| |
| |
| |
In ûnderlizzer
De Kanadese tanks rôlen prinshearlik yn in bôge om Flokswert hinne. Faaks wie it omdat der dochs gjin Dútse Soldaten troch it doarp flechten, en dat kin syn reden hân hawwe yn de strategise situaasje en ek yn it feit dat der, benammen yn 'e Suderwarren, in goed organisearre en tûke ûndergrûnse siet. Mar miskien kaam it ek ienfâldich omdat de slingerjende tar- en púndykjes te smel en te wrak wiene foar it swiere spul dat de strjitwei lâns dindere. De lju yn 'e buorren hawwe fan de striid net mear fernommen as wat sjitten yn 'e fierte en de reek fan in ôfbarnde pleats alhiel efter yn 'e Suderwarren, dêr't de wrâld mei kranten tichtplakt is en dêr't in espeltsje yn panyk flechtsjende Dútsers, in soarte fan efter-hoede-patroelje, mei in skouke oer de Warster Ie stekke woe en út wranteligens om de boer syn tsjinakseljen - hy woe it boatsje dat mei in slot fêstsiet, net losmeitsje - de boel yn 'e brân stutsen hat. Iksels haw der alhiel neat fan sjoen, it wie myn twadde lange sykte, en ik moast de befrijing, dy't ik pas letter yn har folsleine betsjutting sjen leard haw, allinne út de ferhalen ûndergean. Ik lei yn 'e efterkeamer oan 'e stege en seach op in stuit, krekt nei't ús mem my it grutte nijs ferteld hie, de grouwe fan eangst spierwyt ferlutsen kop fan Sije Wiuwerda troch de doar knipereagjen. Hy like no mear as ea op ien fan de dieren dy't er yn earder, better tiden yn syn winkel hingjen hie. Syn woarstfingers krôlen om elkoar hinne. Hy oertsjûge him der fan dat ik allinne wie en kaam skytskoarjend de keamer yn. Hy wie op sokken en klaaid yn broek en bûsgroen. Syn strôte slokte ferheftich op en del boppe de richel fan syn board en syn earms makken nuvere
| |
| |
ûnberoaide maneuvels yn 'e loft, dat it bûsgroen der ûnder syn earms fan kreake, doe stiek er de hannen yn 'e bûsen en seach my hoopfol oan. Ik seach dat syn kaken meagerder wiene as eartiids en dat de bonken der kadavereftich trochhinne stieken. Dizze man hie it net rom hân, grif ek net wat de iterij oanbelange. Yn gjin tiden hie ik in wurd mei him wiksele en ik wist net wat ik sizze moast. Hy bleau foar myn bêd stean mei ferwyldere eagen, it gûlen stie him nei-oan. Fan de ienris sa marsiale lânwachter wie net folle mear oer. ‘Soene jo efkes by my sjen, Wiuwerda?’ frege ik op 't lêst, omdat der dochs wat barre moast.
‘Se sitte my efter,’ hime er, ‘do moatst my helpe!’
‘Ik prakkesear der net oer,’ sei ik, ‘jo moatte no mar stean foar de gefolgen.’
In brike senuwtrek rûn oer syn gesicht. Hy sit yn deadsneed, tocht ik, moai sa, fertsjinne lean, krijt syn trekken thús. Foar de bile mar. Mar ynienen seach ik de eagen fan Minke foar my, grutte ljochtblauwe, hast grize eagen, eagen fan ûnskuld en barmhertichheid - skynden hàr eagen dwers troch sines hinne op my ta? Striele har wêzen troch it fersutere lichem fan dizze doarpsbarbaar hinne om my te berikken? Ik lei hastich by mysels oer, hoe dwaas as it wêze soe dat ik, pasjint al sûnt tiden en gjin diel mear hawwend oan de strideraasjes tusken de minsken, dit domme mar guodlik stik fleis hjirre lizze soe te besedemasterjen. Boppedat, de man hie my nea in striebreed yn 'e wei lein, altyd fleurich en freonlik tsjin my west. Moast ìk dan útrekkene de rol spylje fan wraaknimmer oer dingen en dieden dêr't ik amper fan wiste?
