| |
| |
| |
In doarpsdokter
Dokter Degreve, oer him moat ik no lang om let gear. Hoe komt it, dat it my sa slim falt him yn 'e kiker te krijen? Grif wol mei omdat er yn myn libben fan jongs ôf oan sa'n fêste begeliedingsrol spile hat, as hoeder en noeder oer myn längere en koartere sykbêden, dat er my te fanselssprekkend wurden is. Hy wie doe't ik him kennen learde, in jonge man noch, justjes oer de tritich, skat ik. Mar ‘kennen leare’ is it goede wurd net. Foar myn fielen hat er der altyd west, sûnder dat ik yn myn iere jonkheid in bysûndere oandacht foar him hân haw, ek al wist ik tige goed dat er in bûtenwenstich man wie. Hy wie gewoan te fanselssprekkend, ek yn syn eigenaardichheden, as men wol: bjusterbaarlikheden, om der by stil te stean. Hy kaam en hy stapte wer op, in grutte, breedboude man yn in pak sûnder wryt of slyt, mei, sa lang as er der west hat, kealjend hier fan lytse donkerbrune kroltsjes dêr't syn plasse trochhinne skimere. Hy droech in swiere bril en hie grutte learene wanten yn 'e bûse fan syn koarte jekker, en as er mei de auto of geandefoet kaam, hied er altyd in sloppe hoed by him, dy't ik him noait òp sjoen haw: hy hie dy allinnich mar by him as in gentleman's attribut, in teken fan weardichheid, yn 'e hân of op 'e efterbank fan syn auto. Hy sei achteleas syn dingen, as wiene it mar ûnnoazelheden, lytse, ûnûntkombere brokjes ûngeriif. Hy sei nea net folle, yn syn taaltsje fan heal-Brabânsk-heal-Frysk, dat gauris ûnfersteanber wie en faaks dêrom like op magise geheimtaal. Dy taal allinnich al, dat frjemde, orakeleftige gebrabbel, dat sa ûnferskillichwei tusken syn tosken troch kaam, makke him ta in bysûndere man. En de ferhalen dy't ik as jonge, nijsgjir- | |
| |
rich as ien, oer him opheinde, mar dy't earst letter foar my begûnen te libjen, doe't ik ta de jierren fan ûnderskied kaam, befêstigen dat wol.
Hy wie as jong arts út Brabân ferballe, waard der sein, omdat er yn tsjokwaar lei mei de geastlikheid. Hy wie rooms grutbrocht, mar op in stuit, yn syn Utrechtse studintetiid en doe't er ferkearing krige mei in net-roomse faam, kamen de dwerse opstigings, begûn er kritys te tinken en in kwerulant te wurden of in frije geast of in ketter, hoe't men it mar beneame wol. En dat boaze yn it begjin fan syn trouwen oan, al wie syn frou dan mei him oergien nei it katolike geloof. Hy gyng tsjin de trie yn en botste mei syn plattelânsfermidden. Syn ketterij lei benammen op it learstik fan de flekkelease ûntfinzenis, dêr't er as medikus net mei lykfine koe, en dêr't er pastoars en paters oer oanklampte, as se op 'e damesfyts syn paad krúisten, samar únder de bleate himel. Om sa'n iepenloftdispút kamen dan bern en boereminsken hinne te stean. En dat gyng der dan om wei.
Syn praktise ôfdwaling lykwols lei benammen op it punt fan de beheining fan it bernetal. Miskien hied er Malthus lêzen of him út eigen oanskôging it lot fan de ta grutte húshâldings feroardiele memmen oanlutsen. Hy rette guon froulju it brûken fan middeltsjes oan om wat langer mei har lichems ta te kinnen. Dat koe yn dy kriten gjin kant út. Fierder kaam er op in minne namme te lizzen troch syn iepenhertich iverjen foar lichemshygiëne, dêr't er net by skromme ferburgen dielen mei de namme te neamen. En dat waard der net better op doe't er as jongtroud man mei syn frou en in suster fan dy frou en miskien noch mear nimfen om him hinne gyng te swimmen yn puoltsjes en markes oan 'e publike wei, wol fatsoenlik yn baaiklean en har efter tichte beamboskjes en separaat út- en oanklaaiend, mar it hipt oan dy kusten no ienris tige nau. En Nolleke Verdaesdonk en Sjefke Nole- | |
| |
mans, sa stel ik my dat foar, hawwe it sèls sjoen, snuvend fan ynhâlden begearte en kristlike iver, en hawwe it trou oan mynhear Pastoar oerbriefke, en mynhear Pastoar stjoerde in jonge kapelaan dy't it sels ek oanskôge, en doe wiene de rapen gear.
