| |
| |
| |
In jongfaam
Flokswert dus, en dêryn Minke Wiuwerda. Ik haw har opwaaksjen sjoen fan lyts bern ôf. Har frissels dûnsen en har klompen klapten troch de hoare steech, as se nei skoalle ta sette, moarns en middeis. Ik wit wol, se wie goed besjoen net oars as oare doarpsbern, in gewoan famke, ien dy't gewoan grutter wurdt, mei alles der op en der oan, en gewoan ferkearing kriget mei in bakkersfeint of in bussjauffeur en gewoan trout en bern kriget. En dochs haw ik, liket my ta, fan it begjin ôf oars as oars oer en oan har tocht. Fan 't begjin ôf oan. Mar wêr ìs dat begjin? Miskien is it hjirre: in sneontejûn dat ús mem noch fleis hawwe moast om't wy ûnferwachts útfanhûzers krigen.
De winkelsdoar siet ticht, ik rûn efterom, troch de steechsdoar, rôp follek yn 'e slachterij op en gyng nei it efterhûs dêr't ik immen omskaaien miende te hearren. Ik die de doar iepen en seach Minke stean, dy't har oan 't waskjen en ferskjinjen wie, poerlike neaken. Ik hie noait in famke of in faam neaken sjoen, ek myn beide âldere susters net, en bleau wat ferbjustere stean, mei de klink fan 'e doar yn 'e hân. Op himsels neat bysûnders. Ik soe net iens sizze kinne o't se de uterlike tekens fan geslachtsripens al toande, moai wis noch net of krekt yn it oanbegjin - se moat doe tolve-trettjin west hawwe, of mooglik noch wat jonger. It bysûndere lei yn 'e eagen dêr't se my in telmannich mei oanseach, justjes bestraffend, krekt nèt fernederjend. Se bleau steil rjochtop stean mei in waskhantsje of doekje yn 'e hân, kearde har net om, bediek neat, mar seach my fuort, oars kin 'k it net sizze. In tel heakken myn eagen har fêst oan it tobke mei sjipwetter
| |
| |
dat foar har fuotten stie. Se makke de erfsûnde yn my wekker, as ik it sa grutskyps beneame mei, allinne troch my sà oan te sjen, sa hòe? No ja, se jage my mei dy eagen op 'e flecht sûnder my skuldich te meitsjen, al fielde ik it my wol. Ik flechte de stege yn. Dy eagen, wist ik, soene my nea wer loslitte. Dit is gjin ynterpretaasje efterôf, ik wist it gewoan. Us mem hat it fleis letter sels helle en net begrepen wêrom't ik mei lege hannen thúskaam, ik koe dêr ek gjin útlis fan jaan. Us mem hat my leau ik altyd wat in nuverenien fûn, mar sil dat taskreaun hawwe oan it feit fan myn sykte.
In skoftlang haw ik my skamme as ik Minke op 'e strjitte tsjinkaam. Ik rûn hastich in steech of in gloppe yn en ik krige in kaam as der gjin ûntwyk wie. ‘Kein’, dat wie it wurd dat ik doe of letter foar har hie - wêr hie ik dat wurd wei? Ut in boek moai wis - en as ik dat wurd earne tsjinkom, tink ik noch altyd oan dat ûnskuldich jongeswjerfarren, dat my, hoe dan ek, it fielen joech dat Minke òars wie as oaren, en dat mysels ek feroare hat. Ik wol net alhiel útslute dat lettere ûnderfinings dizze yn myn libben wekkerroppen hawwe: in minske sjocht syn earder wjerfarren gauris yn it falsk ljocht fan syn lettere.
