| |
| |
| |
In doarp
Ik wie noch in beuker, doe't Sije Wiuwerda yn 'e slachterij neist ús kaam te wenjen. Yn myn jongesjierren haw ik him suver net oars kennen as yn in lange blaukile fol bloedplakken en op grutte giele klompen. Hy like wat fan syn deistich bedriuw oerkrige te hawwen: hy wie om sa te sizzen fleisklompe mei wurden. Syn grou lichem mei de reafallige troanje, de lytse, mar net ûnfreonlike knyp-eachjes en de grutte útstykjende boppetosken, hie wat mien mei de kadavers dy't oan grutte heakken yn 'e slachterij hongen. Syn brede, koarte speknekke hie wat fan dy fan in baarch. Syn gleie, stompe fingers liken op 'e wiete woarsten dy't er yn lange risten tsjin de eftermuorre te hingjen hie. Mei dy fingers fike er yn stikken read rau fleis en klobbe er poarsjes gehak oaninoar. Oer dy Sije Wiuwerda ynearsten neat as goeds. Lit ús sizze: ik haw nea kwea fan him ûnderfûn, wol gauris in plak woarst of in streek ljirre krige. Hy wie in man fan koarte, broazelige wurden en fan in rimpene, rûne laits dy't bolderjend troch de holle slachterij daverje koe. Rûch yn 'e mûle, mar goed as bôle, en in ienfâldich tsjerks man, dy't, al wied er net fij fan in goe-slok en brûkte er bytiden mear as goed foar him wie, noait it doarp yn opspraak brocht.
Foar myn jongesfielen hie dy koarte bolderjende laits te meitsjen mei dy drank. Want dêr waard yn it doarp wol fan grute. Mar efterneibesjoen hat it faaks earder sà west: syn slachterslaits rôp yn him it ferlet fan feest en drank op en net oarsom. Ik haw him mar ien kear iepenbier echt dronken sjoen - de jûne fan it Oranjefeest, it grutte feest fan it doarp, dat rjochts en midden feriene en dat de simmer plichte ôf te
| |
| |
sluten: de foarpoarte nei de trystens fan de hjerst. De hjerst, dy't ik nea sa drôvich en ûnûntkomber ûndergien haw as bywannear't koart nei it Oranjefeest de linebeammen yn 'e buorren snoeid waarden troch gemeentemannen mei learene petten op en grutte kap- en snoeimessen yn 'e wrede knûsten. Rook fan hast wyljend blêdguod en farsk beamsap. Geur fan in swietrokich stjerren. Faaks hie Sije syn iepenbiere dronkenskip ek wat fan dwaan mei wankende hjerstgefoelens - in lêste útbarsting fan simmergeweld en simmerberûzing yn it ûnfoege lichem dat skean en skrank oer de buorren skaaide en omdôch hâld socht oan stekken en hagen en muorkes en dat op 't lêst - it wie sa'n brodzige neisimmerjûn as ik allinne yn myn iere jonkheid kend haw - grommeljend en grânzgjend weiwaard yn it skaad fan de stege neist ús hûs, dêr't in by hurde wyn jimmer kreakjende en piipjende sketdoar tagong joech nei de slachterij. Yn syn hûs wie noch wat neikommend lûd, wat gestommel, it omfallen fan in rak of sokssawat, in smoarde flok, en doe in stilte sà benearjend dat ik myn rie tenein wie. It swier waar, letter yn 'e nacht, is my altyd bybleaun, net omdat it sa útsûnderlike slim wie, mar om syn suver simboalise ferbûnens mei Sije Wiuwerda syn oerdwealsk ôfskied fan de simmer. Simmer 1935 of '36, dat wit ik sa lyk net mear.
