Smit nei myn betinken yn syn koartere stikken, dy't driuwe op in absurde tins en op in lichte, yntelliginte irony, soms op 'e grins fan de satire. Yn dit soarte fynt men masterstikjes dy't lyksoartich wurk fan Belcampo nei oankomme: de fabel fan de túnslang, de fabel fan de wjirm en de fisk, it fyngefoelige Mingd berjocht, ferhaal fan in lyts jonkje dat oan syn ein komt, meidat er in mieltsje docht op 'e triedden fan de heechspanning. En dan dat moai ferhaal De bêdkwast, dat driuwt op in geniale fynst, mar dat yn it begjin, spitich genôch, wat jeuzelich is.
De yntelliginsje dêr't Smit mei ta syn objekten komt, wurdt hjir en dêr wolris wat kopswier, wat redenearderich. Nim dat lêste ferhaal, Brief, dat gjin ferhaal wurde wol: te min barren, tefolle redendielen. In man docht per brief ferslach fan syn bekearing ta it katolisisme. Religieus en teologysk komt der net folle út. De man dreamt fan in moard dy't er miskien al en wierskynlik nèt begien hat (it bekende motyf fan de oerskuld) en hy dreamt noch in dream, dêr't in ‘Baas’ yn foarkomt, de direkteur fan in skoalle, mar ‘fuortdaalk wist ik dat de Baas net de âlde Van Willigen wie, mar God’. Sa simpel leit leau 'k de saak fan in bekearing net: dy freget yn alle gefallen mear dramatyske spanning as hjir jûn wurdt.
Smit hat in skerp en gefoelich each foar de lytse dingen fan 'e wurklikheid en foar de humor dêryn, hy is op dit punt, soe men sizze kinne, suver ‘heldersjende’. Mar dy realiteit is foar him gjin fêstige en itige grutheid. Sadwaande grypt er soms nei de útflecht fan de aktualiteit.
Dy aktualiteit is bytiden raak keazen, lykas yn dat prachtferhaal oer de ymmorele en tapiten-frettende swarte ka, dy't by de skriuwer oanfleanen komt krekt op 30 april, dat is de dei dat Adolf Hitier (‘der Tapetenfresser’, neffens it bekend ferhaal) yn syn Berlynse bunker in ein oan syn ymmoreel libben makke.
Soms binne dy útflechten nei de aktualiteit minder oertsjûgjend, wat te partikulier, sis mar. Sa, as it giet oer de Gysbert Japikspriis, oer it Bûn fan Fryske Keunstners, oer de Fryske beweging - behalve dan yn dat moai gekke ferhaal It komplot, oer in jonge Frysk-nasjonalist dy't yn Den Haach frjemde ûnderfinings opdocht.
Flau en al te maklik is Detective-story; oer in Frysk skriuwer, dy't troch in eardere flam fan sines fermoarde wurdt mei in bosk skerppuntige potleaden. In kolderferhaal dat syn (filosofyske of psychologyske) pointe mar min priisjaan wol. Soms ferjit Jo Smit