Miskien hat dat wekkerroppen pleats hân doe't ik nei myn earste lange sykte - ik wie santjin en gyng nei stêd te learen - Minke foar 't earst wer seach. Yn de tiid dat ik by omke Germ en dy yn 'e hûs wie, om my it reizgjen op 'e fyts te besparjen, dat ik yn 't sikehûs lein en doe ek noch in skoft thús op 'e souder omgammele haw, wie se feroare, fan bern jongfaam, hàst-frou wurden. It wat stokkige rjochtút-rjochtoan wie der ôf, se wie rûner en mûteler wurden, se hie de foarmen fan in jonge frou, al kin se doe heechstens fyftjin west hawwe. Se beweegde har oars as earder, liniger, mar tagelyk mear behearske, keninkliker, ik bedoel mei ynhâlden, selsbewuste graasje. It moat yn it begjin fan it oarlochs- | |
| |
jier 1940 west hawwe. Ik wit noch dat dy ûntdekking my ûnwis makke, my in wat frjemde, lichaamlik fielbere spanning joech, oan 'e iene kant in ferlokjende froulikheid, in geheimsinnich loksfielen suver, oan 'e oare kant de ympressy fan justjes ûnsmaaklike lichaamlikheid, dy't har sa ûnbedutsen, sa suver skamteleas iepenbiere. Se wist har frou-wêzen op bernlik-fernimstige wize te presentearjen en tagelyk te ferheimlikjen. It wie in soartgelikens wjerfarren as dat eardere, yn 'e slachterij, mar der tagelyk in ferfolch op, in ferdjipping derfan. Ik kin dat no efterôf koel beredenearje en ferrekkenje dêrby fansels in poarsje literatuer, mar doe brocht it my yn in berûzing dy't ik my dizichwei realisearre as: ferealens. Ik haw doe dus fereale west op Minke Wiuwerda. Op Minke mei de moaie eagen, sa't se wol neamd waard, doe't it feintespul fan 'e buorren en bûtenút mansaal ta de ûntdekking kaam dy't ik al folle earder dien hie. Der wie ek in bluisterich feint dy't spriek fan ‘geile eagen’, en miskien hied er foar in part ek noch gelyk.
Ja, ik wist it no: se rûn der út by de fammen fan it doarp. Net dat dyen perfoarst allegear ûnkreas wiene en sij in ingel fan skientme. Mar it type doarpsfaam wie doe oer 't generaal de fodzige kant neist, de ûnkreazen wisten har ûnkreazens net mei kosmetise middels te bemanteljen, de kreazen wisten har kreazens net út te spyljen, diene der neat mei, ek net om en foar harsels. Dàt geheim hie Minke Wiuwerda, se fertoande en toande harsels, sûnder har wei te jaan. En mannich jongfeint moat dat sa field hawwe, want der wie gâns flecht op 'e koai. Ik moat lykwols sizze, dat ik fan skarreltsjes yn stegen en efter beamboskjes noait heard haw. Miskien wie se ien fan it soarte dat ûnbeskieden hantaasten mei in pear bestraffende eagen - lykas by my op dy sneontejûn in pear jier earder - of mei in tûk berekkene slinger om 'e earen wit ôf te warren. It bleau foarsafier't ik wit by thúsbringen,
| |
| |
neiroppen fan bolbjirken feinten dy't it op in ôfstân better rêde kinne as ûnder fjouwer eagen, en ien of twa skoalfreonskippen yn 'e tiid dat se yn it oanbuorjende gruttere doarp Midwert nei de ULO gyng. Tusken har en my wie in distânsje dy't like fuort te kommen út 'e tichtbyens. Mooglik hie ik ek oare dingen oan 'e holle of haw ik út ûnmacht en troch myn healens in skoftlang myn oandacht foar har op in sêft sin set. Nei wat ik oer har learprestaasjes te Witten kommen bin, lei se oan 'e goede kant fan de midsmjittigens, mar sûnder folle ambysjes. Dat oer fierderlearen sil by de Wiuwerda's net praat wêze, dêr wiene it eins ek gjin minsken foar. Der is yn dy tiid in soad doarpsyntellekt ûnder it hea troppe. Nei it ULO-eksamen hat se noch in skoftsje op in Húshâldskoalle gien.
Doe sieten wy lykwols al djip yn oarloch en besetting en wie it mei har âldelju folslein misgien. Ik wol leauwe, mar haw gjin bewiis, dat it benammen Sije-Afke west hat dy't mei har bitterens en wrokgefoelens har man de kant fan de Dútsers en de NSB optreau. Efterneibesjoen kin men sizze: se wiene der foar ornearre. Afke om dy ferbitenens dy't har ek yn it maatskiplike jilde liet: de slachterij wie yn 'e lêste krisisjierren slim efterútbuorke, ek troch konkurrinsje út eigen doarp en omkriten wei. Hy, Sije, om syn primitive goedleauwigens, dêr't guodkeape krantepropaganda en simpele ideologise frazen - ‘Mussert of Moskou’ - maklik fet op hiene. ‘De hiele rotsoai moat oer de kop’ is in sizzen dat my fan him noch byleit út in polityk striidpetear mei ús heit, foar de oarloch noch, dêr't heit mei bedaarde, woloerleine CHU-wissigens foaroer stelde, dat der alhiel néat oer de kop hoegde, as... De rest ferstie ik net of haw ik net begrepen.
