| |
| |
| |
In rapport
Ien en oar makke dat ik net ferheard opseach, doe't dokter Degreve op in jûne by ús de efterdoar ynskarrele om ris te ‘praten’. It moat wol in selsoerwinning foar him west hawwe, himsels út te leverjen oan in persoan dy't suver oer alle boegen syn mindere wie: wat sûnens, namme, maatskiplike steat oanbelange. Letter haw ik begrepen, hy seach nochal heech by my op, omdat ik yn dy tiid al wat namme begûn te krijen as skriuwer. Ik wie wat je neame in ‘oankommend talint’. It wie skriuwerij fan it doe nijste soarte: wat meager en hastich fan foarm, wat sinys en ek kritys tsjinoer de maatskippij, en lang net frij fan rankune, dêr't ik miende (en noch mien) rjocht op te hawwen. Dat er dy stikken en stikjes echt lêzen hat, doar ik te betwiveljen, mar ik wie yn syn each in ‘keunstner’ en dêr hat er út ôflaat dat ik syn help wêze moast. Yn twa opsichten. Om te begjinnen help by it rapport. Op 'e ien of oare wize hied er, dat murk ik al gau, it idee skipe, dat sa'n rapport, woe it fertuten dwaan, ek in soarte fan literatuer wêze moast. Hy stammere sawat op Multatuli om en him wyndere dus in moderne ‘Max Havelaar’ troch it brein, mei himsels as de edele helper en noeder fan de earme swartsjes, yn dit gefal de Joaden dy't er rêde sillen hie en miskien (moai wis) ek wol rêden hie. Mei dan Searp Jilkema en de oare tsjustere pommeranten út it doarps- en it amtners- apparaat as pleatsferfangers fan Brest van Kempen en Duymaer van Twist. It wie in wakker brike parallel, mar dêr bin ik net djipper op yngien. Hy sil de ‘Max Havelaar’ wol allinnich fan hearren en sizzen kend hawwe of út in oerskreaun úttreksel foar syn eineksamen.
| |
| |
Yn alle gefallen, hy hie in pak notysjes by him - it pak fan Sjaalman - dêr't ik, dy't frije tiid hie èn skriuwe koe, en dy't dus niget hawwe moast oan sa'n tema, dan it rapport út gearstalle koe. Niget oan de saak hie ik: de oankommende skriuwer yn my speurde hjir in kâns op in rike boarne fan ynspiraasje. En as 't wat waard, sa spegele er my foar, koe sa'n rapport ek útjûn wurde, al moasten wy dan fansels de nammen al feroarje.
Ik hie him op dat stuit alhiel yn 'e skjirre. En der fear in divelse nocht yn my, yn lêste ynstânsje èk nocht oan selsteistering, dat ik fuortdaliks myn hâlding fan grutmachtige, fan ynkwisiteur al fûn. Myn fraach wie dûbelsinnich en dêrmei rûn ik al foarút op wat tocht my syn twadde doel wie: ‘Hoe moat it mei Minke Wiuwerda?’
Hy seach my oan mei grutte, kealle eagen efter syn bril. ‘Ja,’ sei er nei in skoft swijen, ‘dat is in probleem, hè'n? Jo witte dêr dus fan ôf. Moaisa!’
‘Wa wit dat net,’ skampere ik. ‘Mar net alles. Grif net alles. Mar wol genôch om te witten dat der wat te witten ìs. Ik nim net oan, dat jimme elkoar reseptebriefkes stjoere.’
‘Dat moat der dan mar bûten bliuwe,’ ferfette er heazich, nei wat neitinken. Ik seach dat der in skril ljochtsje efter yn syn eagen baarnde. Hy wie hurd âlder wurden de lêste tiden. Ek syn nije, noch swierder bril makke him der net jonger op. ‘Dan kin it gjin roman wurde,’ lei ik der oerhinne. ‘De lju frette soks net as der gjin ferbeane of pikante dingen trochhinne mjukse wurde.’
No, dan mar allinnich in rapport, dat wie him ek genôch. As it mar ta syn doel kaam: rehabilitaasje.
