| |
| |
| |
In hjerstnacht
Yn 'e foarwinter fan '45 ferfearen wy nei de ‘Wenningstichting’, in streekje lytse arbeidershúskes, krisisbousels út 'e earmoedige dagen nei 1918, efkes bûten de buorren oan it Kromme Dykje nei de Suderwarren. It wie in hûs mei as iennichste lúkse in houten brechje oer in tichtgroeide stjonksleat en in behindich hoekje tún foar en efter. Us heit hie, ek formeel no, syn earfol ûntslach krige, bemantele yn meilijen en in sulveren horloazje ta ôfskied. De nije kassier Poepjes kaam mei syn grutte húshalding yn ús âlde wente oan 'e steech. It wie foar ús in oergong fan romte nei krapte, mar wy hiene in lyts kaptaaltsje en behelpsume famylje efter de hân, dat it skarrele sawat. Us heit mocht sa no en dan in pear dagen thús wêze, mar hy koe net oan de nije behûzing wenne, hy rûn der om as in aaisiik hin, hy koe ek neat fine wat er nedich hie oan klean en tabak. Iksels hie graach in sentiminteel ôfskied nimme wold fan de ûnbidige souder mei al syn hoeken en gloppen ûnder it panstrutsen dak, dêr't ik safolle bernedagen boartsjend sliten hie, mar dat koe him net wurde: ik wie te siik om sels mar nei boppen droegen te wurden. Us omke Germ regele it ferhúzjen mei in boerewein, lykas dat fan âlds op 12 maaie wenst west hie.
Wy wennen dus net mear neist Minke Wiuwerda en har mem, dêr't no geraniums yn 'e finsterbanken fan de eardere slachterswinkel stiene. Mar Minke kaam noch geregeld, fjouwer of fiif dagen yn 'e wike. It wie in mistreastich húshâldinkje dêr't se mei har feardige hannen yn ompakte, ús heit meastepart yn it ‘gesticht’ en protteljend de kearen dat er thús wie. Us mem in grut part fan 'e dei boppe, se kaam der
| |
| |
middeis in oeremannich ôf en slofke dan ûnwennich om. En ik ûnder yn it himpen efterkeammerke lizzend, mei útsjoch op in einekoer, in rige suterige ferreinde wylgestobben en it ferwurden notaristún. It wie in nearzich fertrekje mei piipjende, stroefrinnende suite-doarkes nei de justjes rojaalder, mar op it noarden altyd wat trystige foarkeamer. In hûs dat my beneare fan dampens en lytsboargerlikheid. Oan sawat alles wie noch krapte en it jild ûntbriek ek om it hûs fan binnen wat opknappe te litten, in nij behankje, in kwast ferve oer de ferrinnewearre doarren en kezinen. In skoarstienmanteltsje hie ik yn 'e keamershoeke en in rut yn 'e eftermuorre dêr't myn bêd foar stie. Neist myn keamer wie it keukentsje en dêrefter in sigerich hok. Yn it eftertúntsje, jimmer dridzich, hie de foarige bewenner de boerekoalstronken fan it foarige jier noch te stean, tryste Skeletten. Der wie ek in reinwettersbak, dêr't ik fan wiste, dat der jierren ferlyn in jonkje yn ferdronken wie. Ek al gjin reden ta fleurichheid. Sa huze dat dêr, ús mem mei har swiersettige riten dy't har betterwurden yn 'e wei stiene, ik mei myn boeken en de nije twadde- of treddehânsradio dêr't ik gjin al te oerdiedich gebrûk fan makke. Mem en ik koene elkoar beroppe, mar dat hoegde suver noait. Wat der te bepraten wie, koe middeis barre as mem in skoft ûnder omheistere, yn 'e keuken seach, o't alles wol goed skjin wie en mei de bonnen ompielde: dat gyng noch altyd troch, al waard it stadichoan better. Ik haw faak net freonlik, of lit ik leaver sizze: net faak freonlik tsjin har west. Wy wiene ek in stikhinne útpraat, sûnt ús mem har tinken yn haadsaak sirkele om wat ûnbekende, mar tsjoede machten har man en dus ús ek oandien hiene. Myn alderpersoanlikste gefoelens koe en woe ik oan har net kwyt. Nee wier, ik haw gjin bêste soan west.
Dokter Degreve kaam faker as oars, soms wol twatrije kear wyks, mar koart, flechtich meastentiids. Hy hie by ús ek neat
| |
| |
te ferstriken, goedbesjoen, beide pasjinten wiene yn in stabile tastân, der foel net folle te masterjen. As er boppe west hie, stiek er efkes syn boppelichem by my troch de doar, in koarte groet, in fraach: ‘Noch itselde?’, en efkes letter hearde ik it portier tichtslaan en moarte de lytse grize Citroën dy't er troch de oarloch hinnesleept hie, wer fuort. Ik haw dêr doe net safolle acht op slein en syn hastigens taskreaun oan de Nije Iver dy't elkenien yn dy tiid hie foar elkeniens wolwêzen. Letter haw ik it oars sjoen en my realisearre dat er meagerder waard en dat er mei wat omtyske. Mar wa wie ik, om him dêryn temjitte te kommen en myn help oan te bieden?
