hat, wurdt fan binnenút wei oantaast en útholle. Dan ommers iepenbieret him hjir en dêr de twivel, it ferlet fan mear yndividualiteit. De Idee, dêr't ienris sa fûl foar striden is, wurdt no ta algemiene noarm opheve en beskerme fan steat en polysje.
Komt de strider dy't dit allegear meimakke hat, net yn striid mei syn prinsipes fan hanthaving fan syn eigen persoanlikheid? Sadree't de mannichte har by it Ideaal deljûn hat, ûntstiet by de inkeling wer it ferlet om him fan dy mannichte los te meitsjen, him ôf te kearen fan de fêstige oarder.
Dit konflikt is it, dat de eftergrûn en ynset foarmet fan Jo Smit syn novelle, en dy aktuele en skerp sniene probleemstelling tilt it boekje al fuortdaliks út boppe gâns proaza út ferline en hjoed. It prikeljende leit benammen hjiryn, dat it Ideaal fan De Beweging gjin namme hat.
Wy komme net te witten wêr't al dy baasmannen sa fûleindich foar stride. Sadwaande kriget it ferhaal in algemiene jildichheid. Men kin bygelyks tinke oan Trotzky of oan Tito yn harren ‘ôfwiking fan de strange lear’, of oan it Yndonesyske of Arabyske nasjonalisme: de wrâldskiednis jout foarbylden by de rûs fan dit yn 'e grûn tragysk konflikt tusken leare en persoanlikheid. Skriuwers as Koestler en Sartre hawwe ditselde probleem yn har wurken oansnien.
Earne is, liket my ta, dizze probleemstelling fuortkommen út de konkrete situaasje fan de Fryske beweging. Om presiis te wêzen: earne moat de oantrún ta it skriuwen fan dit ferhaal útgien wêze fan wat yn de Fryske histoarje te boek stiet as ‘Kneppelfreed’, in taalynsidint tusken Fryske-bewegingslju en magistraat, in jiermannich ferlyn. It is lykwols mis, tinkt my, yn Smit syn geskrift in kaai-ferhaal te sjen en in krityk op dy Fryske beweging as sadanich. En as men hjir dan dochs gauris oan de opkomst fan de Fryske beweging tinke moat, dan is it tagelyk wol wis, dat wy mei in opsetlik fertekene, ferheftige byld te krijen hawwe.
Haadpersoan fan Sûnder sûker is net de ‘ik’, en likemin Kaspersma, mar in man dy't ek gjin namme hat, mar dy't, grut swijer en man op 'e eftergrûn, sa stadichoan de Lieder fan de beweging wurdt, troch de rin fan de dingen ûngemurkenwei nei foaren skood. It is in riedselige figuer, de ‘ik’ begrypt him ek net. Dy man komt ta macht, hoewol't er winliken noait wat oars seit as: ‘Der moat fûlder striden wurde.’
Wylst syn stjerre riist, wurdt de ik-figuer, de ferteller, dy't jierrenlang fûlbandich meistrider wie, linkendewei mear oantaast fan