‘It is sels de fraach,’ narre ik, ‘o't sij, Minke, yn in rapport mist wurde kin. De ûnderste stien sil boppe moatte, en jo sille alle kaarten op 'e tafel lizze, dat ik se hifkje kin op har al of net needsaaklikheid yn it rapport, op har relevânsje. Jo meie
| |
| |
neat benefterhâlde, al is it noch sa pynlik.’
Hy sakke efkes yninoar, joech him doe wer oerein as soed er tsjin my yn 'e pleit, mar ik ferfette hastich:
‘Wêrom skriuwe jo dat rapport sèls net?’
‘Ik kin net skriuwe,’ sei er beskamme. ‘Net in sin dy't goed rinne wol. Yn 'e holle haw ik it allegear, klear en helder. Mar dan is 't ho. As ik de pinne op 't papier ...’ It fernuvere my net.
It pak fan Sjaalman bliek te bestean út in grutte mannichte kalinderbledsjes, reseptebriefkes (wêr brûkt er dy einliks foar, hy hat ommers apteek oan hûs? tocht ik) en notysjeblokfellen fan Brocades en Stheeman, lykas dokters amtshalven presint krije. Der stie, seach ik doe't ik it spul hastich trochnoaske, wylst hy wat senuweftich en snuvend foar myn bêd op 'e stoel omwynde, suver net ien fatsoenlike folsin yn, einliks allinnich kreten, kribels, krassen en útroppen fan it soarte: ‘sei ik, geane wy fuort! fierder sjen!’ En oeral útroptekens en ûnderstrekingen, soms twa, soms trije, en wakker de romte fan lettertypen: blokletters, skean foaroer, skean efteroer, rjochtoerein. In folsleine gaos, sa te sjen. It iennichste gelok wie, dat er de papieren en papierkes nûmere hie, mei read potlead, soms mei 5a, 5b en 5c en oare tipelsinnige ûnderferdielingen dêr't ik fan hope dat der in systeem yn siet. ‘Jo sille my wolris helpe moatte,’ sei ik, ‘as ik hjir of dêr net útkomme kin. It is net it argyf fan in oarderleavjende geast.’ Dat wie him gjin beswier (hy hie, nim ik oan, yn ús nearzich arbeidersachterkeammerke al sachts safolle wille en fertier as by dat mins tusken it old finish), hy woe der mei alle leafde in pear jûnen mei my oer gear om alles te ûntsiferjen.
‘Mei ús trijen is faaks noch better,’ sei ik net sûnder haatlike bybedoelings. ‘Of mei syn fjouweren.’
‘Wa bedoele jo?’
‘Minke,’ sei ik, ‘en ... jo frou.’
| |
| |
‘Lit dy der bûten,’ sei er kiezzich, sûnder dúdlik te meitsjen o't er mei ‘dy’ ien of twa persoanen bedoelde.
‘Dan wurdt it rapport net objektyf,’ antwurde ik strang, ‘jo kenne de spreuk: audire et alteram partem.’
Hy koe de spreuk as âld-HBS'er wierskynlik net, hy swijde gâns in skoft, mei de holle yn 'e hannen. Hy wie sjendereach lytsman wurden en yn my fear tagelyk dêrmei in fielen fan divelske triomf, dat my de folgjende fraach ynjoech:
‘En wat binne jo fan doel mei Minke Wiuwerda? Ik bedoel: los fan it rapport.’
Hy kromp wer yn elkoar ûnder myn ûngenedich rjochterskip. Nei in skoft stammere er:
‘Ik hâld fan har. Mar ...’
‘Hokker rjocht hawwe jo op har?’
‘Rjocht ... rjocht ...? Alhiel gjin, tink ik.’
Hy hie fansels sizze moatten: Wêr bemuoisto dy mei, snotnoas, mar hy preuvele:
‘Ik hâld fan har. Mar soms tink ik ... soms tink ik ... tink ik ... dat der in oar is, in oarenien.’
‘Heinz?’ - myn toan wie yndied dy fan in ofsier fan justysje.
‘Miskien ... wol ... in Heinz.’
