| |
| |
| |
In kapelaan
Hjir hie it by bliuwe moatten. Mar Degreve wie der de man net nei om slûpe te litten wat him yn syn brein fêstset hie. Hy hat dy hjerstmis en winter wat men neamt in swiere striid te striden hân. Hy wie in bûtendoarminske, mar gjin wylde bruier, gjin avonturier. Hy hie in Sterke bining mei syn wurk, syn doarp, syn hûs en - last mar miskien ek wol least - syn frou. Oft er genôch erotise freugde by dy lêste opdie, mei betwivele wurde, sjoen har strange en kâlde hearsksucht. Mar dêr kin men jin maklik op fersjen: yn sokken wol noch wolris in berutsen fjoer ferheftich oplôgje. Mei syn beide jonges hied er yn dy tiid net folle kontakt, de jongste, gymnasium-learling, wie noch thús - fan skoallegean kaam net folle mear -, de âldste siet as earste-jiersstudint ûnderdûkt by in mei de heit befreone boer yn de Suderwarren en makke fan syn ûnderdûkerij in soarte fan feest.
De yllegale swierrichheden en de benearing fan oarloch en besetting - it wie yn 'e dagen fan de slach om Arnhim en wat dêr op folge - grypten Degreve slim oan, en dêr koed er nearne mei hinne. En faaks foelen dy spanningen dan gear mei de pynlike erfaring fan âlder wurden, dy't mannich man, nei't der sein wurdt, om syn fyftichste hinne yn in krisis bringt.
En dêrfoaroer stie dan dat oare, it avontoer mei Minke Wiuwerda yn dy Twizeler hjerstnacht, dat yn wêzen net folle om 'e hakken hie, mar dat yn syn feralterearre brein de foarm fan in mystyk wjerfarren oannaam. Hy koe dat net loslitte, sij wie foar him - nim ik oan, want in grut part fan wat ik notearje, is fansels spekulaasje - in lêste yllúzje oer hoe't alles
| |
| |
oars en better ferrinne kind hie. Hy hie yn 'e need fan in hjerstnacht dat jonge fanke mei har moaie eagen yn syn earms hân en dat, stel ik my foar, efterf olge him dei en nacht, makke him ta in ûnrêstlijer dy't foar alle ferstânsarguminten op 'e rin gyng. Hy hie troch dit oan te gean in ferantwurdlikheid op him nommen foar ien dy't better lot fertsjinne hie en dy't boppedat út 'e kloeren fan de wraaknimmers op 'e befrijingsdei weihâlden wurde moast. Wêr bedarre dat fanke as hy har losliet en sels weromkroep yn it feilich beskûl fan syn houliksstins?
Mar troch har oan him te binen stjoerde er himsels fuort út 'e reglemintearre oarder fan it deistich bestean, de woastyn yn, hy kappe de kabels troch dêr't er mei oan 'e fêste wâl fan de maatskippij fêstsiet, mar ek: hy soe him kompromittearje mei it gesin fan in ferachtlike lânferrieder.
Syn ferlechje thús oer it in nacht weibliuwen wie tige ienfâ ldich: hy liet Minke út syn ferhaal wei en hâlde allinnich himsels oer, de reis nei Grins om medikaminten en it nachtferbliuw yn 'e auto healwei Twizel en Burgumerheide. Mar it ferhaal hâlde net lang stân. Degreve wie mar amper de praktyk yn mei syn stjonkende en rikjende auto, of de befreone ynternist wie oan 'e telefoan en de moard kaam út. De ynhâld fan it telefoanpetear dat er mei mefrou Degreve hie, is my net bekend, mar men kin it fan tinken wol hawwe, al bliuwt it de fraach oft dy ynternist (de man is al jierren dea) mei opsetsin of út ûnnoazelens hannele hat.
Minke hie yn 't earstoan mear lijen mei hàr ferlechje (de bus mist, en de nachts oerbleaun by in suster fan de sike freondinne). In nacht stil fan hûs weibliuwe wie by Sije-Afke gjin wenst. En dêr kaam noch by, dat Heinz dy jûns op 'e stoepe stien hie mei in grut bosk blommen en it doel Sije en Afke om 'e hân fan harren dochter te freegjen, fansels yn dy dochter har bywêzen. Hy hie berjocht krige dat er ien of twa
| |
| |
dagen letter oerpleatst wurde soe nei de midden fan it lân, nei de omkriten fan it omstriden Arnhim. Hy kaam by Sije-Afke net foar de winige doar, mar al hoe lang't se wachten, it objekt fan syn begearte kaam net thús. En al dy tiid hie Heinz syn griis Wehrmachtsautootsje dêr iepen en bleat foar de slachtersdoar stien. Heinz hie him grutte soargen makke oer it weibliuwen fan wa't er dochs as syn oansteande breid seach. Gjin niget, dat Afke har yn bittere ferwiten útliet.
Mar dat wie net alles. Doe't mefrou Degreve dy moarns in pear oeren omdôch op har tsjinstfaam wachte hie (de oare, de ‘earste’, wie siik wurden), waarden der twa dingen, net te ûnrjochte, mei elkoar yn ferbân brocht. Faaks hie de ynternist frege nei it wolwêzen fan Degreve syn ‘assistinte’. En doe't Minke tsjin 'e middei dochs noch op it doktershûs ferskynde, krige se dêr ûngenedich de wyn fan foaren. Oer snobbersreiskes mei troude manlju.
‘Der is tusken ús neat bard, as mefrou dat bedoelt,’ sei Minke.
‘Dat moast der noch bykomme. Bist wol de dochter fan in lânwachter, mar ik nim net oan datst in hoer biste.’
