| |
| |
| |
In riejouwer
De jûns doe't it swier waar wat saksearre en Adèle snokkerjend op bêd rekke wie, besleat Degreve ta grutte dieden oer te gean. De bom moast barste, it wetter stie him oan 'e lippen ta. Twa dingen hied er te dwaan: it rapport skriuwe en Minke Wiuwerda foargoed oan him bine. Dy twa dingen hingen dan ek wer mei elkoar gear, want Minke spile har rol yn it rapport en je koene by it gearstallen net om har hinne. Wat er by himsels de ‘Twizeler nacht’ neamde, koe earlikheidshalve net ferswijd wurde. Mar Minke soe bygelyks fan de Grinzer reis mear en betrouberder yndrukken oerhâlden hawwe kinne as hy. Syn kontakten mei har hiene neitiid seldsum west en hy hie in macht oan genegenheid foar har by himsels opkropje moatten. Hy riste him ta foar it Boadskip. Wat de buorren der fierder fan sizze soe, hied er lak oan.
Syn besiik oan it eardere slachtershûs hie wat fan in oerfal. Sije-Afke like it yn 'e kant sette te wollen en woe der mei alle geweld by bliuwe. Doe hat er har ienfâldich oan 'e kant treaun en is mei Minke nei har sliepkeamer boppe gien. Dêr lei er har drystmoedich syn plannen foar. Hy stelde earst foar dat se der tegearre útpike soene. Mei dy goed trijetûzen gûne út wat er it ‘Wintersfûns’ neamde, dêr't er him langer net sa tige ferantwurdlik foar fielde nei alles wat der om dat jild bard wie, koene se in ein fuort komme en gâns in skoft wille hawwe. Mar dat plan prate er sels mei gauwens wer fan 'e baan, doe't er de konsekwinsjes derfan ynseach: it wie yn dy tiid noch suver ûnmooglik om legaal de grins oer te kommen. En wat barde der mei de praktyk as er der sa staf en af út
| |
| |
rûn? Yn alle gefallen moast earst it rapport ree, dat hied er tasein en hy hie der sels ek sin oan, en dan ek noch de beide rjochtsaken. As dat allegear ienkear oan kant wie, dan stie neat harren frijheid mear yn 'e wei, en koed er faaks immen foar tydlik yn syn praktyk sykje.
Minke hearde him mei ferbjustering oan. Se tocht dat it de man yn 'e plasse slein wie. Ik nim oan dat se net alhiel ûngefoelich west hat foar de gefoelens fan de man dy't har, sa't er sels miende en ek wol ta utering brocht hat, út 'e kloeren fan de wraaknimmers rêden hie. Dat sil de reden west hawwe dat se net fuortdaliks resolút nee sei, mar him yn't ûnwisse litten en dêrtroch ûnbedoeld oanpoend hat. Hy sei ek noch:
‘Ik sil sjen har - hy bedoelde syn frou - ta de doar út te pesten. Lit se nei Brabân gean, nei har kapelaan of yn in kleaster, dy binne der genôch en se freegje nearne net nei.’
‘En wat dan?’ moat Minke frege hawwe.
‘Dan komsto by my yn.’
‘En de minsken dan?’
‘Ik bin baas yn myn eigen hûs, ik kin nimme wa't ik wol, as ... húshâldster of wat dan ek ... Ik haw skijt oan wat “de minsken” sizze.’
Minke hie gjin antwurd, mar moat har ôffrege hawwe hokker fiergeande konsekwinsjes de doarpsdokter lûke woe út dy pear tútsjes yn dy oarlochshjerstnacht oan 'e Grinzer strjitwei.
‘En dan is it rapport der ek noch,’ sei er, sûnder fierdere útlis, ‘en dêr haw ik dyn help ta nedich.’
Ek hjir hie Minke gjin antwurd op, want se wist doe noch net oer hokker rapport as er it hie. Se sil oan in skoalrapport tocht hawwe.
Doe't se it boppe stil wurden hearde, joech Sije-Afke tekens fan ûngeduld, se stie ûnder oan 'e trep te kichen. Mar de stilte
| |
| |
hie krekt lang genôch duorre om Degreve wer moed te jaan tsjinoer dat frommes dat, as alles rûn sa't it neffens him rinne moast, in soarte fan skoanmem fan him wurde moast. Net oanloklik, mar koe net oars.