‘Ik soe net witte hòe't ik jo helpe koe,’ sei ik. Der wâle sels wat fan begrutsjen yn my omheech. Dizze man hie minsklik besjoen better lot fertsjinne as him no boppe de holle hinge. Wa wit wie der wat fan solidariteit mei in sûnder, - in sûnder as ik faaks ûnder oare omstannichheden ek wêze kind hie.
| |
| |
It ferhaal fan de twa Joaden en de oansketten fersetsman is my pas letter bekend wurden, lykas sa folle dingen út dy tiid. ‘Lit my by dy ûnder 't bêd lizze,’ grânzge er, hastich omsjend as siet de kweade him op 'e hakken, ‘dêr sille se my net sykje.’ Dat ik as pasjint, as machtleaze nearne-ta-nut, de rêder wurde koe (moast) fan in man yn deadsneed, sûnder dat ik mar ien hân hoegde út te stekken, lake my as suvere idee wol oan, as hurd feit lykwols net sa tige.
‘As se jo hjir dan fine, gean ik der ek oan,’ sei ik, mear by wize fan hifkjen, fan proefnimming as mei it doel my der oan te ûntwinen. Wa ommers soe my wat dwaan, steld dat se him fûnen? Dy fersetslju mochten dan dryste rakkerts wêze, se wisten freon fan fijân te ûnderskieden en wiene ferplichte ta in fikse poarsje sportiviteit. En in freon wie ik, dat stie bûten de kiif, - al strúnde op 'e eftergrûn fan myn tinken wolris it idee om dat ik, by justjes oare omstannichheden, ek de ferkearde kant oer falle kind hie.
‘Dêr leau ik neat fan,’ grommele er, ‘do stiest rûnom goed bekend, ikke net.’
‘Tinke jo dat it jo rêde kin?’
‘As se fuort binne, rêd ik mysels wol, dan komt der wol in útwei,’ antwurde er. Ik hearde oan syn wankelmoedich lûd dat er it liigde en allinne mar in útwei socht op 'e alderkoartste termyn. Mooglik om syn ûndergong net te belibjen yn it bywêzen fan syn wiif en syn dochter. Hy kaam wraggeljend op my ta, mei wat fan driging yn syn noch altyd swier stal. Mar ik hearde tagelyk syn grutte hynstetosken op elkoar klappen, sa krap hied er it. De gedachte dat er mooglik in wapen by him hie en my ta wat twinge koe, kaam net iens yn my op.
‘Goed, mar jo miterje op sadree as se fuort binne,’ sei ik mei wat strangens, om him fiele te litten dat syn wolwêzen, sij it op uterst koarte termyn, by einsluten yn myn hannen lei. It
| |
| |
joech my in machtsposysje, dy't myn idelheid ek noch streake.
‘Se sjitte my op steandefoet dea!’ hime er, wylst er ûnder myn bêd kroep, dat syn swier liif net folle romte jaan koe. It hiele trelit hie miskien in minút duorre. Wy setten it petear noch efkes fuort, net ûnkomys, twaspraak fan ien tusken de tekkens en de oar yn 'e djipte.
‘Tinke jo wier dat se jo deadwaan sille?’ frege ik.
‘Fansels,’ stinde er, ‘ik haw in soad ferkearde dingen dien, ik haw in grutte stomkop west, in ezel.’
‘Mar dêr sille se dan earst wolris wiidweidich oer prate wolle, ear't se jo deadogge,’ sei ik. ‘Deasjitte sûnder foarm fan proses dat dogge se by ús net, dat diene dy freonen fan jo allinne.’ ‘Stil ... oars hearre jim mem en dy ús,’ krimmenearre er.