‘Ik bin net fan de NSB. En oer dat oare wol ik net iens prate.’ ‘Ik miende oars dat der wolris in moffe-ofsier by jim oer de flier komt. En dy komt grif net foar dyn mem!’
Dat wie Minke te folle. Se sloech mei in lûde klap de doar efter har ticht en fytste stadich werom nei hûs. En dêr begûn it gedonder mei Afke fannijs. Ik moat der wat fan heard hawwe, want it hie pleats yn it efterhûs dêr't Afke oan 'e wask wie, mar ik koe de wurden net ferstean. It waard ek gau wer stil yn it slachtershûs, want Sije wie der net, dy siet efter de slûkers (of de ûnderdûkers) oan. Ik haw leau 'k noch efkes tocht: As ik my better bewege koe, gyng ik derhinne en skuorde har út 'e kloeren fan dat rotwiif wei. Mar wat de oarsaak fan ien en oar wie, wist ik noch net, ek net dat de
| |
| |
fergese reis fan Heinz dêr in rol by spile hie. It iennichste dêr't ik fermoeden fan hie, wiene de grutte spanningen tusken mem en dochter. Miskien hie ik har troch it sydrút beroppe kinnen en har by ús thús in ûnderdak oanbiede, tsjin it sin fan myn âlden yn, fansels. Mar ik woe my net bedrinke oan in waanidee.
Hjir stiet ‘woe’, mar ik bedoel einliks: ‘wol’. It is in tinkbyld dat ik nò haw en doè hawwe moatten hie. Neipraat - de yllúzje dat ik foar de twadde kear in kâns, in mooglikheid falle liet. In yllúzje: want wàt yn 'e goedichheid hie, yn de situaasje dêr't ik doe yn libbe en mei de foarútsichten fan doe, Minke mei my kinnen, steld al dat se gefoelens foar my hân hie?
Spanningen fansels ek yn it doktershûs. De jongste soan, Bart, gymnasiast heechste klasse (hy hat letter yn 'e befrijingsrûs syn diploma-bêta kado krige), spile dêryn net swak by en makke syn heit út foar moffehuorrejager of sokssawat. Gjin taal oars foar immen dy't mei klassike talen en in fikse poarsje abstrakte wiskunde opbrocht is.
Wat der dy winters - it begjin fan wat yn oare parten fan it lân as Hongerwinter te boek stiet, mar by ús net sa neamd wurde kin, al wie de stamppot-mei-koalraap en hjir en dêr in foech triedsje taai fleis, alles út 'e mienskiplike pot, gjin lekkernij - fierder tusken Degreve en Minke bard is, wit ik net. Se wiene dêr beide letter noch al efterhâldend mei. Der waard grute dat se elkoar wolris op tsjustere jûnen moete hawwe yn 'e stege tusken ús hûs en de slachterij, en dat kin wêze, mar ik haw der nea wat fan fernommen en der ek net op yn freegje wollen. Wis is, dat der gjin twadde reis nei Grins makke is: Degreve liet de saak-Winters rêste, by de befrijing rûn er noch mei dat jild om en doe hat er it opspoaringswurk fuortset, mar dêr kom ik noch wol oer te praten. Yn 'e earste moannen fan '45, doe't de befrijing, mids snie- | |
| |
buien en in soad mistreastichheid, ek foar Flokswert op kommende wei like, krige Degreve de hannen fol oan de evakuee's út it Suden, út Limburch benammen, dy't it doarp befolken en dy't sels de alhiel nije, nijsgjirrich oangappe ferskining fan twa kapelaans en in roomse mis op 'e herberchseale meibrochten. In taktikus op it evakuaasje-buro fan Midwert skikte it sa, dat ien fan dy kapelaans ûnderdak krige yn it doktershûs, yn 'e hoale fan de liuw dus. Mefrou Degreve, dy't moai wis weromtocht oan har earste houliksjier yn Brabân, koe it mei kapelaan Nuchelmans wakker roaie. Wat him krekt ôfspile hat, kin ik net neigean, mar de kapelaan gyng foar in man mei apostolise iver en mefrou kin him as bychtfader brûkt hawwe. Hy waard yn alle gefallen tige let en set, en holp soan Fons fakkundiger mei Homearus en Livius as de heit dat kind hie. Degreve sil syn oanwêzichheid minder de fergiene glâns fan syn jong houlik yn 't sin brocht hawwe as syn mislearre striid tsjin de geastlikheid yn de saak fan de middeltsjes en it al of net neaken baaien. Hy koe mei dizze geastlike, yn syn each in mei alle helpmiddels fan ieuwen geastestechnyk yn 'e ynkwisysje grutbrocht fanatikeling en skerpsliper sûnder harsens, net prate en hat de man, waans habyt him al ta in argewaasje wie, ek net behannele neffens dy syn steat. Hy hie boppedat it idee, dat de kapelaan efter syn rêch gearspande mei syn frou, om hìm de wei nei Rome wer op te driuwen. Dat is allegear tige oerdreaun, kapelaan Nuchelmans wie wol gjin siden himdsje en gjin wûnder fan ûnnoazele blierhertichheid, mar nei wat ik fan oaren oer him heard haw lang sa fanatyk net as er like mei syn skraal postuer en meagere kaken. En de apostolise iver tsjinoer ôffalligen wie, tinkt my, de man syn goed rjocht. Faak hawwe se elkoar yn dat doktershûs ek net troffen. Ienkear hat Degreve him trappearre doe't er ien fan dokter syn djoere, mei tige soarch foar spesjale gelegenheden bewar- | |
