Nei de dea fan syn twadde frou bliuwt dokter Teroele iensum efter mei in pear tsjinstfammen yn it grutte doktershûs en wijt syn lêste jierren oan in wittenskiplik wurk, dêr't er, yn syn bernskens kommen, yn stykjen bliuwt.
Mar dokter Teroele syn tragyk wurdt einliks te folle fan de bûtenkant skôge om oangripend te hjitten. It is yn 'e grûn mear pech, tsjinstuit, in gearmjuksel fan tafallichheden, dy't mei syn aard en wêzen net it measte te meitsjen hawwe.
En hjir leit it ûnbefredigjende fan dizze roman: dat Akkerman ús in haadpersoan foarset dy't eins safolle ynspanning en belangstelling net fertsjinnet. Wis, hy is in nommel persoan, fol plichtsgefoel, in man mei sosjaal fielen, in goede heit. Mar krekt dêrtroch is er te tuskenbeiden, te gewoantsjes. Der falt mei him as romanpersonaazje net folle te begjinnen. Hy hie as sadanich allinne te rêden west mei in fikse ôfwiking, mei wat tesplitenens, mei wat oanstriid ta de sûnde of ta wat dan ek. Mar hy is te normaal en hat sadwaande de lêzer te min dramatyk en spanning te bieden, al hoe libbenswier er fierder oankomme mei. It liket, in roman hat, om oan 'e ferfeling fan de wurklikheid te ûntkommen, dochs altyd in soarte fan ferfalsking, in ombûging, in ferried fan de wurklikheid nedich.
In twadde tekoart fan In man allinne is, lykas hjirfoare al sein, it ûntbrekken fan in histoaryske kontekst. Wy kinne it wol sawat riede: it ferhaal begjint sa om ende by de ieuwiksel en beslacht in fjirtich, fyftich jier. De stomfyts en de auto komme op 't aljemint en der wurdt in ôfdieling fan it Griene Krús oprjochte. Mar fierder is it krekt as hat Jan Teroele gjin spoen mei de grutte wrâld te krijen. Der is gjin Boere-oarloch, gjin mobilisaasje, gjin Wrâldoarloch I of II, gjin krisis, der is suver neat fan al dy dingen dy't dochs al dy jierren troch sels op it ôfgelegenste doarp fan Fryslân har wjerlûden fûn hawwe.
Sadwaande is it ferhaal fan it boek losrekke út in gehiel dêr't it net út losmakke wurde kin of te'n koste fan in stik sintrale libbenswurklikheid. Sûnder dy libjende, aktuele eftergrûn kin it miskien yn boeken dêr't in sterk psychologisearjend oerwicht alle oare feiten yn nei de eftergrûn kringt, mar it kin net yn it soarte boek dat Akkerman ús biedt. Krekt troch it op himsels minder betsjuttend libbensferhaal fan de al te normale dokter Teroele yn it ramt fan in stik tiidsûntjouwing te pleatsen, krekt troch dizze man te meitsjen ta it ûntfangtastel fan wat de grutte wrâld beweecht en beroeret, hie Akkerman syn dokter as romanfiguer rêde kinnen.