presjes, sfearflarden, losse notysjes dy't yn in pear halen oantsjutte moatte wat op itselde stuit earne oars yn de stêd pleats hat.
Sok in prosedee kriget sûnder mis wat meganysk, wat opsetliks. Men sjocht om sa te sizzen hoe't de skriuwer fan it iene boerd nei it oare draaft en neat oan it tafal oerlit. En hoe knap as Terpstra him der hieltyd ek wer útrêdt, de gefaren dy't it meibringt ûntkomt er net altyd oan. Der is in justjes forsearre wikselwurking tusken it ferhaal en syn ramt. De stedsympresjes moatte de libbens fan de grutte fjouwer beljochtsje en yn in list sette. En dy fjouwer hawwe tagelyk ta taak it grutte libben dat om harren hinne woelet en docht, troch te ljochtsjen en te ferklearjen. It ferhaal kriget der romte en perspektyf troch, mar wolris op in wat maklike en guodkeape wize. En oan 'e oare kant: de skriuwer hat dy fjouwer minsken mei wat te grutte opsetlikheid eksemplarysk steld. Hy pikt dizze fjouwer derút, mar hie krekt like goed fjouwer oaren nimme kinnen. It komt dúdlik oan 't ljocht oan de ein fan it boek, dêr't de skriuwer syn fjouwer haadpersoanen noch efkes de revu passearje lit: ‘Der binne minsken as mr. Herman Geertsma, dy't...’, ‘Minsken as Nynke Kaspersma, dy't ...’, ‘Minsken as Eelco Rauwerda...’, ‘En minsken as Gerry Beintema, dy't...’. Tige slagge is soks net. It liket derop as wol de skriuwer foar syn lêzers konklúzjes lûke dy't dy lêzers einliks út harsels fine moatten hiene. Soksoarte passaazjes, benammen ek it iderkear herhelle ‘Tûzenen minsken dogge dit... Tûzenen dogge dat...’ ensafh., klinke maklik en te retoarysk. Dat jildt ek foar it begjin, dy Europeeske reinprolooch. It is wol suggestyf, dat byld fan Londen yn 'e mist en Marseille yn 'e rein, it is yndied it prosedee fan de simultaanroman, de sjoernalistike reportaazje-roman út 'e jierren tweintich, mar it is in frijwat literêre trúk, as mei gauwens bliken docht, noch fan Londen noch fan Marseille is yn it hiele boek fierderop mear sprake. Dêr komt noch by, dat krekt op sokke by útstek ‘literêre’ steeën Terpstra syn wat meager taalbesit te dúdlik oan it ljocht komt.
Myn beswier tsjin dit boek - mar it is in beswier op in heech nivo - is dan ek tige yn 't algemien, dat it prosedee mei in al te grutte en te maklike, hast wat sjoernalistike neidruklikens tapast is en dat dêrtroch it ferhaal, hoe meinimmend en spannend it is, tefolle konstruksje bliuwt, produkt fan glêde, effisjinte berekkening. It is net soepel genôch, te strak, te meganysk opset. It ferriedt syn eigen draaipunten al te iepenlik.
Dizze opset brocht mei, dat de fjouwer minsken, dy't elkoar by it begjin fan it ferhaal net kenne, mar tafallich yn deselde trein