it dichterskip erflik is, moat betwivele wurde, en de poëzij fan Koornstra, yn it Hollânsk, is syn sterkste kant net.
It liket my ta, Mulder hat syn ûndertitel keazen om Koornstra min of mear oan de Fryske kultuer-histoarje fêst te knotsjen, mar oft dêr reden ta is? Grif is der gjin bewiis dat de man syn sosjaal striderskip wat te krijen hat mei de sosjale ellinde dêr't neffens syn biografen Salverda oan lit hat, al skriuwt Mulder ta ynlieding ek in tryst ferslachje fan de earmoede en fersmoarging dêr't de Wûnser dichter yn ferstoar.
Dus: wa wie Metten Koornstra? Berne yn 1852 as soan fan in Koudumer winkelman-slachter, wurdt er as jonge al oangrypt fan it Réveil, it wer oplibjen fan de rjochtsinnige godstsjinstsin dat yn 'e midden fan de foarige ieu ek yn Fryslân te finen is. As soldaat rekket er yn 'e kunde mei it probleem fan de geastlik-seedlike soarch foar de militêren, en dat probleem hat him syn libben lang net wer loslitten, is him ta in ropping wurden.
Dêrby hied er in tige sterk en yn dy dagen by syn soarte fan lju seldsum fielen foar sosjale rjochtfeardichheid. Sa waard er oan 'e iene kant in striidber ortodoks kristen, in man dy't it djip tinken wie mei it leauwe, - oan 'e oare kant in sosjaal strider, in sosjalist, sis mar, hy waard nammers ek lid fan de S.D.A.P.
En dy dûbelde gesindheid fynt har symboalyske útdrukking yn de titel fan dit boek: Agur en de twa portretten. Agur is in bibelske figuer yn waans bea de wurden foarkomme: ‘earmoed en rykdom jou my net, fied my mei it brea fan myn beskieden diel’. En de twa portretten binne dat fan Abraham Kuyper en dat fan Troelstra, dy't by him oan 'e muorre hongen en dy't er omkearde as ien fan beide hearen (of somtiden beide tagelyk) wat útheefd hie dat him, Koornstra, net noaske. By de Spoarstaking bygelyks moast earst Troelstra omkeard wurde, mar efkes letter waard Kuyper de skuldige.
Dizze yn 'e doetiidske ferhâldingen seldsume kombinaasje hat Koornstra yn it libben foar ûnnoflike situaasjes pleatst: hy wie ‘fyn’ en ‘read’ tagelyk. Hy wie dêrby in koppige, stive Fries, dy't him net foege yn 'e foarskriften fan de heger-pleatsten, as hy miende dat dy it mis hiene. Hy wie in fêsthâldende stridersnatuer, wa't tsjinwurking en fertriet net besparre bleaun binne. De nije opfiedingswize dy't er bygelyks tapaste yn it weeshûs fan Den Briel en dy't de bern ferlosse moast fan izeren tucht en publike diskriminaasje, foel der by de benypte boargerbestjoerders net yn, en