koar tabûgjen, in gearbinen en gearfallen fan gâns útienrinnende triedden yn de figuer fan de haadpersoan, de frou Swopkje Rosier, dy't har eigen libbensferhaal fertelt, dat op allerhande, faak geheimsinnige wizen ferbûn is oan in grutte famyljerûnte.
Ypk fan der Fear beskriuwt dy famyljerûnte weromsjend út de tink- en libbenswrâld fan har haadpersoan as âldere frou. Se beskriuwt hoe't al dy sibben, mei har útienrinnende eigenskippen, nuverichheden en ôfwikingen, de deaden net minder as de libbenen, beskiedend west hawwe foar it ta in hichte tragysk libbensferrin fan Swopkje Rosier.
Se docht dat net systematysk, earder frij wat ûnoersichtlik, en dat mei as utering fan ‘typysk froulike’ sjenswize syn bekoaring hawwe, it wurket op 'e lêzer nochal betiizjend, as men bygelyks iderkear wer persoanen moetet dy't men al lang dea of ôfhannele tocht. Dat makket it lêzen fan dit boek der net makliker op, faak is it in bloedigen kerwei om al dy paken en beppen, omkes en muoikes út elkoar te hâlden. Mar it is dochs leau ik wol dúdlik wat de skriuwster hjirmei foarhat: it ferline opspoare, benammen yn syn mannichfâldige gearstalde relaasjes mei famyljelju, om út dat ferline it hjoed ôf te lieden, te ferklearjen en te ferantwurdzjen, ek yn it religieuze.
Myn betinken is lykwols, dat dat stribjen de skriuwster mar foar in part slagge is. Dat komt foaral hjirfan, dat se tefolle materiaal gearsleept, it ferline sa wiidweidich en yn bysûnderheden syn gerak jaan wollen hat, dat de lêzer der maklik yn op 'e doele rekket en dat it ‘bewiis’, troch tefolle bewiismateriaal, syn jildichheid ferliest. It hie better mei wat minder takinnen. Yn dy monumintale en earbied ôftwingende follefâldichheid ferslopje gâns linen en triedden dy't troch it boek spand binne, fersloppet benammen de religieuze tried dy't der troch rint.
Wy folgje Swopkje Rosier op har libbenspaad. Wy sjogge har uterlik belibjen: hoe't se nei in net maklike jeugd heal tsjin 't sin trout mei in neef fan harres, in ûnbetsjuttend skoalmaster, dy't jild fertsjusteret. Wy sjogge hoe't Swopkje yn 'e tiid dat har man yn 'e finzenis sit, leafde opfettet foar in oare man, de wat grutwrâldske ideaal-man Joan Kelk. Hoe't se mei dy nije man nei Amearika giet, nei in echtskieding fan Oege, en mei him trout. Hoe't se mem wurdt fan in frjemd bern, hoe't se har mei lijen oan it Amerikaanske libbenspatroan oanpast, hoe't har leafde foar Joan bedrige wurdt troch wat se mient syn ûntrou te wêzen. Hoe't Joan op it lêst, yn 'e oarloch, nei Europa giet en as strider falt.
Dan set Swopkje, dy't dochs by einsluten oertsjûge wie fan de