| |
| |
| |
In gearsit
Doe't Searp Jilkema de aap binnen hie, kamen ek oaren fanwegen om har oanpart, benammen guon dy't by de jildsuvering fan dy simmers in fear litte moatten hiene. En sa ûntdiek Degreve, ryklik let, dat ‘syn’ Winters-jild op in as gefolch fan dy suvering noch blokkearre rekken stie en net op 1 jannewaris '46 frijkommen wie: om in tsjustere reden waard it op himsels net sa grutte bedrach oanmurken as in soarte fan oarlochswinst. Faaks wie it dat fan komôf ek, want de lju dy't jûn hiene, wiene meast boeren dy't de oarloch gjin wynaaien lein hie. Mar no like it dan Degreve syn oarlochswinst te wêzen. Hy hat besocht my de foar deblokkearring nedige rekwesten skriuwe te litten, mar dat moast ik ôfstegerje: dêr wiene advokaten en saakwaarnimmers of belesting- konsulinten foar. Jildsaken binne myn sterkste kant net en ik hie doe ek noch net folle ynsjoch yn ekonomy, dat nammers wat oars is as finânsjes. Boppedat wie dúdlik wurden, dat Degreve gjin oantekening hâlden hie, ek net yn koadefoarm, fan wà't wàt jûn hie. Dat gyng doe allegear foar de goede saak yn goed betrouwen. Begryplik ek wol, sjoen it yllegaal oansjen fan de saak.
It spoar-Winters wie under de hân definityf dearûn. Ek in fersiik oan it doe noch mar breklik funksjonearjende Ryksynstitút foar Oarlochsdokumintaasje joech gjin opheldering: se sille der ek wol oare dingen oan 'e holle hân hawwe as it omstriden komôf fan in pear tûzen gûne.
Doe't de beide resjersjeurs, no yn gâns minder suterige pakken klaaid, har wer ris konfrontearje lieten mei dat meagere resultaat, die Degreve it útstel om de restearjende 2300 gûne
| |
| |
mar foar in goed doel wei te jaan: foar oarlochswezen of oare slachtoffers. Dat soe kinne, tochten de hearen (dy't it diskear sûnder sigaren stelle moasten en dus gau wer ôfsetten), mar dan wol yn oerlis mei de skinkers fan dat jild. De dokter seach it swurk driuwen, mar woe diskear net dwerslizze. Dus liet er hjir en dêr sa ris los, dat de skinkers skriftlik by him opjefte dwaan koene fan wat se destiids jûn hiene. It resultaat wie in grutte f errassing: seis lju oppenearren har en wat se mei elkoar ‘easken’, wie sawat oardel kear safolle as Degreve oait bard hie. Mar hy wie der wis fan dat gâns méar lju, wol tusken de tolve en fjirtjin, jûn hiene. Der wie dus in kâns dat it bedrach noch heger oprinne soe. Hied er net better in iepenlike oprop yn 'e krante sette kinnen? Syn masochisme gyng fier. Op in dei stie der yn beide yn ús doarp lêzen deiblêden in ‘oprop’ oan alle lju dy't mienden fan him, as samler fan jild foar in yllegaal doel, noch wat te'n goede te hawwen, dat se har skriftlik by him oanmelde koene.
Doe dripte it noch wat nei, mar de ferheging bleau by in pear tsientsjes. It lak djoerder as de brief dus.
Hy kaam wer om advys by my, mar earst flokte er himel en ierde by elkoar om dy ferflokte kristlike útsûgers, ferjittend dat der ek in pear liberale boeren by sieten, dy't ek wol fan har ôfstiene oarlochswinst graach wat weromseagen.
Doe't er úttjirge wie, tocht ik nei, en al gau fûn ik in wei om no lang om let yn ien jûn in ein oan al dat gesanik te meitsjen. Ik sei:
‘Wy skriuwe in sirkulêre en noegje alle lju dy't har opjûn hawwe in jûntiid by jo thús om der oer te praten. Ik kom dêr dan ek en sil, mei it rapport by de hân en de kwitânsjes en alles, útlis dwaan hoe't de saak yninoar sit, wat der mei it jild bard is en ik ferklearje dat jo ree binne om it restearjende jild, sadree as de blokkearre rekken frijjûn is, te ferpartsjen ûnder de oanwêzigen. Of allegear in gelikens part fan de 2300 gûne,
| |
| |
dus 2300: x, of elk nei rato fan wat er as syn jefte opjûn hat. It lêste is better, want dan rinne je net de kâns dat immen mear kriget as er doedestiids jûn hat. Jo hâlde jo stil sa lang as ik jo neat freegje.’
