wink jout om it yn Kanada as emigrant-boerefeint nochris te besykjen. Hidde giet nei Kanada, sûnder folle yllúzjes en nei noch in kear omdôch besocht te hawwen it mei syn faam by te lizzen. Hy set it ûnbekende temjitte en sil dêrjinsen faaks in feilige haven ynsile.
Te min romte. Yn 'e earste pleats oangeande it Yndonesiëprobleem. Akkerman makket dêr net folle fan, it bliuwt beheind ta wat algemienheden oer de ellindige oarloch, oer deadsgefaar, oer wraakgefoelens tsjinoer de brune knapen dêre. Fansels hie it net nedich west dat Akkerman de ienfâldige bakkersfeint Hidde it seedlik en maatskiplik en polityk probleem Yndonesië oplosse liet. Mar de foarstelling fan saken is dochs ek wol wat al te keal, te meager.
Typearjend is bygelyks dat de namme Sukarno (de namme dy't destiids dochs elke Yndonesië-gonger foaroan yn 'e mûle lei) net yn it boek foarkomt. Der is op 'e eftergrûn sels net in primityf begjin fan polityk tinken, en soks achtsje ik dochs einliks ûnwier, yn 'e sin fan: ûnwurklik.
Boppedat hat Akkerman him leau ik fersjoen op 'e medyske kant fan syn probleem. Hidde is eins gewoan oerspand troch wat er trochstien hat. Gâns lju bemoeie har dermei: âlden, freonen, ferloofde, wurkjouwer, sels de húsdokter, dy't him twaris in spuitsje jaan moat. It nuvere is lykwols, dat nimmen, sels de dokter net, op it idee komt dat dit winliken in (en wierskynlik ek noch in frij ienfâldich) gefal foar de psychiater is. It sit by Hidde fêst op it feit dat er dêrjinsen, by represailles foar it fermoardzjen fan Nederlânske militêren, lid west hat fan in eksekúsje-peloton en op ûnskuldige kriichsfinzenen sjitte moatten hat. Hy hat sketten op in meiminske.
Dit punt, dêr't Hidde syn tinken en syn dreamen iderkear hinne wize, dit punt hie, liket my ta, makliker troch in psychiater op te lossen west as troch de ûnwisse help fan it lân Kanada. Dit net sjoen, der sels net oan tocht te hawwen, achtsje ik in slimme fout fan de skriuwer.
It tredde ‘romteprobleem’ hat mei de foarm fan it boek te krijen. It hie, tinkt my, foar de hân lein, dat sintraal punt yn Hidde syn swierrichheden: it eksekúsje-peloton, mear klam en reliëf te jaan troch it bygelyks yn de foarm fan in flash-back belibje te litten: in tebekskowen fan it ferhaal nei dat krusiaal punt yn it ferline. De skriuwer hat dat net oandoarst, - en sok in beskiedenheid stiet him te priizgjen, mar hat ek ta gefolch, dat it by in tige summiere en