It wurdsje ‘in’ tsjutte der net op, dat hy oan in beskate persoan tocht; miskien hied er him allinne mar troch myn suggestje liede litten. Hie ik in oar antwurd ferwachte? Hy wie te goeder trou, dêr wie ik wis fan. Mar ynienen seach ik, dat er himsels wer yn 'e macht krige. Hy fandele syn hoed fan it fuottenein en kaam oerein. Ear't er lykwols opkroaske, begûn er noch oer de fergoeding, it ‘honorarium’ neamde er it, dy't ik foar it skriuwen fan syn rapport krije soe. Hy neamde it bedrach fan twa-, trijehûndert gûne èn in oandiel yn 'e mooglike winsten, mochten syn juridise stroppen har, lâns amtlike wegen, dy't no ienris net te trochgrûnjen binne, yn foardieltsjes omsette, mei skeafergoedingen en koarte ge- | |
| |
dingen en sa. Je wisten it mar noait. It wie my wol goed, al hie ik fan dy winsten gjin hege pet op.
Doe't er fuort wie gyng ik teset mei it ûntsiferjen fan de papiereboel, in karwei dêr't ik dagen en dagen mei dwaande west haw, soms mei syn help, ien kear, op myn fersiik oan him, ek mei Minke.
It rapport groeide ûnder myn hannen ek sûnder de erotise sydpaden al ta in foech roman út. Want syn ferslach wie, útskreaun en foar in part fan my úttikke op syn healsliten Remington fan fier foar de oarloch, slim wiidweidich en dreau op syn tipelsinnich ûnthâld foar futiliteiten. Der soe tige yn skrast wurde moatte en dan noch frege ik my ôf wat belang as de autoriteiten by al syn ûnnoazelheden hawwe koene. Fan dingen lykwols dy't àl fan belang wiene, lykas it synjalemint fan dy Winters, kaam net folle op 'e hispel. Oardel oere haw ik him dêroer foar de knobus hân, mar it die bliken, hy wie yn dat stik maklik te beynfloedzjen en liet him somstiden samar liede troch de suggestjes dy't ik him út eigen foarstelling fan de man ynskúnde - myn romanskriuwersbloed wurke dus al! - en dy't dan wer wiidweidich bestriden wurde moasten troch tsjinsuggestjes, dy't er dan wer like maklik ta sines makke.
Ek Minke makke net folle fan de man syn uterlik, it moast dus fan oansjende frijwat in gewoan en ûnopfallend man west hawwe, ornearre ik, wat it weromfinen der net ienfâldiger op makke. En dochs, om dy frage: Wa en hoe wie dy Winters? konsintrearre ik it ferslach, dêr gyng it benammen om en by it oertikjen yn trijefâld fan it rapport lei ik dêr yndied de klam op.
Der sieten noch gâns hiaten yn it ferhaal. Sa haw ik Degreve in reis nei Grins meitsje litten om it húsnûmer fan de al lang ferstoarne Meijer op te sykjen. En wêr wiene de beide brieven bleaun, dy't se yn Ljouwert iepenmakke hiene op gesach fan
| |
| |
in polysjeman? Hy moast it antwurd skuldich bliuwe; ferskuord of ferbaarnd wiene se yn alle gefallen net. Mar hy moast dochs begripe, sei ik, dat sokke dokuminten yn it hiele ferbân fan net te ûnderskatten wearde wiene.
Letter kamen dy briefkes dochs noch foar 't ljocht en haw ik der yn syn bywêzen mei in gewichtich gesicht op omstoarre, as siet der de ien of oare koade efter ferburgen. Ik kaam der net út, mar de briefkes binne by it dossier lein, as bylage I en II.
In oar ding dêr't er net om tocht hie, wiene de kwitânsjes dy't de hantekening fan Winters drage moasten. In grafolooch, tocht my, moast útmeitsje kinne o't dat in echteof in falskenien wie. Boppedat koe dy hantekening faaks oan 't ljocht bringe o't de namme ‘Kees’ fan K. Dykstra wie, wêrby't de ‘W.’ op 'e oare brief op Winters òf op 'e foarnamme fan de ferstoarne Van Dyk slaan koe.
Nei gâns sneupein yn 'e fertutearze doktersadministraasje, dêr't ek de fiskale resjerzje alris yn omnoaske en beskate spoaren yn neilitten hie, mar dêr't ek famyljefoto's tusken swalken, kamen der dan twa kwitânsjes foar 't ljocht, mar de hantekening hie gjin foarletters en allinnich as men it wist koe men der sokssawat as Winters fan meitsje. Der wie tusken dy beide hantekeningen, lykas Searp Jilkema al konstatearre hie, ek nochal wat ferskil.