Ik pakte it boek wer, dêr't ik yn dwaande wie en tocht nei. De oarloch hie de lêste oardel jier foar my frijwat in fierôf ding west. It iennichste regelrjochte ferbân wie de krapte fan iten, al hiene ekstra-bonnen foar my as sike èn ús heit syn boere-relaasjes it slimste keare kinnen: foar ús gjin blombollen of knineblêden. It nijs krige ik út 'e safolste hân, ús âlde, net ynlevere radio hie yn 'e wiette fan de kelder al in skoft lyn belies jûn. Printe bledsjes mei wylde oproppen ynteressearren my net sasear: it like my (doe noch) ryklik oerdreaun ta. Ik hie in hekel oan dy hiele oarloch, net allinnich omdat elkenien dat hie, mar yn 't bysûnder om't ik der sa'n bytsje mei fan dwaan hie. Dy oarloch bemuoide him net mei my, hy achte my de moeite net wurdich, hy seach my gewoan oer de kop. Hy irritearre my. Net dat it fuortdaliks myn langst wie om der in aktive rol yn te spyljen, ik leau net dat ik dêr by sûnwêzen geskikt foar west hawwe soe, ik bin mear in sjogger as in dieder. Ik wie sels ûnmachtich om dy oarloch te sjen, te oanskôgjen, te ûndergean. Hy bestie suver allinnich út ferhalen, út praat. Ut praat fan neat faak ek noch. Ik
| |
| |
tink oan dat ferhaal, dat de sigarette-floeikes fergiftich wiene om't se makke waarden fan ôfbrûkt ferbân-materiaal út sikehuzen. Ik lei mar en koe net sels sjen en sels hearre. De Ingelse en Amerikaanse bommewerpers dy't nachts gûnzjend en sjongend oertrieken, wiene my gjin foarboaden fan de wankende oerwinning, mar niteljende pleagers dy't my myn ûnmacht yn 't sin brochten plus it leed fan de miskien net altyd like skuldige slachtoffers. It makke my bytiden kiezzich, al bin ik fan bernôf oan ta lang op bêd lizzen bewend. It stiek my, dat oaren der mear belang by hiene as ik en der sa mei wurden fan wûnder en geweld op ompraten, altyd yn it selde rûntsje wol (‘As de Russen no ris ...’ ‘As dy Amerikanen no mar ...’), mar dochs mei fjoer en opwining. Ik lìes as in wyld en wie bliid as ik nei sa'n besite, ek fan dokter Degreve, myn boek wer pakke koe en my oan de wrâld ûntwine. En krekt no't der dan in ein oan dy oarloch kommen wie, begûn er him noch mei my te bemuoien en lei dêr ynienen dy kjirl fan neist ús ûnder myn bêd. In ferrieder, op syn minst in stomkop, in ezel. In man dy't net de dea, mar dan dochs grif in swiere straffe fertsjinne hie. Ik hearde de man ûnder myn bêd pûsten en hymjen. Ik fielde sympaty foar him, no ûnderlizzende partij yn mear as ien betsjutting. Wied er wol sa strafber as ik tochte? Is dommens strafber? Wie it dàt of wie it earder myn wraak op eigen ûnmacht om de oarloch te belibjen dy't makke dat ik my foarnaam de man net te ferrieden en as 't efkes koe him in wei te wizen ta syn rêding? Of kaam der noch by, dat ik dy eagen fan Minke sjoen hie yn sines en my wysmakke dat ik hàr in deugd dwaan koe troch har heit te helpen? Efterneibesjoen wie it folslein ûnsin om te mienen dat ik him holp. Ik hie witte moatten en kinnen dat it heale doarp yn de befrijingsberûzing him socht en dat der mannen mei stenguns foar de yngong fan de Stege en by de efterhiemen lâns reestiene om
| |
| |
him te snippen. Dat er oer de keale greidlannen om it doarp hinne noait in kâns hawwe soe om te ûntkommen. En wêr dan noch hinne? Lykwols, hjìrre soe nimmen him sykje. In sikenien litte se wol yn syn wêzen. En, tocht my, se kinne dochs net ivich om him sykjende bliuwe as er nearne te finen is? Yn 'e nacht hat er miskien in kâns.
Op dat stuit hearde ik manljuslûden yn 'e stege en ek fierder op gejoel op 'e buorren. Us mem hie de foardoar iepenstean en kaam senuweftich fan foaren oantoffeljen:
‘Dêr binne se al om Sije!’
Se kaam de keamer yn. Se rûkt syn swit, tocht ik. Ik wist dat ús mem Sije net lije mocht, minder om syn polityk nammers as om syn domme groubonkichheid. Mar no wie der yn har lûd wat fan oandienens. ‘Se binne der om Sije. De foardoar sit op slot en der wurdt net iependien.’
‘Se sjogge mar dat se him krije,’ sei ik, ûnferskillichwei fierderlêzend.
‘Mannen mei gewearen,’ ferfette mem, ‘as dat mar gjin sjitterij wurdt hjir yn 'e stege. Do leist hjir wol noedlik foar it rút. O, as dy Sije ris begjint te sjitten, it is sa'n woestling!’