Miskien is der wol mear bard en miskien is it ek wol òars bard as ik it hjir út 'e folksmûle en mei eigen subjektive tafoegings foar de lokale kleur foarbring, mar de beskuldigingen wiene der en se wiene foldwaande foar in konfliktsituaasje mei de pastoars fan de doarpen dêr't Degreve syn praktyk oan it opbouwen wie - it moat noch echt sa'n krite west hawwe, dy't tefoaren bemastere waard fan wylde kreamheinsters, duvelbanders mei de wijwetterkwast en piskikers. Der foel dus foar in idealist wat op te rêden.
Alhoewol't syn frijichheid yn 't earstoan gjin ateistyske grûnslach hie en hy de bân mei de Hillige Memmetsjerke net formeel ferbriek, makken syn konflikten en benammen syn koartôfbiten, sarkastise selsferdigeningen de kleau iderkear djipper. Hy hat noait goed harkje kinnen (ek net nei fysike klachten, al wied er in goed diagnost) en dus libbe er altyd yn lytsere en gruttere misferstânen. Hy hat ek noait in prater west en moat yn hastige, ûnberedenearre lûdútpûstingen syn bluisterich sin sein hawwe. It iene wurd helle it oare út en mei gauwens gyng de striid net mear oer middeltsjes om mei minder bern ta te kinnen of it befoarderjen fan geslachtlike hygiëne, mar oer it dogma fan de ûntfinzenis en dêrút wei oer oare ûnnatuerlike bibelse gegevenheden, en hy ferlear yn in jiefmannich tiid al syn betrouwen yn de roomse wissichheden en al it betrouwen fan de parochianen.
Degreve sels woe de striid wol oant 'e ein ta útfjochtsje, ek noch doe't op ien fan syn doarpen, moai wis net sûnder oantrún fan de geastlikheid, in dokter syn nije praktyk iepene, dy't net swimme koe en dy't de fermannichfâldiging fan
| |
| |
it minskdom te leaf hie om Gods ordonnânsjes mei kondomen en kalinders tsjin te kearen. De man loek mei gauwens de measte pasjinten fan Degreve nei him ta, mei help fan tongerredes op 'e kânsel. Der waard grute, de bisskop sels hie de hân der yn hân. No lei it net yn Degreve syn aard om der foar omlizzen te gean, it lake him ta om syn praktyk op 'e basis fan seis of tsien trouwe húshâldings oerein te hâlden en fuort te fairen mei syn gearkomsten en foarljochtingsjûnen, te iverjen foar in swimbad, rekwesten en ynstjoerde stikken oan autoriteiten te skriuwen as er dêr literêre help ta krije koe, want hy wie yn wêzen en fielde him in Pionier. Mar syn frou, yn har earste swierwêzen, seach it har oan en woe dêrwei, benammen sûnt op 'e kânsels iepenlik tsjin har man preke waard en ek de doarpsmienskip yn 't gewear kaam: de winkellju fergeaten bygelyks de bestelde boadskippen te besoargjen, de lju dy't frege waarden om te timmerjen, te fervjen of te reparearjen, kamen net en ferskûlen har efter smûsjes, de tsjinstfammen rûnen fuort. Dat mefrou Degreve yn ferwachting wie en net opwoeksen tsjin al dy lytse pesterijen, joech de trochslach. Hysels moat dit field hawwe as in kapitulaasje en in fernedering, miskien net iens foar de sa machtige geastlikheid, mar mear foar syn eigen striidber en-koppich aard oer, dat nea in ding slûpe litte woe.
Ik haw dit allegear meastepart fan hearren en sizzen, en kin it net kontrolearje. It sil foar in grut part út 'e mûle fan dokter Degreve sels kommen wêze, tsjin lju dêr't er justjes praatsker en fersteanberder by wie as by ús thús. It ferhaal kin opkleure wêze, troch himsels of troch de lju dy't it fierder fertelden - der waard sels praat fan neaken-swimmen en sels ferstrekken fan foarbehoedsmiddels, en dat wol my beide wol oan - mar mei oan guon feiten twivele wurde, de eftergrûn stiet fêst genôch en sprekt foar himsels.