Yn it begjin fan de besetting wie Sije noch fûleindich tsjin de Dútsers, de ynfal hie him yn syn alderprimityfste gefoelens fan heitelâns- en Oranjeleafde rekke, mar stadichoan sak- | |
| |
searre dat. Wie it net sa, dat ús demokratsy de krisis en de earmoed net keare kind hie? Wie it net sa dat mefrou Oranje (sa neamde er har doe) yn pleats fan yn 'e need by ús en oer ús te bliuwen, de wyk spile hie nei it bûtenlân en ús stjoerleas efterliet? Earst krigen de Dútsers noch wol wàt goeds, letter hiene de Ingelsen alhiel gjin goeds mear, allinne trouweleasheid en konsintraasjekampen út 'e Boere-oarloch. As de plutokrate-oarloch mar earst tenein wie, it bolsjewisme kapot en it kapitalisme op 'e knibbels, dan soene wy ris wat sjen, dan soe de bûter fan it nije Europa jild jilde.
Moai wis seach Afke yn dat wankende nije Europa in kâns om de maatskiplike delgong te kearen en ferlern terrein werom te winnen. En it wol my oan, dat it Sije tagelyk in mooglikheid joech om troch oan Afke har twang ta te jaan, himsels te ûntwinen oan har oermacht binnendoarren. Hy seach in oare, hegere macht, sterker as Afke, en sterker as de ûnnoazele easken fan in doarpsslachterij: de Führer, en syn ûnderbaas Mussert. Hy waard, it moat yn '42 west hawwe, partijlid, reizge nei gearkomsten ta, krige lju yn unifoarm oer de flier en oanplakbiljetten foar de Nije Oarder oan it winkelsfinster. Hy wie gjin skerpsliper en moat yn in soarte fan bernlike ûnnoazelheid of dommens hannele hawwe. Mar it gyng mei Sije Wiuwerda aloan mear nei de bedelte. De slachterij ferrûn, op 'e klandyzje fan ien of twa partijmaten en inkelde benaude lju nei. En ek dy lêsten koene sa njonkelytsen mei skik ferdwine, as se seagen dat Sije mear partijpapieren oan it finster as kowelappen yn 'e koelsel hie, en dat se dus ek materieel sjoen better by slachter Boanstra terjochte koene, dy't wolris wat mear joech as neffens de distribúsjebonnen.
It doarp kearde him yn grutte mearderheid stilswijend de rêch ta. En dat wjerfarren treau him wer fierder de delwei op. Ik moat sizze, hy hat noait besocht op it doarp dat him
| |
| |
skoudere wraak te nimmen troch bygelyks Dútsers fan de SD út te noegjen ris hjir en dêr ûnderdûkers te snippen. Hy moat rissein hawwe: ‘Ik nim it net ien kweaôf dat er oars tinkt as ik. Mar ienkear sille se tajaan dat ik gelyk hân haw.’ It is net ûnmooglik, mar ek yn sok sizzen kin in poarsje domme idelheid en primityf martelderskip ferskûl sitte - en miskien benaudens foar it gefal dat it ris oars komme mocht as Sije Wiuwerda mei syn polityk ûnferstân ferwachte of winske. Yn alle gefallen, yn 'e lêste oarlochswinter, doe't elkenien sjen koe en seach dat it mei it Tredde Ryk op in ein rûn, fytste er as lânwachter mei in jachtgewear om 'e nekke yn in nuver habyt fan byinoar fandele unifoarmstikken mei in partijmaat troch de omlizzende doarpen, op 'e sneup nei swarthannelers, neffens syn sizzen, yn wierheid grif mei de opdracht om ûnderdûkers en fersetslju op te spoaren. Oer it algemien binne, yn it minsklike sjoen, myn ynljochtings oer ‘Sije Gewear’, sa't er doe neamd waard, net iens sa bare ûngeunstich. Hy hie sûnder mis gâns mear kwea stiftsje kinnen as er dien hat. It hinge der ek in soad fan ôf