mei triennen yn 'e eagen om't er it sa ‘herrlich’ hân hie by Mutti en har dochter.
Ik haw dizze dingen in stikhinne kontrolearje kinnen, omdat ik Heinz syn trije of fjouwer briefkes lêzen haw dy't er har stjoerd hat, de lêste datearre op 'e dei fan de kapitulaasje - hoe is 't mooglik dat sa'n brief dan dochs noch te plak komt! - doe't er earne yn Noard-Hollân siet. Yn dy brieven, skreaun yn in bernich, suver imbesyl stiif poatsje en yn de steatlike, oanlearde boeketaal fan in skoaljonge, wurdt fan leafde en Heirat net rept, wol fan lekker iten en drinken, fan Mutti in de Heimat en dy oare Mutti dy't sa leaf foar him wie (west hie) en fan ‘bald den Krieg erledigen’ en fan ‘Heil Hitler!’ - behalve yn it lêste brief dan, doe wie der al gjin Hitler mear. ‘Mit tiefster Empfindsamkeit gedenke ich meiner holländischen Freunde, die mir in den schweren Kriegsaufgaben zu einer ewigdauernder Trost gewesen sind. Dein ergebenster Heinz.’
Mutti II sil oandien west hawwe by it staverjen fan sokke ynmoedige lûden, Minke sil glimke hawwe om dy yn syn soarte net ûngefaarlike snotnoas, glimke mei dy mingeling fan wurklikheidssin en riedseleftichheid dy't ik sa goed fan har ken.
Mar de skyn wie tsjin har. Der wie in Jeugdstoarm, der wie in Moffe-ofsier, Heil Hitler-man ek noch. Feitlik is it foar har noch tige bêst beteard. Der waard yn dy dagen wakker praat fan 'e Byltsjedei en: op syn minst it hier keal by de kop ôf. Se hawwe har, in pear oere nei de heit, wol ophelle en in pear bolbjirken jongfeinten hawwe yn de befrijingsrûs wat knoffelich (en net alhiel sûnder skamte, sa te sjen, mar ik wie der fansels net by) yn har hier omknipt - de frissels hie se fansels al lang net mear. Fernederjend wie it wol, mar de fersetskommandant makke mei gauwens in ein oan 'e fertoaning. Se hat doe noch in pear dagen hûsarrest hân en is