maatskiplike tastân en as sadanich mear gefolgen as oarsaken, mear bysaken as kearn fan de saak.
Dat binne dan: 1. it byleauwe, dat yn Wierum hommels de kop opstekt, wylst it yn dy tiid krekt oeral oan it kwinen rekke. 2. de rabberij, dy't sûnder neiere ferklearring yn dit ferhaal rampsillige gefolgen hat; 3. dranksucht, dy't yn dy dagen wier net allinne Wierum slim teistere hat; 4. merke-oerdwealskens dêr't men ek al net fan oannimme kin dat er krekt yn dy dagen sa slim oanwûn; 5. yntrou, dy't it slachte siik en swak makket en net mear bestand tsjin folkssykten. Fan dy yntrou makket Brouwer net folle wurk. Hy leit der wol tige de klam op, mar ferjit dit motyf yn syn dramatysk ferhaal stal te jaan.
Al dy folkssûnden, dêr wol de skriuwer op út, binne yn it Wierum fan de jierren njoggentich ynslûpt en bestiene fan te foaren net. En sa kriget it foarhinne blykber fromme en dimmene doarp ynienen it oansjen fan in Sodom en Gomorra en kringt sels de ‘antykrist’ it froede plak binnen. Brouwer skrillet der dan ek net foar tebek de sûndichheid yn de swartste bewurdingen te skilderjen. Sjoch hjir de Wierumer merke, op 'e tredde jûn, dy foar de trouden noch wol:
‘Yn 'e platte jachtweide, yn in stadichoan broeiende hjitte dy't oaren wurch makket, liket it wol as wurde hja feller en wylder! Hja sûpe, dûnsje en goverje mei frjemde gebearten en gjalpen. De toffels tikje yn razende mjitte op 'e flier, de wide rokken fan de froulju swaaie en warrelje omheech en omleech, de muzyk jaget harren noch mear op oant hja yn in benei kranksinnige oerjefte alles ferjitte dat harren bynt oan 'e wrâld.
As de muzyk ophâldt, falle hja del op 'e stuollen, guon hingje op en om elkoar hinne, folslein ien yn dizze helske symfony.’
Sa'n beskriuwing, dêr't us rock 'n roll in sêftsiden bernespultsje by is, dat giet by my oer de skreef, jout in karikatuer, in ferfalske byld fan in ortodokse, doe al foar in part grifformearde doarpsmienskip. Dit is in wurkjen mei grouwélige effekten dat men yn in moderne roman net mear ferwachte hie.
Ik nim fuortdaliks oan dat it mei it seedlik hâlden en dragen fan de Wierumers wolris gjin sprekken lije koe, dat rabberij, dronkenskip, skynfrommens en in poarsje ûndeugden mear harren net frjemd wiene, mar ik wegerje oan te nimmen dat soks yn Wierum sokke útsûnderlike foarmen oannommen hat.
En fierder hat Brouwer him der mei soarch fan ûnthâlden ús fergelikingsmateriaal te jaan. Hy praat oer Wierum en neat oars as Wierum, en ek yn dat stik binne de kimen fan it boek te ticht. Yn