almeast klisjeefigueren, sûnder sielkundige ferdjipping, net fan binnenút belibbe, mar fan bûtenút waarnommen.
It bliuwt allegear oan 'e oerflakte, ferteld yn in taal dy't selden byldzjend, meastal droech en toar en flak is en soms ûntaardet yn gejeuzel oer dingen fan neat.
‘Twa oere yn 'e nacht. Hindrik tikket by Jan op de glêzen. Der bart neat. Hindrik tikket lûder. It bliuwt stil. Hindrik slacht mei de fûst op de finsters. De ramen rinkinke benaud. It hat fertuten dien. Jan ropt: “Slach de glêzen der net út!” en Hindrik raast: “Kom do der dan út!” - “Ik bin ûnderweis,” seit Jan, en efkes letter dêr is er, slûch en ûngedien.’ Mear as sljochtweihinne skoaljongesopstelpraat is soks net, der sit gjin piid yn, it is humorleas ferteld.
Guodkeap swart-wyt en sûnder ferdjipping is de ferhâlding skildere tusken de wylde, frije doarpsbefolking en de fjildwachter Heegstra, dy't suver net boppe it peil fan de âlderwetske jongesboeken à la Pietje Bell útkomt, folslein klisjee, dizze man, dy't sûnder ek mar wat goeds yn him te hawwen ûnreedlik-formalistysk en gemien de befolking tritrottet. Hiet dy fjildwachter út Dik Trom net Flipse? Dêr koe men teminsten noch om laitsje. Om Heegstra net iens.
Dêr komt by, dat it boek ek as komposysje in slopankelich gehiel is, sûnder dominearjende haadpersoan(en), sûnder folle gearhing, sûnder in alles-behearskjend sintraal barren. Wat in hichtepunt wêze kind hie, bliuwt yn it sketsmjittige en fragmintaryske en àl te smout fertellen stykjen. Ik bedoel it drama fan de modderskipper Foppe, dy't sûnder opsetsin in moard begiet oan de man dy't syn guodlike sokses fan in broer Sytse wiif en bern, húsrie en jild ûntnadere hat. Foppe, syn ried te'nein (alteast dat soe men tinke yn sa'n gefal, mar de skriuwer lit it ús net fiele), bringt it lyk ferskûl ûnder in bedstee om it letter foargoed lâns de wei fan de modderpream te bedobjen. Dat luguber, tragi-komysk barren wurdt nochterenwei ferteld, sûnder gefoel foar de minsklike demony dy't, liket my ta, mei it weistopjen fan in minsklik lyk mank gean moat. It is yn it gehiel mar in behyplik triedsje en it ferhaal kriget alhiel gjin ferfolch: it liket as hat gjin minske yn hiele Nederlân ea dy fermoarde man mist...
Dit soarte fan dramatyske konflikten en psychologyske spanningen hat Hein Faber ek yn kompositoarysk opsicht net treast west. Syn haadstik oer de died fan Foppe ûnderbrekt er troch in oar haadstik, dat minstens fjirtjin dagen beslacht. Wer by Foppe be-