‘Mem moat mar gau wer nei foaren gean,’ sei ik deakalm, ‘en bliuw mar stil yn 'e hûs. Sije sjit net, dêr bin ik wis fan. Alles komt wol goed. Kalm bliuwe.’
Us mem dribbele mei har senuwen wer nei foaren en doe stiek Sije syn beswitte troanje oer de râne fan myn bêd.
‘It kin my neat mear ferdomme,’ grânzge er, ‘ik jou my oer. It kin my neat ferdomme. Dan mar dea.’
En hy wrotte him heal en heal ûnder it bêd wei. Mar ik treau him tebek en flústere:
‘Man, wês doch wizer. Se fine jo hjirneist net, en dan geane se fierder. Hjir komme se net. Bring my no net yn 'e swierrichheden. Se sette aanst wol wer ôf en dan kinne jo jo wegen gean.’
| |
| |
‘Mar ... mar ... as se no myn wiif en bern deasjitte ...?’ stinde er oatmoedich.
‘Ei man,’ bêde ik him del, ‘tinke jo no wier dat se ûnskuldige froulju teneikomme, as se de manlju net krije kinne? Och kom, man. Dat wie de wize fan dwaan fan de Dútsers, net dy fan uzes.’
‘Myn wiif ìs net ûnskuldich,’ bromde er noch en doe bleau er wer stil lizzen. Mar ik roek him wol, rook fan swit en mansjester.
‘Ik sil troch it rút sjen, en as se jo frou en bern teneikomme, geane jo der sels mar hinne.’
Ik bûgde my fansiden, sa fier as myn pynlike rêch it lije woe. Op dat stuit kamen trije mannen de stege ynstappen en sloegen op 'e syddoar fan de slachterij. Dat slaan wie net nedich, tocht ik, dy doar is fêst net op slot, dêr is Sije niiskrektsa út kommen. Wierskynlik wie der net iens in slot of in skoattel op dy doar. Trije mannen wiene it, de stenguns op 'e heup (ik wist doe net dat dy dingen sa hieten), en dan noch in polysjeman, my net bekend en wat op in ôfstân, as wied er hjir allinnich mar foar de kontrôle oft alles wol neffens de regels fan it spul wie. Ien fan de mannen koe ik, in grifformearde boeresoan út 'e Suderwarren, dy't lang lyn wolris mei my opfytste as ik nei skoalle gyng. Hy wie, lykas de oaren, yn in blauwe overall mei in bân om 'e earm. Ik kloppe op it finster. Se seagen om, it gewear yn 'e oanslach. Ik wonk: gean der mar yn.
Wêrom skytskoarren dy mannen? Wiene se dan dochs bang dat Sije mei in mitrailleur yn it waskhok reestie? Heechstens it jachtgewear fan de lânwachter soene se fine en miskien dat al net mear. De jonge lake tsjin my, wat senuweftich, rôp wat dat ik net ferstie, en doe treauwen se de doar iepen.
‘Wat dogge se?’ kreunde Sije ûnder myn bêd, hy hie it ek fysyk mei syn noch altyd grou lichem net rom. Wer roek ik
| |
| |
syn eangstswit, in swevellucht suver, as hied er kunde oan 'e Satan.
‘Stil, bekhâlde,’ sei ik, ‘der is neat te rêden, ik hâld de boel wol yn 't each.’
Doe seach ik efter de iepene doar tusken de blauwe manlju it stal fan Minke Wiuwerda ferskinen. Se stiek boppe de mannen út as stie se op in stoepe of oare ferheging. Se wie ynbleek, mar kalm en prate mei de ûndergrûnsen, ik koe neat ferstean, mar seach oan de maneuvels dat it oer de heit gyng en net oer har. De mannen wiene fatsoenlik en saaklik, suver in bytsje oerrompele, tocht my, ree om de boel yn goedens en mei begryp op te lossen. Kealskeare wurdt it net, tocht ik, mar wêrom sòe 't ek? Mar ik ferstienne, doe't ik seach dat Minke nei my wiisde. Dat kin se net dwaan, tocht ik, dat is mis. Ik sjoch har noch foar my: strang en majesteitlik, fol fan in frjemde earnst, fan in driging suver. Wat besiele har? Woe se har heit ferriede en my derby? Hie se gjin gefoel mear yn har? Ik fielde in ferheftige kramp yn it ûnderliif en joech my hastich wer plat. De mannen keutelen wat by de steechsdoar om, wifkjend wat se dwaan soene. Se liken it net te leauwen. Doe kaam Minke sels fanwegen. Ik hearde har by ús ta de efterdoar ynkommen.
