It boere-idioom, dat sa't skynt net huverich is foar de meast elemintêre minsklike funksjes, is mei rynske hân oer de bledsiden hinne mjukse. Dat giet mar fan ‘miter’ en ‘op 'e hûd jaan’ en ‘de bek hâlde’ en soksoarte fan leaflikheden mear, dy't men achtsje soe allinne yn heidenske folksbibleteken te moetsjen.
Bluodderige en wrede dingen is dit boek ek net fij fan. Der is in oanrâning op syn Wild West: fûsten slane, tosken knarse, noasters snuve en trilje, as in razend rôfdier stoart de rêder him dwers troch in nôtfjild op 'e oantaaster. Messen trilje yn bûsen, bloedtoarst fertsjusteret eagen: ‘Krûm foaroer stiet er op it strjitsje, syn troanje bleek ferlutsen yn it feale ljocht, it blinkende mês yn 'e ferwrongen fûst. Bloed! Hy fielt al hoe't it mês him tusken de bonken kreakje sil!’
Hylke, Halbe syn konkurrint oangeande Klaske, is koartwei de ferpersoanliking fan alle kwea. Hy is troch ende wer troch ferkeard. Wêrom? Wêrtroch? Dat wurdt ús net dúdlik makke. In strieminnen ien, dêr is alles mei sein. Dat is goed primityf, sûnder mis. Yn primitive folksferhalen en mearkes binne de lju net foar in part ferkeard of om in reden of troch in oarsaak ferkeard, nee se binne samar en allinne ferkeard: dat ferkeard-wêzen is harren iennichste reden fan bestean. Mar fan dat primityf driftlibben, dizze psychology fan it oerwâld, dêr't de minsken har proai en elkoar bespringe, moast de Fryske literatuer no dochs sa linkendewei ris loskommen wêze. En dit is de swakste kant fan it boek: de psychology. De skriuwer docht wol alle war om minsken te skeppen, mar hy skept allinnich in slach fan dizichwei mei rede bejeftige dieren, dy't hannelje út bline en primitive oanstriden wei. Hylke dan komt der it slimst foarwei, mar ek Halbe is in foege barbaar mei in boekerich leafde-etiketsje op 'e foarholle plakt.
Allinne Klas is, krekt om har ienfâld, oannimlik en om har hinne wit de skriuwer dan ek in pear aardige bledsiden te skriuwen, bygelyks oer har libben en wurk yn it doktershûs, in beskriuwing simpel mar echt. Letter is it wer hielendal mis en giet it der psychologysk sjoen wer oan 'e hoasbannen ta yn lâns.
Brekkende brânning is in earsteling en de mantel fan de leafde kin in soad bedekke. Ik hoopje dat Pier Feddema, dy't alhiel net sûnder skriuwersoanlis is, leart om kritysk te wêzen en ek syn lêzers wat heger te hawwen as er se no noch hat, of leaver: heger as se meastepart binne. Wis, net alle Fryske skriuwers kinne Brolsma's, Haisma's of Van Houtens wêze, mar tuskenbeiden is ek romte: en fan dy grutmasters fan de Fryske fertelkeunst is hiel wat te learen.