wa't er as maat neist him hie. Gauris moat er in omrinnend ûnderdûker sûnder of mei in falsk persoansbewiis mei in sabeare traap ûnder de kont en in grânzgjend ‘Sjoch datst út 'e wei komst, plutokrate-snotnoas’ nei it boerehea weromstjoerd hawwe. It ûnderdûken hearde by ús en op mear plakken sa'n bytsje ta de publike fermaaklikheden, mei feesten en dûnsjûntsjes en al. De risiko's wiene net grut. Gâns lju wisten wêr't Joaden ferburgen sieten en der is yn Flokswert ek gjinien snipt. Der is wolris oppere dat Sije troch syn oanwêzichheid allinne al de gefaren lytser makke, mar dat giet my te fier. En der binne ek oare dingen bard. Ik haw it dossier-Wiuwerda troch myn lettere relaasje mei syn advokaat, mr. Bonnier, ynsjen kinnen. Benammen twa punten hawwe slim ferswierjend foar him wurke. Op befel fan de NSB-boargemaster en
| |
| |
ûnder lieding fan in net ûnferneamd SD-er út 'e haadstêd hat er om te beginnen in Joadske man en frou by in boer út 'e Suderwarren weihelle en nei de stêd brocht. Dat is fierder noch frij goed beteard: dy minsken hawwe troch tafallige omstannichheden it libben der ôfrêden en joegen by de behanneling foar it Tribunaal net iens sòkke belêstigjende tsjûgenissen: Wiuwerda hie harren frij fatsoenlik behannele, sein dat er neat op Joaden tsjin hie, en sels droege woarst en in sigaret útdield - better as de SD-ers en de Lânwachtmaat dy't der by wie en dy't se ôfskilderen as flokkende, rachende en traapjende ûnbeskoftelingen, bruten.
It twadde gefal waard Sije, benammen om de direkte gefolgen, swierder oanrekkene. It gyng om it delsjitten fan in fersetsman, dêr't de omstannichheden frijwat tsjuster by bleaun wiene. De ferklearringen fan him en syn maat foar it Tribunaal hâlden út, dat de fersetsman - de beide wiene neffens har op 'e sneup nei in slûke skiep - ynienen efter in hikke weisprong en op harren sketten hie. Se wiene fan 'e fyts sprongen en hiene weromsketten, gewoan út selsferdigening. De fersetsman lei bliedend oan syn gesicht efter de hikke en op him fûnen se bonkaarten en papieren dêr't se sels gjin begryp fan hân hiene, mar dy't de autoriteiten as tige wichtich oanmurken. De man sels hiene se oan syn lot oerlitten, dy waard letter troch frjemde polysjes ophelle en kaam om yn in konsintraasjekamp. Boppedat wiene dyselde nachts noch in mannich arrestaasjes dien troch de SD, moai wis mei help fan dyselde papieren. De rjochter achte net allinnich de gefolgen fan dizze saak slim - twa fan de oppakten hiene it kamp nauwerneed oerlibbe, ien wie foargoed ynvalide - mar befûn it ferhaal fan de beide lânwachters slim ûnoannimlik. In fersetsman mei gefaarlike papieren yn 'e bûse springt net efter in hikke wei om samar op twa bewapene mannen te sjitten. Fierdere tsjûgen wiene der net, it barde op in iensum
| |
| |
ein dyk fier bûten de bewenne wrâld, mar wol ynljochtingen oer de omkommen fersetsman, dy't ynhâlden dat er in uterst foarsichtich man en in koelbloedich berekkenjend taktikus west hie, dy't him nea sûnder needsaak yn sok in provokaasje jûn hawwe soe. Boppedat stie it lang net fêst dat de man in wapen by him hie, de measte betrutsenen, lju fan syn sabotaazje-groep, ferklearren fan net. Guon oaren lykwols achten it net útsletten.