Dat se útrekkene yn it stive noardlike Flokswert belânen, sil
| |
| |
te ferklearjen wêze troch it tafallich frijkommen fan in praktyk, doe't de âlde aristokratise dokter Heeroma de Vos, dy't ik as driftich stappend, kwierich rintnierke yn syn amtleaze neidagen noch kend haw, syn wurk oan in jongere kollega oerdwaan woe. Flokswert wie - en is - yn it seedlike net iens sa folle minder keken as it roomse suden (der sil, sizze de lju, yn beide in soad feroarje, en dat sil 't wol, want de natoer wint it langer oeral fan de lear), en Degreve hie grif by wat mear geduld ek yn it noarden wol in praktyk fine kinnen dy't mear bod joech oan syn pioniersdrang. Miskien hat er dizze oarde wol keazen om himsels te hifkjen, as útdaging dus; út langst nei in nij striidtoaniel, no op it front fan Kuyper en Hoedemaker; of - wat lang net ûnmooglik liket - út wraak op syn frou. Ik nim oan dat er him yn 't earstoan hjir wat mijener opsteld hat yn it fersprieden fan kondomen en argewaasjes, ek út materiële reden. Yn Brabân hied er in praktyk keapje moatten dy't er by syn fuortgean mar foar in krats kwytkoe. Yn Flokswert moast er nochris ta de bûse of, nei't it folk grute hat, ta dy fan syn skoanheit, de professor, dy't dêr dan de nedige easken oan ferbûn hawwe sil. Lit ús sizze: in praktyk mei in swier sulveren dak. Fan fauneske swimpartijen mei in rist jonge nimfen om him hinne haw ik hjir nea heard, en wat de ‘middeltsjes’ oanbelanget hat er mooglik mear rekkensomkes as gummiwaren ferspraat. Yn it offisiële neamde er him noch altyd RK, mar dat kin syn fuortsette striid tsjin de Brabânse klearus west hawwe, of út it idee wei, dat er de roomse tsjerke net allinnich oerlitte mocht oan de geastliken, de simpelleauwigen en de hearrigen: der moast dan om sa te sizzen ek plak yn bliuwe foar de swarte skiep dêr't hy ien fan wie. Nimmen hat him oait nei tsjerke gean sjoen en dat grif net omdat er foar de neistlizzende roomse timpel in lyts healoere ride moast.
It buorke net sa min yn Flokswert. Der hat wolris wat grom- | |
| |
meljen west en wat skodholjen oer syn frijmoedige útspraken, en mei de domenys koed er it lang net altyd lykfine, want hy wie in striemin teolooch, mar hy wie wol in kundich dokter en by al syn eigenaardichheden hiene de doarpslju respekt foar him. Yn it riante doktershûs groeiden twa knapen op, boerske hûnthaaiers, sa likernôch fan myn âldens, dy't har treflik by it doarpsbyld oanpasten en dy't - dat is op sa'n doarp altyd in goed teken - better oer de wei koene mei ferfierders fan jarrebakken, ierdkarren en húsketontsjes as mei polysje Keegstra en master Tsjerpkema en harren pedagogysk soarte. En mefrou Degreve hoegde har net te bekleien oer laksens fan leverânsiers en it fuortrinnen fan tsjinstfammen.
Wol wie it yn it doarp al gau gjin geheim, dat it tusken dokter en dokters mefrou net sa bêst bûtere. Ik doar der net folle oer te sizzen, de ferhalen binne yn sokke dingen slim te kontrolearjen en licht opkleure yn it ljocht fan wat der letter bard is. Yn dy tiid stie hy by it doarpsfolk better oanskreaun as sij: sok in man hie it ek neat net rom, flústeren de froulju en de manlju hiene wold dat er ris fiks fan him ôfturve. Ik wol leauwe dat er dat wol dien hat, mar dat it gjin spoen holp. Har papieren stiene net heech. Guon klagen oer har hûnske haatlikheid, as se ris by reinich waar mei wiete klean of modderige skuon yn 'e gong op wâden nei de wachtkeamer. Winkellju klagen oer har neigeanderigens en har sinnigens, fluenske moaipraters as bakker De Wit noch it minste. Yn it each fan de doarpsfroulju droech se te djoere en te opsichtige klean en liet se har bern smoarch en yn stikken guod omrinne. Benammen dat lêste is oerdreaun en ûnbillik. Dy twa bûsten wie ienfâldich gjin krûd fan sjippe en stopnuddel tsjin woeksen.
