Mar soms is syn fantasij my wat te wyld, te min trochtocht en behearske. Dat makket fan in nei sfear en psychology sa knap begjinnend ferhaal as De demon yn 'e spylseale op healwei in nochal drakerich gefal, him ferliezend yn ûndúdlikheid. Jonkman weaget fan it trijetal it measte, grypt it heechste, mar falt ek it djipste, as it him mislearret. Dan moat er him yn melodramatyk sjen te rêden.
Sa besiket er yn Nacht op Teakesyl in stik wrâldproblematyk neieroan te kommen, dat him boppe de meuch liket te gean. Hy lit hjiryn op in ferlitten Joadsk tsjerkhôf - op himsels in nijsgjirrich dekôr - mids in tige romantysk-mystike grouwel-atmosfear, in petear hâlde tusken in âld-SS-er en in Joad. De earste docht yn spoekestal belidenis fan skuld tsjinoer de twadde, dy't lykwols koppich mei syn minym stikje éigen skuld oandragen komt. Sa't liket wol Jonkman hjir de duldsumens en de tragyk fan it Joadske folk útbyldzje. Mar it petear sels glydt him tusken de hannen troch, it docht forsearre en ûnecht oan, it is kâld maakwurk.
De ferhalen fan Marten Sikkema binne foarsichtiger, evenrediger, flakker. Se hawwe yn oanlis gauris wat keunstmjittichs en dêrtroch stiet hy noch it tichtst by de moderne short story-technyk, ek meidat syn ferhalen faak konstruearre binne om ûnbelangrike, net by de namme neamde persoanen (kantoarmantsjes, winkelfammen, hannelsreizgers).
Saaklikheid en bûnichheid geane lykop mei understatement: fijannichheid tsjin grutte wurden, brûken fan ‘lytser’ wurden as de saak freget. Dat makket fan syn gearkrongen ferhaal PP 131153 in masterstikje. Yn mar trije siden - it koartste stik út 'e bondel - wit Sikkema mei de soberste middels in maksimum oan spanning en ladenens op te roppen. Sûnder ynlieding pleatse syn bêste ferhalen ús daliks midden yn in situaasje, dêr't de persoanen mei dreameftige helderheid finzen set wurde yn in needlotsrûnte, om der nea wer út te kommen.
Mar as Sikkema it him mear oan tiid docht en him ynlit mei mear ‘normale’ foarmen fan spoekerij troch ferstoarne minsken, dan driuwt er te maklik op skriuwersrûtine, jout er him te folle oer oan sfearbeskriuwing en moat er foar de oplossing syn taflecht nimme ta tafallichheden (moetingen, brieven), dy't wierskynlikheden binne, mar krekt yn in mystearjeferhaal ûnwierskynlikheden wurde. Yn guon fan syn langere ferhalen nimt de oplossing fan de saak in tè grut plak yn.
De lichte toets fine wy benammen yn inkelde ferhalen fan Ype Poortinga. Veronica ropt is in story dy't mei De Kweade nochal