Hy knikte swijend, ien en al deemoed no. Ik stalde fuortdaliks de sirkulêre gear, tikke dy nei syn goedkarring út mei karbon der tusken, hy tekene, en ik skreau de nammen en adressen op slûven. Hy soe foar de postsegels en de ferstjoering soargje.
De gearkomste wie op in febrewarisjûn yn '47. Degreve hie in pear flessen oersparre wyn ree en syn alderlêste sigaren dy't er troch de oarloch hinnesleept hie (hy smookte sels net). De faam, Geeske, hie alles kreas te plak set, der wie op in man as tolve rekkene.
Der kamen seis man, dy't har, ek yn elkoars bywêzen, net sa noflik fielden, en al foar de iepening fan de sitting op har stuollen hinne en wer skeukten. De boerelucht hong swier yn 'e keamer (dong en kowerêgen, tocht ik), mar al gau krige de sigarereek it foar 't sizzen.
Ik sil net myn hiele taspraak herhelje: de lêzer ken de feiten al en dy sette ik sa saaklik en sa helder mooglik op in rychje. Der wie yn totaal 7025 gûne ophelle. Dêrfan wie oan de inisiator fan de aksje ôfbetelle 4000 gûne, neffens twa kwitânsjes (ik liet se sjen) fan 2500 en fan 1500. Dan bleau der in bedrach fan 3025 oer, dêr't al earder 700 fan opeaske wie. Der wie dus noch 2325 gûne. Mar dat jild stie op in bankrekken dy't as gefolch fan de jildsuvering fan Lieftinck (ik hearde de mannen snuven by dy namme!) noch altyd blokkearre wie. Dat jild kaam frij, sadree't it fersiik om deblokkearring honorearre wie (dat fersiik wie noch net dien, want Degreve en ik wisten beide net wêr't je dêrfoar wêze moasten).
| |
| |
It útstel fan Degreve wie, dat nei de deblokkearring it bedrach fan 2325 gûne, ûnder ôftrek fan eventuele kosten, nei rato fan harren ynbring ûnder de hjir oanwêzigen útkeard wurde soe. Wêrby't it fan belang wie te betinken, dat dit weromjûn bedrach mei weromwurkjende krêft noch as oarlochswinst beskôge wurde koe. It kaam der rûchwei op del, hie ik gau útrekkene, dat elk sa likernôch in tredde part weromkrige fan wat er sei ynlein te hawwen.
‘Plus de rinte!’ rôp Gurbe de Boer.
‘Plus in evenredich oanpart yn 'e eventuele rinte,’ sei ik. ‘Mar dat sil net mear as in pear tsientsjes de man wêze.’
Der wie gegrút en it kreakjen fan stuollen.
Binne Slingersma sei:
‘It giet fansels net om it jild, mar om it rjòcht.’
‘Just krekt,’ sei Gurbe de Boer, ‘om it rjòcht op dat jild ... Wy wolle de dokter net yn 't ûnleech bringe.’
Jitse Krist frege:
‘Kinne wy der wis fan wêze dat dy fjouwer tûzen gûne foar it goede doel brûkt binne?’
‘Absolút,’ sei ik. ‘Mar it sil net mear opsmiten hawwe as it frijkeapjen fan ien, miskien twa persoanen. De priis fan in te rêden persoan liigde der net om, by kampkommandanten en dat soarte.’
‘Mar der is noch in ding dat ik iepenhertich sizze moat yn dit fermidden,’ ferfette ik myn ferhaal, nei in pear tellen swijen. ‘Under jimme binne in pear, ik sil gjin nammen neame, dy't in te heech bedrach opjûn hawwe. Dy krije noch de gelegenheid om har bedrach by te stellen. Wy witte wa't it binne. As se sels har bedrach net ferleegje, dogge wy dat.’
Doe kaam de fraach dy't ik al ferwachte hie:
‘En Searp Jilkema dan? Dy hat mear as syn bedrach weromkrige!’ It wie Jippe Salverda dy't it sei, en ik nim oan dat er gelyk hie. Ik seach dat dokter Degreve op 'e stoel wynde en
| |
| |
sadermei yn woede útbrekke soe. Ik wie him foar:
‘Dy fraach hie ik ferwachte. Hy wie ek ien fan dyjingen dy't in te heech bedrach opjûn hawwe. Mar dat koene wy doe noch net witte en net neigean. Wy sille Searp Jilkema freonlik fersykje, mei út jimme nammen, om werom te stoarten wat er tefolle krige hat. Der giet ús neat boppe it rjocht en ik nim oan, dat jimme dat mei ús iens binne.’