| |
re sigaren siet op te smoken. Mar dat wie in jefte fan Adèle, om't it de man syn jierdei wie. En dat moast dus ynskikt wurde. De kapelaan wie der gauris op út foar help en bystân oan syn parochianen of siet folslein lûdleas op syn kâlde sliepkeamer te lêzen, it iene brevier nei it oare, neffens Degreve. En de dokter sels hie it sa drok as fleanen. Der wiene ûnder dy evakuee's, meastepart fersutere en útrûpele arbeidersminsken en lytse middenstanners - de mear begoedigen hiene ornaris sels wol in goed hinnekommen socht - frijwat sike, heale en kaduke lju. En dat kaam allegear by de gewoane praktyk. Fierder wiene der wolris pleatsingsswierrichheden dêr't de dokteryn riedjaan moast. Lang net elkenien wie der gleon op guons yn 'e hûs te nimmen, der waard grute, it meastepart siet ûnder it libben guod, t.b. wie net seldsum en rude it minste dat se hiene. Dat joech gâns heibel yn it doarp, ek al wiene der gjin ynvaliden en groanyske pasjinten by - want de christlike leafde wol gauris by luzen en flieën ophâlde. Wy rekken frij troch myn sykte (dat hie ús mem beoardere mei de pleatsingskommisje, hoewol't wy oars wol plak hiene), mar by de Wiuwerda's kamen twa âlde lju oer de flier dy't krebintich, prottelich en de helte fan 'e tiid heal wiene fan ûnwennichheid en kjeldlijen. Dat joech Degreve dan wer de gelegenheid Minke in pear minuten te moetsjen. En hoe't er it hân hat wit ik net, mar hy seach kâns om har te beheljen yn it komitee dat de Flokswerter evakuee's berêde. Se holp yn it tsjerkelokaal by de opfang, by it útdielen fan snert en stikken bôle, klean en oare útris. Ik tink my sa yn, dat se as in goede fee by al dat fertutearze folk lâns gyng om help en treast te jaan, lykas Florence Nightingale by har Krimsoldaten. Mar it foel net by elkenien like goed. Mefrou Degreve kaam der achter en skynt by de autoriteiten klage te hawwen, dat in NSB-faam hjir goede wurken stie te dwaan om letter frij te kommen. Minke krige fan de domenysfrou de wink
| |
| |
om it der fierder mar by te litten. De slimste drokte wie nammers oer en elkenien sa'n bytsje te plak.
Doe't dan mids al dy Spanningen de befrijingsdei yn 't sicht kaam, hat dokter Degreve by de fersetslieding, dy't syn fertsjinsten, ek foar de ûnderdûkers, net ûntstride woe en ek wurdearring hie foar Minke har meiwurking oan in aksje, in goed wurdsje foar har dien en it ûnthjit krigen dat se by de befrijing gjin lêst hawwe soe. Hy hat ek foar de heit-lânwachter noch besocht wat te dwaan. Mei de saak-Winters efter him, dy't foar Minke pleite, wie der in kâns, sa redenearre er, dat der wat fan op de heit ôfstrielje soe, as dy sels yn goedens woe en gjin gekke dingen úthelle.
Mar krekt op it kritike stuit sette de grouwe slachter de hoarnen yn 'e wâl en besocht der út te piken. Dêrmei bedoar er de lytse kânsen dy't er noch hie (it ferhaal oer oansketten fersetsman efter de hikke wie doe noch net algemien bekend). Dy ôfspraak wie de reden ta Minke har yngripen doe't Sije ûnder myn bêd in ûntwyk sochte. De man hie begripend tasein, dat er him sûnder ferwar oanjaan soe, as ‘se’ kamen, mar doe't er it wetter oan 'e lippen fielde, sette er it dochs noch yn 'e kant. Se wist dat dy man arrestaasje net ûntkomme mocht, al wied er har heit. En Sije-Afke moat har dêryn stipe hawwe: dy hie de beakens al ferlein en ferwachte fan Sije syn arrestaasje foardiel foar harsels, Afke seach fierder yn 'e takomst.
Ik nim oan, dat de fersetslju neat foar Sije dien hawwe, syn sûnderegister wie dêr ek net neffens, benammen net doe't útkaam dat hy mei ferantwurdlik wie foar de lettere dea fan in fersetsman. Mar ek mei Minke hawwe se noch problemen hân, want koart nei har man hat ek mefrou Degreve mei master Van Reekom en noch in pear praat en der op oanstien dy gefaarlike Minke Wiuwerda tagelyk mei de heit yn te rekkenjen. It joech dy mannen wol in eigenaardich sicht op
| |
| |
'e ferhâldingen yn it doktershûs. En dêr moat dan de tuskenoplossing út fuortkommen wêze: in pear dagen hûsarrest en besiik fan in resjersjeur. It hierknippen wie by de ôfspraak net ynbegrepen en foel bûten de ferantwurdlikheid fan de lieding.