Sije Wiuwerda is foar syn wandieden de bak yngien en hat himsels dêr, in healjier nei syn feroardieling, ophongen. Ik haw lang mei it gefal omwoutere, ik koe it net rjocht goedkrije. It oardiel fan de rjochter - it fûnis wie net iens bûtenwenstige heech: tsjien jier mei ôftrek, en der wiene út it doarp ek noch in pear tsjûgen à décharge - wol ik beleaven net oantaaste. Wie it oer in frjemd gien, dan hie ik faaks de straf oan 'e lichte kant achte. As Sije Wiuwerda him fiif of seis jier rêstich deljûn hie, dan hied er noch lang as in frij man omrinne kinnen. Hy hat, al of net yn in opstiging, in oare kar dien en dat moat men earbiedigje. Miskien moat er sels priizge wurde, dat er himsels de kâns ûntnommen hat om as in ferbittere, fan syn ferkeard ferline teheistere man yn 'e maatskippij wer thús te kommen. Mar oft dy redenearring him ta dy selsmoard oantrune hat, doar ik net út te meitsjen. Minke hie dêr ek gjin oardiel oer, se hat net swier lit oan de dea fan dy bolderbast. Wol is de gong fan saken mei de dea fan dy fersetsman my letter dúdlik wurden. Dat ferhaal foar de rjochtbank wie yndied in ôfspraak. De man wie net efter de hikke weikommen, mar der efter flechte doe't er yn 'e fierte de twa mannen oankommen seach. Dy seagen him fersidekrûpen en jagen him sûnder boe of ba in pear skotten hagel troch de hûd. Dit ta argewaasje fan harren Dútse bazen, dy't sok ‘rücksichtslos’ der yn op paffen no ek wer te folle fan it goede, of mooglik yn striid mei de oarâlde ‘Soldatenehre’
| |
| |
achten. Sa gyng, neffens Minke, it ferhaal al foar de befrijing ûnder de partijmaten fan har heit. De hearen soene yn 'e haadstêd in earnstige beskrobbing hân hawwe. Faaks hawwe se, fan harren breahearen neiriden fanwegens te min aktiviteit, te min taastbere fruchten, dy laksens yn ien klap goedmeitsje wollen troch in goede fangst, en dêrby de saak ryklik rimpen oanpakt. En sa moat it ek sawat west hawwe neffens de mannich noartlige wurden dy't ik opheind krige ha fan de persoan dy't mei Sije Wiuwerda foar dy smjuntestreek ferantwurdlik wie. It hat my gâns goede en liepe wurden koste ear't ik fan dy Goasse, in bienbitige readhierrige dykwurker, dy't syn straf swijend útsitten hat, safolle brokstikken lospeuterje koe dat de wierheid der in stikhinne útkaam. Op myn fraach wêrom't Sije himsels fan kant makke hie, krige ik oars neat los as dat dy Sije inkloatsek wie. De man wie net iens fier mis.
Ik foar my kin my min losmeitsje fan de gedachte, dat de mienskiplike leagen foar de rjochter oan Sije syn lêste died net fijemd west hat. Hy wie in man dy't mei nocht in ko deadie en snotterje koe om in protter mei in stikkene flerk. In man dy't amper oars waard fan in skot hagel op in fersetsman, mar dy't him ferrotte fielde by it útsprekken fan in leagen dy't elke fertochte fan rjochtswegen tastien is. Mar mooglik hat ek in wjeraksel yn syn wiif, de eangst om har ienris wer ûnder eagen te kommen, in rol spile. Hat er syn dingen tsjin 't sin dien, opstokele troch Afke en oanset troch healwei tusken idealisme en misdied stykjen bleaune maten en is er sadwaande iderkear djipper sonken? Hy wie dom, mar dommens wie net it foarrjocht fan de ‘ferkearden’. Miskien mear dit: hy wie in man dy't de omstannichheden net behearske, dy behearsken hìm. Yn in soarte fan défaitisme moat er him meislepe litten hawwe, wittend dat de wei werom him noch mear fijanskip en swierrichheden besoargje
| |
| |
soe, wittend ek, dat er syn ûndergong temjitte gyng, en dy ûndergong faaks sykjend. It is ek mooglik dat er it lef fûn, om yn tsjinstuit en ûndergong de partij los te litten dy't er yn in snuorje fan foarspoed en opgong keazen hie. It lêste petear dat er, koart foar de befrijing, mei notaris Wearman hân hat, wiist dy kant ek út. Ik haw it net oars as fan hearren en sizzen, want notaris Wearman is in lyts jier nei de befrijing stoarn en ik haw by syn neistbesteanden gjin neifraach dwaan kinnen. Sije moat tsjin de notaris sokssawat sein hawwe as: ‘Ik wit dat ik ferkeard bin en wy geane der allegear oan. Mar ik wol net werom, dan leaver nei de ferdommenis.’ Martlerskip en Dútse needlotsheroyk, om myn part, mar yn dizze simpele brok fleis dochs mei wat fan echtens der yn bebakt, sa fiel ik dat. Ek moat er sein hawwe: Ik bìn ferkeard, mar wa hat besocht om my yn it goede spoar te hâlden?’