Doe't er goed en wol ta de doar út wie, hie Afke de beakens al ferlein. Se wie yn dy dingen tûk en hie al gau foar 't ferstân dat der foar har dochter èn foar harsels, as it spul fan wjerskanten goed spile waard, kâns yn siet op in maatskiplike ferheging. Se rekkene der net op om Sije ea wer te sjen, teminsten thús - en dêr hat se gelyk yn krige ek noch, se hat nammers mar ien kear by him yn 'e finzenis west - en se wist dat mefrou Degreve in kring wie. Dat wist it hiele doarp. Afke spile it spul goed nei twa kanten: by it doarpsfolk yn beklach komme om dy smoarge pil dy't it op har dochter foarsjoen hie, oan 'e oare kant it spul slûchslim oanfiterje troch de dokter te bekleien om it besit fan sa'n wiif, dit lêste tsjinoer Minke. Se fertocht mefrou Degreve derfan, dat se foar de befrijing prikken yn 't wurk set hie om net allinnich Minke, mar ek har mem tagelyk mei de heit op te pakken.
Dit moat him allegear ôfspile hawwe yn 'e iere maitiid fan '46. Myn sykte hie tiden fan op- en fan delgong. Ik koe soms by de tafel sitte, net te lang efterinoar, en sette dingen dy't yn my omgyngen op papier: koarte fersen, lytse ympresjes fan dingen, tinzen, aforismen, soene je sizze kinne. Ik tocht der dizichwei oer om skriuwer te wurden, al wist ik op gjin stikken nei hoè't men skriuwer wurde kin. Mar guon fan dy stikjes waarden opnommen yn lytse tydskriftkes, tsjerkebledsjes en streekkrantsjes. Dat wie alfêst in begjin, tocht ik, en it sil faaks wol oangroeie wat der yn my libbet. Mar meastepart lei ik op bêd en sette myn reis troch de wrâldliteratuer fuort, mei help fan de pensjoenearre master Tsjerpkema.
| |
| |
Minke seach ik suver net mear. Har húshâldlike help hâlde yn febrewaris op, omdat se doe in baan krige yn Midwert op it filiaal fan Kingma's Bank. Us mem koe doe it húshâlden wer sa'n bytsje oan en ik hie leard mysels te rêden sa goed en sa kwea as dat mei myn sloppe spieren gyng.
Fan Degreve syn hâlden en dragen yn dy tiid hie ik allinnich mar wat grútsjen heard. En yn 'e krante - dy't doe noch mar yn beheind formaat ferskine koe - lies ik op in dei yn lytse letterkes, dat er, by ferstek, ta in jildboete fan hûndert gûne feroardiele wie foar it tabringen fan lichaamlik letsel oan de feehâlder S. Jilkema. As oarsaak waard neamd in út 'e oarloch datearjende ‘famyljefete’. En dat hie der wer ta laat dat it berjochtsje - fansels ta syn grutte argewaasje - stie tusken berjochtsjes oer foar it Tribunaal feroardiele kollaborateurs. Fan wat er mei Minke fan doel wie, hearde ik pas doe't se op in jûne yn april mei it hiele ferhaal by my kaam. Utrekkene by my.
Ik haw dat ferhaal, oanfold mei oare ynformaasjes, hjirboppe sa koel mooglik, miskien sels ûngefoelichwei, delskreaun, mar ik wol wol wêze dat it my net kâld liet. Ik hie, dat haw ik al ferteld, foar mysels gjin yllúzjes oangeande Minke, mar op myn eigen belangeleaze wize hâlde ik fan har en it dearde my oan, dat se yn sa'n tryste ferhâlding bedarje soe, mei sa'n bytsje kânsen. In skoftlang haw ik wrok hân tsjin dokter Degreve, dy't as troud en mei allerhande ferantwurdlikheden beladen man besocht sa'n jong fanke foar him te winnen, yn syn netten te fangen. Hie sa'n man mear rjochten op har as ik? Efkes hat dy fraach yn al syn skerpte foar my stien, mar dat wie net alhiel earlik, ik hie ommers al lang by mysels útmakke dat ik foar Minke har libben gjin ferantwurdlikheid drage koe en fan har net easkje mocht datselde foar mines te dwaan. Der wie mar ien dy't útmeitsje koe wa't rjochten op har hie: Minke sels. En sij dy't my mei tagedie- | |
| |
nens holpen hat yn it tsjusterste skoft fan myn bestean, hat my nea ek mar de minste oanlieding jûn ta in yllúzje. Se mocht my graach lije, ja, se wie op 'e ien of oare wize oan my ferbûn. Bining, oars kin ik it net beneame en miskien is der ek oars gjin wurd foar, mar miskien, haw ik doe wolris tocht, is dy bining dochs einliks fan in heger oarder as dat wat Degreve mei har fan doel is. En yn dy bining wie noch net iens it foarnaamste dat se my doe yn dy slimme tiid hòlp, mar dat se der wie, dat se ienfâldich net yn steat wie om nèt te helpen. Dat se wat fan de waarmte fan har wêzen om my hinne sprate.
