It kritysk kerwei
(1990)–Anne Wadman– Auteursrechtelijk beschermdResinsjes en skôgingen 1950-1970
[pagina 13]
| |
I. Kronyk fan it proza | |
[pagina 15]
| |
Foarbyldich fakmanskipR. Brolsma, Sa seach ik Fryslân. Forhalen en sketsen. Mei in ynliedend wurd fan dr. D. Kalma. It falt net ta en bring oer de skriuwersfiguer Reinder Brolsma noch wat nijs by: nije gesichtspunten te iepenjen, nije eftergrûnen bleat te lizzen, nije wearden oan te tsjutten. Yn sa fier is hy as skriuwer al klassyk wurden: al syn kwaliteiten en tekoarten binne oar alle kanten hifke en útspûn - gjin niget dat dr. Kalma yn syn ynliedend wurd ta Sa seach ik Fryslân, neist in pear net oer alle boegen nijsgjirrige ynljochtingen oer Brolsma syn libben (in man sûnder biografy nammers), neat oars wit op te smiten as in wurdmannich polemyk oer Brolsma syn humor dêr't men net folle wizer fan wurdt. It liket my ta, Brolsma syn skriuwerskip is foar in fuortset besprek te elemintêr, te iepen, te rjochtút. Hy is gjin punt fan diskusje en sil dus nei alle gedachten ek nea ‘op 'en nij ûntdutsen wurde’. Syn monumintaal literêr bouwurk riist foar ús omheech op inkelde sintrale pylders: skerp útbyldingsfermogen fan minsken, dingen, fermiddens en sfearen en oandacht foar it karakteristyk detail, mar ek it fermogen ta de brede histoaryske ûntwikkelingsgong benammen yn it sosjale, en dit allegear beljochte mei in mylde objektiviteit dy't nea ta in dea dogma wurdt. Want al mei men Brolsma sjen as in bern fan it naturalisme, syn naturalisme is nea programmatysk, nea normatyf, nea demonstratyf, it is in sjenswize dy't út syn eigen wêzen folslein natuerlik en organysk opkomt.
Dêrfoaroer steane inkelde swakkere punten: in psychologysk ynsjoch dat mear elemintêr is as ferfine, dat de minsklike demony allinne sjocht yn it primitive, dat op it ‘abnormale’ gauris útskamperet en dat him dus beheine moat ta beskate psychologise typen, foaral it primitive minskeslach, de lytse man, de grûnwrotter of de yn 'e útbuorrens fan de stêd fersille plattelânslju. In psychology dus dy't gjin wittenskiplike ûndergrûn of pretinsjes hat, mar yntuïtyf is, fan it uterlik waarnimbere nei it inerlike ta arbeidet, mar ek faak yn it uterlik waarnimbere hingjen bliuwt. Mear minskekennis as sielkunde. Dêrneist in breklik fermogen ta kompositoaryske architektuer. Der is nammers gjin wêzenlik ûnder- | |
[pagina 16]
| |
skied tusken syn gruttere romans en syn koarter wurk, dat er mei de beskiedenheid fan de ambachtsman ‘sketsen’ neamt. Ek syn romans binne útwreide en breed opsette ‘sketsen’, as men dat wurd, dat by my assosjaasjes opropt oan in soarte fan proazagedichten, dan perfoarst hanthave wol. Se hawwe net sasear in story, in pointe, in ‘plot’, in ferrassing, al hawwe se meast wol in dúdlik slotakkoard. Se wurde behearske fan de stadige fuortgong, it rêstich tempo, en dêr't skokken yn it minsklik libben gripe, binne it almeast wjerslaggen fan sosjale skokken dy't it plattelânslibben beroere. Se binne net skreaun út de psychologyske yntrige, mar út de konkrete situaasje wei. Se pleatse de minske net yn it neaken himd fan syn siele, mar middenmank de omballingen fan syn fermidden, syn folk, syn natuer, syn sosjale omstannichheden. It sil dúdlik wêze dat sokke tekoarten net guods binne dy't Brolsma syn skriuwerskip ta in problematise saak meitsje: se binne oan dat skriuwerskip like needsaaklik ferbûn as syn positive fermogens. Se tekenje net allinne Brolsma, mar in beskaat skriuwerstype. It iennichste wat ik as in spesifyk tekoart fan Brolsma sjoch, is syn oanstriid ta feralgemienjende sydsprongen, ta sydlings moralisme op dy stuiten dat er syn objektiviteit gjin baas is en hommels weiglydt nei in soarte fan moralistyske sjoernalistyk. Sa op bledside 24 fan Sa seach ik Fryslân, dêr't er ynienen, noch wol mei help fan in fuotnoat (of is dy fan syn promotor Kalma?), kommentaar jout op in gedicht fan Kiestra: ‘Lit ús efkes oanstippe dat dit gedicht yn al syn soberens dochs utering hjitte mei fan keunst. It is krêftich en suver, it is kostlik.’ Mar wa hie ea sein dat soberens en keunst elkoar útslute?