Persoanlik haw ik har ek noait sympatyk fûn. Wy wiene as bern bang foar har kâlde heechhertichheid en har flymsker- | |
| |
pe tonge. Se koe ús as jonges ûnfoech útheuvelje, as wy te lûd boarten of yn it dokterstún raar wurk makken. Se hat my persoanlik ris djip rekke doe't ik foar myn jongste suster, dy't mei angina lei, op in jûne noch in drankje helje moast en neffens har te lûd oan 'e skille loek. Skiljen wie net nedich: dy't om drankjes kaam, koe himsels tusken achten en tsienen yn 'e gong rêde, alles stie klear, sij koe net om alle klapsketen (dat wurd brûkte se net) nei de doar rinne. No wist ik ek wol, der wie yn dy gong in plankje oan 'e muorre mei de fleskes en poeierdoaskes. Mar ik hie net sa ûnbeskieden wêze wollen en traapje samar by jûntiid yn oarmans deftige gong op, der lei doe ek noch fan dy plakkerige wiete snie. Har batske útfal die my ûnbillik oan tsjinoer myn woloerleine beskiedenens. Mear dingen fan har fûn ik ûnaardich. Dat se sels de streektaal net brûke woe - tink ris ta: in professorsdochter út Leijen! - wie noch ta dêr oan ta. Har man die it wol, besocht it teminsten, mar it stiek my dat se my èn har beide soannen, dy't har net sûnder fertuten útleine op it smoarchste skite-en-mige-Frysk dat mar te betinken foel, mei in heechhertige skimpskoat op dy boeren ferbea by har oer de flier ek mar ien wurd Frysk te praten. Ik haw noait in taalstrider west, mar dat wie in mislediging oan my en myn foarfaars. Ik haw dêr nammers ek net sa faak yn 'e hûs west, myn freonskip mei de beide knapen stiek net út, der bleau altyd in sosjale kleau. Dy twa spanden, miende ik, altyd tsjin my gear en lieten my op kritike stuiten tsjin 'e lampe rinne om sels spytgnyskjend bûten skot te bliuwen. Mar ik mocht de sfear yn dat kapitale hûs ek net lije. Der hearske, bûten de bekende lysol-rook (of wat desynfeksymiddel as it dan mar wie), dêr't men wol oan went, in kâlde en stive deftichheid, benammen as de dokter sels net yn 'e hûs wie. Yn myn oantinken sjoch ik it fan binnen as in soarte fan sikehûs of laboratoarium, mei izeren treppens en doarren en meubels fan chroom of
| |
| |
nikkel, al wit ik fansels bêst dat it measte fan hout en in part fan kostber antyk wie.
Dokter Degreve, ik haw dat as jonge al field, paste net yn dat hûs en ik kin my skoan begripe dat er him gauris by de boeren bûtenút noegje liet ta in streksum plattelâns miel fan brune beane of potstro mei bret spek. By al syn uterlik hearwêzen paste er feitliks folle better yn in wat primityf boerefennidden, dêr't it iten maklik ta fretten en beolgjen wurdt, as by de fynynleine kultus fan fingerdoekjes en messelizzers en krystallene wynromers dy't mefrou Degreve reesette as er let yn 'e middei thús oanlâne nei syn wenstige rûnte troch de bûtendoarpen. Hy iet dan jûns faak apart syn waarm miel, omdat er, wurch as er wie, it gepraat en geskreau fan syn jonges net mear ferneare koe. Nei sa'n boeremiel liet er dan de faam mei in knypeachje of in finger op 'e lippen stiltsjes it iten wer nei de keuken bringe.