Is, frege ik my ôf, dy leafde fan dokter Degreve wol mear as in gewoan, algemien-minsklik misferstân, dat mei wat goede wil, wat reedlikheid en in pear minne wiken út 'e wei te romjen falt? Of lei it dochs djipper, siet der wat fan lotsferbûnens yn, lykas by my, sij it op oare grûnen?
En wat wie der by har? In fielen fan noed oer in man dy't it yn't libben tsjinrûn wie, dy't net krige wêr't er minsklikerwize rjocht op hie, al lei dat allegear dan ek foar in part oan syn ûnberoaid aard, syn ûnmacht om de dingen yn goede banen te stjoeren?
Doe't se har ferhaal dien hie, frege se my om ried. Bist oan it ferkearde adres, tocht ik, bist by de duvel te bycht. Sil ik dy duvel dan wêze?
Mei har moaie, grutte eagen seach se my hast smeekjend oan. Smeekjend wêrom? Om har absolúsje te jaan? Om de djippere gefoelens yn har nei boppen te heljen?
Ferdomme, moast ik no wer ferantwurding op my lade, wylst ik it libjen sûnder ferantwurdlikheden foar kar nommen hie, en mei rjocht? God hat de ferantwurding yn ús skepen om in maklik middeltsje by de hân te hawwen om ús yn 'e hân te hâlden. En dêr stjonke wy allegear yn, de iene ier en de oar let. Noch altyd seagen har eagen my oan, Minke mei de
| |
| |
moaie eagen, ik moast wat sizze, it swijen waard benearjend. Praktys wêze, gewoan op it stik oan prate. Lit dan de duvel mar yn my farre. Ik sei:
‘Der is mar ien ding dat jildt, de leaf de, it gefoel, it fielen - as dat echt is? fan wjerskanten, dan hat gjin mins it rjocht it yn himsels en in oar te besmoaren. As dat echt is, wa en wat soe dy dan behinderje? God hat it sels wollen, dat de minske ferantwurding op him nimt. Meilijen mei in tredde hoecht hjir gjin rol te spyljen. Dy hat alle rjochten ferspile.’
‘Do bedoelst ... syn frou?’ frege se. Se fielde fansels feilleas wêr't myn orakeltaal hinne wiisde.
‘Dy bedoel ik,’ sei ik hurd.
‘Is it wol sa slim mei har as wy miene?’
‘Dat kinsto better witte as ik,’ sei ik, sarkastiser as yn myn bedoeling lei. It wie nammentlik ek efkes de fraach dy't yn my opkaam: Is it wol sa slim mei har? Wat wist ik fan har? No ja, in kring, mar guon froulju hawwe grut gelyk dat se de rol fan kring spylje. Mar wie dat har ynderlikste wêzen? Mochten wy dêroer oardielje? Wisten wyfan har wat mear as allinnich de bûtenkant, it earste oankommen? Mar ik wyndere hastich dy gedachten wer by my wei: de bûtenkant is ommers neat oars as de wjerspegeling fan de binnenkant.
No efterôf, nei safolle jierren, is my dúdlik wurden wat de bedoeling wie fan myn reaksje op har ferhaal: ik woe har fergje. Har twinge ta de útspraak dat fan dat ‘fan wjerskanten’ gjin sprake wie, dat har gefoelens allinnich in soarte fan meilijen wiene, en wa wit ta de erkenning dat se wat se socht allinnich by my fine koe en woe. Myn grutmoedichheid wie mar skyn. Mar as ik dat doe sels al net troch hie, hoe hie sij it dan troch hawwe kinnen? Ik sei:
‘Yn alle gefallen wit hy it better as ik. Hat er dy der neat fan ferteld? Do hast dêr dochs faak oer de flier west, moatst it dochs fernommen hawwe?’
| |
| |
‘Hy kin net sa bêst fertelle,’ sei Minke, ‘it giet meast by biten en brokken, mar hy seit wol, it is in dragonder en se moat nei in kleaster. Mar echt beklage hat er him net sasear.’