Brolsma is as skriuwer, yn Fryslân, en yn 'e tweintichste ieu, klassyk. En dochs kin ik my foarstelle, dat der in jongerein is of komt dy't, sûnder syn gruttens ûntstride te wollen, wegeret yn him in master, in learmaster te sjen. Brolsma as naturalist en, mei it wêze tige hoeden, as ympresjonist - boppedat as type fan it ‘natuertalint’, de man-út-it-folk, de self made man, amper beynfloede troch literêre moaden, streamingen en skoallen, mar ienfâldich wêzende dy't er is, - is in skriuwersfiguer dy't in opgroeiende skriuwende jongerein amper mear útsichten te bieden hat. Net allinne dat syn objekten - it ‘Fryske lân en Fryske libben’ - langer gjin oeuvre mear drage en fèrdrage kinne, mar ek: it skriuwerstype dat optheden opgroeit, is dat fan de yntellektueel, de erudyt, de man dy't de tsjinstridichheid en de spanningen tusken it yn ynternasjonale cowboy-kultuer ferwurdende ‘sljochte folk’ en syn eigen nei | |
[pagina 17]
| |
grutter flecht útgeande niget en aspiraasjes as in persoanlik konflikt oan 'e lea ûnderfynt. De man dy't mooglik stiet foar syn poarsje nasjonale striid, mar dy't syn folk dêrby earder in stadige, ynerte en wjerstribbige mannichte befynt as in objekt fan geastlike krêft en boarne fan ynspiraasje. De man dy't mei syn eigen, lit ús it grutte wurd mar neame, kultueridealen omwouteret middenmank in folk dat op dy idealen gjin bek sette wol. De man dy't syn eigen erudysje bytiden as in lêst fielt, as in skuld, as in ferried faaks, mar dêr net omhinne kin. Men kin derom treurje, mar it is sa. En yn dit ljocht besjoen kriget it ‘natuertalint’ licht de namme fan eksponint-fan-it-ferline. En dêr is by Brolsma gjin ûntkommensein oan, oft men wol of net. It is ienfâldich it needlot fan syn skriuwerstype, net dat it syn macht oer de lêzer ferliest, mar dat it syn ynspirearjend fermogen oer folgjende skriuwersgeneraasjes kwytrekket.
