objektyf sjoene en foar in part fantasearre romanferhaal. De roman bliuwt foar harren altyd in klaad, in steurende omklaaiing, in ferhoalen hâlden, en dêrom ûntarikkend.
It liket my ta, dat de romanskriuwer yn Cuperus altyd de skriuwer-puer yn 'e wei stien hat. Sok in ynwindich konflikt hat er earst opromje kinnen troch folslein himsels te wêzen, troch eigen libben en groei ta grûnslach te nimmen, troch in autobiografy te skriuwen of memoires, tinkskriften, hoe't men it mar neame wol. En yn dit boek hat er dan ek syn sterkste libbensferfolling fûn, is er ta de kearn fan syn eigen wêzen kommen en hat er it bêste jûn wat er te jaan hat. Dit boek is sadwaande mear as in roman wurden.
Net alle romantechnyske middels hat Cuperus lykwols ôfstân fan dien. Syn haadpersoan hjit net ‘ik’, mar Bouke Blijstra. Mar dêr is it net minder om: dy lêste ‘objektiviteit’ is as minimum noch krekt needsaaklik en as útdrukkingsmiddel ûnmisber. Faaks is der méar yn dit boek dat fantasearre of optocht is, of yn alle gefallen net grûndearre op persoanlik wjerfarren.
Ik wiis bygelyks op dat prachtich ferhaal fan it skeel tusken Bouke syn âlden en harren buorman-hûseigener, yn 'e tiid dat Bouke noch net of krekt berne is, en dat dus út famylje-oerlevering fuortkomme moat, mar dat lykwols yn it gehiel in folslein autentike yndruk makket.
Yn dit boek hat Cuperus foar it earst alhiel himsels wêze kinnen, ek yn de sobere, mar faak kostlike en nearne op uterlik effekt berekkene humor dy't him eigen is. De humor dy't wurket as tsjinelemint tsjinoer it ferslach fan sosjale ellinde, earmoede en geastlike ûnderdrukking dat dit libbensrelaas jout. Yn tastânen dy't wy ús no, sechstich-santich jier letter, amper mear foarstelle kinne, groeide en bloeide it minsklik libben mei syn humor, syn lytse freugden.
Cuperus syn boek is folle mear as in sombere, tryste kronyk. It makket ús dúdlik, dat sels middenmank de swartste wurklikheid it libben hearrich is oan syn eigen wûnderlike wetten. En dat allegear makket fan dit boek in minsklik dokumint fan de earste oarder.
Wylst stadichoan it besef wekker waard dat ek de arbeider rjocht hie op in minskweardich bestean, sjogge wy yn dit boek in jonge man opgroeien dy't yn syn fermidden en troch syn aard wat fan de ‘rebel’ yn him hie, ien dy't derút kipte by de grutte mannichte troch jeften fan gefoel en ferstân, ien dy't somtiden nuvere dingen