Op in dei kaam er yn pleats fan de middeis, lykas wenst wie, de moarns al. Doe bin ik foar it earst wat fan syn nije swierrichheden op it spoar kommen. Hy kaam, wylst Minke by my siet te kofjedrinken, it wie sa'n rêstich skoftke op in deastille, wat drôve winterdei. Hy moat witten hawwe dat er Minke hjir oantreffe soe en hy waard ek net kjel fan har oanwêzichheid, mar ik fielde fan 't begjin ôf oan dat der spanningen wiene. Minke kleurde lichtsjes, seach my net oan, en hy stie wat frjemd midden oer de flier, mei de ferneamde sloppe hoed yn 'e hân en de wanten ta syn jekkersbûsen út. Der wie efkes in pynlik swijen en ik moat mei in foech glimke tasjoen hawwe, mei wat fan ‘Aha’ ek, mar sûnder stikeme triomf, want der snie ek in lyts weachje fan jaloerskens troch my hinne. Hy spile net it bekende spultsje fan: ‘Hea, dò hjir ek?’, mar liet him mei in plof op 'e stoel foar myn bêd falle, oars as er wend wie, en Minke gyng nei de keuken. Doe de wenstige fraach: ‘Noch itselde?’ en myn wenstich antwurd: ‘Ja, it koe wol better.’ Hy mompele wat foar him út, seach doe om him hinne, as wied er hjir foar 't earst, en sei: ‘Ek gjin foarútgong, hè'n?’ Ik koe net oars as fan Nee skodzje, en wist it fierder ek net. Hy sette doe, mei de
| |
| |
hoed, nei boppen en hat letter noch in skoftke by Minke yn 'e keuken stien te praten, of leaver te brommen.
It hat doe fan syn kant al in skoft tinken west. Op dat stuit lykwols wist ik net wat ik der oan hie. Ik hie dokter Degreve noait yn ferbân brocht mei oare froulju as pasjinten en syn eigen iisberch fan in professorsdochter. En it hiele gefal kaam my foar as it ien of oare groteske misferstân, dat it my gjin foech joech op te heldeijen. Efkes stiek dat gemûskop yn 'e keuken my - wêr mient sa'n man rjocht op te hawwen? - mar ik skode it fan my ôf: wêr hie iksèls rjocht op? Mar letter hat dit lyts ynsidintsje syn betsjutting krige: ik wie yndied wat op it spoar. Myn nijsgjirrigens wie wekkerroppen.
It moat al yn 'e besettingstiid begûn wêze. Se kaam by him op 'e sprekoere mei klachten hjir of dêr oer. Degreve hie sa'n nuveraardige wize om mei immen yn persoanlik petear te kommen, sa mei in rige grânzgjende opmerkings sûnder uterlik ferbân dy't mei hoarten en stjitten dochs nei in doel laten. It fanke en har nuvere situaasje yn it doarpsfermidden moatte him, oars sa wêrs fan psychology, yntrigearre hawwe: Wat giet der yn sa'n faam om, hoe stiet dy sels ûnder har situaasje, hoe kin sa'nien fan de ferkearde wei ôfhâlden of -holpen wurde? It wie yn 'e dagen fan Heinz. Sij wie der tsjin Degreve net efterhâldend mei, dat de tastân har beneare en dat se oer de dingen gâns oars tocht as har âldelju, dat alles, Heinz ynbegrepen, har as in stien op 'e mage lei. It wiene yndied maaehklachten dy't se hie. Hy sil murken hawwe dat it by har mear in gefoelskwesty wie as in saak fan polityk ynsjoch, mar har oprjochtens stie bûten de kiif. Dat fanke moat dêrwei, sil er tocht hawwe, de skande fan strak moat har besparre wurde.
It rûn der op út, dat Minke in skoft - in moanne of trije - yn it doktershûs kaam as twadde, net-ynwenjende faam, drankjes en rekkentjes lânsbrocht, mar ek meiholp oan syn
| |
| |
administraasje: kaartsysteem byhâlde, brieven tikje, rekkens skriuwe. Oant safier wie de saak gewoan, en sûnder komplikaasjes hie de saak gewoan bleaun.
It ûngewoane begûn, doe't Degreve behelle waard yn in yllegale saak. De ûndergrûnske beweging yn en om Flokswert, dy't benammen dreau op 'e grifformearden, master Van Reekom foaroan, wie bûten de dokter omgien, mooglik om't de man dêr net sa geskikt foar wie, mei syn loslippigens en nonsjalânse, mar foar 't neist ek mei, omdat se in dokter, en der sit wat yn dy redenearring, leaver bûten it yllegale wurk hâlden, om it spesjale plak dat de man yn it doarp ynnaam. Hy koe nuttiger wêze as saneamd neutraal persoan, en dat nuttich wurk hat Degreve ek dien troch it behanneljen, pro deo, fan Joaden, piloaten en oare ûnderdûkers. Hy hat ek sels nea war dien om mei de organisaasje en har lieding yn kontakt te kommen.