In deimennich letter haw ik ús domeny troch dyselde steech slûpen sjoen. Slûpe, dat moast er hast wol, want it wie in man fan in skraal, langliddich postuer, waans puntich holwurk roerlings by de lege daksgoate fan it slachtershûs lânsgyng. Mar it slûpen hie faaks ek te krijen mei it delikate fan syn opdracht. En hy moat dan mei Sije praat hawwe, Sije, dy't in mear trou as foaroansteand tsjerkgonger wie. Ik sjoch Sije by dizze plechtichheid foar my as in boetfeardich, ridderslein man, dy't de triennen amper baas koe en yn brutsen, snokkerjende kiellûden bliken joech fan ûnthjit ta betterskip.
| |
| |
Dat it mei Sije letter op 'e harsens ferkeard rûn is, kin ik net oars ferklearje as út in seedlike swakkens dy't tichte by de goedens stiet, út in ûnmacht om syn libben yn maatskiplik rjochte linen te lizzen, in ûnmacht ek om reedlik en rjochtút en saaklik te tinken. Mar dêr wurdt yn it doarp fan guon lju gâns oars oer tocht en ik sil my der wol foar hoedzje en lit myn eigen oardiel as wierheid jilde.
Sije-Afke libbe lyts, nearzich en tsjuster yn it skaad fan har grutte man. Yn it godstsjinstige stiver en rjochtliniger, mei lytse, pylkjende, erchtinkende eachjes, dy't jin by kweajongesfiten op 'e slach trochseagen, wie se yn sawat alle dingen krekt it oare uterste as Sije. Se moat lit hawwe ûnder syn laits en ûnder syn stille dronkenskippen, mar likegoed ûnder syn rûgens en tekoart oan saaklik ynsjoch. Se wie op 'e sinten en besocht mei stoef, noartlich arbeidzjen de driigjende skea tefoaren te kommen en as it nedich wie yn te heljen. Se skrobbe en bjinde dat de steech bytiden in berchstream like. Yn 'e winkel befike se it fleis oant op in tsiendepart fan in ûnske, wylst Sije bekend stie om syn rojalens by it oerwicht: hy rekkene altyd fan him ôf. Hy joech ek - ferjit net: it wie yn 'e krisistiid - romhandich kredyt; by Afke krigen je noch gjin sopbonke op 'e pof. En doe't se, net jong mear, oer de fjirtich al, Minke te wrâld brocht, hat se har fûleinigens en wurkdrift benammen op har bern útlibbe. Der hawwe mear bern west, twa jonges, in jier nei elkoar te wrâld kommen, mar beide ferstoarn foar myn tiden, beide net goed sûn en geastlik debyl, nei't der sein waard, dat is te sizzen: net tsjin my, mar yn buorfrouljuspraat op it streekje, dêr't ik altyd in bysûnder ear foar hân haw. Faaks hat it ferlies fan dy beide bern har sa bitter en soer en nepertachtich makke. Yn alle gefallen, sa tocht my, wie se in frou dy't faak yn stilte gûle moatten hat, mar dy't foar allemans each ferbiten en grimmitich op har post stie, dy't foar de saak fochten hat en dy't
| |
| |
men dêrom wol it ien en 't oar ferjaan mei. Dat de slachterij it sa lang wjukkeljende hâlden hat, mei men har wurk neame. Dat Minke wurden is dy't se waard en dat it mei har man rûn is sa't it rûn, soe ek har wurk wêze kinne en dêr kin wakkere ûngelikens oer tocht wurde.
Minke dus. Wa't him hjir al te folle fan foarstelt, moat ik foarôf tsjin sizze: Minke Wiuwerda wie yn gâns dingen in sljochtweihinne doarpsfamke. As lyts bern hie se neat bûtenwenstichs oer en oan har. De iennichste betsjutting dy't se yn 't earstoan foar my hie, wie dy fan buorfaam, twa jier jonger as ik en beskieden foarwerp fan myn noch belangeleaze belangstelling yn it froulike wêzen, mear as myn susters, dy't beide nammers folle âlder wiene en fierderôf, net mear thús libben, de iene as ferpleechster, de oare as troud. Om't ik as jonge al faak en soms lang siik lei, brocht Minke my biblioteekboeken en rekkenwurk, har fan master meijûn: lêzen wie ik gek op en rekkenjen wie myn sterkste kant net. Der wie ek wolris in apel of in sûkeladereep by, grif fan harsels, want master syn goederjouskens, dêr't sij it op skode, hie ik gjin hege pet fan op. En doe't ik him ris tantsjenderwize betanke foar de ‘lekkere reep’, dy't ik saneamd twa dagen earder fan him krigen hie, seach er my net-begripend oan.