‘Heit ... Is heit hjir?’ Har lûd ferrette neat. ‘Kom mar foar 't ljocht. Se sjitte net.’
Se stie by my yn 'e keamer, op it plak dêr't koartlyn har heit stien hie, wylst de mannen yn it efterhûs omtrapen. Har moaie eagen (mar wìene se no wol moai?) stiene earnstich en strak. Dit wie gjin died út benaudens, fielde ik, se wist sekuer wat se die. Lykwols miende ik om de wille fan Sije yn myn rol bliuwe te moatten.
‘Jim heit is hjir net, Minke,’ sei ik, sa faderlik as ik mar koe. Mar op itselde stuit wist ik hoe leagenachtich as myn stimme klonk. En ik wist hoe't ik har bewûndere, net om har died,
| |
| |
mar om har motyf ta de died, ek al koe ik dat net. Ik fielde dat ik wer of noch fereale op dit fanke wie, op har keninklikheid, har soevereine persoanlikheid, om wat fan har útstriele, dêr't myn skibbich en skimich bestean gjin hanwetter oan hie.
‘No gjin healwizichheid mear,’ sei se, myn opmerking net achtsjend, ‘wês wizer, heit, en kom foar 't ljocht.’
Under it bêd bleau it stil, allinne miende ik efkes in hymjen te fernimmen, mar it kin ek west hawwe trochdat ik my ferlei. De trije mannen stiene no yn en efter de doariepening. De polysjeman liet him net sjen.
‘Dy't jim sykje is hjir net mear, mannen,’ sei ik as lêst besykjen mysels út 'e pine te helpen en wat betrouwen te winnen. ‘Dan sette wy mar wer ôf,’ grommelé de jonge dy't ik koe, en hy draaide him nei de doar ta.
‘Soene wy it net better earst ûndersykje kinne?’ frege ien fan de beide oaren. Minke liet har ein net slûpe:
‘Kom dêr wei, heit, it spul is dochs ferlern. Der wurdt net sketten. Wês no earlik, it makket de boel allinnich mar slimmer.’
Har toan wie justjes oars wurden, mylder, mei dochs wat fan ynhâlden, smoard fertriet, like my ta.
Doe kaam der geskeuk en gewrot ûnder it bêd wei, en arbeide Sije syn grut lichem mei oanhing fan earms en skonken foar't ljocht, wylst twa fan de trije mannen hastich har stens yn 'e oanslach brochten.
Ik skamme my mear as my leaf wie. Foaral foar Minke oer. En Sije wie in ferslein man, sa't er dêr oer de flier stie, nei't er skean en helpleas oereinriisd wie.
Hy stiek op befel syn earms omheech mei krûme earmtakken, syn bûsgroen kreake wer ûnder de oksels. Syn swit like as in wolk yn 'e keamer te stean. Hy liet him de bûsen omteare en syn boksen befiele. Minke stie der by en seach in
| |
| |
oare kant út. Se ferbiet wat der yn har omgyng. Eefkes rekken har eagen mines, oant ik mines fuortdraaide. Wer wist ik dat se oars wie, dat se altyd oars west hie, as bern al, mei de lange frisseis en de klappende klompen, en doe yn it efterhûs mei it tobke fol sjipwetter, yn har net oan te taasten keinens.
‘Mei jo prate wy noch wol,’ sei ien fan de mannen, grimmitich efteromsjend doe't se Sije ta de doar út fierden. It lêste wat ik fan him sjoen haw, wie syn skeansakke brede rêch mei de speknekke, doe't er mei de hânboeiens om sjoksjok ta de stege út skokskoudere. Op 'e buorren, hearde ik, waard er mei gejoel ûntfongen.