Myn eigen grafologise spekulaasjes smieten neat op, ek net mei help fan in swierwichtich en wierskynlik healwittenskiplik ‘Handbuch der Graphologie’, dat ik Degreve foar my helje liet út 'e Ljouwerter biblioteek, mear om him myn macht fiele te litten troch it jaan fan opdrachten as om't ik der útslútsel fan ferwachte. Dit gesneup op sydspoaren joech my al it gefoel dat ik myn twa-trije-hûndert gûne plus eventuele winsten net foar in sinekuere taparte krije soe.
Ek fierder bleauwen der yn it te skriuwen dokumint noch
| |
| |
tsjustere punten dy't Minke noch Degreve oplosse koene. Hjir en dêr sprieken se elkoar tsjin, bygelyks op it stik fan de yn Grins folge rûte by de ûnderskate adressen lâns, en se joegen elkoar dan ynienen wer op ûnberekkenbere en ûnkontrolearbere wize gelyk. Benammen Degreve foel fan de iene tsjinstridichheid yn 'e oare, hy wie slim suggestibel. It einresultaat wie dan meastal nihyl. Sa kaam der bygelyks gjin antwurd op myn fraach oft dy Winters of wa't it dan mar wie, echt Hollâns praten hie of bygelyks in Saksys dialekt. En ek fan it petear sels wie mar in bedroefden bytsje te efterheljen.
It wie dus in heikrewei om de tizeboel útinoar te winen, mar lang om let slagge it my doch om, mei f oarlopige ophelderingen en psychologise ferklearringen fan mysels der op ta, faak yn 'e foarm fan gewichtich-klinkende fuotnoaten mei B.M., der in draachlik en struktureel hecht gehiel fan te meitsjen. It ramt fan in roman, sis mar. En sa koe, nei in goede moanne fan plúzjen, skriuwen, skrassen, feroarjen en tikjen, it stik yn see, nei de autoriteiten - de resjersjeurs moasten it no fierder mar ûtsykje, tocht ús.
De jûne dat it dokumint ûndertekene wurde moast, waard sels in lyts húslik feest by my dêr't er Minke foar útnoege hie (sûnder my te freegjen). Hy tsjoende mei bernlike triomf út syn partus-tas in flesse wyn tefoarskyn (en letter nòch ien), en hâlde in grânzgjende taspraak dêr't kop noch sturt oan te finen wie. Allinnich de taspiling op Multatuli (mar hy spriek no fan Douwes Dekker) wie noch dûdlik. De sûzerichheid dêr't de drank, yn gjin jierren preaun, my yn brochte, makke my myld en tagedien en oerstjalpe myn gefoelens fan wranteligens.
Minke hâlde har op in distânsje, mar Degreve hie der lijen mei. Leafst hied er ûnbeskamsum mei har frije wold, al of net yn myn bywêzen. Sa no en dan drige Minke har ferwar,
| |
| |
fyngefoeligens foar my oer of oanberne keinens, ik hâlde it op it lêste, wei te ranen yn 'e koppige wyn, dy't wy út teekopkes dronken. Ik hie it grappich idee, dat ik de hâlder fan in rendez-voushûs wie, en as wy noch romte dêrfoar hân hiene - mar foare en boppe behearske ús mem har skerp each en noch tûker ear it terrein - hie ik faaks de grutmoedichheid noch fierder dreaun en him alhiel frij spul jûn.