Sà sjoch ik har troch de steech en oer de buorren draven: langliddich, ljocht bern mei frissels dy't har op 'e smelle, ranke rêch dûnsen. Op it skoalplein sjoch ik har rjocht en wat skraal en op in eigenaardige wize earnstich stean tusken har klasgenoaten, in joeljende en oarderleaze kloft, dêr't se troch har stal en troch har rêst yn opfoel. Dy kloft, dat foel nammers ek wol ta, der kinne yn dy tiden net mear as in 35, 40 bern op master Skravelius syn skoalle west hawwe, al wie dy skoalle dan ek de grutste fan de trije op it doarp. ‘School met den Bijbel’ stie boppe de yngong, yn grutte, grize, karakterleaze letters. Foar myn berneferbylding moat dy Bibel sels
| |
| |
earne op 'e skoalsouder húsmanne hawwe: ik haw him noait sjoen de sân jier dat ik ûnder de hoede earst fan in pear faak wikseljende juffers en letter ûnder dy fan de stadige, grize en ûnpersoanlike master Skravelius dêr op dy útsliten banken riden haw, yn in bedoarne rook fan healrotsjende laaispûnzen, stjonkende turfkachels en fermôge flieren, en net te ferjitten stank fan bern. De Bibel hie der, tocht my, faaks wol west, mar Hy hie it net bankje kinnen yn dy stank en Him yn hegere sfearen weromlutsen. Hy liet dêrby allinne it surrogaat fan bibelse teltsjes, hannen gear, psalmen en gesangen en fraachlearen foar ús efter. Mar de mooglikheid wie ek net útsletten, haw ik wolris befantasearre, dat dy Bibel út eigen frije wil nei de iepenbiere skoalsouder ferfearn wie, omdat Syn oanwêzichheid dêre gâns mear fertuten dwaan koe en, sij it yn it ferburgene, goede wurking. Want de bern dêre koene, al wiene se de erfsûnde net ûntkommen, dochs net helpe dat har âlden har yn goddeleasheid wannelje lieten.
En dan wie der noch in tredde mooglikheid, dy't my, oars as de beide oare, slim ferûntrêstige en dy't ik sadwaande sa fier as 't koe fan my ôfskode: it Hillige Boek koe him bêst ris better thúsfiele by it lytse mar manhaftige Gideonsbûn fan de Grifformearden, dy't noch gâns dúdliker as wy-Herfoarmen wannelen yn it antlit en de Freze des Heare. Ja, wy waarden yn ús doarp al jong mei de libbensbeskoulike ûnderskiedingen yn 'e kunde brocht, al foelen de skerpe tsjinstellingenyn 'e deistige praktyk fan it bernelibben ek wol wer ta. Wy hiene fijannen (wederpartiders) nei twa kanten ta: de ‘finen’, dat wie de grifformearde skoalle, lytse mar fûleindige kloft ûnder de spjochtige, brileagige master Van Reekom, en de ‘grouwen’, it iepenbiere skoaltsje, dêr't master Tsjerpkema sa lang as myn ûnthâld rikt omdôch besocht hat baas te bliuwen. Wat bern fan dimmene mennisten, in pear húshâldings mar, en dy fan in pear frijsinnige boeren bûtenút (dêr- | |
| |
by ek hierboeren op pleatsen fan liberale aadlike lânhearren), dan noch it útskot dat op 'e beide oare skoallen net te hanthavenjen foel, plus de beide jonges fan de doarpsdokter. De grifformearden beskikten ek oer in mannich rike boeren yn en om it doarp en wat ryk mei bernebesit seinige arbeiders út 'e buorren. It tuskenbeidene folk, lytse boerelju en nearringdwaanden, de lytse middenstân dus, hearde dan by ús. Wie wiene, mei in wurd dat doe noch net sa yn gebrûk wie, de ‘midden-ortodoksy’.
Tusken sokke skoallen hearde einliks oarlogge te wurden, mei stokken en stiennen, en dan neffens de rigels fan it politike spul wy-herfoarmen oan 'e iene en de beide oare ploegen, de minderheden en ekstremisten, oan 'e oare kant. Ik kin my net te binnen bringe dat der oait sà'n formele oarloch west hat. Fochten en slein waarde der sûnder mis, om fan skellen net te praten, mar meastepart bûten de skoalle-ûnderskiedingen om, of mei ûnneigeanber wikseljende partijen, dêr't ek wol famyljefeten in rol yn spilen. Sa teminsten gyng it yn 'e bernewrâld.
