It meastepart fan dy lytse gemeente-demoanen wurdt lytsman en wat oerbliuwt is ek al gjin partoer. En dochs hiene hjir grutte kânsen lein foar it oanbringen fan dramatyske spanningen. Ik tink bygelyks oan ien fan dy wjerstribbigen: Abe syn skoansuster dy't, as hy syn kar dien hat, stiltsjeswei ferdwynt, yn pleats fan de rol fierder te spyljen dêr't se ta foarornearre like.
Dit is it grut gemis dat ik yn it boek fan Cuperus mien waar te nimmen: it tekoart oan dramatyske spanning. It is in boek sober, oersober fan opset, mar fan in soberens dy't ta igalens wurdt en faak op 'e grins fan it ferfelende omhinget.
Dat docht bliken as Tinga in wiif siket. Hy hat kar út twa, beide dochters fan de rike flaakskeapman Djurre, woldwaner fan de gemeente, mar net yn alle ding skjin op 'e ribben. De iene dochter is de brutale, útdaagjende, de skoaljuffer mei har diploma's, en fansels, der wurdt grute, dy sil it wurde. De oare is de dimmene, swijsume en swijende, de oargelspyljende nederichheid sels. Hàr kiest Abe Tinga.
Nee, einliks kiest er net iens, der falt net te kiezen. Erotyk, suver lichaamlike gefoelens spylje net mei yn syn oertinkings. De earme Fersiking kin sels gjin minútsje wille oan him belibje.
Dy frou fan syn kar makket Cuperus net folle wurk fan. Se sil bedoeld wêze as in trouwe, deeglike, stoefe wurkster foar man en gemeente, mar yn wêzen is se it oertype fan de ferfelende frou, ûnpersoanlik en nederich tsjinjend, sûnder in grissel opstannichheid tsjin it lot, dat har twingt yn te gean ta in libben fan somber fertriet om miskreammen, gemeentekonflikten en jildlike soargen. It is har allegear goed, se skikt har. En de man? Nea sil er in tel argewaasje hawwe fan har slaafskens, nea der fan prikele wurde.
Alwer: wat in miste kâns foar ferdjipping en dramatisearring fan dit boek. It liket as hat de skriuwer alles skrast en weilitten wat bûten syn strikt tema: it kontrapunt fan hoeder en skiep, omgiet. Mar sadwaande komt syn boek, mei alle details fan humor en rake typearring, dochs net út boppe sombere, swiertillende grize igalens. Der wurdt gâns praat fan de blydskip fan it Leauwe en ik wol dat net mispriizgje, mar it is my hjir dochs in te sombere, neargeastige blydskip, in blydskip dy't nearne wjokken kriget.
Sa stiet it ek mei Cuperus syn skriuwkeunst. It liket as belibbet hy al skriuwendeweis gjin wille oan it wurd. Syn taal is lang net min, sûnder fouten, alhiel ferantwurde. Mar der is selden gloede, glâns, fûnkeljen, boartlikheid. It ferhaal sykhellet rêstich fierder, sûnder ferhef, sûnder hichte- of djiptepunten.