‘Hy is gentleman genôch om har noch wat te sparjen. It is net sa maklik om kwea te sprekken fan immen dêr't men mear as tweintich jier mei omsprongen hat.’
‘Der binne in soad ferfelende dingen bard,’ ferfette Minke, ‘dy't ìk him noait oandwaan soe.’
‘Mar in oare fraach is: lit dy frou, dat mins har fan 't stee kringe?’
‘Hy wol har ta de hûs út peste,’ sei Minke. It klonk net tige oertsjûge.
‘Haw dêr net al te folle fan op 'e rekken,’ rette ik har, ‘se is sa taai as hûnehier en se stiet op har rjochten.’
‘Mar se kinne dochs ... skiede?’ De toan fan dy fraach bewiisde al yn hoe'n swakke posysje as ik Minke manoevrearre hie. Mar ik makke der ek út op, dat Degreve har net ynljochte hie oer it fine fan de echtskiedingswetjouwing of - wat mear eigenskip hie - der sels it fine net fan wist. In kring fan in partner wie no ienkear gjin echtskiedingsgrûn. En dan wie der noch dat roomstsjerklik houlik, dêr't kapelaan Nuchelmans sûnder twivel in goed traktaat oer foarlêzen hie. Boppedat siet, en dat wist it hiele doarp, Degreve net allinnich troch hillige sakraminten, mar ek troch in gouden keatling oan syn wiif fêst. Op hûs en praktyk wie, mei troch syn sloarderigens by it rekkenskriuwen, noch net de helte ôfbetelle en de âld prof hâlde de toutsjes strak. Degreve soe mei in skieding syn kop yn 'e strûp fan 'e finânsjele delgong stekke, ta skea fan syn beide studint-soannen. In ôflossing op koarte termyn, de hege stúdzjekosten en dan noch in alimintaasje fan komsa, dat wie saaklik-besjoen te gek om los te rinnen. Dat allegear skeat troch my hinne, mar ik sei it net. It iennichste wat ik frege wie:
| |
| |
‘Hat er dy dan in skieding foarspegele?’
Se bleau it antwurd skuldich en dêr late ik út ôf, dat er mooglik op syn wenstige grânzgjende wize as in machts-spreuk it wurd ‘skieding’ ris temûk falle litten hie, sûnder de konsekwinsjes derfan troch te tinken.
‘It is te aventoerjen,’ sei ik. ‘Mar ik soe my fan in skieding net it measte foarstelle, sa maklik is dat net. Mar hy fynt der wol wat op. Hy is in hear’ - en ik tocht doe't ik dat sei oan syn hoed en de learene wanten dy't út 'e bûsen fan syn jekker stieken - ‘hy sil dy net stikke litte, as it him tinken is.’
‘It ìs him tinken,’ wie alles wat se sei. Gjin wurd oer myn ferburgen fraach oft it hàr ek tinken wie.
It fierder ferrin fan it petear leit my net sa presiis wurdlik mear by. It gyng der oer, dat se yn Midwert op in sjongferiening wie en dat de direkteur dêrfan sein hie, se moast sjongles nimme yn 'e stêd: se wie in natoertalint dat net ferlern gean mocht. Se lake der sels wat om, mar liet it dochs serieus yn har omgean. Ik haw it har tige oanret: in minske moat út himsels helje wat der yn sit, de ûnderste stien boppe. En ik wiisde har op it koart ferhaal dêr't ik krekt mei dwaande west hie.
Wie se ferromme doe't se fuort gie? Hie ik har, tsjin myn eigen djippere gefoelens yn, de earms fan dokter Degreve yndreaun? Der kaam gjin wissichheid, mar ik nim oan dat se keazen hat foar de yllúzje en har fêstklamme hat oan dat ta-de-doar-út-pesten. En às dat slagge koene se fierder sjen. Dàn pas de boel de boel litte en tegearre nei it bûtenlân, nei Pakistan, Perzië of Chili, en earne yn 'e wrâld yn in bamboehûs ûnder de palms in alhiel nij libben begjinne.
|
|