Dêr komt by, dat it ferhaal yn ûnderskate opsichten ûnwierskynlikheden fertoant. Ferhaaltechnysk is der bygelyks dit, dat Reimer de Hjerst Boukje gâns dingen fertelt as hied er der sels by west, dingen dêr't er lykwols ûnmooglik by wêze kind hat. No kin men sizze: hy lit syn fantasij wurkje. Mar kyndat hie dan hjir of dêr earne út bliken dwaan moatten.
Ek de libbensskiednis fan Reimer syn âlden is my ûnwêzenlik genôch om alhiel te befredigjen. Syn mem is de bûtenechtlike dochter fan in dominy (letter professor) en in tsjinstfaam (toemar..., en it bliuwt ferhoalen ek noch, yn dat froede Gasterlân fan 75 jier lyn!). Reimer sels is boppedat de soan fan dy oerwûne mem en in seeman dy't noait mei har troud is, dus eins is hysels ek in oerwinneling. Wis, der barre yn it libben nuvere dingen, Mulder seit it sels ek earne, méar nuvere dingen as yn romans... Mar dit is in roman, miskien justjes te dúdlik in roman...
Unwierskynlik is ek, dat de jonge Reimer, sûnder it te witten fereale op syn eigen muoike (jongere healsuster fan syn mem, út in wettich houlik fan de heit-dominy), fan nimmen ynljochte wurdt oer dy frjemde situaasje, net fan de faam yn kwestje, ek net fan de gelearde mem, dy't noch doktor yn 'e skiednis wurdt. Unwierskynlik en àl te tafallich is ek, dat oan 'e ein de skoalmaster fan it doarp dêr't Reimer him nei wenjen set hat, mei wa't er tige befreone is, nimmen oars blykt te wêzen as syn eigen (heal)broer. Men freget jin ôf: wist Reimer dan dy skoalmaster syn namme net? It bringt jin op 'e ûntdekking dat yn dit boek, behalve de beide haadpersoanen mei har symboalyske nammen, nimmen in ‘fan’ hat. Boppe-al ûnwierskynlik is, dat Reimer syn jonge omke Johannes, mei wa't er as jongfeint in soad op en út giet en dy't at jong op 'e ferkearde wei en sels yn 'e finzenis rekket, lykwols talitten wurdt ta it korps fan de resjerzje! Ik hie altyd tocht dat dêr op syn minst in blanko strafregister foar nedich wie.
Beswieren binne der wol mear. Ik wol wol tajaan, dat ik sels by twadde lêzing noch lijen hie om de à la Ypk fan der Fear sa betiisde famyljeferhâldings yn it each te hâlden. Sûnder help fan in eigenmakke stambeamke woe it net slagje. Psychologysk wit ik fierder gjin wei mei de figuer fan it famke Cor de Rijcke, de betsjoenend moaie liedster fan in frijwat ûndúdlik slûkerskomplot, dat har libben betteret, ek troch in houlik mei de sloppe en wifsinnige Johannes, en har heil siket yn 'e muzyk. De muzyk dêr't, men fielt it mei de klompen oan, skriuwer Mulder net it aldermeaste bestek op hat.