Mar op in dei kaam der in man by him thús mei in betrousum en beskaafd uterlik, goede skriftlike tsjûgenissen, ûnder oaren in neef fan dokter syn skoanheit, en in geheimsinnich ferhaal. Hy neamde himsels Winters en sei te kommen út namme fan in yllegale organisaasje dy't spesjaal belêstige wie mei it nei it neutrale bûtenlân - Switserlân of Sweden - bringen fan Joaden, frijkocht út konsintraasjekampen. Dat wie mooglik mei help fan in ‘goede’ Dútse ofsier fan de Wehrmacht. It gyng dus om jild, en net om sokke lytse bedraggen. Per frijmakke persoan moasten inkelde tûzenen op 't kleed komme. Degreve, dy't gjin reden seach om de man Winters te wantrouwen, joech sels in frij grut bedrach en naam op him yn it doarp en omkriten by begoedige lju mear jild op te skarreljen.
De man dy't him Winters neamde, sei dat er it better achte him net wer yn it doarp te fertoanen. It jild koe, by net al te grutte poarsjes tagelyk, nei in beskaat adres te Ljouwert
| |
| |
brocht wurde, dêr't hysels foar ûntfangst tekenje soe. By it earste teken fan syn kant moast de aksje stilset wurde. De kontakten rûnen fan dy Dútse ofsier nei in bûtenlânse ambassade, mar der wiene in pear skeakeltsjes dy't miskien net alhielendal safe sieten, hy, Winters, koe dêr fansels it fine net fan útlizze, mar de dokter begriep it wol.
De dokter, dy't yn sokke dingen de slûchslimste net wie, fersomme om lâns oare wegen ynljochtingen oer dy organisaasje te freegjen - bygelyks by de yn Den Haach wenjende neef fan syn skoanheit - en achte it syn plicht in soarte fan filiaal op te rjochtsjen, dat ynearsten bestie út himsels en in help, in koerierster. Miskien hat it him moai talike om der foar partikulier gebrûk in koerierster op nei te hâlden en sa syn ûndernimmen mei immen oars te dielen. It wie yn de tiid dat Minke Wiuwerda by harren tsjinne. It sil foar him ek in bysûndere pikantery west hawwe de dochter fan in NSB-er foar yllegaal wurk te brûken en sa foar har in aliby en in kâns op rehabilitaasje te skeppen as de dei fan de ferjilding kaam en sij ta ferantwurding roppen wurde soe foar de jeugdstoarmklub en de oanwêzichheid fan Heinz. By einsluten kin er ek noch beredenearre hawwe dat it brûken fan in as pro-Dúts bekend steande figuer feiliger wie foar it noedlik bedriuw dat er oangien wie. De hiele saak stie yn it teken fan klearebare dilettantery en dokter Degreve hat hjir, lykas yn mear dingen, hannele as in bern. O't der echt gefaar by de saak wie, falt nammers min út te meitsjen. De Dútsers sille doe wol oare soargen oan 'e holle hân hawwe as acht te slaan op jildaksjes, dy't mei it oarlochsbarren sa goed as neat út te stean hiene en dêr't guon fan harren boppedat ek noch profyt fan hawwe koene. Want wêre oars kaam dat jild telâne, steld dat it yndied foar it doel brûkt waard, as by SS-ofsieren, kampoppassers en soksoarte rosmos? Mar efterôf kin men soks maklik fêststelle, doè wie der in betizing en it wie foar
| |
| |
dokter Degreve net sa ienfâldich om freon en fijân te skieden. Syn ynsjoch yn de organisaasje fan it ferset wie minimaal, mar hy wie in gefoelich man en it lot fan de Joaden (al wist er net de ferskrikkingen fan Auschwitz) hat him djip oangrypt. Yn syn ‘dossier’ fûn ik noch, út maart 1943, in knûkerich, mei potlead skreaun briefke fan in Joadse stúdzjefreon fan sines, dy't mei frou en bern yn Westerbork siet, mei de meidieling dat der dy jûns wer in trein nei it Easten gean soe, mar dat sij der ‘noch net bywiene’.
