binne retoaryske fersen dy't út de pinne fan Piter Jelles (en dy dan net op syn bêsten) komme kind hiene. In oar foarbyld: hjitten de Fryske manlju yn dy tiid al samar Pier, Wytse, Sipke, Gjalt en Doede, de froulju Aukje, Rinske ensafuorthinne? Ik kin net bewize fan net, mar it wol my mar min oan.
Ek de taal dêr't dy 8ste-ieuwers har yn uterje, ferriedt net it minste besykjen wat histoaryske kleur oan it ferhaal te jaan. Nim sa'n brief op siden 41-42, dy't begjint mei: ‘Parys, de 16de fan Slachtmoanne 712, Bêste Omke’ en einiget mei: ‘De groetnisse oan jimme allegearre, jimme Marten.’ Of nim in sin lykas de folgjende út ien fan de jellenlange taspraken. Heroaldes seit tsjin Willibrord (s. 78): ‘Ik hie op jins ynsjoch en de bân fan tankbrens dy't jo oan 'e major domus bine moast - want as er jo yn fjouwer en nj oggentich net holpen hie, hiene jo nea wer in foet yn dizze goaën sette kind - rekkene, mar ik fernim wol dat jo blyn binne foar alles dat bûte jins deistich eachweid leit en dat is alles wat net fuortdaliks de belangen fan jins tsjerke tsjinje kin.’ In sin út in amtlik rapport, mei in konstruksje om bang fan te wurden, in sin dy't ferriedt hoe't skriuwers hiele ynstelling ûn-, ja anti-histoarysk wie.
In oare uterste, ek in teken fan ûnmacht, is de al te grutte gemoedlikheid dêr't de skriuwer syn persoanen mei neieroan komt. ‘Wy sille Renatus de pin op 'e noas sette, dêr kin er mar donder op sizze’, seit Karel Martel, de Frankyske hearsker (s. 216). ‘Soa, sei de kening,’ hjit it op bls. 108 fan Redbad-himself en op s. 160 fan Willibrord: ‘De biskop siet der mei de earmtakken op 'e knibbels foar.’
De taal, by einsluten, is lang net sûnder wryt of slyt, en dat by in skriuwer grutbrocht yn de skoalle fan Waling Dykstra. Der binne ferskuorrende germanismen: ‘immen earne hinne skikke’ (yn pleats fan ‘stjoere’), ‘diedsaken’ foar: feiten, en iderkear wer ‘kriich’ dêr't oarloch bedoeld is. Fierder útdrukkingen út it Hollânsk: ‘Swijen is de(!) boadskip’, ‘sa mûglik’, ‘slimme eachjes’, ‘immen útgeliede dwaan’. It wurdsje ‘men’ wurdt hieltyd brûkt lykas yn it Hollânsk, wylst it yn it Frysk in oare wearde hat (ynsluting fan de ‘ik’). Sloarderich is in sinskonstruksje as: ‘De besetting fan Frisia Citerior en Lyts Fryslân koene (yn pleats fan koe) net ynkrompen wurde’ (219). En no swij ik noch mar fan de tsientallen setflaters, dêr't de skriuwer fansels net mandélich oan is, mar dy't dit boek ek minder kreas meitsje as mooglik west hie.