Mar by it petear fan mefrou Degreve kaam ek noch wat oars oan 't ljocht. Want doe't de mannen fêststelden, dat Minke yn 'e mande mei har man yllegaal wurk dien hie, miende mefrou útbringe te moatten, dat dat yllegaal dan wol meast op erotys terrein lizze soe: dy hiele saak-Winters doogde neffens har lang net, har man hie dy oangrypt om Minke foar syn karke te spannen. Dat hat doe wer fierdergeande konsekwinsjes hân, dy't har al gau nei it befrijingsfeest oppenearren. De mooglike ûnsuverens fan de saak-Winters waard buorkundich en in pear lju dy't frij grutte bedraggen jûn hiene, fregen Degreve sa by de noas lâns om in ferantwurding fan dat jild. Dat die benammen Searp Jilkema, in boer op in tsjerkepleats, dy't it yn 'e oarloch aardich foar de wyn gien wie, troch klandestyn slachtsjen en goede ruilen mei hongerswalkers, en dy't faaks besocht hat syn gewisse en syn eangst foar mooglike heffingen oer oarlochswinst wat te ûntlêstigjen troch rojale, hast tè rojale stipe oan it Winters-fûns fan dokter Degreve. Dy koe net folle oars dwaan as de boer in pear kwitânsjes ûnder de noas te hâlden, dêr't yndied in foech hantekening ûnder stie dêr't ‘Winters’ yn te lêzen foel. Dat wie dan teminsten in bewiis dat dokter dat jild net yn eigen bûse stutsen hie. Mar it wie Jilkema net genôch, temear om't er noch miende te bespeuren, dat de hantekeningen net allebeide gelyk wiene. Hy woe dus witte wêr't dat jild bedarre wie. Doe't de dokter net yn steat wie en jou dêr ferantwurding fan en sinspile op syn eigen swierrichheden om efter de identiteit fan Winters te kommen, wie dat foar Jilkema it bewiis dat de saak luzen hie. Dokter hie him yn 'e pet lûke
| |
| |
litten, en dat soe it doarp witte ek.
Jilkema hie miskien yn begjinsel gjin ûngelyk, mar hy koe gjin begryp opbringe foar it grinsgebiet tusken goed en kwea yn oarlochstiid. Hy wie ien fan dat slach dat it oeral en altyd hegerop sykje wol, mei lange, ûnbegryplike reklames en protestskriften fol ûnderstrekings en útroptekens. Ik haw fan ús heit, dy't it witte koe en it noch te witten kòmme soe, wolris heard hoe'n lestich stik potiten as dy tsjerkeboer wie as it om Syn Rjocht gyng. Dan wied er, hoe gemoedlik ek yn oare omstannichheden (yn it ‘stek’ fan 'e tsjerke bygelyks), in bloedhûn gelyk dy't syn ein nea slûpe litte woe. ‘Oer myn lyk!’ plichte er dan te roppen.
It wie fan dy gefolgen, dat Degreve resjersjeurs oan 'e doar en yn 'e sprekkeamer krige, twa mannen mei sloppe huodden op en aktetassen yn 'e hân, ien mei en ien sûnder snor. Se wiene stjoerd om de affêre-Winters nochris oer te eidzjen en as it koe op te lossen. Degreve wist de saak ynearsten ôf te wimpeljen mei it ûnthjit, dat er sels alle prikken yn 't wurk sette soe om Winters op te spoaren. Dat moast er ommers dochs, want der lei noch in goede trijetûzen gûne dêr't er sûnder Winters syn goedkarring slim in doel oan jaan koe. Hy spile yn syn eigen each in tûk spultsje mei de mannen, troch der sûnder euvelmoed fan út te gean dat de saak suver wie. De iennichste ferfelende komplikaasje wie dat de man, yn oerienstimming mei syn yllegale status, in ûnechte namme opjûn hie. De resjersjeurs lykwols wisten fan dy fergese reis nei Grins en achten dat gjin bewiis fan de suverheid. Doe sei Degreve, dat men fan dy suverens útgean moast, salang as it tsjindiel net bewiisd wie, wêr bleauwen je oars? De mannen koene dat wol wat ynskikke en twivelen persoanlik net oan dokter syn goede trou, al setten se by de saak sels in grut fraachteken. Mei it ûnthjit koene se wol akkoart gean, mar se tidigen wol op in gaueftige ôfhanneling fan saken.
| |
| |
En Degreve, dy't it allegear oan 'e strôte tasiet, begûn fannijs syn neispeuringen nei de geheimsinnige man dy't Winters hjitten hie, diskear sûnder Minke, fansels. Dat er foar de tiid noch in minder noflik ôfskiedspetear hie mei de kapelaan, dy't mei syn parochianen wer nei Limburch ôfreizge en dy't er der fan fertocht dat er him troch syn frou opstokelje litten hie, makke syn gemoedstastân der net better op.
Dy Nuchelmans sei no wol net planút dat Degreve mis wie mei syn wize fan libjen, mar hy prate der wol yn sadanige wurden omhinne, dat de wink dúdlik wie: Degreve soe der goed oan dwaan de bân mei de Tsjerke oan te hâlden, hy siet hjir yn ‘partibus infidelium’ en dat koe maklik oanlieding jaan ta ferslopping fan de bân. De geastlike man gyng der gewoan fan út, dat Degreve him noch katolyk fielde en neamde, en dêr siet yn safier wat yn - wat wied er òars? In protestantse tsjerke hied er fan syn libbensdagen net fan binnen sjoen oars as foar in begraffenistsjinst fan in ekspasjint. In ateïst wied er ek net echt. Hy leaude wis wol dat der earne ‘wat wie’. Hy wie it net, mar hy hie Frijmitsler wêze moatten. Hy wie allinnich mar, - ja wat wied er? Hy moast tajaan dat er him nea de tiid gund hie om dêr by stil te stean. Hy wie in foarstanner fan de beheining fan it bernetal, en hy hie dêr syn goede reden ta. Mar dat koed er tsjin dat jonge broekje (yn dit gefal earder: rokje) net sizze. Hy fielde yn himsels de bekentenis fan in ûnmacht: ik, fyftich jier âld, haw nea de moed hân ta in goed en djipgeand selsûndersiik. Underwilens wie de kapelaan handich genôch, dat moast tajûn wurde. Yn in omsjoch hied er it paad sljochte foar in wiidweidige, mei hilligen en tsjerkefaders opgniste ferhanneling, in tractatus om sa te sizzen, oer de katolike houliksopfettingen. It koe ek gean foar in ûnpersoanlike foarm fan ynformaasje, mar Degreve fielde blinderse goed de angel dy't der yn stiek. Hy riste him ta foar in ferwar, mar fielde tagelyk
| |
| |
dat dat eins net nedich wie tsjinoer de op sa neutrale toan fuortbrochte predikaasje. En as er syn wjerwurd jûn hie yn 'e foarm fan in wyldseauwich kommintaar fol brike brimstichheden, lykas syn wenst wie, hie de kapelaan him mei de him eigen kalmte maklik fan 'e sokken praat. Gelokkich ferloste de telefoan him fan it ûnderhâld, hy koe kapelaan en sigaar yn 'e steek litte, op wei nei in befalling dy't, wist er, noch wol twa dagen op him wachtsje litte koe.