Doe seach ik Minke wer oan. Har eagen ferretten neat fan har gefoelens, of it moast sokssawat wêze as: Do bist in bern mei sokke flauwe fersidekrûpspultjes. Ik wie te ferbûke om har om útlis te freegjen en har tebek te hâlden. It hie ek net mear kinnen, want ús mem, alhiel oeral, kaam der yn om te fertellen dat se Sije pakt hiene - ‘En hy gûide as in bern.’ Mem hat noait witten, wo'k leauwe, wêr't se him snipt hawwe. Wy hawwe der nea wer oer praat.
Letter yn 'e middei kamen der in pear oare BS'ers, no om Minke te heljen. Ik sliepte en it gyng stil yn syn wurken. Fan wat der op 'e buorren mids de feestjende doarpslju bard is, haw ik in ferslach krigen, net fan harsels, mar fan in âld skoalmaat dy't as ûnderdûker wer opdûkt wie. Ik haw it dêr al oer hân, mar wol noch oanhelje, dat har hâlding - gjin trien, rjochte rêch, allinne op har lippen bitend - ûntsach ôftwong, benammen by de wat âlderen. De kommandant fan de BS, dy't syn mannen net gau genôch ûnder de kwint hie, hat letter syn spyt betsjûge.
Hie ik har dit besparje kinnen?
Ja en nee.
| |
| |
Ik moat no werom nei in episoade dy't ik oerslein haw, sûnder te witten wêrom. Of einliks wit ik wol wêrom: ik sil dat nea alhiel nei de wierheid beskriuwe kinne, om't it te tear, hoe moat ik it sizze, te subtyl, te skruten foar wurden is ... miskien. Mar lit ik it dochs besykje.
It wie yn 'e iere maitiid fan '44, in febrewarisdeimei de bitterswiete sfear fan it wankend foarjier. Ik hie ien fan myn bettere riten en siet efterhûs yn ús túntsje te lêzen. Ik koe my ridlik goed bewege en die yn dat túntsje sa no en dan ek, foarsichtich, wat lytse karweikes. Myn sykte hie my ta in lêzer makke, en ik siet sa it leafst, it iene boek nei it oare ferslinend, út 'e doarpsbiblioteek en ek boeken fan master Tsjerpkema. Der wiene boeken by dy't op lêst fan de besetters út 'e rûlaasje nommen wiene: Remarque syn ‘Im Westen nichts Neues’ en Barbusse, ‘Le feu’, en mear fan datsoarte. Doe't ik efkes fan myn lêzen opseach, heinden myn eagen, yn it iepensteande rút fan har boppekeamer, moai wis har sliepfertrek, it gesicht fan Minke, har hiele wêzen dat, mooglik troch in spegeling fan it sinneljocht earne wei, de útstrieling fan in lit ik mar sizze hillige krige. Sancta Maria, tocht ik bedwelme. Har eagen wiene grut, grutter as se oars al wiene en it like as stie der in nimbus fan geheimsinnich, mystyk ljocht om dat gesicht hinne. Se wie foar safier't ik dat sjen koe yn in wyt klaad, it like in breidsjûpe sûnder foarm of omtrekken. Seagen dy eagen nei my, seagen se my oan, seagen se troch my hinne nei in oare wrâld? It like in fizioen, in betsjoening dêr't ik yn toeve. Hoe lang? In minút? Fiif minuten? Miskien mar in telmannich. Doe ferglied it byld wer en tagelyk fielde ik de âlde pine wer yn myn skonk, doe't ik myn boek krige en stadich nei de hûs rûn.
De wurden dy't ik hjir sa moedsum delskriuw hàwwe it wjerfarren net heine kinnen. En efterôf haw ik faak tocht dat it gewoan ‘net wier bard’ is, dat it in sinsbegûcheling west hat,
| |
| |
miskien mei help fan dy frjemde ljochtfal fan de sinne. Of hat myn geast har sels oproppen foar it ferbjustere each, dat iene stuit fan himelske helderheid? Of wie it in wink fan har om har te helpen en my oan har te ferbinen? As dat it west hat, haw ik in ferkearde draai oan myn lot jûn. De doar yn 't slot falle litten. Ik sil har nea berikke kinne, mar har ek nea kwytreitsje.
Werom nei de befrijing. In deimannich letter kaam der in resjersjeur oan myn bêd te sitten, in kealplassige man mei in aktetas.
‘Wêrom hawwe jo de politike delinkwint Sije Wiuwerda ûnder jo bêd weikrûpe litten en sadwaande besocht him oan syn arrestaasje te ûntlûken?’