Hy hat lang mei Minke oerlein, hy gyng net mei har oer ien nacht iis en brocht har it noedlike fan de saak ûnder it each. Hy stelde nei syn sizzen syn hiele libben yn har hân, mar spegele har ek foar dat it har letter troch in slimme tiid hinne helpe kinne soe. Se wie dan ek bliid mei dizze kâns. En sa kaam it dat Minke sa no en dan mei de bus of op 'e fyts nei stêd reizge mei bankbiljetten yn 'e bokse fan har direktoire of op oare plakken ferburgen, dy't se ôflevere op it adres oan de Willemskade, jild dat dokter Degreve mei koarte, mar goede wurden by elkoar brocht hie. Hy makke de saak wolris wat romantiser en geheimsinniger by de lju as se neffens de wurden fan Winters wie, mar de minsken mochten him graach lije, hiene betrouwen yn him, en it doel wie wol wat moaie wurden wurdich. Minke krige dan fan Winters, dy't yn in pensjon tahâlde, foar it bedrach in tekene kwitânsje werom. Oant se op in kear, nei twa of trije reizen, fan de kostfrou, dy't har altyd al mei wat in skean each oansjoen hie, de meidieling krige, menhear hie syn keamer opsein en wie fuortgien mei syn kofferke en in tas, hy hie gjin adres efterlitten. Minke hie oardel tûzen gûne by har en kaam dêrmei yn Flokswert werom. Der wie doe fjouwer tûzen gûne ôflevere. De amper lêsbere kwitânsjes dêrfan binne bewarre. En op dat stuit earst hat Degreve dien wat er faaks al helte earder dwaan moatten hie: hy hat war dien om mear oan 'e
| |
| |
weet te kommen oer de operaasje-Winters. Djip yn him hied er it fielen, dat de saak net doogde. Dat hie wat beskamsums en hy hat dat ek earlik tsjin Minke sein. En dat wurke wer mei oan in neier minsklik kontakt tusken harren: se hiene miskien tegearre in misse set dien en der wie dus in mienskiplik lot. Dy lotsferbûnens boaze noch oan doe't er hjir en dêr fan goegunders ferwitings krige te hearren, dat er foar sok wurk de dochter fan in NSB-er brûkte. Net dat it hiele doarp fan de saak ôf wist, mar de yllegale lieding, benammen master Van Reekom, dy't it ek út oare reden al net sa op 'e doarpsdokter stean hie, dy man mei syn rooms ferline en syn frijtinkerige geast, naam de saak nochal heech op, doe't Degreve lang om let kontakt socht om oer de saak te praten. Se koene de humor fan it gefal net ynsjen (begryplik) en beskôgen it - prinsipieel mei alle rjocht, liket my ta - as in grutte misset om bûten harren om saneamd yllegaal wurk te dwaan. Dat de saak op harsels suver wie, lykas Degreve, tsjin eigen fermoedens yn, úthâlde, woene se net oan twivelje, mar it wie ûnkrekt en gefaarlik dat der mear aksjes troch elkoar hinne en tsjin elkoar yn gyngen. En dat mei it fanke Wiuwerda wie der alhiel by troch - hoe't se dat wisten hat Degreve noait begrepen. Hy hat Afke der wolris fan fertocht, mar sûnder skym fan bewiis. Hy hat foar Minke pleite en se woene dan wol oannimme dat it fanke net sa ferkeard wie en dat Heinz benammen kaam om fan de mem ferpopke te wurden, mar dit wie net de wei om te helpen, dat koe letter allegear wol besjoen wurde. Wat barde der bygelyks, as dat fanke har mûle foarbyprate of se liet jild of kwitânsjes slingerje?
Degreve wie der de man net nei om foar dizze wurden omlizzen te gean en hy besleat de pear tûzen gûne dy't er noch lizzen hie, bûten de yllegaliteit om foar it goede doel te brûken. It wie jûn foar it rêden fan Joaden út 'e kampen en it fersiik fan Van Reekom om it oan syn organisaasje oer te
| |
| |
dragen, gyng er net op yn. Hy wie doe nammers noch net alhiel oertsjûge dat it mei Winters net doogde. Ommers, sa redenearre er, as dy man yndied in ûnbetrouber súzjet is, dy't op handige wize jild ta eigen bate by elkoar skoaie litte woe, wêrom hied er dan net wachte oant it hiele bedrach binnen wie? As er net yn't ferset siet, dy Winters, dan hoegde er him dochs gjin soargen te meitsjen, koed er gerêst de hiele aap binnen helje en pas dàn stiltsjes ferdwine. Ofwachtsje dus mar, faaks openearre dy man him wer, as de kust feiliger wie. Dat wie Minke mei him iens, en sa wachten se ôf, mar der kaam neat.
Doe moast dokter Degreve sels in kear nei Ljouwert om mei in ynternist te praten en te sjen medikaminten dy't krap wurden wiene, te besetten. Dêr koe, tocht him, in neier ûndersiik yn de saak Winters oan fêstknope wurde, en dan moast Minke dus mei. Mar dat mocht nimmen witte, benammen mefrou Degreve net. It hat doe gâns harsenskraabjen koste om foar har in aliby te finen, mar in âlde sike beppe fan harres, dy't eins gjin beppe, mar wol siik, dôf en staf wie, en dy't yn in doarpke efter Midwert wenne, moast dêrfoar tsjinje. Se fytste op in frije moarntiid nei dy beppe ta om dêr de fyts del te setten, want se moast nei Ljouwert nei in freondin yn it sikehûs. De beppe begriep it net allegear, mar leaude it wol en doe hat Degreve har dêre oppikt.
