffens as reüny fan de pensjongasten útkard. Op himsels al wat frjemd: it is krekt in jier lyn dat Hillery it pension oernaam. Yn dat iene jier spylje har alle erotyske wederwarichheden ôf en ferdwine tagelyk safolle pensjonbewenners dat der in reüny hâlden wurde kin... Dit hiele bock fan Gerrit Mulder hat wat frjemds oer him dat net maklik te omskriuwen is.
Wat Mulder mei syn ûngewoane titeljouwing foarhân hat, kin ik noch wol sa'n bytsje neifiele. It is méar as it grapke dat yn dizze foarm wolris heard wurdt. In steande frou allinne leit mear as In allinne steande frou de klam èn op it ‘steande’ (stân hâldende) èn op it ‘allinne’. Hy hat dêr moai wis it heroyske en it tragyske yn it libben fan Hillery Pontier mei útbyldzje en beklamme wollen.