moed en fergonklikheid. Jonker Gemme syn iensumheid en brek oan libbensmoed binne te ferklearjen út de wurgens fan de dekadinsje. Dêrfoaroer fertsjintwurdiget, soe men sizze kinne, de boargerjonge Jurrit Jongema de ienfâldige doarpsminske, waans soargen en swierrichheden gâns oars lizze, mar yn wêzen likegoed op in te min oan libbensmoed delkomme.
Winkelmanssoan út in lyts, stiif-ortodoks Klaaidoarp, tsjocht Jurrit op in dei, dreaun fan in dizich ûnrêstfielen en in driuw nei it lân efter de kym, op aventoer syn doarp út. Hy belânet net yn Australië of Afghanistan, mar sljochtwei yn ‘Abbingawâld’, dêr't it libben wat ferheftiger en waarmer brûst, wat wrâldsker en dryster as op 'e stive Klaai, en dêr't de rjochtsinnige jongfeint sels de merkeferliedingen gjin treast is.
Hy kriget in túnmansbaantsje op it slot Galamahûs en belibbet in hearlike simmer troch syn romantyske leafdesidylle mei de moaie, mar ryklik op it skerp fan har Mormoan-wêzen steande Eva Dykman. In idylle dy't syn hichtepunt kriget by it túnfeest op Galamahûs en dy't syn ein fynt, as Jurrit yn 'e hjerst wer op hûs ta set. Jurrit doar it net oan mei Eva: Amearika mei syn Salt Lake City, dêr't se him mei hinne ha wol, laket him net oan, en it strange, mar tagelyk wrâldske leauwe fan har folk - der wurdt yn tsjerke dûnse! - en de swiere, suver skriklike eed dy't dat leauwe fan him easkje soe, lykje him nei fleanen. Boppedat sette syn heit, âlderling fan de grutte tsjerke, en de dominy him noch al ûnder presje.
Brek oan libbensmoed, sûnder mis, al is it neffens de boargerlike mjitte ek ferstânich. Lykas Jonker Gemme net by steat is en fjochtsje tsjin de ferfeling en foàr de sin fan it libben, sa is Jurrit ûnmachtich te fjochtsjen foar syn leafde en tsjin de omstannichheden dy't dy leafde yn 'e wei steane.
Botte dúdlik is net wat Van der Schaaf mei dizze Jurrit foarhat. Sjocht er syn hâlding yndied as sloppens en healens, of fynt er dat in ferstânich rjochtsinnich jongfeint syn hannen better út dat Mormoansk holdersnêst weihâlde kin? De skriuwer lit it sawat yn 'e midden.
Mar krekt dêrtroch jout er de skyn as hâldt er it op 'e lêste ferklearring: in ôfwizen fan de romantyk, fan de dryste sprong yn it tsjuster. In kapitulaasje dus foar de stadige, ferfeelsume doarpswiisheden, foar de fêstige tradysje en foar de seedlike oermacht fan dominy en âlderling. Mar... net foar de krêft fan it eigen leauwe!