Se belânen earst by it eardere kosthûs fan Winters. De frou wist fan neat, en dat sil ek wol sa west hawwe. Mar se joech al twa brieven mei dy't foar Winters besoarge wiene en dêr't se net fan wist hoe't se der mei oanmoast: der stie gjin ôfstjoerder op. De adressearring wie allinne: ‘Foar Kees’, se wiene dus net oer de post stjoerd. Kees soe dan syn foarnamme wêze moatte. Wat foar man as dy Winters wie, frege Degreve, steande yn in smel gonkje foar in hege trep, dêr't it nei koalraap roek. In gewoane man, in stille man, de frou
| |
| |
hie noait lêst mei him hân, hy libbe ienfâldich en stil foar himsels, mar dat wisten menhear en mefrou dochs sels ek wol, as se freonen fan menhear Winters wiene?
‘No ja ... freonen ...?’ sei Degreve, ‘dat no net alhiel, mar wy moatte him al hawwe.’
‘Hy hie altyd in soad oanrin,’ fertelde de frou noch, ‘en hy wie ek sels faak net thús.’
Mar wat syn wurk wie en wêre, wist se net. Miskien wat mei fersekeringen. Sokssawat skimere har.
Doe hawwe se it noch besocht by it Befolkingsregister, mar dat koe of woe gjin ynformaasje jaan. De amtner dy't harren te wurd stie, efter in loketsje, like nochal benaud te wêzen, as gyng it om in oerfal. ‘Skriftlik oanfreegje,’ sei er. Ek de posterijen brochten gjin oplossing, de namme Winters wie dêr net bekend, en as dat al sa west hie, dan mochten se noch gjin ynljochtingen jaan oan poerfrjemden, sei in soartgelikense amtner efter in soartgelikens loket.
It wie fansels sa klear as de dei, fan 't begjin of oan, dat dy man Winters net ûnder syn eigen namme wurke en libbe, en dat koene je foar in yllegaal man ek skoan ynskikke. Mar hy moast dochs earne bedarre wêze. In mins wurdt net samar wei.
De mei Degreve befreone ynternist, dêr't se doe oanskillen en by wa't Minke gyng foar Degreve syn assistinte, wist ek net wat er der fan tinke moast en rette oan de polysje mar yn 'e earm te nimmen. Mar dêr woe Degreve net oan: it polysjeapparaat sieten ferkearde eleminten yn. Je wisten mar noait mei wa't je dêr te krijen hiene.
‘Van der Veen,’ sei de frou fan de ynternist, ‘praat ris mei Van der Veen.’
‘Ei ja,’ sei har man, ‘dat is ek sa. Goed idee.’
Van der Veen wie in man dy't yn it ferset siet en tagelyk as resjersjeur yn it polysje-fak.
| |
| |
Nei it ôfhanneljen fan de medikaminte-kwesty sochten se Van der Veen op, yn in nije strjitte oan 'e bûtenkant fan de stêd. De resjersjeur woe earst nearne fan witte, om't er fansels tsjin twa sokke ûnbekende lju syn yllegaliteit net priisjaan woe, it koe bêst provokaasje wêze. Hy wie boppedat net mear by de polysje. Mar doe't er it hiele ferhaal oanheard en mei de ynternist skille hie, woed er de saak dan wol ûndersykje, mar dan op eigen manneboet en sûnder risiko's te rinnen. Dat lêste begriepen se net, want wat risiko is der ferbûn oan it opspoaren fan immen dy't asnet-yllegaal sels gjin gefaar rûn (behalve dan miskien as oplichter) en dy't as al-yllegaal gjin gefaar betsjutte foar immen út 'e yllegaliteit. Van der Veen wie in koart en noartlich man, en se wiene bliid dat se wer opkroaskje koene om yn 'e stêd wat te iten. De útnoeging by de ynternist hie Degreve ôfslein yn ferbân mei de wankele posysje fan Minke yn in mooglik fakpetear.
Van der Veen makke der fuortdaliks wurk fan en hat it goed dien, want doe't Minke en Degreve foaroan yn 'e middei nochris lâns kamen, koed er meidiele, wierskynlik op grûn fan polysje-ynformaasje, dat de man dy't Winters hiet of him Winters neamde of teminsten de man dy't in skoft op keamers op dat adres tahâlden hie, him nei alle gedachten ferpleatst hie nei de stêd Grins. Wat foar man it wie, koed er net sizze, mar hy hie wat mei hannel út te stean, yn 'e goede of kweade sin - by dat lêste moasten je dus oan swarte hannel tinke -, mar waard net socht foar politike noch foar ekonomyske delikten. Dat woe net sizze dat alles suver wie, sei Van der Veen, sokke swalkjende en swabberjende lju wie gauris wat mis mei.
‘Ja,’ sei Degreve, ‘mar as der wat mis mei immen is, kin dat krekt betsjutte dat de saak wòl suver is.’
‘Dat is krekt sa't jo it besjen wolle,’ sei de resjersjeur mei in riedselich gesicht. En hy loek de foardoar iepen om de twa
| |
| |
der út te litten. Letter haw ik heard, dat dy Van der Veen hielendal sa suver en skjin op 'e ribben net west hat, mar dat is in hiel oar ferhaal.