Dy jûns kaam der fan 'e post in brief dat er al net mear ferwachte hie. Hy hie skreaun oan it adres fan de neef fan syn skoanheit (mar dêr't er no fan wiste dat it in fiere efterneef fan syn skoanheit wie), dy't yndertiid in oanrekommandaasje foar Winters skreaun hie. No kaam der tynge fan in notaris, dat de man al yn it lêst fan '44 ferstoarn wie. Oer syn yllegale wurksumheden koe de notaris gjin ynljochtingen jaan, de man hie in goede faderlanner west, mar al in skoft siik lein en koe dus grif net as in persoan fan belang yn it fersetswurk oanmurken wurde.
Dat wie dus mis en doe moast er it besykje by de oare namme dy't er him fan de flechtich trochlêzen brieventebinnen bringe koe: Sanders. It wie in âldlearaar yn 'e biology, dy't yn Den Haach wenne en dêr't er nei in soad sykjen en freegjen en skiljen it telefoannûmer fan krige. De man woe him wol ûntfange, sei syn suster dy't opnaam, mar koe net by de telefoan komme.
Dat waard dus in reis nei Den Haach, dy't ek op neat útrûn - Winters hie syn meiwurkers sa't like goed keazen. It wie in âld man mei wyt hier en burd, lykas in âld-biologylearaar foeget, om en by de tachtich, tige staf al en frijwat ûnbegryplik yn 'e matearje. Doe't er lang om let sa'n bytsje foar 't ferstân hie hoe't it ferhaal yn elkoar stiek, fage er him lang mei de hân oer syn foarholle en sette syn skeamel stealtsje ûnthâld yn wurking. Mar der kaam neat út. In man, ja dat
| |
| |
wol, mar it wie net Winters, nee, Winters wie it net. Mar hoe't it dan al wie, koed er him net tebinnen bringe, it wie al sa lang lyn, wol in jier of tsien of langer. Doe wist Degreve genôch: yn 'e bernskens.
Mar hy liet de man dochs útprate. It gyng oer Joaden dy't frij moasten, dat hied er skoan begrepen, no, dêr wie dochs neat op tsjin, dêr wie dochs elkenien foar? Hoe koe immen dan freegje o't de saak wol doogde? Joaden wiene dochs ek minsken?
Degreve knikte mar wat. Hy hie der de lange reis nei Den Haach om makke yn syn gammele Citroën dy't it elk momint oerjaan koe. Hy begriep dat er hjir in guodlik mar wrâldfrjemd man foar him hie, dy't ûnder alle brieven foar alle goede doelen te wrâld blynseach syn hantekening sette woe, al wie't allinnich mar om't it syn ûnskuldige idelheid befêstige fan in bekend en ynfloedryk man te wêzen. Mismoedich ried Degreve wer op hûs oan. Underweis beprakkesearre er dat Winters it hân hie oer in frjemde ambassade. Dat wie grif dy fan Sweden of fan Switserlân, mar soe er him dêr begryplik meitsje kinne? Hy foarseach in einleaze rige swierrichheden dy't syn enerzjy opfrieten en him gjin stap tichter by it doel brochten. Better om it nochris yn Grins te besykjen: dêr moast de man dochs in spoar efterlitten hawwe by de minsken dy't him kend hiene en dy't nò faaks prate doarsten.