Mar de weromslach kaam gau genôch. De oare moarns fergriemde ik my fan oergeunst - wat hiene dy twa dien nei't se hikjend en gycheljend myn keamer ferlitten hiene? - en wist ik boppedat út myn dreamen, dat myn manlike potinsje ûnder it jierrenlang heal-wêzen dochs net alhiel belies jûn hie. En de middeis brocht Minke, no in hiel oare, in earnstige, stûf-sjende Minke de tryste tynge dat ús ‘feest’, dat ik it ‘Winters-feest’ neamd hie, ek noch in tragys gefolch hân hie. Yn it doktershûs wie, sa likernôch op it stuit dat wy de flesse iepenloeken, melding ynkommen fan in man mei akute krampen yn 't liif. Mefrou hie, al of net yn oprjochtens, sein dat har man net thús en ek net te berikken wie. Har in bytsje kennende - mar wat hjìt kennen? - haw ik it fermoeden, dat se har man hjirmei yn in falkûle loadse wold hat. Se moat witten hawwe dat har man by my siet, om't er de lêste tiden gauris syn jûnen by my trochbrocht hie. In kollega út in oar doarp, nei in skoft wachtsjen troch de wanhopige famylje skille, kaam ridlik gau, mar koe fan de pasjint allinnich mar mear de dea fêststelle. Moai wis oan in fertutearze bline term. Fansels hie Degreve minsklikerwize de man ek net mear rêde kinnen, mar sa redenearje de lju net: yn dy oere fan wachtsjen hie it slachtoffer noch holpen wurde kinnen. Der kaam dus praat fan. Ek Degreve syn medisinale papieren sakken hurd. Us buorren seach skerp en sels de wynflessen binne, joast mei witte hoe, buorkundich wurden. It betsjutte it begjin fan Degreve syn maatskiplike ûndergong. Iderkear faker waard
| |
| |
de auto fan in kollega út in oar doarp yn ús bûtenkriten sjoen. En by tsjuster, waard der sein, kaam dy man ek wol stiltsjes op 'e fyts, djip yn 'e krage weidûkt, by ús yn 'e buorren, it earst by Searp Jilkema syn mûzel-bern.
Underwilens wie Searp de Grutte syn oanklacht oer de mishanneling wer op 'e gleed rekke, no yn heger berop, omdat de man yn earste ynstânsje gjin skeafergoeding krige hie foar syn skonk en syn ribbe. Nettsjinsteande polysje Keegstra syn fersoenjende oanwêzichheid, besykjend te kearen en te heinen. Nammers, polysje Keegstra rekke dy simmers fan '46 alhiel fan 'e baan. De man waard skorst, fanwegens de beskuldiging dat er yn 'e besettingstiid in ding dien hie dat gjin ljocht ferdrage koe út in eachpunt fan heitelânsleafde. Der soe wat west hawwe mei in delsketten alliearde piloat, in neger dy't by in boer yn 'e Suderwarren, oan it fuottenein fan 'e wrâld, ûnderdûkt wie en himsels kaugomkôgjend te folle yn 'e iepenbierens plichte te jaan. Op in nacht waard er yn Keegstra syn (swijend) bywêzen fan in Dútse patrûlje ophelle. Neffens guon hie Keegstra hjirmei in warskôging oan 'e piloat wiermakke troch de SD te skiljen. Neffens oaren hiene de Moffen him mei de revolver op it boarst twongen om de pleats oan te wizen. Hoe dan ek, Keegstra is mei stille trom, nei hast tritich tsjinstjierren, út ús doarp weirekke. Jierren letter haw ik him nochris yn 'e stêd sjoen, âld en griis wurden en yn in suterich reinjaske. Hy makke de yndruk fan sa'n man dy't mei tastimming fan it stedsbestjoer op eigen risiko parkearplakken bewekke. Ik hie net de moed om him oan te sprekken.
Mar Keegstra of gjin Keegstra, Jilkema woe syn rjocht hawwe. Hy hie de pols ferkloft by it ûngemak en in ribbekniesd (net brutsen) en wie dus in wikemannich arbeidsûngeskikt, mei skea foar syn bedriuw. En noch ôfsjoen fan de te lytse boete foar de bolbjirken dokter en fan de dokterskosten en
| |
| |
de bedriuwsskea gyng it him, sei er tsjin elk dy't it hearre woe, yn lêste ynstânsje om it Rjocht, dat der no wer yn it lân wie, om it prinsipe, om it spul fan 'e demokratsy, net om 'e knikkerts (al wiene dy moai meinommen). Sadwaande krige it pak fan Sjaalman allerhande ferfolgen op ûneachlike klad-briefkes, dy't no wol net ta in nij rapport hoegden te lieden, mar dy't dochs geskikt wiene as materiaal foar de roman dy't Degreve no wolris in kear sjen woe: de kroan op syn libben, dy't yn syn each in wrâldsukses wurde koe: ‘De ûndergong fan in doarpsdokter’ (hy boarte graach mei wurden as: ferliezer, ûndergong, nederlaach, delgong ensafuorthinne), mar dy't tagelyk, al wie it mar suver juridys, yn 'e ein syn rehabilitaasje bringe soe.