Nei Grins dus. Mar no wiene der noch dy twa brieven.
‘Kinne wy dy iepenmeitsje?’ frege Degreve, op 'e stoepe steande.
‘Allinnich yn it bywêzen fan de polysje,’ antwurde Van der Veen, ‘mei in offisjeel proses-verbaal. Dêr wol ik fierder gjin gedoente mei hawwe. Freegje mar nei ynspekteur Minkema, dat is wol betroud.’?
Doe dus earst nei it polysjeburo. Mar ynspekteur Minkema hie gjin tsjinst en de man dy't efter it loketsje siet - it tredde no al dizze nuvere dei - wist net hoe't men mei sokke net ôfhelle en net oer de post ferstjoerde brieven oanmoast of -mocht, it koe him ek net skele, om him skuorden se de briefkes iepen: dan hie dy man ek mar better adres efterlitte moatten of de ôfstjoerders hiene har adres der by sette moatten.
Wer yn 'e auto makken se de slûven iepen en yn ien fan de briefkes fûnen se yndied in adres te Grins, in nûmer oan de Nije Boteringestrjitte. De ôfstjoerder frege de ûntfanger it pakje b. (bûter?) dêrhinne te stjoeren. De ôfstjoerder (‘je G.’) soe it dêr dan wol wei helje. Boppe it briefke stie ‘Beste W.’, dat sòe dus Winters wêze kinne. Ien pakje b(ûter?), ornearren se, dat wiisde yn elk gefal net op grutte ekonomise delikten en alhiel net op wat fan yllegaliteit.
It oare brief, mar amper langer en ûndertekene mei ‘je liefh. J.’ like út 'e fierte; op in leafdesbrief, mar dan fan ien dêr't epistolêr net de minste gloede fan útgyng, en yn in typysk analfabetepoatsje skreaun.
Se hiene der neat oan. Hoe no mei dy beide brieven?
Efkes hawwe se yn bestân stien om se op it polysjeburo fersegelje te litten, mar dat koe fansels better net, om dat
| |
| |
pakje b(ûter?), tocht Minke, en Degreve wie fan betinken dat al te folle formalisme yn tiden as dy ek gjin doel hie. Boppedat, op it polysjeburo waarden se dochs mar útgniisd en moasten se faaks oan wer in oare man efter noch wer in oar loketsje it hiele ferhaal dwaan, mei alle risiko's.
Degreve wie der de man net nei om no syn sneuptocht oer te jaan of te ûnderbrekken. Faaks wie it ek in soarte fan prestiizjesaak tsjinoer syn koerierster. Dat hy skille op it postkantoar nei Flokswert, dat er om dy medikaminten nei Grins moast en dat it wol let wurde koe. Earnstige boadskippen moasten dan mar trochferwiisd wurde nei Van Dockum, de kollega yn Midwert, dy't faker foar him waarnaam en fan syn ôfwêzichheid op 'e hichte wie. En sa rieden se mei gauwens yn 'e doe al net mear sa nije Citroën, dy't fanwegens de benzine-krapte op in soarte fan stookgas ried, dat yn in grutte ballon op it dak fan de auto siet, de Grinzer strjitwei út.
Underweis, by Bûtenpost earne, bleau it ding stean, der moast in garaazjeman oan te pas komme en it duorre in lyts oere ear't it saakje wer ried, mei in danich protteljende moter. Se hiene doe fansels better werom nei hûs ride kinnen, mar it jild baarnde Degreve yn 'e bûse en hy koe, nei dat telefoantsje, net bêst wer thús oankomme sûnder echt yn Grins west te hawwen om dy ûnmisbere medikaminten (dy't er yn Ljouwert al mei krige hie).
It wie by fiven doe't se yn Grins oankamen. Foar spertiid (dat wie doe om acht oere jûns) thús wie gjin tinken oan. Se moasten of yn Grins oernachtsje of mei in spesjale fergunning fan de ien of oare autoriteit, in hege Dútser of in polysjekommissaris, noch by jûn en nacht werom. Trije oeren hiene se, mei min of mear de honger yn 'e hals, want it Ljouwerter miel hie mar krap west, om Winters op te spoaren. Earst nei de Nije Boteringestrjitte. In jong frouminske
| |
| |
stie harren te wurd mei in hûdfol wantrouwen. Nee, de persoan dy't se bedoelden hie hjir wolris west, in kearmannich, mar hy wie der op dit stuit net. Se koe ek mei gjin mooglikheid sizze o't er mei gauwens wer komme soe. Hy koe bêst de stêd út wêze, dat died er wol mear. Wat foar wurk as dy persoan krekt by de ein hie, wist it frouminske net, yn 'e hannel of sokssawat. Doe de fraach o't sij ek in oar adres opjaan koe dêr't se mooglik presiis wisten wêr't er te finen wie. It gyng nammentlik, sei Degreve ûnfoarsichtich genôch, om in saak dêr't in net ûnbelangryk bedrach oan jild mei anneks wie. It froumins hie alris mei in skean each nei de auto sjoen, dy't se fansels better in strjitte fierder parkeare kind hiene, mar it wurd ‘jild’ makke dochs wat yn har wekker. Se reizge de treppen op om te rieplachtsjen mei in manspersoan. Se koene net ferstean wat dêr boppe sein waard. It duorre gâns in set ear't se wer delkaam, no mei in âldere man yn 't los bûsgroentsje, dy't mei in frjemd knypeachje sei, se koene dat jild ek wol oan him ôfjaan, dat siet wol goed, it wie fansels foar ... de bekende saak. Mar Degreve woe dat jild persoanlik sels oan Winters jaan en sei, om de man te hifkjen, hy wist net dat dat jild wat mei de ... yllegaliteit fan dwaan hie. Hie dy Winters dan yllegale saken by de ein? No nee, dat wist dy man ek net sa krekt, mar dat tocht er, om't alles sa geheimsinnich om en ta gyng.