En sa bedarre er in deimannich letter wer op syn adressen yn Grins. Op it iene wennen oare minsken, in oar hûs wie yn 'e befrijingsdagen yn reek opgien, makke in part út fan dy útbleakere, keale romte yn it hert fan de stêd en op it iennichste plak dêr't se noch fan Winters ôfwisten (dêr't noch altyd Meijer op 'e doar stie), hiene se al yn gjin tiden mear fan de man heard. Degreve doarst no iepen te praten en fertelde wat er mei goed fatsoen kwyt koe. Hy betocht, wylst er dêr siet op in wrakke stoel yn in frijwat proletarys fermid- | |
| |
den dêr't de rook fan sipels hinge, dat er better in resjersjeur of polysjeman meinimme kind hie. Mar dat koe no net mear, en de lju liken earlik. Se hiene spul hân mei Winters of Dykstra of Van Dyk, hoe't er dan mar hiet, omdat er syn keamerhier net betelle. Frjemd, tocht Degreve, sa'n man hie dochs smoard yn 't jild, neffens de begripen fan soksoarte lju. Fan syn yllegaal wurk wisten se net ôf, mar Winters of Dykstra of Van Dyk hie wolris sein, dat er foar saken ‘oer de grins’ moast en dat er dêr net folle sin oan hie. Wat saken? frege Degreve. Dat wisten se net, it koe fan alles wêze. Bûter mooglik? hie Degreve oppere. De man en de frou dy't him te wurd stiene, wisten it net. Der harden yn dy besettingstiid sokke nuvere dingen, je wisten fan jins buorlju net ôf wat se by de ein hiene. Jins eigen broer koe in ‘eskremist’ wêze. It wurd ‘ekstremist’ kaam doe yn 'e moade troch Yndonesië. Doe besleat Degreve om de autoriteiten yn Grins yn 'e earms te nimmen. Hy hie alle tiid, der wie gjin spertiid mear, en de stêd hie, nettsjinsteande dat útbaarnde stee, dochs frijwat blierder oansjen as yn dy oarlochswinter. Hy iet wiidweidich yn 'e stêd - de earste kear sûnt jierren dat er wer oan in taffeltsje yn in djoer restaurant siet en obers foar him drave liet. Hy hie dêr in apart soarte nocht oan. Mar mooglik hat er wol efkes tocht oan har dy't doe by him wie en oan de Twizeler nacht.
Hy betocht, de polysje moast doch de middels hawwe om út te sykjen, wêr't dy man bedarre wie en wat man as it west hie. Nimmen rekket samar wei yn dizze wrâld fan perfekte registraasje.
De dei nei Grins die him goed, hy snúfde de frijheid op, hy wie in dei út 'e hel loslitten. Nei it iten rekke er yn 'e bioskoop dêr't in Amerikaanse marinefilm út 'e oarloch draaide, wy wiene doe jierren mei de Amerikaanse kultuer efterop. De film sels die him it measte net, mar it feit dat it wer kòe
| |
| |
joech in grutte ferromming. Hy tocht der oer om in hotel te besprekken en der noch in dei oan fêst te knoopjen. Mar dat koe net, fanwegens de praktyk: der wiene in pear ferfelende syktegefallen dy't er leaver net oan syn Midwerter kollega oerliet. Hy pandere troch parken en by wetter lâns en fielde him in oar minske - earst no, safolle moannen neitiid, kaam de befrijing oer him. It fûgelgefoel, sa't er it in kear neamde. Letter yn 'e middei hied er in lang, troch ytlike telefoantsjes ûnderbrutsen petear mei in hege polysje-autoriteit, dy't mar mei in heal ear harke, hastich en ûnferskillich in pear notysjes op in stik papier kwattele, om 'e heale minút op syn horloazje seach en ûngeduldich ûnthiet, dat de saak syn oandacht hawwe soe. De trijetûzen gûne, dy't Degreve troch de jildsuvering hinne sleept hie, koed er mar it bêste op 'e bank sette litte, de polysjeman ferwachte dêr gjin problemen mei. Hy hie ek dúdlik grutter problemen oan 'e holle as dy fan dokter Degreve.
De Grinzer autoriteiten hawwe har der yndied net al te drok om makke. Allinne is der folle letter, doe't de saak al yn in hiel oar stadium wie en Degreve it jild foar in goed doel brûke woe, noch in brief yn Flokswert belâne, dêr't ynstie dat in K. Dykstra as interpretor wurke hie by de Amerikaanse troepen djip yn Dútslân, en dat in W. van Dyk yn 'e winter fan '44 op '45 omkommen wie by in bombardemint yn Dútslân, ûnder de reek fan Hamburch. Wat de man dêr dien hie, wie net dúdlik. Der waard wol oppere dat er wurke as Provokateur ûnder de Nederlânse arbeiders dêre. Mar wàt en foar wa't de man dêr provosearre, stie der net by. Foar safier bekend hie de man net troud west.
Let yn 'e middei ried er nei hûs en syn moed raande mei de kilometer. De autoriteiten hiene it drok en harken mar mei in heal ear, mar op oare plakken hiene se sa't like wer te min wurk en wrotten har yn it swit foar dy smoarge Jilkema.
| |
| |
En yndied, in pear dagen nei de Grinzer reis kaam Searp de Grutte, sa't er yn it doarp neamd waard, mear om syn stal as om syn macht of oanÅ›sjen, wer ris om syn rjocht. Hy stie lang, skraal en bienbitich op 'e stoepe en kaam op in tige ûngaadlik stuit. Degreve syn befrijingsgefoelens wiene al lang wer yn 'e deistige praktyk teraand, en hy hie krekt in swiere partus efter de rêch, dy't him sawat de hiele nacht koste hie. En dan hied er noch krektlyn in hopeleaze pasjint nei it sikehûs stjoere moatten om te stjerren, in gefal dêr't er him - kaam it fan syn soargen of wie it in ûngelokkich tafal? - justjes op fersjoen hie. Adèle wie net mear te brûken, dy hie grútsjen heard oer in stikeme moeting fan har man mei Minke yn 'e stege en spande gear mei de âldste soan, dy't as ûnderdûker al in slompe jild koste hie en no wer yn Hollân siet om der as studint noch mear jild troch te bruien. De jongste, ek studint ûnder de hân, stelde him wat neutraler op.
Degreve wie dus koart oanbûn en Jilkema lang fan stof en swier fan wurdkar. Hy hie heard, der wie noch in goede twatûzen gûne oer, en wat dokter mei dat jild fan doel wie? ‘Trijetûzen,’ sei Degreve batsk. ‘Woene jo dat hawwe?’ No nee, dat wie it doel net, mar as de dokter him no ris fiif hûndertsjes joech, dan wie in part fan 'e skuld ferrekkene, dan wiene se lyk, ‘sille wy mar sizze.’