Mar der is in oar aspekt oan Reinder Brolsma dêr't men jin net sa maklik ôfmeitsje kin. En dat is syn fakmanskip, syn skriuwen-asambacht, as métier. Want wat men by syn neifolgers en epigoanen, mar ek by de jongere skriuwersgeneraasjes dy't it yn oare wei sykje, al te faak mist: stilistysk oanfielen, taalfermogen, taalkultuer, de macht om in geve, spande en ôfrûne folsin te skriuwen dy't trillet fan libben, - dy macht is Brolsma sines (net oeràl fansels: gauris wurdt syn styl oanfretten fan jeuzelige sjoernalistyk). En just om't dizze Brolsma, op syn bêste mominten, yn syn epyske alluere, gjin learling, alteast gjin dupe is fan in skoalle, yn dit gefal: it naturalistysk ympresjonisme, en alle oan tiid en moade bûne ‘wurdkeunst’ him frjemd is, omdat in sin foar him in libben organisme is en net in dea klisjee om tinzen of hannelingen of situaasjes op oaren oer te bringen, just dêrom kin Brolsma as fakman ús jongeren hiel wat leare. Syn keunst fan detailwaarnimming, yn in fine, mar faak ferrassende en soms ferbjusterjende taalplastyk, is foarbyldich. En it mei wier wêze dat yn de nijere, mear nei it ekspresjonistyske útskaaiende fertelkeunst it detail in oare wearde en funksje krigen hat, - gjin fertelkeunst, neffens hokker -isme ek, is te tinken sûnder it evokatyf fermogen fan it plastysk detail. Ik folstean mei in mannich foarbylden. Sa seach ik Fryslân bledside 190: ‘Hja [de froulju] woenen earst noch mei de kleanboarstel om him hinne reizgje, mar hja moasten it gewurde litte’ Bls. 215: ‘Want Sjouk-nift begûn oer de djoere tiden, wylst hja it manminske in skriel gehakbaltsje op 'e panne siedde’. Folk fan Fryslân, bls. 11: ‘en de sigaresmook rûkt skerp en fier yn it moas- | |
[pagina 18]
| |
sige fan de nea brûkte foarein’. Bls. 45/46: ‘Sa binne hja út 'e buorren wei pandere, beide sombere âlde mannen op 'e dyk, deade strampels yn it feest fan ljocht en sinne’. Bls. 99: ‘Thomas fage it [jild] mei in triljende hân nei him ta en syn holle wynde sêft en beverich hinne en wer, wylst er de briefkes út elkoar tearde en neist elkoar lei.’ Bls. 100: ‘Eigentlik lake hja net ienris, mar die oars net as in ûnbewust skrikbeweginkje op de bargekeapman syn suver sizzen.’ Bls. 116: Hy sprate de grutte hân noegjend ta wolkom út, Thomas heakke sines ek los fan it kaptaal (dat er yn in ponkje benaaid op it boarst hie) en hja fûstken.’ Yn dit ljocht kin men der net oars as wiis mei wêze, dat it lêzende folk en de skriuwende jongerein troch twa mânske samlingen de gelegenheid bean wurdt yn 'e kunde te kommen mei ûnderskate stalen fan Brolsma's fertelkeunst, dy't fersille leinen yn kranten en tydskriftenGa naar voetnoot*. Dat wol net sizze dat alle yn dizze beide boeken opnommen bydragen op 'e selde hichte steane. Benammen de koartere sketsen komme gauris net boppe it sjoernalistyk sjenrestikje út. Mar dêrfoaroer steane as hichtepunten út de earste bondel: De reis nei it âlde doarp, De boer en de arbeider op Ekema (kompositoarysk net al te sterk) en De reamme fan it libben, en út de twadde: Obe Palma (noch minder sprekkende titel as de eardere: Nei de ein) en It sinkende lân. As gehiel is it fan dr. Kalma samle Sa seach ik Fryslân, net allinne troch de smakeleaze omslachtekening fan Jentsje Popma, it swakst. De yndieling yn trije skiften: ‘De Mienskip’, ‘De Minsken’ en ‘Tajefte’ hâldt net en is yn harsels doelleas. As men dan dochs literêr-histoaryske prinsipes hantearje wol, wêrom dan net dat alderienfâldichste fan in gronologyske folchoarder? Dy lêste is dan teminsten noch brûkt yn de twadde helte fan Folk fan Fryslân.
Yn dit ferbân noch in ding: it is eigenaardich dat sa't liket oer dizze beide inisjativen, beide nommen by gelegenheid fan Brolsma syn santichste ferjierdei, net rieplachte is. Hie men net folle better hinnegean kinnen en ferpart it wurk en nim dêrby in gronologyske skieding yn acht? | |
[pagina 19]
| |
Hawar, miskien dat de fan Kalma taseine bibliografy fan Brolsma in helpmiddel wêze kin foar dyjingen dy't har djipper oer de ûntjouwing fan dit foar de Fryske literatuer sa wichtige skriuwerskip ynljochtsje litte wolle.
[TS VII (1952), nr 12, 389-393] |
|