rôpen âlde oantinkens op. No of noait, tocht ik. It waard noait, want ear't ik de mûle iependien hie foar in earste oanrin ferdwûn se mei in koarte groet yn 'e stege. Se hie it oankommen field, dêr bin ik wis fan.
Mismoedich kroske ik wer nei myn klintsje oan it Kromme Dykje ta, dêr't ik no it ryk allinne hie. Ik moast gear oer myn ferslach fan it doktersfeest foar de krante, mar wie der net wis fan o't ik de goede en objektive toan wol fine soe en myn irony, of bitterens, wat yn 'e grûn fan 'e saak itselde is, benefter hâlde koe. De ynlieding hie ik de middeis al klearskreaun en úttikke. No de rest noch. Mar ik sette earst in fikse pot kofje. Ik hie de pinne noch net op papier, of dêr skarrele mei gâns geklos fan swiere skuon en stommeljend yn it tsjustere foarpertealtsje dokter Degreve deryn. Hy wie stomdronken en de walm út syn strôte sloech my yn 't gesicht.
‘Besoademiterje litten,’ sei er, wylst ik al kofje foar him yngeat. ‘Traapje yn de hele rotsoai. Skynhillige rotsakken. Dat smoarge wiif út Wassenaar. Yntraapje de brot.’ Nei trije koppen swarte kofje en in hompe nageltsiis kaam er in bytsje by. Mar nei in skoft dochs wer:
‘In túnmeubelemint, ferdomme, de hear mei my hoedzje, mar ik set myn kont der net op. Giet oan branhout. Hoe fine se 't út? De bile deryn. Fuort mei dy troep. Giest mei?’
En hy riisde al heal oerein, fan doel om opromming te hâlden ûnder de goede jefte fan N.N. en oare doarpsgenoaten. Ik hie der lijen mei him te stoel en te bank te hâlden. In oanfal op 'e wynflesse, de iennichste dy't ik yn 'e hûs hie, goedkeape tafelwyn, moast him fan in autodafé rêde. Ik hie hâlden en kearen en fuorre him no en dan as tsjingif in kop kofje op. Doe't de sliep him oermânsk drige te wurden, haw ik him op syn skonken set, de hoed op syn kop drukt en him oan syn earm beethâldend oan it stek fan syn doktershûs ta brocht.