Dêr gyng Degreve net op yn, soks like op sjantaazje. It jild wie jûn foar in ideëel doel, it moast ek foar in ideëel doel brûkt wurde. En wàt, as aansens al dy lju dy't jûn hienen, kamen om har part op te easkjen? ‘Ik praat nearne net oer,’ sei Jilkema mei in fynynlein gnyske, ‘ik bin as it grêf.’
Searp de Grutte fertelde der net by, dat er al oare lju ynskúnd hie foar in mienskiplike aksje, mar dat wist Degreve al fan ien fan dy lju, dy't mar fyftich gûne jûn hie en dêr gjin sint fan werom hawwe woe, - in goed man, hie Degreve betocht. Dat guon fan dy goegunders earst Jilkema syn kat ris út 'e
| |
| |
beam sjen woene om dan ek ta te happen, wist Degreve doe noch net. Hy hâlde yn elk gefal syn ein fêst. It iennichste dêr't er ree ta wie: mocht de affêre-Winters net ta in útdragen ein komme - mar der wie alle kâns, sei er, dat se yn Grins de saak oplosse soene - dan soe hy alle ynbringers by elkoar roppe en it oerbleaune jild, dat no op 'e bank stie, nei evenredichheid ferpartsje, lykas by in fallisemint, dat wie de billikste wei.
Dêr woe Jilkema wer net oan, hy hie as ien fan de earmsten yn ferhâlding méar jûn as de oaren. Sa'n grouwe boer as dy Rimmert Eisma, dy't mar efkes mear jûn hie as hy, krige dan ek in grutter persintaazje werom, en dy man hie der alhiel gjin ferlet fan, dy smoarde yn 't jild. Alhiel ûnwier wie dat net. Searp de Grutte, al bebuorke er in tsjerkepleats, wie fan âlds mar in lyts mantsje. Allinnich hied er yn en troch de oarloch goede saken dien en dêr koed er ek wat fan misse, al hied er der no spyt fan. ‘Hie it foar in earlike saak west, dokter, dan hie ik it mei leaf de sa litten, mar dit is in smoarch saakje en jo hiene better oppasse moatten!’
It kaam der net sûnder driging út. Der sieten by Searp Jilkema ek oare dingen efter. Hy waard nochal neiriden fan de belestingen en de ekonomise rjochter, dy't syn goede winsten yn 'e oarlochstiid net fertrouden. Moai wis hat er op koarte termyn jild om hannen ha moatten, wel, hjir wiè jild, fan him, dêr't er mear rjocht op hieas dy oaren, ienfâldich omdat dy der minder ferlet fan hiene. Ien en oar hie ek te meitsjen mei de jildsuvering fan dy simmers, mar dêr haw ik it measte net fan begrepen.
Jilkema en Degreve koene it net iens wurde. De kop wie dokter nei al dat gesanik gjin jellen lang, hy hie gjin sicht op dy jildlike masinaasjes, hy hie de sliep noch net út en fielde him sa wurch as in maits. Doe't syn frou der mei kofje yn kaam en yn har freonlik lûd, sûnder dêr spesjaal wurden foar te sykjen, blike liet dat se oan de kant fan Jilkema stie, waard
| |
| |
Degreve poer. It iene wurd helle it oare út, en de ein fan it liet wie, dat er de balstjurrige boer it gat fan de doar wiisde, wylst dy mei syn kofje oan 't griemen wie. Jilkema fielde in meispylster fûn te hawwen en bleau sitten dêr't er siet, syn rjocht gyng him boppe alles. En sa kaam it dat Degreve syn drigemint wol wier meitsje moast, it wie in soarte fan prestiizjesaak, ek tsjinoer syn wiif, en Jilkema mei kofjekop en al ta de doar út hompte. En doe begûn Searp de Grutte, min of mear lytsman wurden troch dokter syn stevige knûsten, op 'e stoepe nochris fan foaren oan mei macht fan drigeminten en gerach oer dokter syn yntime omgong mei dat lânwachterfrommes, en dêrmei soalde dokter syn klant by de stoepe en it terraske del, dat er, krimpend fan 'e pine, noch krekt it fiverke ûntrôlje koe. In ferkloft ankel en in kniesde ribbe wiene it gefolch. De man kreupele de buorren yn. De sène dy't yn it doktershûs folge, gyng alle foarige teboppe.
En de oare moarns kaam polysje Keegstra om ris poalshichte te nimmen hoe't dat siet mei it gefal fan mishanneling. It draaide op in klacht út, hie Jilkema sward. ‘Ik sis it jo mar,’ sei Keegstra. ‘Earst in oanklacht fanwege mishanneling, letter dan in eask foar skeadefergoeding, en dan in ferfolging oer it net weromjaan fan liend jild.’ Sa hie Keegstra de takomst foar eagen, en hy seach de dokter mei noedlike rimpels yn 'e foarholle oan. Jilkema hie sein, it kaam no op it folle pont oan, gjin sint minder as er destiids jûn hie. ‘Mar hy sil dan wol oantoane moatte, dat dat jûne jild gjin oarlochswinst is,’ sei Keegstra ek noch. In goede man, tocht Degreve, doe't de polysjeman wer ôfset wie. Te goed foar dit amt.