Wy hearden dus, lykas it Wiuwerda's folk, ta de rêstige middenpartij, de swijende mearderheid, om in wurd út letter tiden te brûken. En allinne dêrom al hiene wy in aardige poarsje ‘gelyk’ oan ús kant. It fytse meien op snein hiene wy mien mei de iene partij, dy fan de ‘staatsskoalle’ - sa hiet it by ús yn 'e hûs noch - en it tsjerkegean op snein, mar dan allinne moarns en yn 'e midden fan it doarp en net oan in dearinnend sydstrjitsje, hiene wy mien mei de grifformearden. Mar folle waard by uzes net oer dy dingen praat, al siet ús heit in jiermannich yn it skoalbestjoer en hie ús pake syn part fan de skoalstriid wol droegen, dwerskoppich rjochtsinnich arbeider as er wie, net allinne yn 'e wyngerd des Heare, mar ek by in rike boer-foarstanner fan it iepenbiere, it ‘moderne’, sa't ús mem it neamde. Ferhalen dêroer hongen noch
| |
| |
by pake en beppe ûnder de balken. Mar doe't myn iene suster gedoente krige mei in krigel-grifformearde jonge en sa't dat hiet by har trouwen ‘troch de sleat gyng’, hat dat te uzes heechstens wat betize gepraat oer de doléânsje en op 'e buorren wat gegrút jûn. Ik wie ek noch te jong om de fine konsekwinsjes fan ien en oar oan te fielen. Yn it stedsje dêr't Sjoukje en har man kamen te wenjen, wie in kristlike skoalle sûnder ûnderskiedingen en tusken harren beiden hat it noait swierrichheid oplevere. Us omke Germ, dy't yn sokke dingen foar famyljemaster plichte op te slaan, ferklearre ris planút, as der mar wiere leafde yn it spul wie, soed er syn dochter (hy hie trouwens gjin bern) mei alle leafde ek oan in roomse man of in Joad jaan. Dat joech yn de famyljegearsit wol wat stoffe ta neipetear, mar it waard gjin kreauwerij, it bleau allegear froed en fersichtich. Wat ús oanbelange wie de striid útstriden, doléânsje noch skoalstriid wiene langer mear oan 'e oarder. Wy wiene fan de hearskjende mearderheid, de partijen hiene har konsolidearre, op in stikmannich sweevjende húshâldings nei, dy't geregeld fan skoalle wikselen, al neigeraden de rûzjes mei de masters of, soms, de stille winken fan wurkjouwers - dat lêste, dêr't men no net folle mear fan heart, joech doe noch gâns trelit yn it froede doarp. Der waard grute, dat ‘moderne’ boeren soms kristlike arbeiders mei in soad bern foar in goed lean ynhierden om mei dat ûnwisse elemint de wippelige steatsskoalle fan de like wippelige master Tsjerpkema te stypjen. En dat grifformearde boeren dy arbeiders op âlde maaie dan wer oernamen - it wie op dy klassike dei altyd in ferfarderij fan komsa - om fan harren kant de midden-ortodokse mearderheid ûnderstek te dwaan. Se skrommen net, waard der wol sein, om kommunistise of foar sadanich oansjoene arbeiders út in fierderop lizzend ‘read’ doarp (dat wol sizze in doarp mei mear as 20 persint S.D.A.P.-stimmers) oan te lûken, as it bernetal dêrta útnoege.
| |
| |
Yn 'e folksferbylding nimme sokke gefallen gauris ûnreedlike proporsjes oan. Mar fan ‘ús’ folk haw ik soksoarte slûchslimmichheden noait ferheljen heard, dêr stiene wy as hearskjende partij moai wis boppe. Readen, kommunisten - en dy wiene der yn dy krisistiid, sels yn ús doarp hie de C.P.H. wolris tsien, alve stimmen! - dêr hûze de baarlike divel yn, dy hearden ienfâldich net ta it minskeras.
