dat men, lykas syn skilderwurk, ekspresjonistysk neame mei. En psychologysk, dat mei ek sein wurde, hat er him der net sa guodkeap ôfmakke as yn dat eardere boek.
Gods terskflier is it tryst ferslach fan it mislearre houlik tusken de keunstskilder Hedzer Sybranda en syn frou Rixt Gjaltema, hy in sletten, net botte ûnôfhinklik man, dy't slimme earnst mei de religy makket, dy't ferlet hat fan ferealing en tearens; sij in wat skerpe, fitse en bittere frou dy't him dat wat er winsket net jaan kin. In pear kear wurdt yn dit boek sein dat Rixt ‘him altyd yn 'e kjeld stean litten hat’. Hòkker kjeld, dat is net rjocht dúdlik. Erotyske kjeld, dat wol ús, sjoen Rixt har aard, net oan. Dus: geastlike kjeld, moai wis.
Al hawwe se twa bern, se reitsje hieltyd fierder fan inoar ôf en meitsje elkoar it libben soer. Net allinne dat Rixt, ûnder ynfloed fan in frij wat karikaturaal úttekene buorfrou, juffer Van Hees, fan it leauwe ôfrekket, mar der binne mear dingen dêr't se net yn lykfine kinne. De skriuwer hat wol tige war dien dat religieus motyf mei in soad klam en omhaal fan wurden nei foaren te skowen, ik leau lykwols dat it wêzenlike konflikt earne oars leit: te min ynteresse by Rixt foar har man syn wurk, te min ferearing, te folle krityk, se is him net ta in ‘stipe’, se is te selsstannich, te ûnôfhinklik, se wijt har net yn oandwaanlike selsopoffering oan har Man-De-Keunstner.
Op side nei side wurdt dizze trageedzje út 'e doeken dien. Beide ferfalle ta ûntrou, hy earst, dan sy, dan hy wer, dan sy wer. Hy wurdt wat swietich en skoaljongeseftich fereale op in ljochthierrige âld-learlinge, Frouck, dy't foar him it Froulik Ideaal fertsjintwurdiget en oan wa't er him almar sterker en needlottiger ferbûn fielt. Se witte har, sa't dat hjit, rein te be war jen, mar mei lijen, sa goed as, en dat allinne omdat Frouck noch net ta it uterste gean wol. Mar Hedzer hat foar syn gewisse Gods wetten fertrape en dat makket dat er him opfret fan wanhoop en skuldgefoel. Hy wurdt meager en griis fan ellinde.
Rixt siket har treast by in Frysk dichter (se skriuwt sels ek fersen), in Tsjip van der Zee, dy't as persoan op gjin stikken nei út 'e ferve komt, en dy't har, om hokker reden dan ek, gjin bliuwende ferhâlding jout. De echtskieding is yn 't sicht, mar as Rixt (dy't dus sels ek net alhiel skjin op 'e ribben is) troch in stom tafal Hedzer syn ûntrou op it spoar komt, wegeret se meiwurking en rekket de saak oan 't sloeren, wylst Hedzer him mei syn ‘famke’, lykas dat berneftich hjit, iderkear djipper yn 'e nederklits arbeidet: