| |
| |
| |
In rêdende ingel
De befrijingsrûs wie ûnderwilens frijwat bûten my om gien. Us mem woe my op 'e grutte feestdei nei de foarkeamer ferbêdzje. Ik koe dan de optocht en in lyts part fan de feestlikheden sjen. Mar ik hie der gjin nocht oan. Letter haw ik heard, dat it nochal in nuete boel wie, grif ek mei't it feest sjoen de nijwûne ienheidsgefoelens foar alle gesindten en dus sa neutraal mooglik wêze moast. In echt merkefeest mocht it net wurde, fanwegens de meiwurking fan de grifformearden, dy't ek te uzes sa'n femame rol yn it ferset spile hiene. In echt Oranjefeest koe ek net, om't it wenstige Oranjefeest fan 31 augustus yn haadsaak in privileezje fan de rjochtsinnigen west hie, dêr't gâns wat liberaal en doopsgesind wie net àl te waarm foar rûn en sa goed as alles wat de reade kant oerhinge mei in kritys each nei seach. De taspraken moatte dan ek wol fol gloede, mar foar tûke harkers ek ryklik neatsizzend west hawwe, gjin fleis en gjin fisk.
Mar it feest gyng my net oan en ik gyng it feest net oan. Der binne folkssangen songen en lieten út 'e Valerius, der is sekjeran, koekehapt, flessetrape en kûpkestutsen, en dan wie der noch in libbene stuolledûns. De BS hat in mars troch it doarp makke en yn in tinte is in befrijingsspul opfierd fan de hân fan en ûnder rezjy fan master Van Reekom, warber as ien, dat troch de krappe repetysjetiid net alhiel wurden is wat it wêze moatten hie: toanielspyljen wie nammers yn dy rûnten ek noch mar in stadich begjin mei makke. En oan 'e ein fan de dei wie der in fjurwurk, dat noch litte oan 'e materiaalkrapte. Allinnich de oanwêzichheid fan wat Kanadezen, in man of seis sân, mei in echte jeep en in griisgriene legerauto èn fan de âlde, ynienen wer boppe wetter kommen boarge- | |
| |
master, fan wa't suver nimmen it bestean mear fan wist (hy wenne fansels net yn Flokswert, mar yn it haadplak), sette it feest noch wat fan gloarje by.
Miskien sjoch ik it nei al dy jierren te swart, mar de distânsje dy't ik hie foar de dingen oer dêr't oaren har sa drok om makken, joech my, miende ik, it rjocht ta dizze ûnthâlding. As ik echt wold hie, hie ik wol in pear stappen op 'e fersierde buorren sette kinnen. Mar der kaam by dat ik my skurf fielde. Ik hie op it alderlêste stuit noch mei de fijân gearspand (soms frege ik my ôf, hie ik it by oare omstannichheden net al earder dwaan kind?), en al wie dy fijân dan myn buorman Sije Wiuwerda, de heit fan Minke, de lju soene har grif net yn myn frjemde died ferpleatse kinne. En in leagen as soe Sije my mei in wapen drige hawwe, koe ek maklik genôch ûntmaskere wurde. Der moasten koppen rôlje en de kop fan Sije Wiuwerda siet net sa fêst mear op syn dûbelde romp (sa tochten guon minsken), ik koe dêrby ek wolris in fear litte moatte. Wat stilder wat better dus. Freonen dy't yn dy tiid oan myn sykbêd sitten hawwe, dielden mei, dat der yndied oer myn hâlden en dragen gegrút wie yn it doarp. Dat myn papieren sakke wiene, wist ik ek al út it feit dat guon trouwe besikers weibleauwen. Goedbesjoen bin ik, troch wat gearrin fan oarsaken dan ek, as in iensum persoan út 'e oarloch weikommen. Sibbele Skeensma, de eardere SS-kandidaat dy't it swurk op 'e tiid driuwen sjoen hie, bleau it trouste. Dat wie in faai teken: hy moat hjir of dêr wat solidariteit mei my field hawwe. Mar hy hie net folle te fertellen, yn it ferset hied er mar in lyts byroltsje spile en in unifoarm wie foar him net weilein.
Fan Minke hearde ik yn't earstoan neat mear. Ik wist allinne dat se by har mem thús wie en in dei of tsien hûsarrest hie. Mar ik hie dochs, miende ik, rjocht op in ferklearring fan har kant. Om hàr, sa hâlde ik mysels foar (en net alhièl sûnder
| |
| |
reden), om har hie ik my mandélich makke oan har heit, en sijsels hie my as sadanich ûntmaskere en my in strontfiguer slaan litten. Dat joech in lyts fielen fan bitterheid. Wêrom hie se har heit útlevere oan syn fijannen en my oan de spot en it erchtinken fan dyselde fijannen? En dan wie der ek dy oare fraach: wêrom hawwe se har, dy't dochs yn it doarp bekend stie as in Moffefaam, sa betreklik goed behannele - har tramtearre hier koe mei gauwens wer fatsoenearre wurde ta wat jierren letter bekend stie as in ‘rottekopke’ en de kommandant hie har persoanlik syn ûntskuldiging oanbean. Omgong mei in Dútse ofsier-Partei-lid wie dochs net alhiel neat? Ut 'e ferhalen haw ik wol heard dat yn Midwert en oare plakken dat soarte fammen (mar dan faaks swierdere gefallen), slimmer geweken nommen is en net allinne troch hûsarrest en wat yn it hier omhoffenjen mei in stompe skjirre. Dat hûsarrest fan Minke seach ik nammers mear as in soarte fan administrative maatregel - frije beweging wie yn dy earste dagen nei de befrijing dochs noch net sa oan 'e oarder - en it hat ek mar koart duorre. In dossier-Minke Wiuwerda hat der net west, mar dat seit net folle. Der binne yn dy dagen wol mear lju ophelle, benammen yn Midwert, dêr't gjin bewiismateriaal tsjin wie: de hiele lichte gefallen (lang lyn lid fan de NSB of de Lânstân west, wolris mei de Winterhelpbus rûn en sa) en de fersinnen. Der waard soms op ûnwiere tsjûgenissen ôfgien en dy lju kamen dan nei ien twa dagen stûmjend en ûnder it ûngedierte wer thús. Yn 'e Suderwarren is sels in ûnderdûkte studint ophelle dy't neat slimmers dien hie as de faam fan de boer befruchtsje, - ta bewiis dat de opspoaringsaksje ek wol deeglik syn morele kanten hie.
Mar Minke mijde my, en ik woe my net bleat jaan troch har by my út te noegjen of al te iepenlik mei oaren oer har te praten. Us mem hat dêr miskien wol in aan fan hân, al prate se der noait oer. Ik hie gefoelens foar Minke dêr't in oar neat
| |
| |
mei nedich hie. Ik fielde my boppedat troch har hâlding tekoartdien, suver in bytsje misledige. It wie myn eare tenei om as earste kontakt te sykjen. En sa bleau de saak yn 't ûnwisse, lykas iksels troch de omstannichheden yn it ûnwisse bleau. Ik lei, ik sykhelle en ik lies. Ik wol it wol wêze, ik haw myn riten fan opstannigens en wanhope hân. Ik wist ommers dat ik net folle normale kânsen mear hie - der wie tsjin myn spierweefselsykte noch gjin middel fûn - en dat ik op 'en bêsten in heal minske wurde soe, ridend yn in rolstoel of hompeljend op krukken. Ik haw yn dy tiden, doe't eltsenien mei grutte plannen en ideeën omrûn, doe't it heve soe yn 'e minskemienskip, wolris tocht dat ik mar better út dy wrâld weiholpen wurde koe, om't ik ta neat nut wie, oaren in bulte soarch en lijen joech en in soad jild koste. Slim en lang hawwe sokke tinzen my lykwols net pleage, net út ûnferwoastber optimisme of út wat men neamt ‘earbied foar it libben’, mar earder út gemaksucht, út it fermogen, de technyk mei ik wol sizze, om dingen mei lestige of ûnmooglike konsekwinsjes lekker by my delglide te litten. De wrâld, de minskemienskip, wat dat dan ek ynhâlde mocht, moast mar mèi my en it fierder sûnder my rêde. En net te ferjitten: dochs altyd noch in poarsje benijdens, de langst om te witten hoe't de dingen har fierder ûntjouwe en oplosse of ta in ein komme. De krisis fan myn sykteproses kaam dy simmers en hjerstmis nei de befrijing. It like doe as wurken alle omstannichheden tsjin. Us heit krige it dy simmers mei de holle te kwea en moast opnommen wurde yn in psychiatrise klinyk. Wêr't it krekt op fêstsiet, falt min te sizzen. Grif hawwe de spanningen fan de besettingstiid, syn hate tsjin de besetter (net as politike fijân fuortdaliks, mear as fersteurder fan de normale oarder en regel, dy't heech yn syn findel stiene), in hate dy't er net yn dieden uterje koe en soms amper yn wurden, wol meiwurke en him djipper yn syn siel grypt as wy doe witten
| |
| |
hawwe. As ik sis: oarder en regel, bedoel ik benammen: sin foar rjochtfeardichheid, want hy wie net it type fan ‘law and order’ mei de polysjekneppel. Hy wie wol in stinder en brieder dy't dan iderkear wer stomprûn yn in soarte fan eigen oanret en opkweekt optimisme oer in hastich ferrin fan de oarloch. Hy wie gau ridderslein as de Amerikanen (oer de Russen prate er mar leaver net) net diene wat hij wold hie dat se dienen. Mooglik hat er ek wol ompakt mei it gefal Sije Wiuwerda, al like syn oardiel oer ‘dy smoarge lânferrieder’ en ‘dy rotmof’ (Heinz) te maklik útsprutsen.
Mar dêrneist hawwe ek oare saken meispile om him, dy't fan natoer al net sterk fan holle wie, der ûnder te krijen. Saken dy't - hy wie kassier fan de Boerelienbank - op jildlik terrein leine. Der hawwe yn dy tiid, maaie, juny, langduorjende en lûdroftige boeregearkomsten op it kantoar west, dêr't heit senuweftich en wytweilutsen, mei wat fan machteleaze woede om syn smelle lippen, weikaam, om de jûns wer en faak ta de nacht út yn syn boeken en papieren om te heisterjen, ta gratte noed en soarch fan ús mem en myn beide susters. Der moatte administrative fouten yn syn behear west hawwe, dat troch de bysûndere omstannichheden in skoftlang net kontrolearre wie. En no wie der ynienen wer in akkountant ferskynd. Mear as fouten hawwe it net west; ik bin der hillich fan oertsjûge dat er noait ien heale sint ta eigen bate brûkt hat. Sels miende er dat er it slachtoffer wurden wie fan in pear fynynleine boeren-bestjoersleden dy't him der ynstjonke litten hiene om sels net mei beskate tsjustere manipulaasjes tsjin 'e lampe te rinnen. Mar ik haw dêr gjin inkeld bewiis fan en syn eigen bewizen, leaver oantsjuttingen, sweven ek frijwat yn 'e romte. Se hawwe him fierder aardich fatsoenlik behannele, mei ûnthjit fan earfol ûntslach en in krap, mar net echt ûnreedlik leech pensjoen. In deimennich nei't er fuortrekke is, hat immen oars de boel oernommen, in guodlik, swijsum
| |
| |
persoan dy't Poepjes hiet en dy't better fertsjinne hie as fan ús mem foar in ynkringer en ferrieder útmakke te wurden, doe't er it part fan ús wente dat it kantoar foarme, yn beslach naam en dêr syn sittings hâlde. It feit dat wy út it hûs moasten op in net al te lange termyn hat har ek djip yn har eare taast.
En troch al dy dingen rekke mem sels ek ûnder fuotten. Se koe it net langer oan. Poepjes wie har ta in argewaasje - Kakjes, sei se iderkear, menhear Kakjes, of ek wol Strontjes -, omdat se him derfan fertocht dat er, âld-fersetsman, ús heit der út politike streberei útwrotten hie, ús heit dy't wol gjin fréon fan de Dútsers, earder in hater, west hie, mar dy't dan dochs hearde ta de âlde garde, de net-fersetters, it ancien régime, dat net mear weromkomme moast. En dêr kaam dan by it ompakken mei twa pasjinten, de iene in oere busreizgjen (en mei wàtfoar bussen: ôftanke Kanadese legerauto's) fan har ôf, de oare thús oer de flier. De earste in haffeljende senuwlijer, de twadde in apatise boekeslynder dy't alles oer him hinne gean liet.
Yn dy dagen - ein July of begjin augustus - wie it, dat Minke Wiuwerda ynienen as in rêdende ingel yn ús heukerich húshâldinkje delsaaide. Wat har dêrta oanset hat? Foar in part gewoane buorreplicht, tink ik. Mar mooglik ek hat har mem, dy't der op út wie har sa gau mooglik wer yn it doarp oannimlik te meitsjen, der de hân yn hân. Ik achtsje it sels net útsletten - mar se hat it altyd ûntstriden - dat ús mem út har eigen wrok wei kontakt mei Sije-Afke socht en in sugges- ty dy kant út dien hat. It is ek mar in spekulaasje fan my, lykas sa folle yn dit ferslach, want se wie alhiel net aardich tsjin Minke, earder op it fitse omt ôf. Minke liet dat by har delglide; ús memme ûnderdúmske taspilingen op har geheimsinnige saken (dêr't ik doe noch neat fan ôfwist) dearden har net. Mar ús mem, skerp as in skearmes en ûnreedlik,
| |
| |
seach ek wol yn dat it sà net langer koe en dat men fan de wyksuster net méar ferwachtsje mocht as dêr't dy ta tsjinne - it aldemedichste.
Sa njonkelytsen groeide yn dy dagen tusken Minke en my in sfear fan betrouwen en miskien mear as dat, al kaam de bynei mystike erfaring fan earder tiid net wer. Se brocht wat gesellichheid yn 'e hûs, as ik it sa dierber neame mei, en se hie der slach fan om mei in pear wurden, alhiel sûnder it ferpleechster-optimisme dat my yn 'e wyksuster sa'n argewaasje joech, in tryste stimming fuort te spielen. Ik haw in soad oan har te tankjen. Der gyng in rêst fan har út dy't ik min yn wurden omskriuwe kin, mar dy't fan al har dwaan, ek it ienfâldichste gebeart dêr't se in blomke mei op myn kastke sette, útstriele en my, nettsjinsteande it djiptepunt fan myn siikwêzen en de soms net te fernearen pine dy't ik hie, in fredich lok joech, dat ik nearne oars ûnderfûn haw, ek letter net, doe't ik troch de nije medisinen fan de neurolooch, de prostignon-kuer, wat better mobyl wie. Dizze faam Minke Wiuwerda - mar dat hie ik eins altyd al witten, fan dy kears mei dat wasktobke of - wie mear as sljochtweihinne. It kaam djipper wei as allinnich út wat se thús meimakke en ferarbeidzje moatten hie, yn dy broeiske atmosfear fan in oan 'e grûn rekke húshâlding. It hie der altyd al west, dy geastlike superioriteit (sa moat ik it wol neame, al fìelde se har net superieur). Op 'e ien of oare wize wie se oan har fermidden en har lytsboargerlik komôf ûntgroeid, lykas ik ek op myn wize, en dat joech ús wat fan lotgenoaten, bûnsgenoaten kin ik better sizze. Wat sij dêrby op my foarhie, wie dat dat proses by har net mei skokken, mar natuerlikwei en as fanselssprekkend ferrûn wie. Mar dizze dingen kamen tusken har en my net te praat. Se hie it net graach oer harsels en har eigen dingen, en wist alle besykjen fan my dy kant út mei in amper as ôfwar te fielen wurd te ûntwiken. As ik it in sfear fan betrouwen
| |
| |
neam, bedoel ik wat dat bûten wurden omgyng, in sfear mear yndied as wat taastbers. It wie wol krekt as wachte ik op wat fan har kant, op in ferklearring, op syn minst in oantsjutting. Mar Minke hearde ta de lju dy't net lang toevje by ôfdiene saken, dy't natuerlikerwize boppe de keale feiten steane. Soms miende ik dat der efter har rêstbringende opteinens (in te grut wurd, mar ik kin it goede net fine) hjir of dêr fertriet skûl gyng, in fertriet dat maklikernôch yn ferbân brocht wurde koe mei de delgong fan har heit en mei de wize wêrop't har libben oant no ta ferrûn wie.
Mar ik hie der net altyd it measte nocht oan om dat allegear út te knobbeljen en foar alles ferklearringen te sykjen. De psychologise romans dy't my dat keunstke, soms mei in fluts Freud der yn bebakt, oanprate woene, kamen my bytiden ta de strôte út. Ik hie genôch oan myn eigen reaksjes en gefoelens. En ik wist dat dy gefoelens foar Minke wol deeglik yn it flak fan it erotise leinen, en al hie ik troch myn sykte benammen yn dy tiid net folle ferwachtings mear foar in normale takomst fan trouwen en bern krijen, myn geast wie helder genôch om dy gefoelens ûnder it each te sjen. Mar ik litte der net ûnder. Ik hie geduld leard. De gefoelens sels wiene my foldwaande, ik koe my der yn weiwidzje litte en der op driuwkelje, ik hoegde net oer maatskiplike konsekwinsjes te prakkesearjen. Ik koe myn langstme ûndergean - mar gjin fysyk langstme, it gyng bûten it lichem om - moarns by it wekkerwurden, as ik my yntocht hoe't se komme soe, mei har groet, har hiele by-de-dingen-wêzen, har tawijing en rêstige oandacht wêrmei't se my myn tee en bôle brocht, efkes myn kessen opskodde en myn bêd terjochte lei, my de holle en hannen wosk - it fierdere wie foar de wykferpleechster, behalve as ik ris in goede dei hie en nei de wasktafel stoattelje koe - en my it skearspul oerlange, dêr't ik knoffelich mei ommaneuvele. It gyng my waarm troch it hert har
| |
| |
stal troch de keamer bewegen te sjen, har lichemsfoarmen sêft mei net-begearige eagen te streakjen en te Witten dat ik feilich wie yn 'e waarme hoede fan har simpele oanwêzichheid. Se makke fan my wat ik nea wêze wold hie: it toanbyld fan de noflike en bliermoedige pasjint. Net dat ik sentimenteel waard, lykas dy bêdlizzerige âlde dames dy't út elke blom Gods blierlaitsjend antlit op har delskinen sjogge. Earder as de man fan sa't dat hjit wize berêsting, dy't glimkjend fan de pine - en dy hie ik in soad - syn lot oanfurdiget, dy't wit dat syn bestean meastepart út geduld bestiet en dy't dat geduld bewarje sil ek al mocht it by einsluten de muoite net leanje. Ik koe dat, omdat ik myn sykte benammen ûndergyng as in ûntslein wêzen fan alle ferantwurdlikheid. Ferantwurdlikheden ommers meitsje dat in minske him net deljaan mei, net mei himsels yn 't lyk is, hy moat hjir of dêr foar stean, warberje en oarderje, himsels en oaren ta lêst wêze. Libje sûnder ferantwurdlikheden is it geheim fan libjen sûnder heechmoed en ûnrêst. Ik hie my dêr fan bern ôf oan yn oefenje kinnen. De iennichste kear dat ik ferantwurdlikheden op my nimme woe - by it ‘rêden’ fan Sije Wiuwerda - wie it op in mislearring útrûn. Om koart te gean: ik hoegde net mear. Ik joech my del.
It kaam net yn my op om Minke myn leafde te ferklearjen - it idee wie net allinnich dwaas, mar it soe ek it sykjen fan ferantwurdlikheid betsjutte. Hoe't sij oer mij tocht, krige ik gjin ynsjoch yn, en ik woe it ek mar leaver net witte. Ik koe en mocht har net oan my bine, steld dat se it wollen hie, ienfâldich al omdat myn sykte my foar altyd, dat like doe fêst te stean, ta in twadde- of tredderangsminske stimpelje soe. En dan praat ik noch net iens fan maatskiplike, ekonomise ymplikaasjes. Fan myn pinen, myn heukerich bêdbestean en de soere lucht dy't dêr mei anneks is, fan pynlike mislearringen yn it seksuele. Dit klinkt no allegear wol tige dierber-altruistysk. Mar mis- | |
| |
kien hinget it ek gear mei it feit dat ik yn en troch myn sykte sa goed as net pleage waard fan seksuele oanstriid. Ik libbe yn belangeleaze en tankbere oanskôging. It sneupen yn Easterse filosofyen joech dêr ek noch in wysgearich kleurke oan. In oanskôger, neamde ik mysels. Ik oanskôge it No, it letter bestie net. Ta dat No hearde Minke. Dy't ik oanskôge sûnder begearte. Ik haw my trouwens noait goed yntinke kinnen dat lju fanwegens de geslachtsdrift by muorren en dakken opfleane kinne. Dat sil wol in swak fan my wêze en biologys ûngesûn. Oan 'e oare kant is it ek wer sa dat ik it mei de peardriftigen hâld sadree as it tsjin de skynhilligen giet. Yn myn situaasje mocht ik my lokkich priizgje dat dy driften my mei rêst lieten of sêftkes teraanden yn it geniet fan de Oanskôging - al is dy lêste nea wer sa mystyk wurden as op dy iene febrewarisdei yn 1944. Wat der oan biologise drift ûndergrûns wie, kaam nachts, ûngemurkenwei: brodzige dreamen mei wiete gefolgen. In inkelde kear mei wat fan skamte, as Minke de wask by elkoar fandele.
Sa kaam se, alle dagen. Ik leau net dat se dy simmers en hjerstmis mear as twa trije kear mist hat. Moarns tsjin njoggenen oant it middeismiel ta. Jûns fan brea-iten ôf oant in oere of acht. Soms siet se jûns noch in skoft by myn bêd. Wy praten net of amper, mar liezen beide, sij yn in boek dat ik har oanret hie, en ik wist in ferhevenheid fan lok bynei te kommen as selden in minske tafalt. Se siet ûnder de lêslampe, mei har moaie eagen yn it skaad en in nimbus fan tsjinljocht om it kastanjekleurich hier, dy't soms dochs it oantinken fan dat frjemde ûnferklearbere wjerfarren wer oprôp. Ik roek de geur fan har jonge en folwoeksen froulikheid, ik hearde har sykheljen en ik seach har boarsten op en deljen yn in woldwaande weaging. Temûk seach ik fan myn boek nei har op, en ik befûn dat it goed wie sa.
Ik haw in kloatsek west, allinne justjes oars as Sije Wiuwerda.
|
|