oer it brulloftsdicht by Starter en Bredero (feestbondel foar prof. Brouwer, 1960). Ek in pear langere stikken, lykas Fjildforkenning yn Drees-lân (De Tsjerne 1955) en Gustav Mahler en ‘Des Knaben Wunderhorn’ (De Tsjerne 1960), haw ik falle litte moatten. Om no dochs in moai folslein byld oer it fan my yn dy jierren skreaune te jaan, is op fersiik fan de redaksje fan de Holder-rige in bibliografy tafoege, dêr't neist krante- en tydskriftartikels en oare stikken en stikjes ek de aparte boek-útjeften yn opnommen binne. Ik stean der net foar yn, dat dizze bibliografy alhiel folslein is: benammen fan myn ynstjoerde stikken en koarte kranteferslaggen haw ik gjin deeglike boekhâlding oanhâlden. Basis foar it Frysktalich part fan de bibliografy wie it (net komplete) kaartsysteem fan de Fryske Akademy.
De fraach te beantwurdzjen nei in ‘ûntjouwing’ yn it hjir sammele kritysk en algemien-skôgjend wurk lit ik graach oan oaren oer. Der kin wol sein wurde dat, fergelike mei Kritysk Konfoai, de direkte ynfloed fan bygelyks Menno ter Braak lytser wurden is. As der yn dit kritysk wurk foar de Fryske proazaliteratuer oer in oerhearskjende tendins te bespeuren falt, is it de langst nei mear orizjinaliteit fan tematyk, nei mear romte, geografysk èn mentaal, om it faak benypte Fryske fermidden hinne en nei mear ambachtlikheid yn it skriuw-métier. De rop om ‘Europeesk peil’, dy't fuort nei 1945 sa faak en sa lûd opklonk, is hjir net folle mear fan te fernimmen. Dat de fernijing yn it proaza fan de jierren sechstich har net dúdliker ôftekent, is te witen oan it feit dat ik yn 1962 mei de meiwurking oan Het Vrije Volk ophâlde, nei in hjir net ta de saak dwaand en letter oersljochte ‘literêr konfliktsje’ mei Sjoerd Leiker. Sadwaande is Trinus Riemersma de dûns ûntsprongen en haw ik ek figueren as Ypk fan der Fear en Rink van der Velde net konsekwint as resinsint folgje kinnen. Yn de poëzykritiken sil de opmerksume lêzer faaks de tekens bespeure dat de skriuwer, hoewol er it opkommen fan de nije eksperimintele rjochting yn prinsipe wurdearre, letter it kontakt mei ‘de poëzy’ frijwat kwytreitsje soe.
Lang net alles wat yn dizze stikken delskreaun is, stean ik mear efter: de tiid hat syn wurking dien, en der is gâns by dat ik hjoed de dei net mear op myn noel nimme soe. It ‘elitêr’ tinken - de ‘yntellektueel’ tsjinoer it ‘folk’ - dat der net frjemd oan is, kin ik no mar min mear daaie. En ek it ‘wy’-gefoel, yn de tiid om Kneppelfreed hinne noch wol oanwêzich: dat fan ‘ús’ folk, ‘ús’ Fryslân, ‘ús’ literatuer ensafh., dat der op gâns plakken troch