De skriuwster hat har kristlike libbensoertsjûging net ferswijd, mar ek net hinderlik nei foaren skood. Unbefongen, mei begryp foar histoarje en distânsje, komt se it yn de beskreaune tiid en streek (de Fryske heide fan sa rûchwei in ieu tebek) sa ferheftich libjende leauwe oan duvelbanders, kwaksalvers en tsjoenderij neieroan. Se wit, dat gâns wat him yn dy tiid as kristendom oantsjinne, amper mear wie as in yn deftich ferrinnewearre Tale Kanaäns ferhoalen heidendom.
Men lêze mar ris dat haadstikje oer de ‘jûnpraterij’, sa'n Bibeloefening yn primityf-magyske sfear. Beide, dit primitive kristendom fan de heide en it heidensk byleauwe, binne de fruchten fan in djipper ûndergrûn: de mystyk, de geheimsinnige gearraning fan de minsklike siele mei it godlik mystearje. En sels it helderder, minskliker kristendom fan de skriuwster sels, projektearre yn in mannich figueren fan it twadde plan, stiet ta dy mystike libbensfoarmen net yn in te skerpe, te banale tsjinstelling.
Satan, Koarthakke wurdt er yn dit ferhaal neamd, is yn syn folslein liiflike oanwêzichheid in meispiler yn it drama, gjin morele warskôging, mar in wêzenlikheid, in ta libben wekke brok realiteit út de primitive folksferbylding.
Dizze duvel libbet, as in konkretisearre begeliedingsferskynsel fan minskene siele, sa't er altyd libbe hat yn de ferbylding fan mearke en folksferhaal. No ja, wy ferljochte bern fan de 20ste ieu, wy leauwe der it measte net mear fan. Wy hawwe Hear Koarthakke al lang ûnskeadlik makke, ûntkrêftige ta symboal yn ús oerdrachtlik taalgebrûk. Mar binne wy der riker fan wurden? Is it, nettsjinsteande alle segening fan de technyk, net earder sa, dat wy ferlern hawwe oan folheid fan de siel, meagerder wurden binne oan tink-libjen, wy lju fan radio en iiskast? Earmer as de primitive minske fan alear? Sille wy net altyd, lit it dan wêze de literêre wei lâns, weromkeare ta dy steat, om't wy ek altyd earne yn ús wêzen werom-wolle nei it bern dat wy ienris wiene?
Dêrom leau ik yn dit romantysk boek fan G. Spaanderman-Wielinga, al is it gjin masterwurk. It is echt, earlik, goed skreaun en it wit sfear te skeppen. De K.F.F.B. hat wolris briker setten úthelle as mei de útjefte fan dit boek.
[VV 12-4-57]