‘Mar ... eh ...,’ sei in tûke man dêr't ik de namme net fan wist, ‘hoe sit it dan dat dy sânhûndert fan Searp àl fan dy blokkearre rekken ôfhelle is.’
Ek dêr hie ik in antwurd op, it wie ek noch wier:
‘Dàt bedrach, it bedrach dat Jilkema krige hat, is troch dokter Degreve fan syn eigen frije girale rekken ôfnommen, by wize fan foarskot. Yn wurklikheid is dy blokkearre rekken 3025 gûne, mar dêrfan komt dokter Degreve rjochtens dy sânhûndert ta. Sa sit dat.’
‘Dan wurdt de rinte dus berekkene oer dy 3025 en net oer mar 2325,’ sei Gurbe de Boer.
‘Dat falt noch te besjen,’ sei ik hastich, ‘dat wurdt mei de bank oerlein.’
De mannen knikten en blaasden sigarereek yn 'e romte. It waard stil, allinne yn it hoekje by it teemeubel mûskoppen in pear.
Degreve gyng oerein, pakte de flesse en geat yn. Dizze boeren wiene fansels gjin wyndrinkers, earder mannen fan brandewyn en âlde genever, mar se wisten dat wyn by de mear ferfine libbensstyl hearde en skikten har dêryn.
Ik sei:
‘Ik soe dizze ôfspraak graach mei in dronk besegelje wolle en sadwaande frede stiftsje yn in konflikt dat ús moaie doarp al te lang teheistere hat. Frede sij jimme. Proast!’
Der foel wer in stilte. Mûlen smakten om 'e glêzen, in pear dronken it as sûpe. Der stie in twadde flesse klear. Doe kaam
| |
| |
it lûd fan Lútsen Venema, dy't oant no ta noch neat sein hie. Gjin grutte boer, mear hâlder fan in mannich kij en wat skiep, in ienfâldich mar rjochtút tsjerklik man:
‘Ik woe útstelle dat wy ôfstân dogge fan it jild en dokter Degreve yn 'e gelegenheid stelle om it foar in goed doel te brûken. Bygelyks om oarlochsleed te stiljen.’
‘Hòkker goed doel?’ frege Gurbe de Boer strang.
‘Foar earme minsken dy't alles kwytrekke binne of foar bern dy't gjin âlden mear hawwe.’
Hy krige net folle byfal. Gurbe sei noch grânzgjend:
‘En wat hasto jûn, Lútsen?’
‘Dat is myn saak,’ sei Lútsen wat beskamme. Ik seach op syn briefke dat it om 75 gûne gyng. Gurbe hie himsels foar 500 op 'e list set. Doe sei Lútsen noch:
‘Goed, as jimme net wolle, mar ik stel myn bedrach be skikber. Wa docht mei?’
Jippe Salverda wie de iennichste. Ik rekkene út dat der foar dy earme widdowen en wezen net folle mear as trije, fjouwer tsientsjes beskikber wêze soe. Jippe sei noch:
‘My tinkt, ienkear jûn is jûn. Dêr stim ik Lútsen yn mei.’ Der wie dus, ornearre ik tefreden, in lytse bres slein yn it doarpsfront. Ik sei:
‘Dat is dan ôfpraat. De hearen Venema en Salverda dogge ôfstân fan harren rjocht en dat jild wurdt, as de rekken frijkomt, foar in goed doel brûkt, yn oerlis mei de beide hearen. Fierder noch immen wat te freegjen?’
Net ien hie mear wat. De measten rekken oer in nij glês wyn gear. Dokter hie de tredde flesse ûntkoarke. Doe gyng yn de hal de telefoan. Ik seach op 'e klok. Presiis op 'e minút ôf. Ik hie mei Minke ôfpraat dat sij de dokter skilje soe foar in saneamd ‘spoedgefal’. Dan soe de gearkomste fansels ferrinne. Ik hearde Degreve sizzen: ‘Goed. Ik kom der oan.’
Hy hie de jekker al oan, doe't er yn 'e keamer kaam. Ik sei
| |
| |
hastich, mar dochs sa plechtich mooglik:
‘Ik woe hjir dan mar in streek sette ûnder de gearkomste. En wol mei in wurd fan tank oan jimme foar jim goedgeunstige oanwêzichheid en boppe-al tank oan ús golle gasthear, dy't jimme no, nei't ik oannimme wol, nei it ophelderjen fan alle misferstânen, wol wer it betrouwen jaan wolle, dat er sa oer alle boegen fertsjinne hat.’ Der waard bromd, knikt en kicht. Degreve sette hastich fuort mei syn dokterstas en efkes letter hearden wy de oerjierrige Citroën oer it paad razen en knetterjen. Mar de wyn wie noch net op, de mannen sieten noflik en geaten har nochris yn. De alderlêste sigaar gyng der no ek oan, seach ik. Doe hearde ik Gurbe de Boer sizzen:
‘Dat mei dy moffehoer wie der fansels fier by troch.’
