se net fan kjeltme befongen en ferlamme? En is it wol wis dat it oars rûn wie, bywannear't it har eigen bern west hie?
De oare ferhalen binne net fan dy kwaliteit. Benammen sjit Boukje Fokkema tekoart, as se bûten it Fryske plattelânsfermidden komt. Se ferfalt dan ta in wat drakerige guodkeapens, lykas yn Myn heit, de stoarje fan in bûtenhouliks berne dochter fan in skilderes en in muzikus.
De heit, in romantysk artyst, ek al wer sa'n figuer mei net te bedimjen swalkersbloed, giet by de frou wei, sij stjert en it famke wurdt, mei har oantinkens oan in lokkige iere jonkheid, grutbrocht yn it sombere, tryste grêftehûs fan in âld omke en muoike. Op 't lêst brekt se der út en slagget oan in krantebaan. Op in kongres moetet se dan in âldere man, waans eagen hja weromken fan ien fan har memme skilderijen. It bloed sprekt en heit en dochter binne feriene. Dy heit, in grut fioelist, dy't sà prachtich spilet dat de lju gûle moatte en soms oan it dûnsjen slane(!), en dy't mei syn frou praat oer skilderijen, boeken en fersen, dy heit is in artyst út in boekje, neffens de standerdisearre foarstelling dy't de tuskenbeidene boarger him graach fan in keunstner makket.
It is dúdlik, dat Boukje Fokkema yn dat artystelân frjemd is, dat dy wrâld har oanwaaid is út in beskaat soarte lektuer. Dêrby binne har manljusfigueren eins ien foar oar sa likernôch fan itselde slach: romantyske, sloppe, mar yn har guodlike karakterswakkens dochs wol sympatike sikers en swalkers.
Dat docht ek ôfbrek oan it lêste ferhaal, Direktrise, de skiednis fan in leafde tusken de direktrise fan in tehûs foar ûnmaatskiplike fammen en, al wer, sa'n goedhinnige, mar ûngelokkige swabber, dy't se nei jierren fan skieding wer moetet, as by mei in gefaarlik wiif troud is. De swakke karaktertekening ferswakket ek it ferhaal as gehiel.
Skriuwers fan koarte ferhalen wurde maklik ta leginde, as se har produkten rêste litte yn 'e ferjitnis fan blêd en tydskrift, en net ta aparte bondeling oergeane. Dat men moat bliid wêze, dat dizze fan talint en earnstich stribjen tsjûgjende ferhalen fan Boukje Fokkema, al binne se net allegear like sterk en ûntbrekt foar myn fielen de humor te folle, no yn in bysûnder kreas fersoarge útjefte ferskynd binne. Boukje Fokkema is noch net dêr't se wêze moat, mar sil har paad grif fine.
[VV 31-1-58]