Efterôf is de saak sa helder as glês: dokter Degreve hie de ferkearde kar fan wiif dien. Hy hie net sa'n grutsk en kâld stik granyt hawwe moatten, mar in frou fan it sêfte, meigeande slach, dat út earbied en ûntsach foar har man syn nuverichheden en bûtensprongen mei in net-begripend, mar myld glimke yn 'e jamske fâlde slacht en besiket temûk syn dwerse sprongen wer goed te meitsjen. Mar dit mins wie in professorsdochter, en faaks hat har man, dy't sels gjin kâns sjoen hie syn doctorsbul te heljen, yn har each net mear west as in lyts wrotterke, in arbeidersman ûnder de yntellektuelen, of, yn agrarise taal, in soarte gernier yn pleats fan in grutte Grinzer bouboer. Ik tink my sa yn, Degreve hie graach ris lûd sjongend troch de hege, holle keamers fan syn doktersfilla rinne wollen of ris mei de klubfauteuils en it koperen antyk smite, of dowen en kninen hâlde yn 'e sêre. As lid fan it pleatslik muzykkorps hied er wûnders fertoane kind op tuba of bombardon. Us heit hie út earder tiden sa'n ding
| |
| |
stean, in ôftanke tuba, dêr't de dokter ris yn in opstiging syn longen op úttjirge hat, en masterlik, neffens my, al bin ik folslein ûnmuzikaal, foar immen dy't noait sa'n apparaat oan 'e mûle hân hat. Miskien gjin man fan ferfine muzikaliteit, hy ek net, mar wol mei it fjoer en de Sterke ritmyk fan in golle muzikant. Mar hy mocht net. Hy wie goed genôch foar bridge-jûntsjes mei de folle âldere, foarsichtich op 'e smelle koarde tusken lekker iten en ierferkalking libjende Wearmans, notaris en mefrou, hy kûgelrûn liberaal aristokraatsje en sij lyts, ronfelich en guodlik, en brekber as it fyn perslein yn har grutte glêzen kasten.
It sil dêr grif wol goed sitten hawwe, tusken reek fan fakkundich belegere sigaren, betochtsum polityk praat oer Colijn, Aalberse en de ‘readen’ en flessen fol alkohoalise hearlikheden. Mar it praat giet ek, dat Degreve gauris mei immen in ôfspraak makke om him op teskiljen oer in kwaal of ûngemakje, dan koed er de bridgetafel, mar benammen syn heechhertige libbenspartner efkes farwol sizze foar in lyts stikje frijdom en sykheljen yn 'e iepen loft. Hy wie in bûtendoarminske, freon fan waar en wyn en it gedierte des fjilds. Mar nei it waarm miel moast er syn beide jonges, dy't alle respektabele kwaliteiten foar de ambachtsskoalle besieten, reestome foar oergongen en eineksamen gymnasium, om't sij dat woe - de delgeande line professor-plattelânsgenêsmaster-elektromonteur lei no ienris fier bûten har eachweiding. En dokter stampte Latynse en Grykse tiidwurden yn syn HBS-harsens. Se hawwe it noch rêden ek, mar ta prof hawwe se it gjin ien fan beiden bringe kind.
Hoe hâldt sa'n man dat út? Dat is fansels in dwaze fraach, want de ûngeriven en ferfelende dingen, de pleagerijen en twangbefellen komme noait allegear op ien stuit, se dosearje en spriede har taktys oer in minskelibben, se spylje har ien foar ien mei tuskenskoften út en binne stik foar stik net
| |
| |
sadanich om de brot der mar hinne te soalen, en by elk folgjend akkefytsje is it foarige foar njoggentich persint fergetten en foar tachtich ferjûn. Sûnder mis hawwe der dagen en riten fan pais en free west. Ik haw harren bygelyks wolris twaresom yn grutte ienzens túnkjen sjoen. No is túnkjen, hantearjen fan skoffel, haachskjirre en lodde, oars as troudwêzen, in bedriuw dêr't de ynderlike frede en de tagedienens foar wrâld, minske en natoer mei gjin mooglikheid foarwei kinne. Mar as it ûnrant wjudde is en de bollen sitte yn 'e grûn, dan kloppet de oarder fan de dei wer oan 'e doar.