Ik hie in opmerking dy kant út wol ferwachte en sei:
‘Ek dêr kin ik klearrichheid oer jaan. As ien dêr oer oardielje kin, dan ikke, dy't har de hele oarloch lang as buorfamke en as bêdfreondinne (it wurd hie ik mei tige soarch keazen) meimakke haw. En ik kin ferklearje: a) dat Minke Wiuwerda noait ien kear fleislike omgong hân hat mei de Dûtse soldaat dy't him troch har mem sa ferpopkje liet, ja sels, dat se in hekel hie oan dy kjirl, b) dat Minke Wiuwerda like anti-Dúts wie as jo en ik en wy allegearre. Se hie de skyn no ienkear tsjin, mar se hat, as helper fan dokter Degreve, har yllegaal paad skjinmakke, dat kinne jimme neifreegje by de kommandant fan de ûndergrûnse, dy't ekskús oanbean hat. It fanke hat har beide âldelju no ienkear net makke.’
Doe rôp Gurbe lûd:
‘Mar dosels dan, jongkjirl. Hasto net besocht om dy lânferrieder te helpen?’
‘Nee, dat haw ik net,’ sei ik mei klam. ‘Ik lei siik op bêd en hy kaam der ta de achterdoar yn en wrotte himsels ûnder it bêd. Jimme witte wa't him dêr ûnder wei helle hat, no? Sa ienfâldich leit dat. Ik wit dat der hjir en dêr twivel útsprutsen
| |
| |
is oangeande myn sykte. Wa't dêr ferlet fan hat, kin by dokter Degreve ynljochtings freegje. Ik haw him dêr tastimming foar jûn. It is in sykte dy't ik gjinien fan jimme tawinskje!’
‘Dy sykte haw ik it net oer,’ bromde Gurbe wer. ‘Mar do bist dochs kommunist? En dêr haw ik it net op stean. Wat út it Easten komt, is sachs sa slim as wat wy fan de Moffen te lijen hân hawwe.’
It kaam my yn 't sin, dat Gurbe foar de oarloch lid fan de NSB west hie, mar krekt op 'e tiid syn draai naam.
‘Ik bin gjin kommunist,’ sei ik. ‘Ik bin lid fan gjin inkelde partij. Mar ik soe wol wolle dat der wat mear begryp kaam foar it lân dat yn 'e oarloch sa djip teistere is. Dat ús, tegearre mei Ingelân en Amearika, de frijheid brocht hat, en wierskynlik mei folle grutter offers oan minsken as de beide oaren tegearre. Yn Ruslân wenje ek minsken.’
‘Kommunisme is moard,’ grânzge Gurbe noch.
‘Mar boppedat,’ ferfette ik, mei ferheffing fan myn lûd, ‘wat jimme tsjin my hawwe, is hjir net oan 'e oarder. It giet hjir om 'e earlikheid fan dokter Degreve, en om it betrouwen yn syn oprjochtens. Ik leau dat wy it fan datoangeande wol mei elkoar iens binne.’
‘Syn frou hat dat oars nét mei him iens west, moat ik oannimme,’ sei Jippe Salverda.
‘Dat is hjir ek net oan 'e oarder. Dêr kinne jimme better op 'e buorren oer stean te rabjen.’
De tongen rekken noch efkes los, mar ik koe der net folle fan ferstean. Immen murk op, dat dy mefrou Degreve no ek net de aardichste frou fan 't doarp west hie.
Mar doe gyng Lútsen Venema as earste oerein. Hy joech my de hân en sette de pet op, dy't oer de grûn lein hie. De oaren folgen syn foarbyld skytskoarjend en skarrelen mei in soad gestommel ta de doar út.
| |
| |
Geeske kaam om de jiske en de lege glêzen op te rêden. Ik fage it dossier by elkoar. De finsters moasten wol iepen, it wie mear as blau fan de reek. En dat koe, want it wie in sêfte, hast soelige febrewarisjûn.
Doe't ik nei hûs rûn mei myn papieren yn 'e tas, wie ik net ûntefreden oer myn missy. Degreve mocht tankber wêze foar sa'n bychtsoan. En dat wied er ek. En nimmen hat nei it fine fan dy ‘bêdfreondinne’ frege ...
|
|