Mar ear't Jilkema - dy't him mei syn seare ribbe per taksy nei dokter Van Dockum ride liet - wurk fan syn foarnimmens meitsje koe, barden der noch wer oare dingen dy't Degreve oan 'e ein fan syn moed brochten. Op in dei stiene
| |
| |
dyselde twa resjersjeurs wer op 'e stoepe om te freegjen hoe't it no einliks mei dy saak-Winters siet. Dokter wie de praktyk yn en de beide mannen rekken by mefrou oan 'e kofje, dy't moai wis har eigen fizy op 'e saak jûn hat en dêrby net swijd hawwe moat oer har man syn tsjustere konneksjes mei de dochter fan in lânferrieder, dy't dêrtroch de dûns ûntsprongen wie, nei't der grute waard.
De resjersjeurs wiene mannen mei stielen gesichten en in hûdfol geduld. Se wiene fansels net kommen om Degreve syn - mooglike - bûtensprongen op erotys terrein nei te sneupen, mar faaks wie it psychologys wol nijsgjirrich om dat aspekt fan 'e saak dochs oan te hearren en te ferdiskonteaijen. Faaks hawwe se nocht hân oan dit putsje, want se koenen it op har sloffen ôf, hiene praktys in dei frij en namen it derfan. Se ieten yn it doarpskafee en makken kuiers om it doarp hinne. En doe't de dokter op syn weromreis fan de pasjinten út 'e fierte harren auto stean seach, dy't er noch koe fan de oare kears, kearde er syn eigen wein om, iet syn miel by in befreone boer bûtenút en makke syn besites yn 'e útbuorrens folle langer as needsaaklik wie. Hy wist syn rûnte te rekken oant fiif oere healwei seizen, doe slagge it syn frou him telefoanysk te pakken te krijen: der siet in man mei in seare skonk yn 'e wachtkeamer. En doe moast er wol nei hûs, it soe Jilkema wol net wêze.
De beide resjersjeurs makken har safolste kuier troch it doarp, it wie in echte frije dei. Degreve kaam se ûnderweis tsjin en se stieken as âlde kammeraten de hân omheech. Doe moast er earst de man mei de seare skonk te liif, dy't krôljend fan 'e pine op 'e wachtkeamersbank lei. Underwilens naam Degreve de gelegenheid te baat om syn taktyk út te prakkesearjen. It is in kwestje fan oan 't lyntsje hâlde, tocht er, sa lang mooglik rekke, dizze man sa lang mooglik ûnder hannen hâlde. Op 't lêst ferfeelt it de ynstânsjes wol, de tiid
| |
| |
sljochtet sokke dingen oer.
De hearen hiene al wer oanskille en sieten no mei in sigaar yn 'e holle yn djippe foarkeamerstuollen it antyk oan te sjen. It wersjen hie pleats yn in soarte fan ironise gemoedlikheid. Degreve hie it idee dat dy mannen it spultsje wol trochhiene en it meispilen, omdat se him sparje woene as 't oan harren lei. Se wiene allinnich mar stjoerd en moasten dus harren plicht dwaan. Faaks grypten se syn saak oan om der ris in dei lekker tusken út, der ûntbrieken allinnich mar fiskangels oan.
Hy liet de brief fan de notaris oer de ferstoarne fiere neef lêze en die ferslach fan syn reizen nei Den Haach en Grins. Hy wie fan doel, sei er, om de hiele saak-Winters mei alle oppen en oanen en sûnder ien punt per te slaan yn in rapport gear te fetsjen, in skriftlik rapport, mei in algemiene ynlieding en bylagen. Hy hie al gâns oantekeningen lizzen, mar dy troch syn drokke praktyk noch net útwurkje kinnen. De beide mannen koene dat rapport dan mei har opdrachtjouwers trochlêze en bestudearje, byneed sels op 'e sneup gean nei Winters of Dykstra, want dêr wiene se foar en se wisten de wegen better as hy, dy't as sneuper mar in amateur wie. Hy soe in sa krekt mooglik synjalemint fan de man jaan en de saak fierder oan de hearen oerlitte, dy wie soks wol tabetroud. De mishannelingssaak soe syn rjochtlik berin wol krije. Dêr begriepen de mannen neat fan, der wie harren fan mishanneling neat bekend. Wa hie wa dan mishannele? It waard Degreve dúdlik dat ûnderskate ynstânsjes oer ûnderskate kanten fan syn saak dwaande wiene en fan elkoar net ôfwisten. Hy tocht, dêr wie it net minder om, hy koe se dan handich tsjin elkoar útspylje. Syn wurgens wie oer, hy wie wer fol moed, dat stuit, want hy hie sin oan dat rapport, hy ferwachte der witwat fan: it soe him ommers de kâns jaan rêstich ta himsels te kommen, yn himsels te dûken, in soarte
| |
| |
fan ferantwurding dy't alderearst ta syn eigen selsynsjoch en klearrichheid tsjinstber wie, en tagelyk in soarte fan roman lykje of wurde koe. De hannen jokken him om los.
De resjersjeurs, dy't al wat staf wiene fan al dat omhingeljen, seagen der wat yn. Se soene it rapport dan mar ôfwachtsje, as it net te lang duorre, en kamen dan wol wer in dei lâns om fragen te stellen, as dat nedich wie.
‘Dan binne der gjin fragen mear te stellen,’ sei Degreve, no dochs wat wrantelich, ‘alles wat ik wit of wêr't ik fermoeden fan haw, stiet yn dat rapport, en as it der net yn stiet, wit ik it net.’
De mannen gnysken wat, kamen oerein en namen ôfskied. It wie al skimerich doe't se it doarp útrieden. En gjin fiif minuten letter briek de hel wer los. En hy, oars gjin krint, hie as lêste ferwar syn djoere sigaren dy't se oan dy beide neatnutterts spandearre hie.
|
|