Myn foarstelling fan saken is in persoanlike rekonstruksje, en it kin bêst wêze dat Degreve sels mei skuld droech. Hy hie bygelyks ris rêstich, ferstannich en gemoedlik mei syn frou prate kinnen en lykwols stiltsjeswei mei in ûndogens glimke syn eigen sin dwaan. Hy wie gjin taktikus, hy hie út 'e fierte wat fan de ûnberoaidens fan Fjodor Pawlowitsj út it Karamazow-boek fan Dostodinges. Hy koe him in skoftlang swijend en binnenmûlsk mompeljend deljaan, mar dan ek ynienen wyld útbarste, dat men tinke soe, der doogde oan mefrou Degreve gjin spoen. En dàt wol ik perfoarst net sa hawwe. Se hat yn it doarp, yn dy krisistiid, in soad goed dien oan earme lju en net iens op 'e delbûgjende, skynhillige wize fan de 19de-ieuske filantropy. Se wie yn dy dingen net krinterich en rûn har mei listen en kollekte-bussen foar goede doelen it fjoer út 'e skuon. Se stiek ek sels de hannen wol út 'e mouwen as it hjir of dêr sosjaal skeef gyng troch sykte of oar ûngemak. Bûten har hûs wie se soms in ingel fan goedens. Mar binnendoarren kraaide har hoanne al te keninklik. Degreve koe dan ek skandalige dingen tsjin syn frou sizze, ek as der oaren by sieten of it hearre koene, mar hy hie der fuortdaliks wer spyt fan en foel yn 't lij as in ûndogens kweajonge.
Ik persoanlik haw oan Degreve altyd in bêste dokter hân en him in goed minske befûn. Hy stelde mei help fan de neuro- | |
| |
looch de goede diagnose, mar in terapy wie der doe noch net. Hoe't er my as jonge sjoen hat, doar ik net te sizzen. Ik hie wolris it fielen dat er mear fan myn kwaal hâlde as fan mysels. Net om't er oan dy kwaal fertsjinje koe - syn rekkens wiene altyd skaplik en faak mear as dat, behalve foar guon rike boeren - mar wol om't er it om 'e ien of oare tsjustere reden net op my stean hie. Tocht er dat ik him troch hie? Ik koe, al makke myn sykte my it praten faak net maklik, soms eigenwiis út 'e hoeke komme. Ik hie dus in soad lêzen, en koe dan fan dy nuvere dingen sizze, lykas: En hoe fûn dokter dat en dat boek? Dat gyng dan bygelyks oer ‘Brave New World’ fan Huxley. Wylst ik wist dat dokter Degreve nea in boek yn 'e hannen naam as om wat nei te slaan oer in seldsume sykte. Syn literêre ûntjouwing hâlde op by ‘Bartje’, ‘Dorp aan de rivier’ en ‘Dokter Vlimmen’ - dat lêste lei him wol: dêr koed er him min of mear mei identifisearje. En faaks helle er ek wolris wat aktuele wiisheid út de ‘Reader's Digest’. Ik bedoelde sokke fragen net om him mei syn ûnwittendheid te kyk te setten - wat wist ik nammers sels ek noch? - mar earder om myn eigen pasjinterige ûnbetsjuttendheid wat yntellektueel tsjinwicht te jaan. Ik kokettearre mei myn belêzenheid. Mar hy koe dêr net goed oer, ik wie him te wiis fan mûle en te kritys fan toan. Hy wie lang gjin psycholooch en woe it ek net wêze. Hy joech ris earlik ta - net tsjin my, fansels - dat in dokter neat oars is as in smid of monteur yn lichemsdielen. Mar hy hie ek, benammen letter, freonlike riten, dat er efkes bleau te praten oer doarpske ditten en datten. Dêrby prate er syn beropsgeheim wolris foarby. In praten yn ûnfolsleine, koartôfbrutsen sinnen, dat almeast einige yn ûnfersteanber gegrommel, om't er net fierder wist. Dan pakte er hastich syn hoed, dy't yn 'e regel by 't bêd delrûgele wie, prevele in soarte fan ‘Aju’ en rôp yn 'e gong tsjin ús mem altyd itselde: ‘Kalm oan mei de knaap, frou Martensma!’
| |
| |
Eefkes letter hearde ik it pertier fan syn doe al âlde Citroën klappen en joech er it gaspedaal fan katoen, as hied er syn wiif ûnder de skoech.
O ja, ik fergeat it noch hast, se hiet Adèle.
|
|