Sije Wiuwerda hie in soarte fan trou yn him, in domme, primitive trou, de trou fan in bolle. Syn frijwillige dea hat dan sokssawat west as de lêste utering fan dy trou - gjin trou mear oan de deade Führer en syn satanys soarte, dêr hied er moai wis al mei ôfdien, mar trou oan syn rampspoed, oan syn ferkearde kar, dy't likegoed in kar wie. Kin er de leagen foar de rjochter (dy't syn rjocht wie), de leagen om tagelyk in maat te rêden en trou te bliuwen oan in eardere ôfspraak, as in ynbrek op syn trou sjoen hawwe, in ynbrek allinnich yn 'e dea te dylgjen?
Ik spekulearje, en mooglik idealisearje ik Sije Wiuwerda efterôf ta in slachtoffer, in slachtoffer net fan it rjocht, mar fan syn eigen domme opstigings. Of omdat ik op in beskaat stuit - ik kom dêr noch oer te praten - in soarte fan bûnsmaat fan him west haw? Faaks soe ik oer Sije Wiuwerda gâns oars oerdiele hawwe, as er net de heit fan myn buorfamke west hie, net myn buorman mei de bolderjende laits en de beblette
| |
| |
blaukile út myn jongesjierren, mei syn dronkenskip op it Oranjefeest en syn nederichheid foar de lange, slûpende domeny, dy't kaam om him de goede wei te wizen. Sije Wiuwerda, hy mei in fulgêr stik fleis sûnder harsens west hawwe - hy wie ek in stik fan myn jonkheid, in plak woarst of ljirre, de heit fan in skuldeleas buorfamke - in stik jonkheid dat ik dêrom allinne al earbiedigje moat. Hy rêste yn frede.
En fierder: wa hat besocht him op 'e goede wei te hâlden? Ik bin der sa goed as wis fan, dat der, doe't Sije drige de ferkearde kant oer te gliden, gjin domeny troch de stege slûpt is. It hie dan ek in oarenien wêze moatten, want dy lange wie der al lang net mear. Mar domeny Skaafsma, dy't hjir doe stie, hie oars gâns foar syn gemeenteleden oer en wie ek lang gjin leffert. Wêrom hat er Sije stikke litten? Simpel omdat ek parochy's soms in sûndebok fanneden hawwe om de woastyn yn stjoere te kinnen? Wêrom hawwe se allegear dizze man stikke litten, ús froede lju fan de gemeente, de mienskip fan 'e hilligen, dy't sa tige goed witte dat men sels jins fijannen leafhawwe moat, en dus dûbeld de man dy't troch eigen blinens of ûnnoazelens op wei is jins fijân te wurden? Goed, goed, guon hawwe noch war foar him dien by de rjochtsitting, mar dat wie fansels te let.
Se hawwe der sels wat fan field, de lju fan ús gemeente en fan it doarp yn 't algemien. Oars is net te ferklearjen dat Sije-Afke sa skoatich wer yn it doarpslibben opnommen is, mei jild en goede wurden, doe't se by dizze en jinge trochskimerje litten hie, it hâlden en dragen fan har man hie har altyd tsjin 't sin west, en se wie sels yn har hert altyd oertsjûge anti-Dúts bleaun, en pro-Oranje. Dat koe se sizze, want se hie noait in lânwachtersgewear op 'e nekke tild of in stik papier op 'e glêzen plakt, se hie ienfâldich Sije der op útstjoerd en sels it swijen derta dien. Ik bin der sa goed as hûndert persint wis fan dat sij de driuwer wie en helte mear pro-Dúts en anti-
| |
| |
Oranje as har man oait west hat. Mar Sije-Afke hat de dea fan har man en it ûnbewiisbere fan har eigen kwea handich útspile om yn it iepenbier beklach te kommen. Se hat de neitins fan Sije besmodske mei praatsjes yn har eigen foardiel. En by gâns lju wie sij de earme oarlochswiddo, dy't har der sa knap trochsloech en dy't beklage wurde moast om sà'n man en sà'n dochter.
|
|