Nim no dy Rinus van der Laan, de jonge dy't sa graach tekenje wol en net mei fan syn heit. Mannich skriuwer soe him in miskend sjeny makke hawwe of in strider foar de heechheid fan de Keunst, of in tragysk mislearre artyst. Mar dizze Rinus is in deagewoane, flotte, aardige jonge, dy't net ûnaardich tekenje kin, mar gjin sjeny is en dy't by einsluten alhiel gjin keunstner wurdt, mar belies jout foar de hertkwaal fan syn heit. Net heroysk, tajûn, mar minsklik besjoen dochs wol ferstânich en yn dit ferhaal sels sympatyk.
Ek de oare persoanen, allegear froulju, binne gjin heldinnen, gjin ingels fan sêftsedichheid, gjin duvelinnen fan minnens. De iene fereale en jaloersk, de oare wat ferbittere, in tredden-ien fleurich of oerflakkich. En dan Dedtsje Valk sels, mei lêst fan ûnwennigens, fan allerhande foarmen fan misbegryp en fan de gedachte dat se troch dit ûntrochtocht aventoer fan in bûtenlânske reis al te maklik har skippen efter har ferbaarnd hat.
Se hat lêst fan dy dingen, mar ienfâldich en gewoan, sûnder oanstellerij, - lykas in Fryske faam ûnwennich wêze kin omdat se har net goed oanpasse kin, net it fermogen hat de minsken oan har te binen, mei har ûnhandichheid en har gefoel fan minderweardigens. Dat is de fertsjinste fan dit boekje, dat it nearne mei falske of grouwélige effekten opgnistere wurdt.
Ria Stolk hat oare middels om der spanning yn te hâlden. Lytse ferskowingen yn it byld, lytse ferspringingen yn de gong fan it ferhaal, ôfbrekken op in punt dêr't men krekt neier ynljochtingen ferwachtet, ophelderingen dy't net komme, flarden fan petear en fan situaasjes.
Faaks falt de ‘ûntknoping’ de lêzer wat ôf. Der is gjin klap, gjin fjoerwurk, gjin lokkige en gjin ûngelokkige ein. Wat bard is, is goedbesjoen net sa bare folle. Alles wat winliken bart, is in lytse feroaring yn de siel fan Dedtsje Valk en sels dàt wurdt noch mar amper yn wurden oantsjut.
Fiif minuten is to lang is in fris, sympatyk, libben en yntelligint skreaun boekje. De skriuwster lit sjen hoe't in Frysk ferhaal yn it bûtenlân spylje kin sûnder dat men it einliks fernimt. Men sjocht dat de lêste tiid ek wolris oars. Guon Fryske skriuwers litte har ferhalen langer mar al te maklik en sûnder te folle kennis fan saken yn Yokohama en Kaapstêd spylje en ferfalle sadwaande ta in guodkeap, forsearre en ûnecht kosmopolitisme. Ria Stolk forsearret har net, dy wit har grinzen.
Dat hat fansels syn beswieren. It betsjut tagelyk ek, dat men yn dizze lytse roman net fynt de dryste taast, de grutte konsepsje, de sprong yn it tsjuster dêr't de siel fan de skriuwster by op it spul