Doe wer de fraach om in adres. De man tocht djip nei en stinde der lang om let in adres út, Annastrjitte safolle-A, dêr't de man dy't se bedoelden (hy neamde de namme Winters net), wol gauris foar dingen wêze moast en dêr't se miskien sizze koene wêr't de man siet.
Nei de Annastrjitte dus, efter it stasjon. In net sa florissante folksbuert (mar hokker stêd wie yn dy oarlochsdagen wòl florissant?). De persoan dy't se op it each hiene, sei de man dy't iependie, wie hjir net, hie hjir wol west, dyselde middeis
| |
| |
noch, mar wie wer fuortgien, wierskynlik nei de Bleekerstrjitte, dat en dat nûmer, Meijer, stie op 'e doar, mar Meijer sels wie al lang dea, al stie syn namme noch altyd op 'e doar. Wer dwers de stêd troch, dy't al útstoarn like, op in pear Dútse patroeljes nei en rinnende Dútse polysjemannen dy't wol benijd seagen, mar harren net oanhâlden, wierskynlik om Degreve syn eskulaapke op it foarrút.
By Meijer dy't al lang dea wie, in soartgelikens ferhaal. De man dy't se bedoelden - ek hjir net de namme Winters, wol in oanwizing sa net dat de man yllegaal wie, dan dochs dat er in skûlnamme hie - hie der wol west, mar wie om in oere of fjouwer ôfset, wierskynlik nei ... en doe folge it adres Annastrjitte dêr't se krekt weikommen wiene.
‘Dat kin net,’ sei Degreve, ‘dêr is er foar fiven al weigien.’ No, dan miskien nei ... en doe kaam der in nij adres en in nije kâns, no oan it Damsterdjip. Underwilens wie der in hiele troep folk út 'e huzen der om hinne op takommen, dat se makken dat se fuortkamen, mei de sputterjende auto. It lêste adres wie in tsiispakhûs mei in tichte doar. Der wie moai wis gjin tsiis mear yn en der koe sa fan bûten te sjen ek gjin minske yn wenje, sa bryk en brekfallich stie it op 'e skammels. Se loerden troch stikkene rútsjes en rottelen oan 'e doar en sieten in skoftke moedeleas yn in finsterbank. It wie doe al wat skimerich - it moat septimber 1944 west hawwe.
It wie goed healwei achten en se reizgen nei it polysjeburo om in fergunning foar it riden yn 'e ferbeane tiid. Degreve sei syn boadskip. Hy moast opjaan wat er hjir yn 'e stêd dien hie. Medikaminten helje dy't er yn syn praktyk driuwend nedich hie. Wylst er it sei betocht er, dat de polysjeman, dy't in pro-Dúts flueske oer syn jong-brutaal gesicht hie, der by handich trochfreegjen en ien of mear telefoantsjes maklik efterkomme koe, dat syn ferhaal net kloppe. En doe swaaide er ôf nei in oar ferhaal, dat op Minke tsjutte en safolle sizze woe, dat
| |
| |
hy hie hjir, op wei nei dy medikaminten, in freondintsje moete en sadwaande wie it mei dy medikaminten letter wurden as it doel west hie. De polysjeman gnyske wat skeadlik, seach Minke op en del oan, en skreau in briefke. Degreve moast dêr mar mei nei de Ortskommandantur gean, dat kaam dan wol klear.
Degreve fielde him yn de Ortskommandantur net sa tige op syn gemak, mei al dat jild yn 'e bûse, mar hy waard freonliker te wurd stien as er ferwachte hie, mooglik troch de oanwêzichheid fan in jong fanke en hy krige in gewichtich stimpel op syn briefke.