Sa libbe dat dêr yn dy jierren tritich: frijwat nearringdwaanden (fjouwer bakkers, twa slachters, trije grientewinkels, ien kafee), gâns arbeidershúshâldings (guon sûnder wurk, stimpeljend), wat rinteniersfolk oan 'e brede Suderwei, en hjir en dêr in notabele: twa domenys, trije skoallehaden (om earlik te wêzen wiene dat mar heale notabelen), in by tradysje liberale en by de mennisten yn in oar doarp tsjerkjende notaris, en dan de dokter, dy't syn kroast nei de iepenbiere skoalle stjoerde, om't er dochs gjin konkurrinsje te freezjen hie èn omdat er ôffallich rooms en frijtinker wie, út Brabân ferballe. In man sûnder prinsipe dus, lykwols stilswijend akseptearre en sels achtenearre om syn ‘gaven’ en syn ûnferfangberheid. Mar oer him kom ik noch wiidweidich te praat.
In doarp, Flokswert, lykas der mear binne: grutte stompe toer yn iperen beammen bemantele as heiner fan it each fan fierrens oer de greiden, in feninich grifformeard spitske, in útsloerde herberge, dêr't op snein sels gjin beker sûpe tape en gjin fytspomp útliend waard, oan 'e Bûtenwei in suterich, fan de krisis duorjend bedrige suvelfabrykje en op in distânsje it ferkear fan de grutte strjitwei. In sjongferiening ‘Looft den Heer’ (foar beide gesindten!), in sneontemiddeis-keatsklub, in sneontemiddeis-fuotbalklub, in Nutssparbank, taai oerbliuwsel fan eardere liberale gloarje, mar al sûnt jierren stevich yn ortodokse hannen, in partijleaze Boerelienbank, en dan de ûnderskate jongfamme- en feinteferieningen, steech tsjerklik ferankere en mei elke winter elk in fêste jûn-yn- | |
| |
tsjerke mei sjongen, oaljekoeken, foardracht en ‘twaspraak’ (toaniel mocht it net hjitte) en by 't simmer in bolbjirken reiske mei de bus fan de firma Baarda nei Paterswolde of Gythoarn - sjodêr sa likernôch de geastlik-maatskiplike roailinen dêr't dit doarp Flokswert by lâns libbe, earber en froed (ik sis, alteast bedoel dit sûnder spotskens, al haw ik der yn gâns opsichten mei ôfweefd) - earber en froed, mar mei, as men troch it oerflak, it dimmene omskot hinne sjen koe, dochs in fûle, selsbewuste libbenshertstocht, dy't de jierren fjirtich yn it ferset ta utering komme soe, mar dy't men jin suver net foarstelle koe as men sa sneinoerdeis de kloften yn ienriedichheid en foarmlike frede de Warrenster dyk útkuierjen seach, oan it transformatorhúske by de trijesprong ta en dan werom. Myn god, sokke sneinskuiers yn famyljeof buorlju'sferbân, de froulju mei moffen oan en de manlju mei it wyt foar, slofslof op 'e stoffige púndykjes tusken it heech opgeand piipkrûd yn 'e berms, it ropt in ûnkearbere weemoed yn my op. Mar ûnder sa'n idillys oerflak kin ek gâns woelje oan oergeunst en niid, oan seksuele spanningen, oan dwerskoppich konservatisme dat maklik op 'e grins fan it revolusjonêre leit. It measte bliuwt lykwols ferhoalen en altyd binne der de lju fan de midsmjitte, de opbouwende praters, de rêstige woloerleinen, dy't de boel yn stokken hâlde, dy't de brike spoaren útwiskje, bygelyks by in begraffenis: faak oanlieding ta de grutte fersoening. It libben is altyd sterker as de Leare en it ûntfangt de ôfdwaalden en de yn ûntucht en oerhoer bernen yn leafde en tagedienens.
Sa wie dat doarp, in úthoeke fan 'e wrâld, in spin yn 'e stikmannich reagen fan púndiken dy't har yn ûnbegryplike, mar wettersteatkundich te ferklearjen kronkels troch de greiden wynden nei oare doarpen en útbuorrens ta. It herte kin jin weak wurde, as men sa'n doarp tritich jier nei dato betinkt, mar ek wrantelich, omdat it smûke, ienfâldige en nom- | |
| |
mele sa min te skieden falt fan de lytsens, leffens en de skynhillichheid.
|
|