‘It begrutte my om de man,’ sei ik, sûnder my goed yn de saak te jaan, it ynteressearre my mar matich mear. ‘Hy siet sa yn 'e nederklits.’
De man notearre en frege net fierder, it wie him sa't like genôch sa. Ik kaam der wol tige maklik ôf.
‘En,’ ferfette ik, ‘ik fûn it ek wol aardich om dochs noch in lyts bytsje oan de oarloch mei te dwaan.’
It wie as selsirony bedoeld, mar de man fette it net, faaks tocht er dat ik de gryp hie. Mar hy wie wol ree om it petear fuort te setten, al hied er syn notysjeboek tichtslein.
‘Wisten jo dan neat betters te dwaan as in ferrieder ûnderdak te jaan? Jo wisten dochs nim ik oan hoe gefaarlik as dy man wie?’
‘Mear dorn as gefaarlik,’ sei ik. ‘Foar my teminsten. Hy hat my noait kwea dien.’
‘Dêr giet it yn dit gefal net om,’ antwurde de resjersjeur. ‘Hy hat de mienskip genôch kwea dien om ynrekkene en net om ferburgen te wurden. Jo hawwe josels goedbesjoen strafber steld.’
| |
| |
‘Dat haw ik dan net witten. Teminsten dêr haw ik net by stilstien. Ik miende: Haw jins fijannen leaf.’
Der siet mear sarkasme yn as ik bedoelde. Mar men moast sokke swierwichtige dingen dochs mei in grap beslaan kinne, al wie 't dan in Bibelse grap? En boppedat, wat joech it, Sije Wiuwerda siet ommers feilich efter slot.
Hy wie efkes stil fan myn kristlike wiisheid, doe ferfette er, oereingeand:
‘It is dat wy goede ynljochtingen oer jo hawwe, oars hiene der ferfelende dingen út fuortkomme kinnen.’
Hy stiek my de hân ta, stroef en foarmlik.
‘En dan is der noch wat,’ sei ik. ‘Dat is mear yn 't partikuliere.’
‘O soa?’ - Syn eagen ljochten efkes benijd op, mar hy die ek in taast nei syn tas en syn hoed, dy't op 'e grûn leine.
‘Ik wol ek wol earlik wêze, ik die it ek mei om syn dochter, foaràl om syn dochter. Dy is te goed foar har fermidden, dy haw ik in deugd dwaan wollen.’
Hy gnyske: ‘Mmm ... hjir yn dit proses-verbaal stiet oars, dat sij har heit hjirre ûnder dit bêd weiheile hat.’
Hy seach efkes ûnder it bêd, as wie dêr noch 't ien en 't oar fan Sije syn grou liif efterbleaun.
‘Ja,’ sei ik, ‘se hat my te kakken set. Se hie har smearlap fan in heit better troch as ik. Mar dêr sil se har reden wol foar hân hawwe.’
Ik sei it om him út syn tinte te lokjen, sadanich dat ik in goed wurdsje foar har dwaan koe, mocht er ek by har komme foar in ferhoar. De man stie no oerein mei tas en hoed en seach my wat ûnbegryplik oan.
‘Ik haw de oarloch op bêd meimakke, as in stikje teory. Miskien ferklearret jo dat wat,’ sei ik noch, om it ôfskied net al te ûnbefredigjend foar him te meitsjen.
‘Lizze jo al lang?’
| |
| |
‘Sawat myn heale libben,’ antwurde ik, net sûnder in krom oerdriuwing.
‘Nim my net kweaôf, it wie myn doel net om jo ta lêst te wêzen.’
‘O, mar prate kin ik dêrom likegoed. Namste better miskien sels.’
Hy wie net ree om it petear te rekken en gyng mei in koarte groet de doar út. Tsjin ús mem, dy't fol eangst en freze yn 'e foarkeamer sitten hie te wachtsjen, haw ik sein dat it wat mei Sije Wiuwerda te meitsjen hie, dat besiik fan dy man. Se wiene mei dy saak dwaande en moasten safolle mooglik objektive ynformaasje hawwe.
Ik haw der fierder neat wer fan heard, mar alhiel sûnder gefolgen soe myn oandiel yn it dossier-Wiuwerda net bliuwe.
|
|