Mei gauwens wiene se wer op 'e strjitwei nei Ljouwert, de âld Citroën kichte en hoaste bytiden. Underweis waarden se twa kear fan in Dútse patroelje oanhâlden, mar it briefke mei it stimpel die wûnders en alles gyng goed oant op healwei it rjochte ein tusken Twizel en Burgumerheide it apparaat him bejoech en nei noch in pear skokken stilstie. It wie al aardich tsjuster en al it gefimel op 'e taast ûnder de moterkap joech neat. Der siet net oars op as har del te jaan en hoopje dat der de ien of oare foarm fan help opdage. Se stiene oan 'e kant fan de strjitwei, no bestille ta in godfergettene iensume oarde. Heech boppe harren gûnzen al de earste formaasjes fan Amerikaanse bommewerpers, no driigjender as oars, op nei Hamburch of Wilhelmshaven. Yn 'e fierte flikkere it ôfwargeskut en taasten sykljochten de himel ôf. Alle benearing fan dit lêste oarlochsjier moat op Degreve delkommen wêze, en boppedat hied er spyt en skamte oer de fiater dy't er makke en dêr't er it jonge fanke neist him yn behelle hie. Ferkear wie der net en it soe ek net slagje om in man út syn bedstee te heljen, dy't dan ek noch de dyk net op mocht ûnder spertiid. Ienkear wie der in persoan op in fyts, dy't foarsichtichjes en sûnder ljocht op de strjitwei deltrape, as in faaie skym yn it tsjuster. Degreve rôp him oan en de man waard alderheislik- | |
| |
ste kjel, hy foel hast mei de fyts om, dêr't in grutte doaze efterop siet. Op in distânsje bleau er stean, ree om de oare kant út te stowen of yn 'e ûnderwâl te dûken.
‘Goed folk,’ sei Degreve, ‘wy sitte ferlegen om help.’
De man kaam skytskoarjend tichterby, hy helle in revolver foar 't ljocht en se achten it mar it gaadlikst om de hannen omheech te stekken.
‘Ik haw gjin ferstân fan auto's,’ sei de man doe. ‘Dan moatte jo net by my wêze.’
‘Wy binne ek yllegalen,’ sei Degreve domdryst, ‘wy sitte ferlegen om help.’
Mar de man woe net bite en hâlde him op 'e flakte.
‘Ik wit net wat jo bedoele,’ sei er, ‘mar fierderop yn Feanwâlden wennet wol in smid, faaks wit dy der wat op.’
Hy swaaide in skonk oer it seal en ferdwûn mei in hastige groet yn it tsjuster.
Se hawwe doe de auto, om gjin méar erchtinken wekker te meitsjen by polysje en Dútse patroeljes, earst noch op in stille sânreed skood yn 'e lijte en beskerming fan wat strewelleguod, en it harren noflik makke yn 'e auto, mei help fan in oanwêzige plaid en, nim ik oan, elkoars lichems tsjin de hjerstkjeld.
Wat der yn bysûnderheden bard is moat ik nei riede. Ik stel my foar dat se nei de nuvere, mislearre reis yn tsjinst fan in nochal fertochte saak en noch sterker nei dy nachtlike moeting mei ien út dat geheimsinnich leger dat yllegaliteit hiet, dêr't se har mei harren eigen aksje oan besibbe fielden, as lotgenoaten ien en mien yn in smaadlik aventoer, yn elkoars earms fersonken binne. Faaks hawwe se dêr earnstich oer praat en doe besocht de saak fan de humoristise kant te besjen. En ik tink my yn dat doe de wat ûnberoaide, mar deugdsume dokter Degreve, dy't yn myn each nea nei oare froulju taald hie as nei syn eigen, fereale wurden is op dat
| |
| |
jonge fanke neist him, dat er yn syn mâle situaasje, yn syn yllegale earsucht en yn syn ferantwurdlikheid meitroaid hie. En dat Minke Wiuwerda, dy't nea folle aventoeren belibbe hie yn har stil doarpsbestean, dy't ferearing hie foar en miskien ek begrutsjen hie mei har opdrachtjouwer, dy't har jeugdstoarmpetsje en har Heinz-problemen leafst sa gau mooglik kwyt woe, dy't boppedat eangst hie foar it ûnlijich hjerstrûzjen fan de strjitweibeammen, wankel as se stie op 'e faaie grins fan goed en ferkeard, tichter neist him krûpt is, dat se elkoars waarmte en elkoars desyllúzje fiele koene. Hat se har gean litten op dy dizige gefoelens fan solidariteit en begrutsjen mei de man dy't it sa goed bedoelde en sa ferkeard die? Miskien wie se allinnich mar stienkâld en fielde hy him roppen har te beskermjen, ûnder syn hoede te nimmen, har te waarmjen oan himsels dy't safolle waarmte tekoartkommen wie. Wa sil it allegear útinoar tize?
Fêst stiet dat se doe't de dage oan 'e loft kaam in mei ûnrêst bemongen sliep sliept hawwe oant in boer dy't der mei in hynder en wein mei molkbussen net lâns koe, se flokkend wekkerraasde. Mar foar in tsientsje en in pear goede sigaretten hat dy man, dy't by einsluten in begripend man wie, syn hynder foar de Citroën spand en it saakje nei it neistlizzende doarp sleept.
Tsjin tsienen kaam Minke by har beppe dy't gjin beppe wie en arrivearre Degreve - as in feroare man, meie wy oannimme - wer yn Flokswert. Se hiene ûnderweis in oannimlik ferlechje betocht.
|
|