Fol moed sette Degreve dan lang om let nei syn advokaat yn 'e stêd ta, wapene mei in ôfskrift fan it rapport. It die bliken dat hy en it juridys tinken elkoar alhiel frjemd wiene. De saak sels, lei mr. de Goede him út, lei och sa simpel. In kwestje fan ienfâldige mishanneling, dêr't sjoen de driftsituaasje fan de fertochte wol wer in foarwaardlike feroardieling mei of sûnder jildboete op falle soe. Mar de fertochte (‘delinkwint’ neamde er himsels koppich) bleau oertsjûge fan syn gelyk: hie hy dan net it rjocht en ban in lestige man fan syn eigen gerjochtichheid, byneed mei geweld, as dat net mei ‘goede wurden’ gyng? Mar dy ‘goede wurden’ wie de ‘delinkwint’ sels by efkes trochtinken ek al net sa wis mear fan, en der hie ek net safolle oer yn it proses-verbaal stien. En dan wie der noch de saak fan de bedriuwsskea dy't Jilkema oprûn hie, sûnder mis in slim en ferfelend ding foar in boer dy't op ien stuit trije ûnderdûkers oan 'e Frijheid ôfstean moatten hie. In minlike skikking mei de fersekeringsmaatskippij woe mr. de Goede syn uterste bêst foar dwaan, mar dat wie in slim betize saak. Degreve hie it idee dat er oan in gerjochtlike dwaling te'n off er falle soe. Sels mei in skuldichferklearring
| |
| |
sûnder tapassen fan straf soed er net tefreden wêze. Hy hie boppedat it idee - ik haw omdôch besocht him dat út 'e holle te praten - dat mr. de Goede syn persoanlike fijân wie, al moast er dy no't de saak ienkear rinnende wie, wol as syn pleitbesoarger hâlde. Mar hy hie sa'n ûneinigen betrouwen yn 'e earlikheid fan it Rjocht yn Nederlân en mr. de Goede soe, tocht him, troch it lêzen fan it rapport wol bekeard wurde ta in grutte iver yn tsjinst fan dat Rjocht. Sa grut wie sels syn betrouwen dat er ek diskear miende net troch sels te ferskinen gewicht op 'e goede kant fan de skealjes lizze te hoegen. It koe sûnder him wol ôf, al warskôge De Goede him dat it net yn syn foardiel wurkje soe. It wie sels de fraach oft de ferdigener wol oan it wurd kaam as de fertochte sûnder jildige reden weibleau. ‘Ik hàw in jildige reden,’ hie Degreve bromd. Fan doarpsgenoaten dy't kâns seagen in plakje op 'e publike tribune te besetten, haw ik heard dat de hiele saak yn noch gjin kertier ôfhannele waard. Dat mr. de Goede, iverich yn papieren blêdzjend, in pear amper fersteanbere dingen sein hie oer oermacht en oer de emosionele drif tsituaasje fan in man dy't bûten syn skuld en te goeder trou yn yllegale swierrichheden rekke wie dêr't ek húslike problemen net frjemd oan wiene. De ofsier en de griffier hiene by dat lêste fyntsjes glimke, wylst de rjochter ûnoantaastber strang bleau by de âlde eask en der in twadde oan tafoege: skeafergoeding oan it slachtoffer ta in maksimum fan achthûndert gûne. It wie foar de doarpsgenoaten, dy't de lange reis ûndernommen hiene yn it fjouwerkantich Kanadeze-buske dat syn wankele tsjinsten ûnderhold, nochal in ôfdijer. Se hiene mear sensaasje ferwachte, bygelyks in botsing tusken fertochte en advokaat. De kranten hawwe it gefal net iens mear melden. Mar Degreve gyng by it telefoanpetear mei mr. de Goede as in liuw tekear. Der wie gjin rjocht mear yn Nederlân. Alles koe barste, rjochters en advokaten.
|
|