‘Wa is dêr?’
Godtank, it wie dus dy oare. De goede, de goede ferkearde. ‘Ik bin it,’ rôp ik, ‘Bauke. Do moatst daliks meikomme. Der ìs wat!’
Wat slims, hie ik sizze wollen, mar it wurd woe net oer myn lippen, ik moast ek om 'e buorlju tinke.
Gjin twa minuten letter stie se neist my yn 'e stege, yn in mantel en in lange broek. Ik naam har by de earm en fierde har mei nei de buorren. Ik sei:
‘Der is wat slims bard.’
Se bleau mei in skok stean en seach my oan. Grutte eagen yn it griis fan de moarntiid.
‘Hat er himsèls ...?’
‘Nee, hàr ...’
Ik fielde hoe't se rydboske yn 'e moarnskjeld. Ik swiide: alles wie sein en har dúdlik.
Wylst wy dêr sa rûnen kaam ús in twadde auto efterop, folge fan in ambulânse-wein. Ik hoegde net mear te warskôgjen.
‘Saak is rûn,’ mompele ik.
‘Wêr geane wy hinne?’ frege se.
Ik joech gjin antwurd, mar troaide har sêft by my thús oer it brechje. Doe sei ik:
‘Hy is hjir. Mar net lang mear, nim ik oan.’
Ik krige har hân beet, dy't iiskâld wie, en loek har sêft oer de drompel.
Mar yn myn keamer wie it ljocht út en doe't ik it wer op die gjin Degreve te sjen. Ik stie stomferheard.
‘Hy hat 'm smeard,’ sei ik. ‘Miskien ek mar better sa.’
Minke stie foar my en seach om har hinne. Doe sei se spikerhurd, mei it lûd dat ik ien kear earder fan har heard hie: ‘Jos, kom dêr wei!’
It bleau in skoft stil. Doe hearde ik him smûgend sykheljen.
‘Kom dêr daliks wei, Jos!’ sei har kommandostim.