Dat op himsels no wol ik net feroardielje. Ommers: de gewoane, normale trochsneedminske is foar in skriuwer mar al te faak ûnbelangryk, ferfelend, ûnattraktyf. En de poarsje demony is yn it minskebestean fakentiden grutter as it oan 'e oerflakte liket. Mar in demoanyske skôging op it libben sil boppe-al fisy hawwe moatte, en it is nei myn betinken de skriuwster net slagge en meitsje sok in ferdoarnens oannimlik troch in eftergrûn fan fisy. Se docht it tefolle per manierke, neffens resept en program. Se hat gjin kâns sjoen al dy ôfwikingen en tipelsinnichheden sielkundich rjocht te dwaan en sa in grut stik libben te skeppen. De glâns fan echtens ûntbrekt deroan, it bliuwt in oanrin, in konsepsje, in soarte fan technysk stramyn, dat oeral swakke steden fertoant.
Dizze minsken binne net fan fleis en bloed, der ûntstiet ûnder skriuwsters hastige hannen in net mear benei te kommen gribus fan detaillistyske gefoelens, opstigings en oertinkings en tsjinstellings binnen it koartste bestek. Op ien bledside wikselje de gefoelens oanienwei fan it iene uterste nei it oare. Men moat bygelyks de bledsiden 87/88 en 151 ris mei sin bestudearje.
Begryp my goed, ik haw gjin beswier tsjin it beskriuwen fan perversiteiten as sadanich. Mar se moatte dochs altyd de suggestje fan wierhaftigens hawwe - òf se moatte har plak fine yn in mytologyskbarbaarske wrâld, dy't syn wearde en syn betsjutting yn himsels fynt, in eigenskepen skriuwerswrâld fol demony en ferskrikking.
Gjinien fan beiden is hjir it gefal, en Ek in minske bliuwt op healwei stykjen tusken twa skôgingen, tusken realiteit en suvere ûnwurklikheid.
Twa problemen hawwe Ypk fan der Fear yn dit boek dwaande hâlden, of miskien trije. Alderearst is dêr it libbensferhaal fan Kobe, de faam fan heal-aadlik komôf, dy't in útsûnderingsposysje ynnimt yn de minskewrâld, meidat se (it wurdt pas oan 'e ein mei safolle wurden sein, mar de lêzer rûkt it at milen fier oankommen en it is dus gjin ferrassing, lit stean in ferklearring) in bochel hat.
Al yn myn foarige skôging oer Ypk fan der Fear haw ik my ôffrege wêrom't yn har boeken sa faak miswoeksen froulju foarkomme. Is it in soarte fan idée fixe? Yn dit boek dan hat se sa'n frou ta haadpersoan makke, ta ik-figuer sels, en dêrby in eksposee jûn fan alle fernederingen, alle ellinde en geastlike miswoeksenens dy't mei soks anneks binne of wêze kinne.
Mar dizze Kobe (har epiteton ‘sleau’ bliuwt in tsjuster gefal, want as Kobe ien ding nèt is, dan is it ‘sleau’) is ‘ek in minske’ en wol in frou, en oan 'e ein, as se neffens myn berekkening al aardich nei de fyftich rint, ferwachtet se in bern en hopet se dêr it skaai fan it âlde Slot mei fuort te setten.